Hedwig Terpstra

‘Ik wie tsjûge / Ik heb gekeken’ – Edwin de Groot oer ‘In hazze is in lokkich bern’

logo.ensafh

Edwin de Groot (1963) is berne op It Hearrenfean. Hy hat in HBU-oplieding ferpleechkunde dien en wurket as tiimlieder op in operaasje-ôfdieling fan sikehûs de Tsjongerskâns. Edwin is ek redaksjelid fan Ensafh. Hy debutearre yn 2005 mei it fers Slachfjild. Nei publikaasjes yn De Moanne, Farsk, Hjir, De Contrabas en Ensafh kaam yn 2008 de dichtbondel Ik skip fan him út. Yn 2010 ferskynde de dichtbondel Tongfal, mei foto’s fan Tjibbe de Jong. Yn 2007 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar de rige gedichten Yn it omgean. Op nasjonale gedichtedei, 31 jannewaris, komt de twatwalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind fan him út by útjouwerij HotSum. Ik sykje Edwin op yn Aldehaske, dêr’t er wennet mei syn frou, fiif hûnen en fiif katten.

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik kom út in gesin fan trije bern, ik ha in broer en in suster. Yn it ferline ha ik in pear jier yn in dierepinsjon wurke. Yn dy tiid ha ik HBU-V helle. Dêrnei bin ik yn de sûnenssoarch telâne kaam en tiimlieder wurden op in operaasje-ôfdieling. Us heit wie learaar op de LTS hjir op It Hearrenfean. Ik bin opgroeid mei it Hollânsk en it Stellingwarfsk en ik ha letter it Frysk pas leard. Thús praten myn âlden Stellingwarfsk tsjininoar, mar Hollânsk tsjin de bern. Myn pakes en beppes ha ik nea oars praten heard as Stellingwarfsk. Ik ha wolris in pear gedichten fan Lodeizen yn it Stellingwarfsk oerset, want ik fyn it in geweldich moaie taal. Op de middelbere skoalle hie ik Fryske freonen en doe bin ik ek Frysk praten gong. Yn dy tiid skreau ik al gedichten, mar allinnich yn it Nederlânsk. Ik ha doe twa lytse bondeltsjes yn eigen behear útjûn, mar dat wie foar famylje en kunde. Doe ha ik in hiel skoft net dichte fanwege oare drokte yn myn libben. We binne hjirhinne ferhuze en nei in skoftsje kaam alles wer wat ta rêst. Op in bepaald momint bin ik wer oan it dichtsjen slein. Ik kaam derachter dat yn it Frysk dichtsje eins wol sa moai wie, want it Frysk hat folle mear twa- en trijelûden as it Nederlânsk en is eins in folle sjongsumere taal. Ik ha in pear gedichten opstjoerd nei wat doe Farsk hjitte en sa is it wat begûn.’

Setsto dyn Fryske gedichten oer yn it Hollânsk of oarsom?
‘By my ûntstiet in gedicht faak troch in wurd of in rigel dy’t ik hear of lês of dy’t my sels yn it sin sjit. En dat kin in Frysk of in Nederlânsk wurd of rigel wêze. Dat is dan faak it begjin. It kin wêze dat ik in Frysk gedicht op papier ha en dan der in Hollânsk gedicht njonken meitsje, mar it kin ek wol wêze dat se tagelyk oprinne. Guon gedichten yn dizze bondel binne yn it Hollânsk ûntstien en letter oerset, mar ek oarsom. De lêste gedichten dy’t ik skreaun ha binne eins tagelyk yn twa talen op papier kaam. Somtiden rinne je dan tsjin de beheining fan de Fryske of de Hollânske taal oan. Ik sjoch it as in leuke útdaging om dêr kreatyf mei om te gean. Ik ha eins net in foarkar foar it Frysk of it Nederlânsk. Soms skriuw ik fjouwer of fiif Fryske gedichten achterinoar en dat bart ek wol oarsom. Yn Tongfal stiet bygelyks in rige gedichten oer it ferstjerren fan ús heit. Dy binne allegear yn it Hollânsk ûntstien en dy ha ik letter pas oerset. Troch it oersetten binne dy Hollânske gedichten ek wol wer wat feroare. Dan rin ik yn de oersetting tsjin in beheining oan en tink ik der oer nei en kom ik op fynsten dy’t eins folle moaier binne. En dan pak ik it Fryske gedicht derby en dan feroarje ik dat wer. En somtiden doch ik it echt oars, omdat je bygelyks mei rym sitte. Yn it gedicht Ienris útsprutsen fljocht it wurd ûnwerstelber yn de nije bondel bin ik yn it Frysk einige mei in hiele protte û-klanken.

By ’t hûs, ticht by thús stie in bamboe
de jierren braaf te ferswijen

en nei in bekoarlik blomkjen smûgde

Ik wie tsjûge
oant er rotsjend bûgde
ta in moardkûle yn de tún

Ik koe dat net streekrjocht yn it Hollânsk oersette. Ik wol dan eins wol itselde sizze, mar mei dyselde wurden slagget dat dan net en dan moatte je wat oars. Yn it Nederlânsk ha in in protte e-klanken brûkt:

Bij het huis, dicht bij thuis stond een bamboe
de jaren braaf te verzwijgen
en na een bekorende bloei bezweken

Ik heb gekeken
tot hij rottend was geweken,
tot een moordkuil in de tuin.

Ik ha no krekt foar in blomlêzing fan gedichten fan C.O. Jellema fjouwer oersettings makke. Yn ien gedicht stiet: ‘Iedereen gaat dood’. Ik koe sizze: ‘Elkenien gie dea’, want dat past wol by it kompakte fan it gedicht. Mar yn it Frysk kinst ek sizze: ‘De bonken útstekke’. Yn kombinaasje mei in hûn dy’t yn it gedicht foarkomt, fyn ik dat wol in aardichheidsje. Ik ha dat opstjoerd en tsjin de redakteur fan dy blomlêzing sein dat er it sa oernimme koe, mar dat ik ek gjin beswier hie tsjin ‘gie dea’, as hy it wat kompakter ha woe. Piter Boersma hat in hiel soad oerset en dy fynt dat it tal wurdlidden itselde bliuwe moat. Ik ha in soad oan him by it oersetten. Ik fernim dat Piter Frysk tinkt. Ik doch dat net, ik ha altyd yn it Hollânsk tocht, dus dan hast al in hiel oar útgongspunt by it dichtsjen. Ik tink dat it foar ien dy’t Frysk tinkt folle dreger is om yn it Hollânsk oer te setten. Hollânsk is fan oarsprong folle mear in skriuwtaal en it Frysk mear in sprektaal. Omdat ik Hollânsk tink moat ik yn it Frysk echt sykje om bepaalde útdrukkings mei in dûbele lading. Yn it Hollânsk hast bygelyks in útdrukking: ‘Dan moet er nog heel wat water onder de brug’. Op Ferdinand de Jong syn webloch lês ik: ‘Der moat noch gâns wat wetter troch de Boarn.’ Ik fyn dat in prachtige útdrukking, dy hie ik nea betinke kinnen.

Mei it dichtsjen yn twa talen hoopje ik ek in grutter lêzerspublyk oan te sprekken. Je binne dêrtroch wat fleksibeler. Je kinne hjir ris optrede, dêr ris optrede. It grutste argumint foar twatalich dichtsjen fyn ik dat it my kreativer yn it tinken makket. Ik fyn it in prachtich inisjatyf dat HotSum twatalich wurk útjaan wol en it komt foar my moai op tiid. Hie it letter west, dan hie ik de bondel tink ik nochris opstjoerd nei Nederlânske útjouwerijen, lykas Augustus en Atlas. Mar dy jouwe allinnich Hollânsktalich wurk út en ik wol it Frysk ek net loslitte.’

Wat kinst fertelle oer In hazze is in lokkich bern?
Edwin: ‘Ik ha oardel jier dwaande west mei dizze bondel. It boek is opdield yn fiif skiften: Is alles gau fergetten, In moardkûle yn ‘e tún, Brûn wetter is noch gjin tee, In oersidich dykskiep en Postludium. De tematyk is de einichheid en betreklikheid fan it libben en it dichtsjen. De titel In hazze is in lokkich bern komt út it earste gedicht. It hat te krijen mei it feit dat wy fan alles moatte en wolle. De fraach is hoe lokkich je dêrfan wurde. Miskien is in hazze wol folle lokkiger, want dy hat der gjin aan fan. Der is in moai Sinees sprekwurd: ‘Foar in hazze of in luipaard is it op deselde dei nijjier.’ In moardkûle yn de tún giet oer it ferline. It skift Brún wetter is noch gjin tee giet oer besinning en dat neat is wat it liket. Dêryn stiet ek in gedicht oer de PVV. Dy ha in protte gerop en geraas en gedoch, mar wat sit derachter? Der is ek in gedicht Ode oan Oerlemans, in Nederlânsktalige dichter, dy’t op hiel beskaafde wize hiele wiere dingen sei en ek hiel lyts wie yn syn wurdkar. In oersidich dykskiep giet oer it dichtsjen sels en de fraach oft it sin hat wat ik skriuw en oft it begrepen wurdt. Yn Postludium stean twa gedichten: ien dêrfan is in oersetting fan Driuwjacht fan Jellema. Jellema is in dichter dy’t my bot ynspirearret. Jellema skriuwt yn it gedicht: Dêr’t bestean him mei rêdt op eigen krêft. Oerset is dat: Waarmee bestaan zich redt op eigen kracht. Yn dat gedicht sis ik dat ik no sjen moat dat ik op eigen krêft in nije ûntwikkeling fine kin mei it dichtsjen, dat ik de taal kealer meitsje wol. Soms kinst dingen wat sterker sizze yn in gedicht troch mei alliteraasje te wurkjen. Ik fyn enjambemint ek in nijsgjirrige technyk om te brûken. In foarbyld dêrfan stiet yn it gedicht It duorret sêftkensoan troch. It enjambemint sit yn de fjirde rigel:

By de ferwekke klynwâl fan ús doarp
slacht in hûs brek. In ûnderkommen
mei kreunjende spanten, in weach yn ’e flier
in sterkte. Gastfrij
gefrij ûnder skeef beskot
minlik ferblomkjend. De siken fan koal
brij en sprútsjes

Dan leist echt de klam op ‘gastfrij’, yn dat hûs koe alles. Soms wurket in enjambemint allinnich yn it Hollânsk of allinnich yn it Frysk. Yn dit gefal wurket it ek yn de oersetting. It binne technyske trúkjes, mar moatst der wol wat hoeden mei omgean, want it moat wol effektyf bliuwe. Wat ik ek wol doch is klam lizze op in wurd troch it ôfbrekken fan in sin. Oan ’e ein fan in rigel tinkt de lêzer altyd even in pauze, oft der no in punt stiet of net. Sa kinst de lêzer ek yn in bepaald ritme stjoere. As in gedicht klear is, besjoch ik it nochris goed en dan kin it bêst wêze dat ik fan fjouwer strofen nei trije strofen ta gean, omdat it dan in bytsje kompakter liket. Ik meitsje net sa folle gebrûk fan rym, en dan meast oan de ein fan in gedicht. Ik ha al gau lêst fan rymtwang.

In hazze is in lokkich bern is in behoarlik talige bondel. It binne gedichten mei in protte wurden. Ik bin no dwaande mei in nije bondel. De earste rigel dêrfan is ‘De taal moet kaal’. Ik wol de útdaging oangean om de taal wat kealer te meitsjen. Ik kin wol trochskriuwen bliuwe, mar dan falle je faak yn werhelling. Moatst dysels sa no en dan wer even opnij útfine, ek om kreatyf te bliuwen. Foar de nije bondel bin ik materiaal oan it sammeljen. Ik lês no bygelyks in boek oer De Deelen, in keal natuergebiet, dat ik as kapstôk brûke wol foar de gedichten. In oar foarbyld is in reportaazje oer in heareboer yn Grins. In feint seit mei gefoel foar understatement oer in hiele minne dei dy’t er hân hat: ‘De mooiste dag was it nait weest.’ Dat fyn ik poëzij. It kin bêst wêze dat ik dat brûk yn in gedicht en mei sa’n rigel oan ‘e haal gean. Sokke rigeltsjes en flarden út boeken garje ik. Ik bin no it boek Steen op steen fan Mysliwski oan it lêzen, oer it nei-oarlochske Poalen. Dêr stean fantastysk moaie wurden en sinnen yn en dat wurket foar my as katalysator. As ik dichtsje wurkje ik altyd op de kompjûter. Dan kinst wurden opsykje en de stavering kontrolearje. Ik meitsje wolris notysjes as ik bûtendoar bin en my ynienen wat yn it sin sjit. In dichter moat it ha fan it sjen. It lânskip is in grutte ynspiraasjeboarne foar my. As in gedicht klear is dan lis ik it in skoftsje yn it laad, sadat ik der ôfstân fan nimme kin. It kin bêst wêze dat ik der dan seis wike letter noch in kear nei sjoch en wat dingen feroarje. Dan bist krekt wat mear lêzer as skriuwer.’

De presintaasje fan In hazze is in lokkich bern is op 31 jannewaris. Hoe sjocht it program derút?
‘De presintaasje is fan 16.00 oant 18.00 oere yn Tresoar yn Ljouwert. Tagelyk is ek de presintaasje fan de bondel Ravensulver fan Abe de Vries, dy’t ek útkomt by HotSum. Abe en ik sille beide foardrage út ús nije bondels. Anne Popkema sil wat fertelle oer problemen by it oersetten fan it Frysk nei it Nederlânsk. Der is in paneldiskusje ûnder lieding fan Teake Oppewal. Bern dy’t optreden ha by it Ferstival sille gedichten foardrage fan Abe en my. En der is muzyk fan Herman Peenstra, dy’t Edgar Allen Poe yn fertaling sjongt.’

Wat kinst fertelle oer dyn eardere bondels?
‘Myn earste bondel Ik skip wie in soart demo fan mysels. Dêryn liet ik mysels sjen. It begjin mei in gedicht oer 5 april, myn bertedatum. April 5th is ek in nûmer fan Talk Talk. De twadde bondel Tongfal is wer in stapke fierder. Krekt wat minder ik en wat mear om my hinne sjen. De kearn yn dat boek is it skift mei gedichten oer ús heit. Der is ek in skift oer de earste wrâldoarloch, dus der sit ek wol wer in soad oer dea en fergonklikheid yn. Yn dy bondel stean ek foto’s fan myn maat Tjibbe de Jong, dy’t út de grafyske hoeke komt. Tjibbe en ik ha wol op fytstochtsjes foto’s makke fan deselde sênes. Dat fan my wie dan gewoan in plaatsje en dat fan Tjibbe wie in ferhaaltsje. Krekt even it perspektyf feroarje, of dat de sinne net yn it midden fan de foto stiet, mar yn it hoekje, wêrtroch’st asymetry krijst. Hy sjocht wer hiel oars nei de omjouwing as ik. Ik sjoch nei it lân mei de fraach: hoe krij ik dit op papier, hoe fertaal ik dit byld yn wurden? Tjibbe sjocht der nei en tinkt: hoe krij ik dit op de plaat? Ik ha foar de twadde bondel in beurs krigen. Fan dy sinten ha Tjibbe en ik nei Noard-Frankryk ta west, yn it gebiet fan de Somme dêr’t de earste wrâldoarloch foar in grut part útfochten is. Dêr binne aardich wat gedichten ûntstien en Tjibbe hat dêr flink wat foto’s makke. De nije bondel is in ferfolch op de twadde bondel. Dêryn ha ik de foarm noch mear loslitten: minder ynterpunksje, minder haadletters. De ûntwikkeling hat him benammen trochset yn de twataligens.’

Do hast geregeld optredens as dichter.
Edwin: ‘Ja, wol regelmjittich, in kear as seis yn it jier. Dit jier stean ik op it ensafheest, by Schattige Hondjes en de poëzijmaraton. Dêr sil grif noch wat by komme. Geart Tigchelaar en ik organisearren it Literêr Sirkwy, mar we binne dêr no beide mei opholden. We sille no foar ensafh wat mear út de wei sette. Dan kinne je net elke kear sels optrede, mar de presintaasje dogge wy wol. As ik in presintaasje doch dan doch ik der ek faak in gedicht fan mysels by. It hinget der fanôf ofst it linke kinst nei de dichter der’st it oer hast. Net alle gedichten binne geskikt foar foardracht. As ik in gedicht foardraach dan moat dat wol pakkend wêze en net te dreech. Subtiliteit yn in gedicht komt der op de bühne faak net út.’

Wat lêsto sels graach?
‘Ik hâld it meast fan non-fiksje. Romans of bygelyks detektiveferhalen dogge my net sa folle. Ik bin lês no Himmlers hersenen heten Heydrich fan Laurent Binet. Histoaryske romans fyn ik ek aardich om te lêzen. Ik bin ek oan it lêzen yn de lêste bondel fan Simon Oosting. Ik fyn dat prachtige gedichten, ik soe der wol in besprek oer skriuwe wolle. Ik lês net allinnich Fryske gedichten, ek in soad Hollânsktalich: C.O. Jellema, J.W. Oerlemans, R. Kopland, J. Eikelboom. En fan W.Szymborzka, in Poalske dichteres. Ik ha ek krekt wat lêzen oer Toyo Shibata, in Japanske dichteres en ik sil sjen oft ik wat fan har besette kin.’

Hoe sjochsto de takomst fan de Fryske taal en literatuer?
‘It begjint by it ûnderwiis. En Fryske âlden moatte gewoan Frysk prate tsjin harren bern. Ik tink dat der út de provinsje wei mear jild komme moat foar it útjaan fan boeken en ek foar multymediale inisjativen en poadia. We kinne net sûnder subsydzjes, kultuer mei wol wat kostje tink ik. Ik tink dat kultuer allinnich mar bestean kin as der ek eksperimintearre wurdt. Sjochst no dat kommersjele oerweagings wichtiger binne en dat kin in lytse taal as it Frysk net ha. Publisearje sil wol hieltyd mear digitaal barre. Dichters moatte it folle mear yn de multymediale kant sykje en minder yn it útjaan fan boeken, want ik tink dat it wurd op papier syn langste tiid wol hân hat. In libbene optreedkultuer is hiel wichtich en ik tink dat de provinsje dêryn in grutte taak hat. Jou bygelyks jonge slamdichters in poadium. Dêryn leit neffens my wol de takomst.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail