Peter Boersma, Hilda Groenesteyn

Raaplokje

logo.ensafh

Der wiene ris in man en in frou dy’t al hiel lang in berntsje ha woene, mar it wie om ’e nocht. Op ’t lêst mocht de frou lykwols hoopje dat de leave Heare har winsk dochs ferfolje soe. De twa hiene in lyts finsterke oan ’e efterkant fan ’t hûs. Dêrwei koe men yn in prachtige tún sjen dêr’t it tilde fan ’e moaiste blommen en krûdeplanten. Mar der stie in hege muorre omhinne en nimmen doarde deryn te gean…”

Sa begjint Raaplokje (Rapunzel), ien fan ’e mearkes fan ’e bruorren Grimm, yn de Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema. Eksklusyf foar Ensafh hat er it oerset, as in tajefte by syn fyftich Mearkes fan Grimm dy’t ôfrûne hjerst útkommen binne. Binne jo benijd hoe’t it fierder giet mei it famke Raaplokje en har ûnbidich lange hier? Jo kinne it lêze yn it nijste papieren nûmer fan Ensafh, nû. 7 (2012), s. 55-58.

Wat de Fryske Mearkes fan Grimm ekstra bysûnder makket, binne de yllustraasjes fan Hilda Groenesteyn en Peter Boersma. Se binne oars as wenstige plaatsjes yn mearkeboeken. Hilda Groenesteyn har figueren binne gauris wat manga-eftich, mar dogge tagelyk ek tinke oan stimpels. Dizze haadfigueren binne opnommen yn de kollaazjes fan Peter Boersma, dy’t út fragmintsjes (Dútske) tekst en âlde mearke-yllustraasjes bestean. De yllustraasje litte wat fan it ferhaal sjen, mar net alles. Se binne riedseleftich, eins ek wat tsjuster, en litte sjen dat it mearkes binne mei mear as ien laach oan betsjutting.

Foar mear ynformaasje oer it byldzjend wurk fan Hilda Groenesteyn, sjoch har webside Studio Hille. En it wurk en de ûntwerpen fan Peter Boersma kinne jo op syn webside ek mear fan sjen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail