Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 25. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De kristlike Gysbert I

Yn-goei God! Hoe lis ik bûn

Yn-goei God! Hoe lis ik bûn
yn dizze wrâldske Babel-kûle,
skern-dobb’, jarresee fol sûnde,
fleis-begear, geast-stank, siel-fûl:

dy’t myn himel-harp-snaar stomje,
dat se net troch wolkens giet,
dat myn finger en tomme ferklomje
foar de taast fan it hillich liet.

Libbensbloed moat my ferwylje,
ik swym, dead-dôf, troch helske klang
as wrâlds hûnen my oan bylje:
’sjong ris út dyn Zion-sang.’

Soe ik sjonge! Ik stjer fan rou
Soe ik sjonge! Ik gûl my blyn.
God! Tsjoch my út it ierdsk’ frjemd lânsdou
troch dyn geast, rjocht de himel yn.

Tsjoch my it heech Jerusalem binnen.
(O myn ivich thúsbesit!
Ear’t ik Dy ferjit, lit sinnen,
hert en hân himsels ferjitt’.)

Och! Wannear myn siel oplutsen
yn dy stêd troch God Sels boud,
waans sels-skient’ nea wurdt útsprutsen.
Strjitten klear trochskinich goud,

pearlen poarten tolf, en muorren
fan meast weardefolle stien,
dêr ken wille stûn’ noch oere,
dêr wurdt nea in ein begien.

God! Wannear, mei silliger tonge,
Gods laam folgj’ yn it wyt dêr’t ’t giet:
mei dyn hillige en ingelen sjonge
it hillich hillich hillich liet?

God! Om oan it begjin te reitsjen,
deadzje yn my sûnde – Edoms bern,
en it boas Babel-wrâldsk fermeitsjen,
dat my driuwt yn fleis-lust-skern’.

Jou my krêft, brek Babels team,
dat ferflokt sûnde-Edoms-bred,
fan my ôf mei tûke en beam,
om te libjen nei jo wet.

O oerlokkich, o wolsillich,
dy’t ferdoarn-aards berntsjes daat,
skuort fan sûndetate willich
en de lea oan stikken staat!

Jou my, himel, bid ik jitte,
ta sok dwaan rju siel-langst doch,
dat ik nei dat wyt mei sjitte,
dat ’k it ivich wyt oan tsjoch.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op