Nr. 7 (jiergong 2012) Ensafh op papier is út

logo.ensafh

It sande nûmer fan 2012 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh nû. 7 yn print

3 Redaksjoneel
Dirk van der Veen
4 Semper Avanti (proaza)
Froukje Sijtsma
10 ‘It libben is gaos. Ga-os!’ (Besprek fan It libben fan in oar fan Jetske Bilker)
Anne Feddema
16 Atteljee werklikheid (poëzy)
Neeltje Bonnema
17 Frou yn Varanasi (poëzy)
Bert Bakker
18 In grand seigneur (proaza)
(oersetting: Baukje Stavinga)
Geart Tigchelaar
21 In grutte man yn in lyts boekje (besprek fan Grutte Pier fan Ate Grypstra)
Jetze de Vries
23 Liet (poëzy)
Edwin de Groot
24 Ienris útsprutsen fljocht it wurd ûnwerstelber (poëzy)
25 Watst weilitte kinst, útfine (poëzy)
Harmen Hospes
26 De trúk (proaza)
John Bosma
36 Norman Rockwell’s Hûn (tekening)
Nyk de Vries
37 James Dean (proaza)
Reinold van Oevering
38 In bysûnder rêstige jierwiksel (proaza)
Lin Bu
44 op mysels yn myn lytse klûs (poëzy)
(oersetting: Piter Boersma)
Janneke Spoelstra
45 ‘De mist dript del fan beam en sket’ (Besprek Samle fersen fan Pyt van der Burg)
Hein Jaap Hilarides
50 De feugeltrain tema’s (poëzy)
Jacob en Wilhelm Grimm
55 Raaplokje (proaza)
(oersetting: Anne Tjerk Popkema)
Anne Feddema
59 De tiid hâldt skoft (proaza)
Geart Tigchelaar
61 The next level (proaza)

Redaksjoneel

Dit is it lêste nûmer fan 2012.
It hat der lang nei útsjoen dat dit nûmer it lêste nûmer fan Ensafh op papier wurde soe, dat wy yn 2012 mei Ensafh by nul útkomme soene. Wy ha al earder witte litten dat dat dochs net sa wêze sil. Dat de 0 dy’t wy yn gedachten
hiene koe in reade streek troch. It is ús slagge om it mei de partijen dêr’t wy mei gearwurkje sa te ploaien dat Ensafh op papier nêst Ensafh op ynternet trochbestean kin.
Wy sille sa’t it no stiet wol in nûmer minder útbringe moatte. Dat sil lykwols net betsjutte dat it abonnemintsjild nei ûnderen giet. Dat kin deagewoan net, no’t wy allinne noch subsydzje fan de provinsje Fryslân krije en net mear fan it Nederlands Letterenfonds. Mar wy gean der fan út dat jo om dy reden net Ensafh-lêzer ôf wurde sille.
Ensafh sil der ek yn 2103 en dêrnei wêze, foar jo as lêzer, foar de skriuwers, foar de Fryske literatuer. De redaksje hat der sin oan.

Piter Boersma