Hedwig Terpstra

‘Datst yts boppe wetter hâldst’, Abe de Vries en syn dichtbondel Ravensulver

logo.ensafh

Abe de Vries (1965) is hikke en tein yn Winaam. Hy hat twa jier politikology studearre yn Amsterdam. Dêrnei hat er seis jier yn it leger wurke, ûnder oare as ynljochtinge-offisier. Fuort nei de oarloch om Kosovo siet er in jier yn Belgrado as korrespondint foar Trouw, Elsevier en ANP, en fan 2000 oant 2006 wie er as redakteur yn tsjinst by it wykblêd Elsevier. Yn 2006 waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij. Hy is dêr yn 2011 opholden. Hy skriuwt no freelance foar it Frysk Deiblêd. As tweintiger is Abe begûn mei it skriuwen fan poëzij, doe noch yn it Nederlânsk. Yn 2002 kaam syn earste Frysktalige poëzijbondel út: De weromkommer yn it ûnlân. Dêrnei folgen noch fiif dichtbondels. Hy wie redakteur fan it tydskrift Kistwurk en oprjochter fan Farsk. Hy skriuwt essees en ynliedings by sammelbondels. Yn 2002 krige er de Rely Jorritsmapriis foar de syklus Fersen fan ferjitten en yn 2005 de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel In waarm wek altyd. Abe hat troud west en yn Zaandam wenne. Hy is heit fan twa jonges, Tim (12) en Luuk (11) en wennet no yn Aldebiltsyl. Op 31 jannewaris fan dit jier is syn nijste bondel Ravensulver útkaam by útjouwerij De Contrabas yn gearwurking mei útjouwerij HotSum.

Wat kinst fertelle oer dyn nije bondel Ravensulver?
Abe: ‘It is in twatalige bondel yn sân skiften, elk besteande út trije fersen dy’t byinoar hearre. De 21 gedichten binne ynklamme tusken twa eilângedichten. It earste gedicht fan de bondel spilet op in eilân en it lêste gedicht giet ek oer in eilân. Ik wol oanjaan dat poëzij yn feite in eilân is, yts dat ôfskieden is fan de rest. Ik jou yn it lêste gedicht ‘Kariatide foar in sânplaat op ’e rin’ oan dat it eilân noch omheech holden wurdt troch in kariatide, in steunpilaar *yn de foarm fan in frou) út it âlde Grikelân. Dat is ek in funksje fan poëzij, datst yts boppe wetter hâldst, dat yts langer duorret as dysels. Dizze bondel giet eins oer it ferdwinen fan in hiel soad dingen. De tema’s binne de leafde, it libjen mei it lân, taal, heit en dichters. Wat dêrfan oerbliuwt kinst eins allinnich mar bewarje yn gedichten. It kwytreitsjen sit ek al yn de titel ‘Ravensulver’. Dat ropt assosjaasjes op mei in fûgel dy’t glinsterjende dingen stelt.

Ik ha de gedichten earst yn it Frysk skreaun en letter oerset yn it Nederlânsk. Bepaalde dingen kinst net oersette en dan moatst herdichtsje. Dêrom wol ik it oersetten sels dwaan. It skriuwen en útjaan fan dizze bondel hat in swiere befalling west. Ik ha lêst op Facebook skreaun dat ik foarearst ophâld mei dichtsjen. Kinst op in bepaald momint it fertrouwen ferlieze yn de krêft fan gedichten. En ek it wurk yn de Fryske literêre wrâld kinst op in bepaald momint skjin dyn nocht fan krije, omdat it in hiele lytse wrâld is. Ast der bot by belutsen bist dan rinst faak mei de holle tsjin de muorre oan. Dat ropt by my in soad negativiteit op en dêr wurd ik wurch fan. Ik ha no seis dichtbondels skreaun. Ik skreau eins altyd oer de leafde en dat doch ik yn in frij muzikale taal, meastal wol yn rinnende sinnen en faak yn ferhalende gedichten. Op in gegeven momint bist ek wolris oan wat nijs ta, datst dyn eigen skriuwen wer op in oar spoar sette wolst, sawol kwa tema as kwa styl. Dat probearje ik in skoftsje, mar dan fernim ik dat ik wer oanlutsen wurd troch dat wat ik goed kin. Miskien moat der dêrom earst mar in pear jier neat ferskine en dan mar sjen oft ik ek wat nijs dwaan kin.’

Skriuwst ek proaza?
‘Nee, dêr ha ik it geduld net foar. Ik ha wolris in proazafragmint fan tritich siden skreaun. Moatst in lange azem ha foar proaza, want it duorret wol in pear jier foardatst in roman of ferhalebondel klear hast. Ik bin folle mear ien fan ynfallen, fan koartere dingen. En ik fyn poëzij ek folle yndrukwekkender as proaza. De krêft fan in goed gedicht is sa grut en fassinearjend, dat ik my dêr folle leaver mei dwaande hâld. As de poëzijboarne wer opdroege is, dan fyn ik it dreech om in proazaprojekt wer op te krijen. Dus dat slagget my nea. Ek ik leau ek net dat ik safolle fantasij ha dat ik in optochte wrâld byinoar betinke kin. Ik ha wol in soad proaza lêzen en resinsearre foar de Ljouwerter krante, oardel jier lang, dus ik fyn it wol moai om dêrmei dwaande te wêzen en om út te finen wêr’t in tekst hinne wol. Mar ik leau net dat dat wat foar my is. Dus se hoege gjin roman fan my te ferwachtsjen.’

Do bist in soad mei fotografy dwaande.
‘Ja, ik hâld fan byldzjend skriuwen, dus datst in byld opropst mei de taal. Sa’n byld is foar my nijsgjirrich as it in symboalyske laach hat, dus ast it relatearje kinst oan yts dat net daalk sichtber is, mar wat troch assosjaasjes oproppen wurdt. De fotografy past op dy manier hiel goed by myn dichtwurk. Ik ha ferline jier eksposearre yn Tresoar ûnder de titel ‘Rânelân’ en as ûndertitel ‘visual poetry’. Dêr besykje ik mear yn te dwaan, mar dat is hiel dreech. Ik ha gjin foto-akademy dien, dus ik fyn dat allegear sels wat út. Ik sil dit jier eksposearje yn it HCL, it histoarysk sintrum Ljouwert, mei in rige foto’s oer de râne fan Ljouwert. Ik lit sjen hoe’t Ljouwert op it plattelân botst. As it goed is komt dêr ek in boek fan. Ek ik bin yn oerlis mei in útjouwerij yn Amersfoort oer in fotoprojekt. Sy wolle graach in toeristysk boek oer Fryslân útjaan mei in hiel soad foto’s en koarte teksten deryn. Ik ha dêr ferline jier in soad foto’s foar makke en ik tink dat ik dêr noch wol even mei trochgean. Ik besykje foto’s te meitsjen dy’t de gemiddelde toerist oansprekke, mar dy’t my sels ek noch wat sizze. Ik wol eins gjin ansichtkaarten meitsje. Ik meitsje ek wol foto’s foar it Frysk deiblêd by myn eigen stikken. Spitigernôch smyt it net folle op. Alle wurdearring moatst út dysels helje, want der is net in organisaasje of bedriuw dy’t dy der goed foar betellet. Ik set myn bern ek in soad op de foto, dat fyn ik ek moai om te dwaan. Ik ha altyd twa supermodellen yn myn omjouwing.’

Hoe giet it mei dyn soantsjes?
Hiel goed. Sy wenje yn Zaandam, by myn eks-frou Dijana. Wy binne skieden yn 2005 en doe bin ik weromgongen nei Fryslân. Ik bin der alle twa wike in dei as trije. Ik besykje der sa folle mooglik foar harren te wêzen en se te stypjen. Myn âldste jonge spilet fioel en dat docht er hiel geweldich. Dat nimt in soad ynspanning. Hy giet trije kear yn ’e wike foar lessen nei Utert en hy hat hiel faak optredens. Sa’n fioel kostet ek in soad jild en geregeld knapt der in snaar. Ik ha wol optredens fan Tim filme en dy opnames set ik op Youtube. Tim sil miskien yn de simmer nei in summerschool yn New York fan Itzhak Perlman, de ferneamdste fiolist yn de wrâld. Hy hat lêst mei Simone Lamsma spile op televyzje. Dat docht dy jonge allegear mar. Eins is myn jongste folle serieuzer en ek wolris wat wizer. Mar Tim spilet!, dat hâldst net foar mooglik, ik begryp der neat fan. It Prins Bernhardkultuerfûns sil no twa jier lang syn fioelstúdzje betelje. Tim hat sels op in gegeven momint sein dat er fioel spylje woe. We wennen flakby de muzykskoalle yn Zaandam en de bern rûnen dêr altyd lâns op wei nei skoalle. Tim hearde troch de iepen ruten de piano- en fioelklanken en fûn dat geweldich. Hy hat in pear wike blokfluitles hân en fûn dat er fioel spylje moast. Hy hat in absolút gehoar en koe al hiel gau suver spylje. Hy oefenet alle dagen sa’n fjouwer oeren. Alles stiet yn it teken fan de muzyk. Foar Luuk is dat wolris lestich, want alle oandacht giet nei de âldste. Oan de oare kant hat hy in folle leuker libben, want hy kin gewoan dwaan wat er wol, op jierdeifeestjes en útfanhúzje by freontsjes en sa.’

Wat is de ferbinende tematyk yn dyn wurk?
Abe: ‘Leafde. It ûntbrekken derfan of it fielen derfan, it treuren derom, it oproppen derfan. Ik wit net wêrom’t dat sa is. Ik bin yn 2001 út ein set mei it dichtsjen yn it Frysk en dat wie nei de dea fan ús mem. Ik wie doe sjoernalist by Elsevier en gong in soad nei East-Europa. Dan siet ik jûns yn in hotel en begûn ik te dichtsjen op de laptop. Ik dichte al hiel lang yn it Nederlânsk, fan myn achttjinde ôf, mar dy teksten fûn ik net sa bêst. Doe ûntduts ik dat it Frysk my folle mear sei, dus sa bin ik yn it Frysk begûn te dichtsjen. Myn earste bondel stiet yn it teken fan ús mem har dea. As minske bart der fan alles mei dy. Wat in dichter docht is dy oanliedings omsette yn gedichten, mar it binne net mear as oanliedings. Dus do moatst útsjen om literatuer autobiografysk lêze te wollen. Uteinlik moat in gedicht op himsels stean en op syn tekst beoardield wurde. Yn it skriuwen oer poëzij moatte je dêr goed om tinke, want it is hiel ferliedlik om altyd mar in ien op ien relaasje te suggerearjen tusken ien syn biografy en ien syn literêr wurk. Dat nimt net wei datst as minske altyd mar wer tsjin in bepaalde tematyk oanrinne kinst. Foar my wie de skieding wol in drama. Wy wennen eartiids earst tegearre yn Grins en doe bin ik in jier nei Servië gongen. Dijana is dêr ek kommen yn it lân dêr’t sy oarspronklik weikomt. By weromkomst binne wy yn Hoofddorp wenjen gong en letter binne we nei Zaandam ferhuze. De bern wiene trije en fiif doe’t ik fuortgong en dat wie foar my in drama. Ik ha earst noch op in souderkeamer wenne oan de Amstel yn Amstelveen en ik libbe fan de resinsjes dy’t ik foar de Ljouwerter krante skreau. Ik gong twa kear yn ’e wike op ’e fyts nei Zaandam om de bern te sjen. De situaasje is yntusken wol wat stabilisearre. Ik wenje no hjir, mar ik oerweagje wolris om wer werom te gean nei Zaandam. Mar ja, wat moat ik dêr dwaan? Ik fyn dat in hiele drege kar om te meitsjen. Dus as ik ea wer in dichtbondel skriuw wurdt dat miskien noch ris in tema. It bliuwt foar my in boarne fan ûnrêst. Yn it skriuwen besykje ik in soarte fan basis te meitsjen, yts dat stevich is en dat bestean bliuwt. Myn bondel iepenet ek mei twa gedichten oer de jonges. Yn myn foarige bondel Sprankeskyn stiet ek wol wat oer myn bern en yn de bondel dêrfoar, Fangst fan ’e demoandolfyn, ek. Dat is fansels in foarm fan leafde dy’t sûnder betingsten is, dy’t ek net mislearje kin. Dat stiet wer yn tsjinstelling ta oare soarten leafde, dy’t ynienen hiel belangryk lykje mar ek samar wer foarby binne.

Dy spanning dêrtusken sit ek wol wat yn Ravensulver. It tema fan it ferliezen ha ik lykwols folle breder makke yn de bondel. Der stiet ek in syklus yn dy’t ik skreaun ha yn opdracht fan Tresoar. Dat binne trije gedichten oer Jopie Huisman. Dan giet it ek oer leafde, mar dan op in oare manier. Dat is ek leafde foar it lân en foar in bepaalde libbenswize, hiel tichtby de natuer. Dy man gong te fiskjen en te strûpen, in type minske dat oan it útstjerren is, en sa past dat ek wer yn dy bondel. Der stiet ek in syklus yn oer Easterbeintum en dat giet eins oer de dea. Easterbeintum is in terp middenyn it lân, dêr rint in dykje by del en der is noch wat reliëf. Yn de midsieuwen hat de pest de terp útroege. Dêr flakby stiet it tsjerkje fan Hegebeintum en dat is ferneamd fanwege alle deadsbuorden yn de tsjerke. De symboalen op de buorden ha ik yn de syklus ferwurke. En der stiet in sintraal gedicht yn oer Akke Kingma, in sopraan út Kollumerpomp. Dy hat ea optreden yn Harstastate en dat is dêr flakby. Dy frou wie in enoarm talint, mar troch har achtergrûn en hoe’t se grutbrocht is koe dat nea wat wurde. Der stiet ek in syklus oer taal yn: ‘Pardon my French’. Dat is fansels ek in âld tema, de twifel oan de libbensfetberheid fan it Frysk. Ik skriuw Frysk, mar wa lêst my as dichter? Tusken de 100 en 200 minsken keapje in bondel. En dat fyn ik hiel nuver, want ik kom út in doarp fan 460 ynwenners, Winaam. Dus oer hiel Fryslân besjoen keapet noch net de helte fan myn âlde doarp in bondel fan my. Dus der is in hiel grut ferskil tusken it belang dat je sels oan poëzij hechtsje en hoe’t de maatskippij it wurdearret. De bondel einiget mei in syklus nei oanlieding fan de dichters Sybe Krol, Tytsy Wyngaarden en Waling Dijkstra, alle trije kuststreekdichters. Ik besykje ek myn eigen tema’s te relatearjen oan myn eigen lânskip. Ik skriuw net oer it lânskip, mar brûk it as dekôr. De bondel Fangst fan ’e demoandolfyn spilet hielendal lâns de kust, fan Starum oant de Deenske Bocht. De wikselwurking fan in boulânskip en de seedyk en de see jout my in soad symboalyske mooglikheden yn de poëzij. Ik soe net dichtsje kinne mei de stêd as dekôr.’

Do hast fan de simmer ’99 oant de simmer fan 2000 yn Belgrado wenne.
‘Ik wie dêrfoar sjoernalist by Persbureau Tammeling yn Grins. Doe kaam de Kosovo-oarloch en de lêste twa jier doe’t ik yn it leger siet ha ik lesjûn oan jonges dy’t nei Bosnië en Kroaasje gongen foar de fredesmachten. Ik joech les oer de kultuer en skiednis fan Joegoslaavje en de ferskillen tusken de befolkingsgroepen dêr. Ik ergere my dea oan de ferslachjouwing yn Nederlân oer de oarloch. Doe ha ik ûntslach nommen by Tammeling en bin ik as freelancer foar Elsevier, ANP en Trouw nei Belgrado gongen. Dat wie krekt nei it grutte bombardemint. It earste healjier wie ik de iennichste Nederlânske sjoernalist yn Servië. Der wiene yn Belgrado massale protesten tsjin Milošević. Ik ha sân kear yn Kosovo west doe’t de oarloch dêr dien wie. Der seach ik allegear ellinde en haat tusken minsken. Oer al myn ûnderfinings ha ik artikels skreaun. Ik fûn it geweldich om dêr te wêzen, it wie in moai frij bestean. Dijana waard swanger yn 1999 en doe ha we besletten om it jier dêrnei werom te gean nei Nederlân.’

Do hast yn de redaksje sitten fan Kistwurk en tydskrift Farsk oprjochte.
‘Kistwurk wie myn earste redaksjelidmaatskip mei Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus. Dat wie yn 2002. Eeltsje woe in strukturele subsydzje, mar dat woe de provinsje net betelje. Doe hat hy de stekker út Kistwurk lutsen. Ik fûn dat spitich, want Kistwurk wie in moai tydskrift, sawol op papier as op ynternet. Ik fûn dat ik it sels ek koe en bin doe begûn mei Farsk. Marc Kooij hat de webside makke en ik ha it tydskrift in skoft lang droegen. Jetske Bilker is der nei in skoftsje bykaam. Elske, Albertina Soepboer en Ytsje Hoekstra ha ek yn de redaksje sitten. Fan 2003 oant 2006 ha ik in soad foar Farsk skreaun. Moarns wurke ik foar Elsevier en middeis skreau ik myn Fryske essees. Doe’t ik útjouwer waard bin ik derút gien. Nei twa jier is Farsk mei Hjir fusearre en fierder gien ûnder de namme Ensafh.’

Do hast útjouwer west by de Friese Pers Boekerij
Abe: ‘Yn 2006 krige ik in telefoantsje oft ik útjouwer wurde woe yn Fryslân. Ik woe eins wol by Elsevier wei en ik wie krekt skieden. Foar my wie it in wolkomme mooglikheid om ôfstân te nimmen, dus ik ha dat dien. Ik ha wol in soad ideeën oer it ferkeapjen fan boeken. As útjouwer fan in grut bedriuw hast wol tsien ôfspraken op in dei, moatst kontakten ûnderhâlde mei alle auteurs dy’t in boek by dy útjaan wolle. Dat organisatoaryske lei my net sa. De earste trije jier gong it hartstikke goed, mar it lêste jier wie in ramp en doe bin ik der útrekke.’

Wat binne dyn ideeën foar de takomst?
‘Ik soe wol graach ûndersyk dwaan wolle. Ik ha in soad essees skreaun oer Fryske literatuer. En ik ha krekt sechtich siden skreaun oer de dichter Jan Wybenga. Hy is al achttjin jier dea, mar fierder hat noch net ien in grut stik oer him skreaun. Ast it argyf by Tresoar yndûkst tsjoenst allegear nijsgjirrige dingen boppe wetter, dêr’t oaren neat fan witte. Ik fûn in fersesyklus út de twadde wrâldoarloch, net publisearre en mei potlead skreaun. Ik fyn it moai om wat te sykjen en te puzzeljen, wat it esseeskriuwen yn feite is. Ik soe wolle dat de Fryske literatuer belangriker fûn wurdt, dat der mear oer skreaun en diskusjearre wurdt. Mei útjouwerij HotSum binne we begûn mei in esseerige, mei stipe fan Tresoar. Essees binne hartstikke belangryk foar de Fryske literatuer. Yn myn kollums yn it Frysk deiblêd kin ik moai opskriuwe wat ik fan bepaalde saken fyn. Sa moat de subsydzjeregeling foar boeken flink ferromme wurde, yn elk gefal foar dichtbondels. En der moat einliks wat barre mei de boekferkeap yn de boekwinkel as ferfanging fan de sutelaksje. Der is in stifting Boeken fan Fryslân, mar dy hat lange tiid neat dien. It is heechneedsaaklik dat dêr in ympuls yn komt.’

Wat binne dyn dreamen?
‘Lokkich wurde, kin dat ek? Ik fyn it wichtich dat ik wat betsjutte kin foar myn beide jonges. Ik tink dat ik aanst in skriuwersbeurs oanfreegje. Yn de tsien jier dat ik no dichtsje ha ik noch noait in beurs oanfrege om in boek te skriuwen, mar dat sil ik aanst ek mar ris dwaan. Dan kinst wer ien of twa jier foarút. Ik soe wol in pear moanne nei Amearika wolle en dêr fotografearje en dichtsje. Ik hâld in hiel soad fan muzyk, fan alt.country en blues en folkmuzyk út bepaalde streken fan Amearika. Ik wol graach nei it noarden fan de Mississippi, dêr’st de Deltablues hast. En nei Austin Texas, it sintrum fan alt.country-muzyk. Ik wol dan foto’s meitsje fan minsken dy’t dêr omdoarmje en it meitsje wolle yn de muzyk. En ik hoopje dat dat poëzij losmeitsje sil. It liket my ferfrissend om troch in radikale dekôrwikseling te besykjen myn eigen poëzij te fernijen.’

Abe’s webloch: http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail