Meindert Reitsma

De Prottelbontebokker

logo.ensafh

Yn ’e rin fan de tiid binne yn de Fryske letteren al in tal resjersjeurs/plysjeminsken opdûkt, tink oan Nier Hinnebruier en Dynte Planteit fan R.R.R van der Leest, Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra fan Riek Landman of oan Homme Veldstra fan Rink van der Velde. Sûnt 2008 hat Fryslân der wer in nijenien by: Ale Alema fan ’e Bontebok. Yn dat jier debutearre Jan Schokker (1952) mei syn plysjeroman De Koalmasaak, útjûn troch Utjouwerij Elikser. Der soe in rige komme, dy’t faaks noch net oan syn ein is. Ein 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul.

It nuvere testamint
Ale Alema is in resjersjeur sa’t je dy wol faker tsjinkomme: hy is krekt oer de fyftich, hat in búkje, mei graach in drankje, is by de frou wei en hat in muoisume relaasje mei de baas. Fanwegen syn protteljend aard wurdt er yn syn omjouwing dan ek wol oantsjutten as de Prottelbontebokker. Yn De Koalmasaak kriget Alema te krijen mei in frjemd ûngemak: Boate Koalma fan Koalma Konstruksjes hat him deariden tsjin in beam. It liket ynearsten net op moard, mar dat feroaret wannear’t Alema fan in notaris heart dat de moardner fan Koalma syn hiele besit erft.
It ûndersyk komt stadich op gong, mar dan barre der ynienen in soad dingen, dêr’t Alema ek net hielendal sparre wurdt. Al dy aksje is suver tefolle, mar it skuort de lêzer wol fuortendaliks yn it ferhaal.
Dy aksje fynt net allinne plak yn de Koalmasaak, mar ek yn it priveelibben fan Alema. Om’t er hast gjin omtinken mear hie foar syn húshâlding, giet frou Els by him wei. De klap wurdt noch grutter wannear’t Els in hertoanfal kriget en stjert. De drank liket in trouwe freon te wurden. Nei de tebeksetters hat Alema in pear dagen frij. Dan kriget de lêzer mear ynsjoch yn it libben neist it wurk, it wurk wurdt hast net oer ferteld. Namste nuver is dat it ûndersyk yn dy dagen gjin foarderings makke hat.
Marte Koalma, de frou fan Boate, kriget in bysûndere rol. Dy rol is troch Schokker moai fûn en goed útwurke. Earstenoan is dat fral as frijer fan Alema, mar letter spilet der mear. Kollega Wytske de Boer murk yn it begjin fan it boek op dat Marte in frou wie mei mear lagen, oan de ein fan it boek docht dat ek bliken. Oan de ein skriuwt Schokker nei in antyklimaks ta dy’t mei spanning en faasje beskreaun wurdt.
Tafal spilet in grutte rol yn De Koalmasaak en faaks ek wol yn oare plysjeromans. Op himsels hoecht dat net ferkeard te wêzen, de foarfallen soene dan wol op in natuerlike wize ferfrissele wêze moatte. Dat is net altyd it gefal, wêrtroch’t it bytiden ûnoannimlik wurdt. In foarbyld draait om Alema sels. Hy sit privee yn swier waar en is dan ek folslein fan ’t sintrum. Dochs giet er troch mei it wurk, dêryn wurdt er net sparre. It wurdt dan wat ûnoannimlik hoe’t er út ’e striid komt.
Der binne ek guon foarfallen dy’t fierderop yn it boek net echt útwurke wurde. Sa wurde de ûntdekking fan de notaris, it ferstjerren fan Els en de lichaamlike klachten fan Alema nei in ûngemak oerflakkich neamd. Op in bepaald stuit sjocht Alema in gljurker yn it strewelleguod. Dy is nei in pear sinnen al wer ferdwûn wêrtroch’t de spanning net lang fêsthâlden wurdt. Nijsgjirrich hie it faaks west om it út it perspektyf fan de gljurker wei te sjen. De relaasje tusken kollega’s Wytske en Harry is in moaie fynst, mar hie foar mear spannings op de wurkflier soargje kinnen wannear’t it faker beskreaun waard.
Schokker is gjin grut stylist, moaie sinnen wurde ôfwiksele mei swakke sinnen. It oerstallich gebrûk fan útrop- en fraachtekens ropt soms argewaasje op, lykas it ûnnedich brûken fan it wurd ‘en’. Dat ferkearde Fryske wurden of staveringsflaters stean bleaun binne, is ek spitich.

Oer it generaal kin sein wurde dat Schokker in net ûnaardich debút ôflevere hat, al sitte der noch wol in stikmannich bonkjes yn. Spanning en rêst wurde meastentiids goed ôfwiksele, Ale Alema wurdt delset as in karakteristike resjersjeur, dat suver njisgjirich makket nei it twadde diel.

Jan Schokker: De Koalmasaak. Utjouwerij Elikser 2008. 178 siden, € 16.

Auto’s en bonken
Begjin 2011 ferskynde it twadde Ale Alema-mystearje: De SUC-saak en de bonken fan Brongergea. Sa’t de titel al oanjout beskriuwt Jan Schokker yn dit boek twa ûndersiken, Ale Alema hâldt him dwaande mei de SUC-saak. SUC stiet foar “Special Unit Cars”, dat ynskeakele wurdt om in binde profesjonele autodieven op te pakken. It hâldt kantoar yn Ljouwert en hat wat in heimsinnige sfear dêr’t Alema him net hielendal noflik yn fielt. Yn de gearwurking mei twa froulike kollega’s fielt er him in pûdel dy’t oeral efteroan rint.
Kollega Wytske de Boer dûkt yn in hiel oar mystearje: by in âld hûs yn Brongergea, in buorskip tichteby It Hearrenfean, wurde troch elektrisiens bonken fûn. It is net dúdlik fan wa’t en wêr’t de bonken weikomme. Is it in grap? Hat de Twadde Wrâldoarloch der wat mei te krijen?
Dat it in ferfolch is op De Koalmasaak lit de skriuwer in stikmannich kear sjen, sa wurdt bygelyks de dea fan Els, de eks fan Alema, neamd. Alema hat it dreech mei de ferwurking en wit de flesse drank wol te finen. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries yn ’e Ljouwerter Krante fan 5 augustus 2011 jout Schokker oan dat er graach skriuwt oer plakken dy’t de lêzer ken, dat soe de lêzer moai fine. Dat kin wis sa wêze, al fyn ik wol dat Schokker de omjouwing wol mear en better beskriuwe kinne soe. De kearen dat er dat al docht, leverje moaie stikjes op. Lykas op side 8 en 9: “Brongergea is sûnder mis it moaist bewarre stikje Oranjewâld. (…) It tsjerkhôf mei de klokkestoel, de pleatsen en huzen, de âlde beammen, it útsicht op landerijen, bosk en Belvédère. It is in streek om yn fuort te dreamen nei it rike ferline of om it lok te fielen om der te wêzen, te rinnen, te libjen.”
It ferteltempo yn it begjin fan it boek is goed, de lêzer kriget – yn goede ôfwikseling – ynformaasje oer beide ûndersiken. Krekt oer de helte fan it boek rint benammen yn it ûndersyk fan Alema de spanning op. Ien fan de kollega’s fan it SUC-team is ferdwûn en de saak teart de eigen unit yn. Schokker hat yn De Koalmasaak al sjen litten dat er in goed plot skriuwe kin, ek de ûntknoping yn de SUC-saak is moai betocht. Fral omdat der in soad om Alema hinne bart, reitsje Wytske en har ûndersyk wat nei de eftergrûn. Dan lost Schokker op troch har mear lytsere ûndersiken der by te jaan. Bygelyks de mysterieuze keunstner, dy’t mei geweld froulju brûkt as model. Dy keunstner blykt letter ek ferbûn te wêzen mei de bonken fan Brongergea. Nijsgjirrich is it om yn de hûd fan de keunstner te krûpen, om sa te witten wêrom’t guon minsken bepaalde dieden begeane.
It brûken fan twa ûndersiken yn ien boek hoecht op himsels gjin probleem te wêzen. Sa kinne beide útdjippe wurde, eat dat yn it begjin wol dien wurdt, mar letter yn it boek ôfnimt. It jout ek mear mooglikheid ta it brûken fan klifhingers, dat hie wol wat better útwurke kinnen. In boek wurdt op in heger plan brocht wannear’t oan de ein de twa ûndersiken by inoar komme, dat is net it gefal yn De SUC-saak, dat is spitich. It nuverste moat lykwols noch komme: it mystearje nei de bonken fan Brongergea wurdt net iens oplost, “Dêr sil Wytske noch ûndersyk nei dwaan, mar dat kin wachtsje.” (s. 184). Eat dat je – seker as lêzer fan in plysjeroman – net hawwe wolle.
Wol moat sein wurde dat it boek, sawol binnen as bûten, better fersoarge is. De styl is stikken better as yn it debút fan Schokker, der wurde minder taalkundige flaters makke.

It twadde boek fan Jan Schokker docht neat ûnder oan syn debút, troch de ferbettere styl lêst de plysjeroman in stik nofliker as de earste. Schokker liket te groeien yn syn rol as misdiedskriuwer.

Jan Schokker: De SUC-saak en de bonken fan Brongergea. Utjouwerij Elikser 2011. 198 siden, € 17.

In mysterieuze famylje
In pear moannen nei it ferskinen fan it twadde Ale Alema-mystearje komt by Elikser it tredde al út: Djipdún. Yn dat boek komt Germ Jelters by Alema: syn frou Anna Buttenveldt van Him wurdt fermist. Yn Beetstersweach hawwe sy in grut, aadlik hûs. Yn de perioade dêrnei wurde der in tal fan heimsinnige dingen yn en om it hûs hinne fûn.
It boek hat in minne start: de taalkundige flaters út it earste diel komme wer werom, dat giet fan it ferkeard brûken fan tiidwurden (lykas op side 15: “ôftraint”) oant it brûken fan buorren foar buorlju, dat mannichkear foarkomt. Ek is Schokker net konsekwint yn it brûken fan nammen: in kollega hjit earst noch Hylkje, mar wurdt letter Hiltsje, Van Aken wurdt ôfwiksele mei Fan Aken, lykas Van der Klam en Fan der Klam. Dat jildt allinne foar it earste part, de rest fan it boek is stikken better.
Ek it plot wol mar net echt begjinne te rinnen, nettsjinsteande de nuvere fynsten dy’t dien wurde. Sa wurdt Germ troch Alema fûn yn it koetshûs, delslein. Hy liket it earst noch te rêden, mar úteinlik stjert er. Yn in kelder wurdt in “fetlyk” fûn en Alema fynt yn in kistke in boek dat Anna Buttenveldt van Him sels skreaun hat: Dramatysk Djipdún. Ek Sem Koens, in earste klas oplichter dy’t earder yn it boek al opdûkt, liket in relaasje te hawwen mei de dea fan Germ. Dan komt stadichoan it ûndersyk op gong. Der komt mear faasje yn it ferhaal wannear’t Alema nei Skiermûntseach ôfreizget, dêr’t Anna nammentlik in fakânsjehúske hat: Djipdún.
Yn dit diel is der wer wat mear omtinken foar de famylje: Alema’s dochter Jelly komt werom út Itaalje en hat in ferrassing by har. Dat binne moaie stikjes, sa wurdt it personaazje Alema – yn in oare omjouwing – útwurke en ferdjippe. Namste spitich is it dan dat de famylje letter yn it boek net oan ’e oarder komt.
Wat al oan ’e oarder komt, is dat der mei Alema syn leafdesgefoelens spile wurdt. Yn dit gefal troch de nije, tydlike baas Jo van Aken. Yn it begjin moat er net in soad fan har hawwe,  mar letter fynt er har dochs wat sympatiker. Jo van Aken is in nuver personaazje, se komt net goed út ’e ferve. Har gedrach komt net oerien mei wat je fan in baas ferwachtsje soene.
It ferhaal kriget dan twa perspektyfwikselingen efter inoar. Earst komt Anna, dit makket nijsgjirrich, want der spilet wat dramatysk, mar wat? Twads is der in mysterieus persoan dy’t Djipdún yn ’e brân stekt. Dy wikselingen binne goede eleminten, mar hiene better ferspraat wurde kinnen yn it ferhaal. Faaks hiene se, fral Anna, faker werom komme kinnen.
It wurdt foar de plysjeminsken dúdlik dat de oplossing yn it boek Dramatysk Djipdún sitte moat. At Jo van Aken in gearfetting makke hat, tangelje se om mei de fraach wat fiksje is en wat wierheid. Dy fraach wurdt pas tsjin it lêst beändere.
De ein is it bêste stik fan it boek, dat komt fral trochdat de spanning en faasje tanimme. Der bart in soad yn in tal siden, dêr’t je earder it boek noch wol ris fuortlizze woene, hoege je dat no net te dwaan. Oant de lêste side ta bliuwt it ferhaal ûnfoarsisber. De relaasjes tusken de ferskate personaazjes wurde dúdlik makke, eat dat wichtich is omdat it komplekse boek Dramatysk Djipdún de kaai foarmet yn it ferhaal.

Lykas De Koalmasaak en De SUC-saak en de bonken fan Brongergea is it tredde Ale Alema-mystearje net dreech troch te kommen, it lêst maklik, bytiden de flauwe kant neist. Yn ferliking mei de twa eardere is dizze dochs in stapke werom. Fral it plot mist de krêft fan de eardere dielen.

Jan Schokker: Djipdún. Utjouwerij Elikser 2011. 215 siden, € 17.

Moard by SC Hearrenfean
“De measten koenen syn bloed wol drinke.” (s. 9). Dy sin slacht op de kondysjetrener fan SC Hearrenfean, Klaas-Jan Kruil. It duorret dan ek net lang ear’t yn it fjirde Ale Alema-mystearje, Lykspul, Kruil dea fûn wurdt yn in klaaikeamer. Hy is op in wrede wize ombrocht. Dat alles bart ûnder de wedstryd SC Hearrenfean – Ajax, dêr’t Alema taskôger fan is, hy wurdt dêr by weihelle.
Lykspul begjint oars as de oare boeken fan Schokker: de earste twa haadstikken binne nammentlik út in oar perspektyf wei skreaun. Earst is der in mysterieuze frou, de namme wurdt net bekend makke. Dy frou leveret fuortendaliks al in soad fragen en spanning op. Dêrnei wurdt Klaas-Jan Kruil flak foar syn dea in haadstik folge. Dit is de earste kear dat Schokker it sa docht, ik fyn it nijsgjirrich en goed slagge.
It docht bliken dat Kruil in sweager is fan in Sweedske spiler fan SC Hearrenfean. Yn Sweden hat in pear jier lyn in soartgelikense moard plakfûn, de moard is dan ek grut nijs. Ek is der in ferbining mei Dútslân: Kruil soe foar in slompe jild kondysjetrener wurde fan in Dútske klup. Hy helle in soad lilke minsken op de hals troch it folgjende te twitterjen: “Dy Dútsers ha de bek grutter as de kondysje en dêr sil ik heechst persoanlik sels feroaring yn oan bringe.” (s. 41).
Fertinkingen genôch dus. De plysjes krije help fan in meiwurker fan justysje: Nanke Niesting. Sy is in âlde bekende fan Alema en bringt wat romantyk yn it libben fan de Bontebokker. Sa wurdt in oare kant fan Alema sjen litten. Underwilens wurdt Alema konfrontearre mei noch in deade: in ûnbekende Dútser. Ek de broer fan Kruil liket in konneksje te hawwen mei de moarden: hy wurdt fermist.
Jan Schokker wit yn dit diel de personaazjes better del te setten, dan komt fral omdat se mear útdjippe wurde. It plot begjint fuortendaliks te rinnen, Schokker liket dan ek minder tiid nedich te hawwen as yn Djipdún om op gong te gongen, wat in stik better is. Troch de earste twa haadstikken sitte faasje en spanning fuortendaliks yn it boek, dy wurde nea loslitten. Twa kear rint de spanning heech op wannear’t der ynslûpers binne dy’t foar grutte problemen soargje. Dêrby mei it in wûnder hjitte hoe’t Alema út ‘e striid komt.
It bliuwt oan ‘e ein ta ûndúdlik hoe’t it krekt sit. Tsjin ’t lêst bart der in hiel soad: der komme ek noch wat deaden by. De lêzer folget ek noch in lyts stikje de dieder(s): it is foar de lêzer dan dúdlik wa’t it dien hat, wat it motyf is en wat de moardwize is. Mar, de plysje wit dat net, want it boek hat in iepen ein. De ein sit goed yn inoar, lykas eins it hiele boek.

Lykspul stiicht yn in soad opsichten boppe Djipdún út: sa binne it plot, de personaazjes en de taal better. Ek stiicht it boek út boppe de twa earste dielen, dat fanwegen de oare en bettere opbou fan Lykspul.

Jan Schokker: Lykspul. Utjouwerij Elikser 2012. 143 siden, € 15.

De fjouwer mystearjes
Jan Schokker hat oant no ta fjouwer Ale Alema-mystearjes skreaun. Yn 2008 kamen de Fryske lêzers yn ’e kunde mei de Prottelbontebokker Ale Alema. De Koalmasaak, dat doe ferskynde, is gjin ûnaardich debút. Alema wurdt as resjersjeur goed delset, it plot rint reedlik goed, spanning en rêst wurde meastentiids goed ôfwiksele. De bonkjes yn it boek sitte fral yn de minne taal en it bytiden ûnoannimlike plot.
Yn De SUC-saak en de bonken fan Brongergea (2011) liket Schokker as misdiedskriuwer te groeien. De bonkjes út it foarige boek wurde minder en it lêst dêrtroch in stik nofliker. Min puntsje is dat it brûken fan twa ûndersiken yn ien boek net hielendal goed út ’e ferve komt.
It tredde mystearje, Djipdún, (2011) is it minste boek út de rige. De personaazjes wurde minder delset, mei as foarrinner Jo van Aken. Ek it plot leveret wat yn yn ferliking mei it twadde boek. Dêr’t de taal earder better waard, nimt de kwaliteit no wer ôf.

Lykspul (2012) is sûnder mis it bêste boek út de Ale Alema-rige. It plot, de personaazjes en de taal binne better as earder. It boek wurdt better omdat Schokker in bettere opbou – de perspektyfwikselingen – brûkt en goed tapast.
Jan Schokker foarsjocht mei syn boeken grif yn in ferlet fan goed lêsbere plysjeromans yn Fryslân. It soe dan ek moai wêze at der mear boeken ferskine soene, fierder bouwend op Lykspul.

Foar mear oer Ale Alema en Jan Schokker, sjoch op www.alealema.nl

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail