Inge Heslinga

Wêr binne de lêzers?

logo.ensafh

Leit de Fryske literatuer oan de beäzemingsapparatuer? Is it net beskamjend dat Frysktalige literatuer net útjûn wurde kin sûnder finansjele ynjeksjes fan de provinsjale oerheid? Wêrom lêze wy eins Fryske literatuer, as wy faak bettere Nederlânske of Ingelske literatuer lêze kinne? En is it noch wol ‘cool’ om Frysk te lêzen? Op woansdei 10 oktober organisearre Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden (SLAL), tegearre mei de útjouwerijen Bornmeer en Friese Pers Boekerij, yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert it sympoasium ‘Wêr binne de lêzers?’.

Under lieding fan SLAL- en Omropmeiwurker Geart de Vries waard diskusjearre oer de problematyk fan de weromrinnende lêzersoantallen yn ’e Fryske literatuer en waard besocht in antwurd te finen op de fraach hoe’t sa’n ûntjouwing tsjinhâlden wurde kin. Dielnimmers oan dit foarum wiene Goffe Jensma fan de Fryske Akademy, dichter-útjouwer Abe de Vries fan de Friese Pers Boekerij, boekynkeapster Lize de Ruiter fan Selexyz/De Tille en de skriuwers Marga Claus en Trinus Riemersma (as ferfanger fan de sike Josse de Haan).

Ofsjitte

“Wurde Fryske boeken noch wol lêzen?” freget Abe de Vries himsels hurdop ôf. As útjouwer wit hy út ûnderfining dat it publyk foar Frysktalige útjeften efterút kachelet. In literêre útjefte hellet noch selden in produksje fan tûzen eksimplaren. Syn wiernimming wurdt stipe troch de sifers fan ’e Centrale Bibliotheekdienst. It tal Fryske boeken dat útliend wurdt, is yn ien jier mei sa’n seis persint delgongen: fan in goed 152.000 lieningen yn 2005 nei sa’n 143.000 yn 2006. En it bliuwt delgean. Riemersma kin it allinnich mar mei De Vries iens wêze. Yn ’e jierren sechstich en santich waard der in protte mear literatuer ferkocht as no. Fan Riemersma’s Fabryk gongen doe bygelyks fiiftûzen eksimplaren oer de toanbank. No is dat hiel oars. “It is beskamsum. Fan it lêste boek fan Josse de Haan binne noch lang gjin twahûndert stuks ferkocht”, seit de skriuwer, “en myn wurk docht it net better.”

Yn dit ramt is it opfallend om te hearren fan Durk Hibma fan It Fryske Boek dat de ferkeap fan literatuer yn ’e Sutelaksje yn ’e lêste tsien jier stabyl bleaun is: it oantal ferkochte romans skommelet rûn de 5500 eksimplaren en poëzij ferkeapet amper. Dat is al jierren sa. Skriuwers as Durk van der Ploeg, Rink van der Velde, Riek Landman en Hylke Speerstra ferkeapje it meast, tegearre mei de berneboeken, wurdboeken en skriuwerskalinders. Mar as de ferkeapsifers fan ’e Sutelaksje stabyl binne, betsjut dat, dat de normale ferkeap fan boeken noch hurder efterút rint. Wêr komt dat dan troch?

As boekynkeapster fernimt De Ruiter ek dat de Fryske lêzersbasis hieltyd lytser wurdt. “Dochs keapje minsken wol Fryske boeken”, seit se mei klam, “mar allinnich as se dy echt hawwe wolle. Dat is mei Nederlânske literatuer net oars.” Se fynt it dêrom wichtich dat de Fryske kanon goed konservearre bliuwt en dat bart neffens har no net. Benammen de oanfier fan boeken troch de útjouwerijen moat better. “Guon bestsellers binne gewoan net mear te krijen, wylst dêr wol fraach nei is.” Riemersma sjocht in mooglike oarsaak yn ’e grutte oantallen debutanten: de merk is no fol. “Miskien moatte wy wat skriuwers ôfsjitte”, gniist hy.

Sexy

De keapers fan Fryske literatuer binne benammen âldere froulju. “Fryske literatuer hat gjin cool imago”, wit De Ruiter, “as der al in jongere mei in Frysktalich boek by de kassa stiet, is it boek in kado foar heit of mem”. Jensma fernimt it yn Amsterdam, dêr’t hy wurket as bysûnder heechleraar Frysk oan ’e universiteit. “It Frysk is net sexy. De bêste reklame foar de Fryske taal en kultuer, om jongerein yn kontakt te bringen mei it Frysk, is makke troch Albertina Soepboer, dy’t gearwurke hat mei Nynke Laverman.” De Friese Pers Boekerij besiket om de fjirtigers te berikken. “Minsken feroarje yn ’e rin fan harren libben”, seit De Vries. “Pas nei in stúdzje en it stichtsjen fan in gesin hawwe se wer ynteresse yn harren roots. It berikken fan tritigers en tweintigers is noch folle dreger.”

Mar wolle de lêzers fan Fryske literatuer dan allinnich Frysk lêze as dy ferhalen oer Fryslân gean? It liket er hast wol wat op. De identiteit fan in súksesfol skriuwer as Obe Postma, mei syn Fryske eftergrûn, wie nau ferbûn mei syn wurk, fertelt Jensma. “De algemiene tiidskriften, mar ek de Bewegingsblêden, joegen yn ‘e jierren fyftich en sechstich in protte omtinken oan Fryske literatuer. De kontekst wêryn’t literatuer publisearre waard, wie folle grutter as no.” It is dus miskien wol needsaaklik dat Fryske skriuwers oer Fryske ûnderfining skriuwe, tinkt útjouwer De Vries. “Jo meie der tsjintwurdich einliks net op wize dat in Fryske skriuwer syn identiteit ûntlient oan it Frysk wêzen, mar dêrmei ûnderskiedet er him wol fan in Nederlânske skriuwer. As Fryske skriuwers mear op de Nederlânske lykje, binne der altyd bettere te finen.”

Is de Fryske literatuer dan in skriuwersliteratuer wurden, freget Jensma him ôf. Binne de lêzers allegearre sels ek skriuwers? Claus tinkt dat it net sa is. As sy oan Riemersma freget oft hy bekend is mei har wurk, moat de beburde skriuwer ûntkennend antwurdzje. “Sjogge jo wol, wy lêze elkoar net iens!”, konkludearret se. Claus is de iennichste dizze jûn dy’t optymistysk is oer de takomst fan ’e Fryske literatuer. Har earste twa boeken ferkochten goed en binne sels oerset yn it Nederlânsk. Har tredde boek wie net in grut súkses, mar dat hie neffens har út te stean mei de minne resinsjes dy’t it boek krigen hat van Jetske Bilker en Elske Schotanus. Der siet te min seks yn en it wie Libelletaal, seine de dames. Dochs hie dat boek har in wurkbeurs oplevere foar in fjirde boek, fertelt se grutsk.

Oplossing

In dúdlike oplossing foar it probleem is der neffens de dielnimmers net. Mear subsydzje is net it wûndermedisyn. “Foar hûndert boekjes kin in ûtjouwerij wol twatûzen euro subsydzje krije, dat is tweintich euro it stik. Jildfergriemerij!”, ropt Riemersma, “en boppedat giet de helt fan wat ferskynt dochs nei de snijmasine!” Boekferkeaper Steven Sterk wit wol in oplossing, nammentlik dat literatuer allinnich útjûn wurde moat as it echt hiel goed is. Mar ja, hoe is literêre kwaliteit mjitber? In útjouwerij moat ek jild fertsjinje en sels in ferneamde skriuwer as Riemersma ferkeapet net folle mear. Boekynkeapster De Ruiter wit hokker boeken goed ferkeapje. “Minsken wolle in boek dat fan A nei B giet, eksperimintele boeken ferkeapje no ienkear altyd minder. Dat is by Nederlânske boeken ek sa. En as der goedkeape Fryske pockets binne fan in pear euro, dan keapje minsken dy wol. Ek al witte se net fan tefoaren dat se dy hawwe wolle.” Claus falt har by: “In boek moat maklik wêze. Minsken hawwe it drok en wolle maksimaal resultaat foar minimale muoite.”

Riemersma fynt sels dat de literatuerresinsjes te skiterich binne. “Yn ’e krante en yn oare media is er fierstente min omtinken foar Fryske literatuer en dêrtroch ûntbrekt de diskusje.” Jensma mist dan benammen in klimaat fan akademyske literatuerkrityk, fan echt goede resinsjes. “De literatuer moat optild wurde nei in heger plan”, neffens de ûndersiker. De Vries siket syn heil op oare plakken. Leafst wol hy in subsydzje foar de promoasje fan literatuer en ek sjocht hy graach dat bedriuwen harren kulturele ferantwurdlikheid fierder útbouwe. “De Sutelaksjewiken steane bygelyks mear yn ’e oandacht as ek de boekhannel aktyf meidocht.” It plan fan Huub Mous, om mear media-oandacht te generearjen troch it bekendmeitjsen fan in short-list mei nominaasjes foar de Gysbert-priis, kin op byfal rekkenje fan De Ruiter. “Mei sa’n list kinne wy oan it wurk, dy boeken kinne wy dan ekstra yn ’e belangstelling sette.” Mar of al dy betinksels de wiere oplossingen binne, wurdt yn De Bres fansels net dúdlik. Is der te min omtinken fan de media foar Fryske literatuer, is it nivo fan de boeken te leech of fynt de Fryske lêzer de literatuer gewoan net nijsgjirrich genôch? Wa’t it wit, mei it sizze.
Set it mar yn ’e diskusjeromte ûnder dit stik.

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
@teRuurdtsje de Haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Ruurdtsje de Haan
Gast

Ik haw ek it idee dat de skriuwtaal te fier fan de sprektaal ôfleit. Dat wol sizze: op dit stuit. At der mear en better Fryske les jûn wurdt oan bern, wurdt dat gapjend gat lytser en sil de tsjinsin yn it Frysk lêzen faaks ôfnimme. Om my mei it Frysk wol wat minder frijbliuwend yn it ûnderwiis ynfierd wêze as no it gefal is. Yn de foarlêshoeke fan de pjutters sit it noch wol goed, mar dêrnei wurdt it minder goed ûnderholden. Op guon basisskoallen wurdt der hast neat oan dien, en ek yn it fuortset ûnderwiis is it… Lees verder »

@te
Gast

My thoughts exactly, Ruurdtsje! Ik haw oan ien fan ‘e organisatoaren fan tefoaren noch frege oft it ûnderwiis ek belutsen wurde soe by de diskusjejûn. Ik sil no net fuort sizze dat er wetter baarnen seach, mar it kaam wol aardich yn ‘e buert…. En it liket dochs sa foar de hân te lizzen: de taal fan it Fryske boek is net dy fan de jeugd, om’t se op skoalle traind wurde yn in oare lêstaal (of lêstalen, sa’t jo wolle, at we de MVT derby belûke). Utstel: foar de boekelist Nederlânsk de mooglikheid jaan om ek ien as twa… Lees verder »