Piter Boersma

In Memoriam Tsjêbbe Hettinga (15-01-1949 – 07-03-2013)

logo.ensafh

Op tongersdei 7 maart is Tsjêbbe Hettinga ferstoarn. Hy is mar fjouwerensechstich jier wurden. Ferline simmer wie er wurch. Djip yn ’e hjerst kaam derút dat er kanker hie en no is er der al net mear. It kin hurd gean.
Mei him is in reus ûnder ’e Fryske dichters stoarn.
Ik moat Tsjêbbe foar it earst sjoen ha op in jierdeifeest fan Piter Yedema yn 1973, dy’t yn Wytmarsum wenne. Ik hie Piter krekt kennen leard. Mei Sybe Krol foarme ik doe de redaksje fan Hjir. Piter Yedema koe ik fan publikaasjes yn Trotwaer en Alternatyf, dêr’t er yn skreau ûnder de namme Witte de Vries. Tsjêbbe begûn mei te publisearjen yn Hjir yn it oktobernûmer fan 1973. Hy hie doe al twa kear in Rely Jorritsma-priis wûn en tegearre mei Jelle Kaspersma krekt yn eigen behear syn earste dichtbondel útjûn, Yn dit lân. Tsjêbbe publisearre dêrnei yn hast elk Hjir-nûmer.
Ein 1974 wie der in gearkomste fan de Hjir-redaksje en Hjir-meiwurkers yn ’e opkeamer by Tsjêbbe thús op ’e pleats fan de Hettinga’s yn Burchwert. Dat wie in prachtige gearsit mei Tsjêbbe syn heit Pyt as de glunderjende gasthear. Doe is it beslút fallen om de redaksje út te wreidzjen. Neist Sybe Krol en ik stiene doe ynienen mei yngong fan 1975 ek Tsjêbbe Hettinga, Piter Yedema, Jelle Kaspersma, Jakobus Dykstra en Jakobus Smink as redaksjeleden te boek. Fan dat stuit ôf hie Hjir de basis om him fierder te ûntjaan. Om’t Tsjêbbe doe al net folle mear seach, waard de kopij in wike foar in redaksjegearkomste troch in redaksjelid foar him ynsprutsen. Dy gearkomsten koene Tsjêbbe nea lang genôch duorje. Drank en poëzy wiene de motor en it praat moast as it heal koe trochgean oant de sinne wer opkaam.
Foar it Hjir-fermidden wie Tsjêbbe Hettinga de grutte man. Hy wie de dichter mei de measte taalmacht en alluere, hy stie foar kwaliteit, foar in heech nivo. Yn 1978 stelde Philippus Breuker net foar neat yn in lêzing (1): ‘Hjir koe him ûntjaen doe’t Tsjêbbe Hettinga deryn stapt is.’
Tsjêbbe Hettinga hat oant sawat healwei 1990 ta yn ’e redaksje sitten.

Tsjêbbe wie doe noch gjin grut man by it publyk, fan echte erkenning yn Fryslân wie gjin praat en hoe soe it kommen wêze as er yn oktober 1993 op ’e Frankfurter Buchmesse net ynternasjonaal trochbrutsen wie? Hy hat ek syn namme yn Fryslân oan Frankfurt te tankjen. As de Fryske skriuwerswrâld syn sin krigen hie, wie it miskien net iens safier kommen. Doe’t Bouke Oldenhof, doetiids literatuerbefoarderer by it FLMD en dêrfoar sa’n tsien jier redaksjelid fan Hjir, Tsjêbbe nei foaren skode as Fryske fertsjintwurdiger fan de Nederlânske skriuwersôffeardiging nei de Frankfurter Buchmesse krige er tsjinwyn út de Fryske skriuwerswrâld: It Skriuwersboun woe meiprate oer wa’t der hinne moast(en). Bouke hâlde lykwols hoek om’t er ynskatte dat de Fryske literatuer krekt mei Tsjêbbe goud yn ’e hannen hie. Hy hie him jierrenlang meimakke yn ’e redaksje fan Hjir en net allinne each foar syn dichterskwaliteiten mar benammen ek foar syn foardrachtskeunst en syn yndruk meitsjende persoanlikheid. Sa hie er om 1990 hinne al de oanset jûn ta Tsjêbbe syn programma ‘Hotelkearmers eigen’.

Oant likernôch 1974 ta dichte Tsjêbbe Hettinga mei humor en irony yn in frij direkte, anekdoatyske styl, dêr’t syn taalmacht en gefoel foar lûding en wurdboarterij doe al de basis fan wiene, mar dêrnei waarden syn gedichten geandewei langrigeliger en mear útspûn en swierder fan toan. Dat wurk krige yn 1981 plak yn de bondel Tusken de bedriuwen troch is âlderdom.
Dêrnei duorre it oant 1992 ta foar’t Under seefûgels / De kust, ferskine koe. Yn ’e tuskenlizzende jierren krige Tsjêbbe der mear wurk fan om syn gedichten ta in goed ein te bringen. Dat hie ek mei syn noch hieltyd mear achterútrinnend gesichtsfermogen te krijen. Eins hat er himsels yn dy jierren op ’e nij útfine moatten. Hy hâlde him dwaande mei it wurk fan Dylan Thomas en Derek Walcott, dêr’t er wakker ynspiraasje by opdien hat. En hy wenne yn dy jierren gauris inkele moannen yn Grikelân, benammen op it eilân Zakynthos, dêr’t er it libben prachtich fûn. Yn dy jierren is it him slagge om de mytyske kant fan syn dichterskip út te bouwen, hat er grûn fûn foar syn dreau om him ûnfoarstelber rederyk te uterjen. En ek nei 1992 is it him slagge om as dichter stappen te setten.

Nei it optreden yn Frankfurt is Tsjêbbe Hettinga in ikoan wurden. Sûnt er sukses hie op ’e nasjonale en ynternasjonale poadia woene se him ek oeral yn Fryslân hearre. En dat is yn ’e rin fan ’e jierren sa bleaun.
In grut dichter en grut performer is wei. As performer sille de measten har him yn ’t sin bringe. Tsjêbbe sa’t er ús fan it papier ôf temjitte komt, sille wy it no mei dwaan moatte. Sa net, syn cd’s binne der fansels ek noch. Mar it giet ta op ’e werberte fan de dichter.

(1) Ph. H. Breuker, ‘Literaire Tydskriften yn de jierren sawntich’, yn: Hjir, nr. 1, 1975, ss.2-8.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

8 reaksjes op “In Memoriam Tsjêbbe Hettinga (15-01-1949 – 07-03-2013)

  1. Mar ien kear haw ik Tsjêbbe Hettinga sjoen. Syn optreden by it hafentsje van Laaksum by ûndergeande sinne wie magysk. It sil my altyd bybliuwe as in grut kado- wat keunst betsjutte kin foar in minske.

    Riekje van Dijk

  2. het klinkt heel mooi maar ik wil graag de nederlandse versie erbij kunnen horen om te weten waar het over gaat,is dat mogelijk?

  3. Geachte heer Heesters,

    Tsjêbbe Hettinga heeft zijn poëzie volgens mij alleen in het Fries voorgedragen. Misschien is er toch iets. U kunt daarvoor uw licht opsteken bij Tresoar (www.tresoar.nl), het Fries Historisch en Letterkundig Centrum in Friesland.

    Hartelijke groet,

    Piter Boersma

  4. Voor dhr. Heesters, als u wilt weten waar Hettinga’s poëzie over gaat, zou u wellicht kunnen overwegen de tweetalige uitgave van zijn dichtbundel Equinox aan te schaffen. Met groet, Abe de Vries

  5. Naar mijn idee is tsjêbbe Hettinga een waardige opvolger van de vroeg-Middeleeuwse dichter-Bard Bernlef, zelfs volgens een Belgische woordkunst-collectief ‘een regelrechte reïncarnatie van deze Friese woordkunstenaar. Het bijzondere metrum van Hettings’s woordkunst vraagt bij het componeren van muziek om vroeg-middeleeuws idioom, senza misura, begeleid op Angelsaxische handharp….zoals Benjamin Bagby zij Beowulfe-Sage begeleid……

  6. Ik heb Tsjebbe leren kennen toen hij studeerde voor onderwijzer op de Academie Hoogveld in Hengelo. Toen was hij al slechtziend, maar schreef al gedichtjes in kleine bundeltjes die ik nog steeds bewaar. Later maakte ik kennis met zijn grotere creaties en trof ik hem bij zijn bezoeken in Almelo en op Vlieland, waar hij kampeerde op het terrein waar mijn kinderen ook hun tent hadden opgeslagen.
    Onlangs hoorde ik een dame in een radio-uitzending die
    met groot enthousiasme over zijn literaire werk sprak.
    Haar naam was -als ik het goed heb verstaan-Jannie Wegerius. Graag zou ik met haar in contact komen, maar op internet kom ik haar niet tegen.
    Mocht iemand haar kennen, dan zou u haar mijn tel.nr.
    074-2662529 of mijn e-mailadres jbmwopereis@hotmail.
    com kunnen geven, waarop zij eventueel kan reageren.
    Bij voorbaat dank!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *