André Looijenga

Vrieslân wûnderlân

logo.ensafh

Op it toaniel in mânselhege fûgelkoai. Dêryn hinget, yn ûnderjurk en hiernetsje, it tormintearre stal fan in meager manspersoan. Wannear’t it publyk syn plak fûn hat yn it teatersealtsje, komt er ta libben, langliddich dûnsjend om in foarwrâldsk model mikrofoan. In drag queen op jierren en op syn/har retoer, fertelt er yn fragminten syn libbensferhaal. Yn in wûndere gearmjuks fan Wâldfrysk en nichterich Amerikaansk. It iene nei it oare wrâldferneamde diva-liet wurdt ûnneifolchber nei skeakele: Dietrich, Piaf, Monroe, Douwstra. De tirade fan de diva dy’t weromkaam yn it homofobe heitelân einiget yn in kranksinnige muzikale draaikolk, in songen miks dy’t dy tagelyk ta laitsjen en ta triennen twingt.

De âlde Fryske travestyt dy’t Theun Plantinga (*1983) op ’e planken bringt, is it yntinse hichtepunt fan it lokaasjeteater Vrieslân wûnderlân. Wat kin hy sjonge en aktearje! Allinnich it meimeitsjen fan Plantinga syn keunststikjes makket it besjen fan de foarstelling fan BUOG al mear as de muoite wurdich.

Yn in leechsteand kantoargebou oan de Ljouwerter Tesselschadestrjitte is Vrieslân wûnderlân noch te sjen op tongersdei 14, freed 15 en sneon 16 maart. De mannen fan BUOG (Pieter Stellingwerf en Kees Botman) fertoane dêr in tipelsinnige satiryske revu op lokaasje. Wa’t sljocht is op Frysk toaniel en lytskeunst en it ferneare kin om in spegel foarholden te wurden, mei it eins net misse.

De foarstelling bestiet út fjouwer parten. In ramt om it gehiel jout it ûnderdiel ‘rûnlieding troch it museum Fryslân yn 2045’. Jan Arendz spilet foar suppoast en foar konferensier. Oan ’e hân fan in portrettegalery wurde hjoeddeiske Fryske pommeranten te fiter nommen. Aardich dien, mei teksten op âldjierskonferensenivo, meast út ’e pinne fan de ferneamde sit down comedian Eelke Lok. Reedriders sitte der net tusken de ‘topstikken’ (Fryske skriuwers likemin), ‘ús mem’ Jannewietske fansels al. It omkuierjen fan keammerke nei keammerke makket de ôfstân tusken de pointes wolris wat te grut, mar der is om de healwize eksplikaasjes goed te gnizen.

Folle hurder laket men lykwols om de typkes fan Ronald Smink (*1984). Hy toant it publyk de ‘lêste betinking fan de Slach by Warns’. It slagget him skoan om pynlik én ûnderhâldend yn trije typstra’s ús Fryske eigenaardichheden del te setten. Om it noch wat slimmer te meitsjen yn it Nederlânsk, boppedat. Moai de gek hat Smink mei de niging om foaral ússels te felisitearjen en it foaral gesellich hâlde te wollen. Mar ék mei de persepsje fan frjemden dy’t yn Fryske bewegers fûle ekstremisten sjen wolle, lykas by syn typke yn faksistetenu dat by úteinlik neat slimmers docht as sentiminteel gûle as er mei syn Surinaamske frou skûtsjes silen sjocht. En hy spot mei himsels, as in wurkleas kabaretier dy’t fan earmoed dichter wurden is en by de betinking in striemin rymstik foardraacht (dat by my alteast in assosjaasje oprôp mei ‘De Friesche poëet’ fan dy grutte eardere Fryske satirikus: HaverSchmidt).

Polityk it meast útsprutsen is it skift fan Stellingwerf en Botman, dy’t weromsjogge op de ‘fermarkting’ fan de Fryske kultuer om 2013 hinne. At se in Ferd Crone in stikje willekeurige peptalk jeuzeljen harkje litte, is dat ready-made kabaret fansels. De tendins om kritysk te wêzen op de hjoeddeiske Fryske kultuer oertsjûget yn dit part faaks it minste. Giet it harren no om tsjin de Kulturele Haadstêd, om tsjin tefolle lyts-Fryske selsstannigens, of om tsjin it lanlike regear? It jûket jin ek wat dat de wurden “Fryske kultuer” krekt in lyts bytsje te faak opdûke yn de teksten.

Likegoed lit Vrieslân wûnderlân sjen dat der hiel goed yntelligint om ús Fryske kultuer lake wurde kin. Dat is oe sa nedich. En besoarget jin in machtich moaie jûne. Gjin befrijender humor as selsspot, ommers. Dat, gean der hinne no’t se dit noch spylje!

Sterk fan de BUOG-mannen is dat se mei dit spektakel sjen litte hokfoar talinten Theun Plantinga en Ronald Smink hawwe. De jongerein winne it, wat dat oangiet, hjir fan de âlde mannen. En dat tsjin it dekôr fan in klassyk-modernistysk wederopbourelikt yn de fersuterjende leechte fan de Tesselschadestrjitte. Theun Plantinga, dy’t op ’t heden wolris de kitscherige kant neist is mei syn lietsjes, skitteret yn de ferbjusterjende medley dy’t er as de útdôve diva opfiert. Masterlik parodiearret er bygelyks Lytse Teake as eameljend âldfrommiske, en leit mei de imitaasje ymplisyt ek wat bleat fan de beheinings fan it wenstige Fryske fermeits. Wylst dy ûndertusken fernuverest en stikkengniist, byldet Miss Tony ek in tragikomyske metafoar foar Fryslân út: as imitaasje fan in imitaasje, as ferfanger fan in ferlerne orizjineel.
Priuwkes fan de foarstelling Vrieslân wûnderlân jout dit filmke: http://humortv.vara.nl/pa.345420.vrieslan-wunderlan.html. Te leuk om net te neamen is dat foar de kamera inkelde ferneamde Friezen, lykas Hindrik van der Meer en Tet Rozendal, har reaksje op it stik jouwe.

Vrieslân wûnderlân is yn alle gefallen noch op tongersdei 14, freed 15 en sneon 16 maart te sjen, op it adres Tesselschadestrjitte 7 yn Ljouwert. Kaartsjes binne te reservearjen fia http://www.dekaartjes.nl/

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *