Hedwig Terpstra

“It libben is foar my in grut mystearje”. Sipke de Schiffart oer “Wat it is om bang te wêzen.”

logo.ensafh

Sipke de Schiffart is berne yn 1959 yn Longerhou. Ein ferline jier kaam syn debút Wat it is om bang te wêzen út, in bondel mei tsien ferhalen. Sipke hat twa kear de Rely Jorritsmapriis wûn, foar de ferhalen ‘Toe Sippy ju!’ (yn 2006) en ‘Leafde nei de dea’ (yn 2010). Dizze ferhalen stean ek beide yn it boek. Hy skriuwt ek gedichten en publisearret yn Ensafh en de Moanne. Njonken it skriuwen hâldt Sipke him mei skilderjen dwaande.

SCHIFFART PORTRET - Sabine Trines

Portret Sabine Trines

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik bin opgroeid op in pleats yn Longerhou yn in Nederlânsk-Herfoarme gesin. Ik ha yn it begjin in frij normale, rêstige en lokkige jeugd hân. De pleats wie in paradyske. Longerhou is in dearinnend doarp. Ik wie de iennige soan, dus it lei foar de hân dat ik de pleats oernimme soe. Ik ha noch in suster, mar dy woe net boerinne wurde. Se woe sels net mei in boer trouwe. Ik ha tsien jier boer west, mar it die bliken dat it my net sa foldie. It is ferskriklik yntinsyf. Je moatte alle dagen, ek yn it wykein, moarns en jûns melke en dêr moatte je o sa’n aardichheid oan ha, oars is dat hast net fol te hâlden. Op myn tweintichste ûngefear bin ik begûn mei it skriuwen fan gedichten. Ik liet wolris wat lêze oan in pear minsken, ien of twa fertrouwenspersoanen. Ik leau net dat se o sa kritysk wienen, mar se fûnen it wol leuk. It wie doe ek net it wichtichste yn myn libben. It is krekt as mei skaken, dêr begjinne je earst ek foarsichtich mei. Je moatte earst leare wat it ferskil is tusken in hynder en in loper bygelyks. Sa is it mei it skriuwen ek, dat moatte je earst ek stadichoan opbouwe. Op in beskaat momint is de pleats ferkocht en bin ik ferhuze nei Boalsert. Ik krige doe mear tiid om te lêzen en te skriuwen en oare dingen te dwaan, lykas kuierje en skake. Ik lies boeken út de wrâldliteratuer. Fan Tolstoj, Dostojevski, Tsjechov, Thomas Mann, Hermann Hesse, Goethe en Shakespeare ensfh.’

Do hast in skriuwkursus dien by Tresoar.
‘Ja, dat wie yn 2005, by Akky van der Veer en Hylke Tromp. Sa’n kursus hat wol nut, al wie it allinnich mar omdat je dêr twongen wurde om wat te dwaan. Oant doe hie ik nea proaza skreaun. Dêr krige ik de opdracht om in ferhaal te skriuwen en dat ha ik doe dien. It is ek nuttich om kommentaar te krijen en om yn ’e kunde te kommen mei geastbesibben, minsken dy’t itselde dogge. Der gong in wrâld foar my iepen. Je sitte dêr mei acht, njoggen oare skriuwers en dêrbûten binne der net safolle minsken dy’t skriuwe. Ik ha ferhalen ynstjoerd foar de Rely Jorritsmapriis en dy ha ik yn 2006 foar it earst wûn foar ‘Toe Sippy ju!’. Dat wie foar my in befestiging dat it wol wat wie.’

Wolst ek in bondel fan dyn gedichten útjaan?

‘Dat soe ik wol leuk fine, ja. It wurdt hieltyd dreger om wat út te jaan. Faaks is it in goed idee om it twatalich te dwaan. Ik skriuw mear yn it Frysk omdat ik it Frysk in moaiere taal fyn en omdat de taal tichterby my stiet. Mar soms is in gedicht moaier yn it Nederlânsk, omdat it yn it Frysk net lekker bekt of net goed rint. Myn gedichten binne hiel tagonklik, net kryptysk of hermetysk, en dêrom soenen se wol geskikt wêze om se út te jaan, sadat elkenien se lêze kin. As ik in twatalige bondel útjaan wol moat ik de gedichten oersette, mar dat liket my net sa dreech omdat it frije fersen binne dy’t net rymje. Oant no ta ha ik noch neat dien mei myn Nederlânske fersen. Ik ha se wolris lêze litten oan ien dy’t gjin Frysk lêze kin. Ik ha ek it ferhaal ‘Leafde nei de dea’ oerset yn it Nederlânsk en dat fûn ik frij ienfâldich. Dat ha ik ek dien om it lêze te litten oan Nederlânsktalige freonen. Dat ferhaal is al foar in part yn it Nederlânsk, alteast de dialogen.’

SCHIFFART COVER

Hoe is dyn bondel Wat it is om bang te wêzen ta stân kaam?
‘Ik ha in pear fan de ferhalen nei Ensafh stjoerd en dy binne pleatst. Doe krige ik it fersyk fan Jelma Knol oft ik in bondel útjaan litte woe by de Friese Pers Boekerij. Ik ha dy ferhalen nei har tastjoerd en in stik of wat oare ferhalen. Tsien ferhalen byinoar en dat wie in moai oantal, genôch foar in bondel. Soms helje ik by it skriuwen dingen út de werklikheid. Under it kuierjen bygelyks krij ik wolris in idee. Meastal lit ik dat in skoftsje lizze en as ik der nocht oan ha dan wurkje ik it út en komt der in ferhaal. Ik fyn it moai om lâns de see te kuierjen, mar dan moat ik altiten earst in eintsje ride. Yn elk gefal rin ik graach lâns it wetter en oer moaie stille paadsjes. Ik siet op in datingsite en dêr ha ik myn freondinne troffen. Dêr ha ik in ferhaal oer skreaun en dat is foar in part autobiografysk, mar it ferhaal rint hiel oars ôf. Ik gean mei it idee oan ‘e haal en dan ûntstiet der yts dat gelokkich net autobiografysk is, mar dat miskien wol ynteressanter is foar in lêzer. It is dus net sa dat it measte yn it boek autobiografysk is. Dat soe ek net bêst wêze, want dan soenen der hiel wat deaden fallen wêze. Der sit hjir en dêr wol wat fan mysels yn de personaazjes en ek wol fan minsken dy’t ik ken. En ik sjoch wolris ien op strjitte rinnen dêr’t ik fan tink: dat soe in moai romanpersonaazje wêze. It ferhaal ‘Lotte op De Feanhoop’ spilet him ôf yn en by it arkje fan Rink. Ik ha dêr sels in skoftsje ferbleaun om te skriuwen, dus dat is ek foar in part autobiografysk. Dat dêr in famke ferdronken is, is fansels net wier. De personaazjes binne wat apart en se komme ek op in wat aparte manier om it libben. Yn it lêste ferhaal ‘Leafde nei de dea’ wurdt ien fermoarde. Dat is net moard mei willemoed, mar mear deaslach. It is nijsgjirriger om oer soks te skriuwen, as oer ien dy’t gewoan stjert fan âlderdom. De dea stiet op ús allegear te wachtsjen. We witte net wannear’t dy komt en hoe en dat hat wol wat fassinearjends.

Begraafplakken komme in soad yn it boek foar. Ik fyn it wol moai om dêr om te kuierjen. Ik wol bygelyks ek nochris nei it ferneamde begraafplak Père Lachaise yn Parys. Jim Morrison, Frédéric Chopin en Edith Piaf lizze dêr ûnder oaren begroeven. Hjir binne fansels ek moaie begraafplakken, mar dat is miskien wol it allermoaiste, de crème de la crème. It ferhaal ‘De begraffenisgonger’ giet oer ien dy’t it moai fynt om nei begraffenissen ta, ek fan minsken dy’t er net ken, as in út de hân rûne hobby. Dat giet net oer mysels, dat soe net bêst wêze. Begraffenissen ha wol har eigen sfear, kinst dêr de harmony tusken minsken fiele. Minsken binne dêr op har alleraardichst en dat hat wol wat moais. Mar oer it algemien gean je net foar je lol nei in begraffenis, of it moast dy fan Adolf Hitler wêze of sa, mar sels dan is it miskien net leuk omdat elke begraffenis tinken docht oan je eigen fergonklikheid. As muoike op har 95e fredich stoarn is yn har sliep dan falt der miskien wol wat foar te sizzen om it dêr gesellich te hawwen. Mar ik fyn it altyd slim as minsken fersterre, ek as se hûndert binne. Ik fyn it wol moai om mei-inoar te sjongen, dat hat wol wat.’

IMG_6804

Komsto noch wol yn tsjerke?
‘Ja, mei begraffenissen dus en trouwerijen of as der wat spesjaals is en hiel soms ek wol op oare mominten. As jonkje gong ik altyd nei tsjerke ta en doe fûn ik it net altyd even aardich. Letter gong ik noch wolris nei tsjerke as der in goede dûmny wie. Dat doch ik hiel soms noch wol ’s. Mei kryst ha ik noch yn tsjerke west, ek omdat myn freondinne dat leuk fynt. Ik fyn it prachtich om dy krystferskes te hearren en te sjongen. Wêrom soene je jesels dat ûnthâlde? De tsjerkebanken sitte faak sa beroerd, dat is wol in neidiel. Mar de yntree is net heech, it hat wol wat. Ik fyn it in grut wurd om te sizzen dat ik leauwich bin. Ik bin in agnost, dat wol sizze dat je fine dat je op metafysyske fragen, oer it hegere yn it libben, gjin antwurd jaan kinne, dat it minsklik brein net tarikkend is om dêr antwurd op te jaan. Prate oer dingen as is der in god, wêr komme we wei en wêr gean we hinne, is eins spekulaasje. Ik wit it dus net, it bestean is foar my in grut mystearje. Thús bin ik wol kristlik grutbrocht. Ik gong nei kategisaasje ensa. Dan krij je it ferhaal fan ien kant te hearren en leau je dat it sa is. Miskien is it no wol sa dat bern al folle mear witte, omdat se op ynternet sitte. Mar as je yn sa’n doarpke wenje en elkenien om je hinne is kristlik, de famylje en buorlju, dan nim je dat gewoan oer. Letter kaam ik der achter dat der ek oare mooglikheden binne, dat der ek minsken binne dy’t net leauwich binne. En doe kaam de twifel, ik wie sa’n fyftjin, sechtjin jier.’

Bist op it momint ek mei nij wurk dwaande?

‘No en dan skriuw ik in gedicht en út en troch wurkje ik oan in roman en fierder bin ik drok oan it skilderjen. It skilderij dat op de foarkant fan de bondel stiet ha ik bygelyks sels makke. Dat is Longerhou ein jierren sechtich. Doe hiest noch blommen yn it lân. Tsjintwurdich is it allegear drainearre, egalisearre en opnij ynsiedde mei Ingelsk raaigers. Eartiids hiest der noch bûterblommen, pinksterblommen, hynsteblommen en soerstâlen en dat wie fansels in moaier gesicht. Ik bin noch net sa lang oan it skilderjen en ha noch net in soad makke. Ik bin oan it sykjen wat my it bêste leit, kwa tema, materiaal en styl. Ik fyn dat it plaatsje op de foarkant net sa goed út de ferve kommen is trochdat it sterk ferlytse wurde moast. Ik woe graach in wat driigjende loft omdat dat goed by de titel past, mar dat kinst op it plaatsje net sa goed sjen. Ast it skilderij yn it echt sjochst dan is it folle grutter en sjochst ek de galmgatten fan de tsjerketoer en de klokken fan de tsjerke. De galmgatten ha ik oanbrocht mei in toskstoker, dat is hiel presys wurk, mar dat is op it plaatsje hielendal fuortfallen. En de pleats dêr’t ik hikke en tein bin falt ek hielendal net op. Dy hie ik in bytsje in oare kleur jaan moatten. Ik bin op dit stuit dwaande mei in portret fan Leonard Cohen. Dat foldocht my wol aardich. Miskien dat ik letter noch mear portretten meitsje as it goed giet. Ik sit no op skilderkursus by Martin Sybesma yn Kûbaard en yn Boalsert by Aukje Gietema, en ik lear in protte fan myn freondinne, Sabine Trines, dy’t ek skilder en skriuwer is. Ik fyn it moai om it wat te ûntdekken. Ik fyn it ek moai om keunst te besjen yn galeryen en musea. Ik sjoch no mei wat oare eagen nei skilderijen fan oaren.’

IMG_7307

Watfoar muzyk fynsto moai?
‘Doe’t ik jong wie, wie ik leafhawwer fan de Rolling Stones, letter ek fan Bob Dylan en Cohen. Ik ha wol in brede smaak. Ik hâld ek in soad fan klassike muzyk, fan de bekende komponisten: Mozart, Schubert, Bach en Beethoven. Ik ha wol in swak foar Mahler. It hinget der in bytsje fanôf wêr’t ik mei dwaande bin, mar as ik kieze moat dan soe ik earder foar klassike muzyk kieze. As ik oan it sporten of oan it húshimmeljen bin, dan ha ik leaver popmuzyk. Ik ha in pear jier werom by in konsert west fan Leonard Cohen yn Amsterdam en dat hat wol in grutte yndruk op my makke. Bob Dylan is wol de bêste singer-songwriter dy’t der ea west hat. De ferskes dy’t yn tsjerke songen wurde fyn ik ek moai, fan Johannes de Heer bygelyks.’

Do bist ea begûn mei it oersetten fan Die Leiden des jungen Werthers fan Goethe.
‘Ja, dat is gewoan in prachtich moai boek. Der is noch nea wat fan Goethe yn it Frysk oersetten, dus tocht ik: dan set ik dat boek oer, dat is net sa tsjok. Mar doe’t ik dermei oan ‘e gong wie kaam ik derachter dat it noch net sa maklik wie, want it binne faak hiel lange sinnen en de styl is hiel literêr. Om dat op itselde nivo yn it Frysk te dwaan falt net ta. As je it echt goed dwaan wolle giet der in hiel soad tiid yn sitten. Dat ha ik wat ûnderskat. Ik wol it noch wol wer ris oppakke. Ik fyn it wichtich dat de wrâldliteratuer oerset wurdt yn it Frysk. Janneke Spoelstra hat twa oersettings makke fan boeken fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun yn it Frysk. Ik fyn de Fryske oersettings folle moaier as de Nederlânske. De boeken fan Hamsun gean in soad oer de natuer en miskien dat it Frysk him dêr better foar lient.’

Wat wolst graach berikke?
‘It is in dream fan my om oan de ein fan myn libben krekt sa lokkich te wurden as ik oan it begjin fan myn libben wie.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *