Teake Oppewal

In Memoriam Tsjêbbe Hettinga: De swartlakte tilbry rydt troch

logo.ensafh

It ferstjerren fan Tsjêbbe Hettinga is in grut ferlies foar de Fryske dichtkeunst, foar Fryslân en foar Nederlân. Foar dy’t him as heit, as broer, as freon, as meispiler yn in band kend ha is it ferlies ûnwittend grutter – dêr kin ik net oer skriuwe. Tsjêbbe hâlde wurk en privee sa folle mooglik apart. It gie om syn wurk, net om syn persoan. O wee de mediaman dy’t in fraachpetear mei him ha woe en skine liet dat er syn wurk net lêzen hie! Sagau’t er ûnechtens by de media opmurk wie it ho. By syn twadde kear op Poetry yn Rotterdam hie de Ljouwerter Krante in fotograaf dêre opdracht jûn in foto fan it optreden te meitsjen. De man kaam te let yn de seal, it wie krekt dien. Tsjêbbe stie ferromme foar it poadium nei te praten, hy fielde him altyd licht en los nei in optreden. Oft er noch even op it poadium stean gean koe foar in foto? Dat wie mis! Gjin konsesje, de man koe mei lege hannen werom. Dan mar gjin stik yn ’e krante.

Foarlêze op Skiermuontseach op 1 septimber 2012 (foto Henk Dijkstra)

Foarlêze op Skiermuontseach op 1 septimber 2012
(foto Henk Dijkstra)

Bysûnder dichter
Tsjêbbe Hettinga is rûnom bekend wurden om de bysûndere wize fan foardragen fan syn wurk (en soms ek dat fan oaren , lykas Slauerhoff). Syn sonoar lûd, syn bytiden eigensinnige yntonaasje en syn útsoarte bewuste artikulaasje fan it Frysk, dy sjongende taal fan ús, mei al syn koarte en lange ienlûden, twalûden, trijelûden, assimilaasjes, nasalearringen en sylabisearringen, ‘mei poaies oane pompm dyte trjinn eazje’ – se makken syn foardracht unyk. Wa’t him net ferstie – en dat waarden yn de lêste tweintich jier hyltyd mear – geniete fan de muzyk fan syn taal, dy’t ûnder de betsjutting fan de wurden leit, ‘woorden die klinken alsof ze ouder zijn dan de tijd’ (Michel Maas yn de Volkskrant 27-3-1995). Genuine poetry can communicate before it is understood, sei T.S. Eliot; net allinne de wurden sels, mar ek de grûntoan ûnder de wurden bringt dus wat oer fan performer op publyk. Grûntoan? In typysk Tsjêbbe-wurd! (Blauwe hauk, strofe 1, rigel 3). Syn teksten binne net altyd maklik nei te kommen, en dat wist er. Somtiden joech er syn publyk de rie om fral net syn teksten snappe te wollen, mar om him oer te jaan oan de muzyk fan de taal en de bylden dy’t er oprôp. Doe’t Hanneke Groenteman him yn in ynterview frege wat er mei syn poëzij sizze woe, sei er planút ‘Niets’. It gie him benammen om de sfear, sei er op in oar plak.
James Brockway, de Ingelske oersetter fan ‘Frjemde kusten’, fertelde my in kear hoe’n geweldigen niget as er oan Tsjêbbe syn talint hie, hoe’t  er geniete fan syn foardracht en, yn de persoanlike omgong, fan syn wêzen. ‘When I have to describe him to my friends, I hardly can explain, but I tell them, imagine Dylan Thomas, sitting on top of a mountain, and reading his poems in Old Norse…’ En hy lake der oandwaanlik by, as woe er him ferûntskuldigje foar de rare fergeliking. It is bekend dat Tsjêbbe yn de jierren tachtich in elpee (of faaks mear) hie fan Dylan Thomas dy’t syn eigen poëzij lêst, en dat er dy geregeld draaide. Reinjan Mulder neamt yn syn prachtich in memoriamstik in rigel út it bekendste gedicht fan Thomas, ‘Rage, rage against the dying of the light’ – soe dy rigel Tsjêbbe mear as gewoan oansprutsen ha? Wat stom, wêrom haw ik him dat noait frege?
Sa faak de ôfrûne dagen dy fraach: Wêrom haw ik him dat noait frege, en dat? En ik wit it antwurd: te min folhâldend om mear te witten te kommen fan dy ynbannige man dy’t er ek wie. No’t ik de teksten yn Frjemde kusten wer trochlês, merk ik dat ik ûnder de letters syn stim hear, ûnûntkomber, it is tekst en tagelyk ek partituer. Wat in gelok dat de opgong fan syn karriêre lykoprûn mei de opgong fan de cd. Hy hat oan de literêre keunst fan syn poëzij-op-papier syn eigen poëzij-yn-lûd tafoege, dy’t de rykdom derfan wêzentlik fergrutte hat, en dat is nei myn betinken it meast bysûndere aspekt fan syn dichterskip.

Paadsljochter
Yn oktober 1992 waard bekendmakke dat Tsjêbbe Hettinga as Frysk dichter optrede soe op de Frankfurter Buchmesse it jiers dêrnei. It is de fertsjinste fan Bouke Oldenhof dat hy de kar foar Tsjêbbe trochsetten hat, hoewol’t net elk it dêr mei iens wie. Mei syn yndrukwekkend optreden yn Frankfurt sljochte Hettinga it paad foar himsels en foar oare Fryske dichters om as frije fisken út har eigen taalgebiet te swimmen. Dat wie yn de fiifentweintich jier dêrfoar ek wol bard, mar minder sterk. De stap fan ien nei tsien is minder grut as de stap fan tsien nei hûndert.  Op Poetry International (start 1970) wie yn it tiidrek oant 1994 fan de Fryske dichters allinne Jan Wybenga in kear te gast, ik mien yn 1981. Nei Frankfurt yn 1993 wie it op Poetry sawat om de twa jier raak: Tsjêbbe yn 1995 en 2001, Cornelis van der Wal yn 1997, Anne Feddema yn 1999, Albertina Soepboer yn 2003, Tsead Bruinja yn 2005, Elmar Kuiper yn 2006 en Nyk de Vries yn 2010. Deselde fergeliking soe makke wurde kinne foar de publikaasje fan Fryske poëzij yn tydksriften en twatalige blomlêzingen bûten Fryslân. Tsjêbbe wie yn myn optyk in grutte paadsljochter, en oktober 1993 in oanwiisber  kantelmomint. Krekt sa’t 1993 nammers foar de hiele Nederlânske literatuer jildt as kanteljier wat de resepsje yn it bûtelân oangiet, om te begjinnen yn Dútslân.

Poadiumtiger
Nei 1993 haw ik besocht by te hâlden wêr’t Tsjêbbe allegear optrede, wat er brocht, en hoefolle publyk oft der wie. In pear jier letter ornearre ik tsjin him, dy list koe wol by it FLMD op ynternet. Dêr woe er út noch yn net oan. Ik tink dat er oaren net achter de skermen fan syn bedriuw sjen litte woe. It wie noch foar de tiid dat minsken al har cv-gegevens op yntenet sette.
Tsjêbbe hâlde fan optreden. It wie syn fak, hy wie in poadiumtiger. Wat in merakels ûnthâld hie er! Ik ha mar ien kear meimakke dat er stykjen bleau yn in foardracht, op 2 septimber 1995, by de iepeningsjûn fan it Frysk Festival yn de Harmonie yn Ljouwert. Hy die doe de oersetting fan Whitman syn lang fers ‘Salut au Monde’. Op healwei hâlde er ynienen op. Der siet in technikus troch syn monitor hinne te praten, oft dy him ek stilhâlde koe, sei er tsjin de seal. Doe gie er tsien rigels tebek, as in sleatsjespringer dy’t achterútrint om namste better springe te kinnen, en naam er de trie wer op.
Mar ek as it gie om in foar de fûst wei ferteld ferhaal koe er him skoan rêde. Ein maart 1999 trede er op by it London Festival of Literature, yn it Peacock Theatre, foar sa’n 900 minsken. Der wiene tolve dichters dy’t har wurk tefoaren brochten,  û.o. Simon Armitage, Margaret Atwood, Tracie Morris en Ariel Dorfman. Hy wie de earste nei it skoft en foardat er syn foardracht die, fertelde er loswei oan it Ingelske publyk it ferhaal dat de namme ‘London’ eins út it Âldfrysk komt, it soe in ferbastering wêze fan ‘Landon’, ommers Londen wie syn bestean begûn as in delsetting fan Fryske hannelslju. Doe kaam ‘De Blauwe Hauk fan Wales’. Hy naam de hiele seal foar him yn en het Parool koppe de oare deis: ‘Tsjêbbe Hettinga steelt de show in Londen’.

Ambassadeur
Yn letter jierren naam syn bekendheid allinne noch mar ta. Al dy kearen hat er minsken syn poëzij foardroegen. Syn Fryske poëzij. Hy liet tûzenen erfare dat Fryske poëzij net ôfsletten provinsjaal is, mar dat poëzij út de provinsje, yn in boeretaal fan it plattelân, de wrâld spegelje kin. Hy seach it derby as in grut gelok, sa sei er it sels, dat er mei Benno Barnard in kompanjon-dichter troffen hie dy’t syn wurk goed yn it Nederlânsk oersette koe.
Tsjêbbe woe perfoarst net sjoen wurde as ‘Ambassadeur fan Fryslân’. Hy gie foar syn eigen taalkeunstnerskip, dat tafallich yn it Frysk foarme wie. Yn jannewaris 2010 hie de Belgyske VRT in radiofraachpetear mei him by it ferskinen fan de Gedichtedeibondel dy’t hy skreaun hie. De dame fan de radio sei dat se neat fan Fryslân wist, en frege Tsjêbbe om yn in pear wurden of sinnen har Frieslandgids te wêzen. ‘Nou, eh, ik heb geen belangen in de Friese VVV, dus ik denk ik u teleur moet stellen’, wimpele er it ôf. ‘En wat moet ik weten over Friesland?’ ‘Nou, dat er een andere taal wordt gesproken, dat het redelijk geïsoleerd ligt door grote waterpartijen en dat het voor een groot deel aan zee ligt, en eh, daar woont verder niemand…’ en sa kaam er fia de kust op it Leech en de Stêd Niks fan syn Gedichtedeibondel.
Sa net, hy wie him wol tige bewust fan it feit dat hy as bykomstichheid fan syn artistike prestaasjes ek ambassadeur wie fan de Fryske poëzij en fan Fryslân. De lêste jierren krige er hyltyd mear fersiken fan de kant fan it provinsjaal bestjoer om by spesjale gelegenheden op te treden.  In moai foarbyld is Friesland Day yn New York yn 2009, dêr’t  Fryslân him yn de breedste sin en gearhing profilearre: bestjoer, ûndernimmers, keunstners.
Ut it bûtelân wei sjoen is it ferskil tusken Frysk en Nederlânsk minder grut as fan binnenút. Sa besjoen wie Tsjêbbe Hettinga in dichter út Nederlân, en wie er ek in ambassadeur foar The Netherlands en de Paises Bajos. Sa komt it âlde adagium fan Gysbert Japix oer de Fryske dichtkeunst yn Nederlânske kontekst wer werom: ‘Een praalbloem aan uw algemene erekrans’.

Syn poëzij bliuwt
Tsjêbbe is wei – ‘syn tij keart net, syn mûle is stom tenei’. Mar syn wurk bliuwt. Ien fan de hichtepunten út syn oeuvre is it gedicht ‘It faderpaard’, skreaun by it ferstjerren fan syn heit, tweintich jier lyn. As je it faker hearre teart it him iepen, as in symfony fan Mahler.  Foar my is it in lofsang op de fitale leafde, de oerwinnning fan de leafde op de dea – alteast, foar wa’t dêr fan dreame kinne. Yn dy bondel út 1995, swartlakt fan omslach, stiet it sa: ‘En tsjuster sil it wêze, oant in swartlakte tilbry, út / it webbige weinhûs fan in dream, blynseach de dyk út / Mjirket’. Dy swartlakte tilbry, dat is syn poëzij dy’t de dream fertolket. Mei dy poëzij yn lûd en wurd noch lang mei ús de dyk út mjirkje.

 

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
josse de haanpier boorsma Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
pier boorsma
Gast
pier boorsma

in moai stik teake-yntusken haw ik yn 1973 optreden op poetry international dat sadwaande

josse de haan
Gast
josse de haan

Yn 1973 wie der op Poetry in Keltenprojekt, sadat der Skotten, Bretonners, Ieren, Denen en Friezen poëzy liezen. Operaesje Fers stie datselde jier de sneontejûn op Poetry yn Rotterdam mei Telepoëzylinen. It telefoanpoëzymedium Operaesje Fers soarge yn 1968 foar it bekendwurden fan Fryske poëzy bûten Fryslân, sels yn New York dêr’t de mannen fan de beatgeneration it oernamen as Dial a Poem. We ha doe gedichten utwiksele mei de lju fan Dial a Poem, sadat de New YorkersFryske fersen draaie koene. Hjir stiene har gedichten op de telefoan – û.o. Ginsberg, Waldman, Corso etc. De Fryske dichters dy’t yn 1973… Lees verder »