23-03-13 Sirkwy Sympoasium ‘See, see, do wide see!’

logo.ensafh


See, see, do wide see!
Sirkwy Sympoasium 23 maart 2013

 

Yn 2013 hawwe in oantal saakkundigen út it literêre fjild, krekt as yn 2011 en 2012, de opdracht oannommen om in essee te skriuwen oer in ûnderwerp út de Fryske literatuer en dat (yn koartere foarm) te presintearjen yn in lêzing.
Yn tsjinstelling ta de eardere edysjes wurde de lêzingen no op ien middei presintearre, dêrom de term ‘sympoasium’. De folsleine teksten fan de essees ferskine yn in spesjaal nûmer fan it literêr tydskrift Ensafh.

Dit jier is as tema keazen de rol en de betjutting fan de see yn Fryske folkslieten, literêre ferhalen en de moderne poëzij. De titel fan it sympoasium is ûntliend oan de bekende rigels fan Piter Jelles:

See, see, do wide see, wat leist dêr drôgjend hinne,
wa wit, wat ûnk en wee yn dy besletten binne…

Programma

foto Wikipedy

De see en wy
in ynliedende bydrage oer it histoarysk perspektyf
– Meindert Schroor

De see yn folkslieten
– Nanne Kalma

De see yn it Frysk proaza
–Tryntsje van der Steege

foto Haye Bijlstra

De see yn de moderne Fryske poëzij
– Bert Looper

foto Henk Bleeker

Muzyk – Hein Jaap Hilarides

>>Mear ynformaasje oer de lêzingen komt yn jannewaris op dizze webside.

Plak
Hannemahuis, Voorstraat 56, Harns
Yn ferbân mei de beskikberens fan plakken is besprekke fan tefoaren needsaaklik.
Dat kin op ynfo@tresoar.nl of telefoanysk op 058 -789 0 789

Tagongpriis
€ 15,–; studinten €10,– (ynklusyf kofje/tee en tagong ta it museum)

Neisit
Fan 17:15 oere ôf neisit yn ytkafee Nooitgedagt, Grote Bredeplaats 35, mei mooglikheid om dêr te iten (wa’t dat wol moat it sels fan tefoaren regelje).

Eardere edysjes
Foar ynformaasje oer de eardere edysjes, sjoch 2011 en 2012.

Organisaasje

Taalburo Popkema, Bibliotheekservice Fryslân, Tresoar, Ensafh en Bersa Tekstwurk