Nûmer 1 2013 fan Ensafh op papier is út

logo.ensafh

It earste nûmer fan 2013 fan ensafh op papier is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld

3 Redaksjoneel
Anne Feddema
4 Ferbena bonariensis
Geart Tigchelaar
5 0 ‘Sa no witte jim ek ris…’ (Besprek ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen fan Sipke de Schiffart)
Jean Paul Sartre
9 De Muorre (oersetting: Piter Yedema)
John Bosma
25 Gleone Heilstien (tekening)
Joël Huitema
26 Ezelshart
27 Nei de dei
Rein de Lange
28 modern times
Jelma Knol
29 It ferlerne paradys fan Bartle Laverman (Besprek dichtbondel Foar elke man in eigen pake fan Bartle Laverman)
Anske Smit
32 ’n Wichtjen foar de Wraald
33 ’n Maya Noat
Geart Tigchelaar
34 ferromming
Sigrid Kingma
35 Lading mei in luchtsje (Besprek dichtbondel Mem sjoch boi fan Eppie Dam)
Ruurdtsje de Haan
43 Foarskôging
Joris Raven
44 Goudkust
Bouke Oldenhof
45 Roman fan in konstrukteur (besprek roman De Krêftproef fan Piter Boersma)
Anne Feddema
50 Fremd bin ich eingezogen
Hidde Boersma
56 Nije man
57 Unferstoarne bagaazje
Edwin de Groot
58 De jas fan in âld kaptein (besprek dichtbondel Hûnewacht fan Simon Oosting)
Kalimachos
63 Ien sei my, Hêrakleitos (oersetting André Looijenga)

Redaksjoneel

Op allerhande manieren is ensafh dit jier al úteinsetten, mei in nijjiersbuorrel yn Ljouwert, mei in dichtersjûn yn Snits, in pear digi-ôfl everingen op www.ensafh.nl, op twitter (@ensafhtsjetter) om ’e pear dagen in tweltsje en
op facebook http://www.facebook.com/literertydskrift.ensafh foar de 753 Freonen dy’t ensafh dêr op dit stuit hat.
En no dus lang om let begjint it ensafh-jier ek op papier. It liket hast bysaak, mar sa is it net fansels. We bringe dit jier 6 nûmers út, sa’t wy yn it lêste nûmer fan ferline jier melden ha.
Dit nûmer biedt wer in ryk ferskaat oan bydragen yn ferskillende sjenres, yn ferskillende soarten Frysk. Wat dat lêste oanbelanget, der binne Hylper fersen fan Anske Smit en der is in fers fan Joris Raven mei eilanner klanken fan Skylge. Joël Huitema moast en soe Hollânske ynterferinsjes opnimme yn syn Súdwesthoeksk. Syn fêsthâldendheid dêryn hat (de mearderheid fan) de redaksje úteinlik oer de streek helle. Yn it Foaropwurd fan ensafh-digi nû. 83, ‘taalnoarmen, literêre ekspresje en taaldreamen’, hat André Looijenga it nedige dêroer sein.
Yn dit nûmer is ek it Register fan 2012 losblêdich tafoege.
We hoopje fan herten dat de besikers en freonen op ynternet de wei fine sille nei in abonnemint op it blêd, foarsafier’t se dat noch net ha. Oarsom riede wy ús abonnees oan om, foar safi er’t jim dat noch net dogge, foaral ek geregeld ris op ’e digitale ensafh-siden te sjen. Der is by ensafh op alle fronten in soad om jin oer en mei te fernuverjen!

Janneke Spoelstra

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *