In memoriam Tony Feitsma (1)

logo.ensafh

Tony Feitsma en har fertsjinsten foar de wittenskip

troch Durk Gorter

De lêste heale ieu fan de beoefening fan de frisistyk is ûntinkber sûnder Tony Feitsma. Har karrière omspant trije universiteiten. Hja studearre oan de Universiteit van Amsterdam, waard meiwurker oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit yn Grins, haadmeiwurker en letter heechlearaar oan de Vrije Universiteit en dêrnjonken en dêrnei heechlearaar oan de Universiteit van Amsterdam. Ek nei har ôfskied fan de UvA yn 1993 bleau hja wittenskiplik aktyf, want se hie ‘noch safolle te dwaan’.

It kin net oars of in libbensberjocht oer de merites fan Tony Feitsma’s wittenskiplike wurk docht har te koart troch de breedte fan har wurk. Ik behein my ta de wurdearring fan de taalwittenskiplike prestaasjes.

Yn it stúdzjejier 1973-74 kaam ik yn ’e kunde mei Tony as dosint oan de VU. Ik wenne yn it Frysk studintehûs oan de Twadde Helmersstrjitte en waard oantrune om de kolleezjes Frysk by te wenjen. Der wie in breed oanbod fan allerhande ûnderwerpen dêr’t hja kolleezje oer jaan koe. De studinten koenen ek sels ûnderwerpen útstelle. Troch har manier fan lesjaan folge ik de kolleezjes twataligens en sosjolingwistyk mei niget. Op in gegeven stuit dienen wy ek fjildwurk en wy rieden mei Tony en in ploechje studinten yn auto’s troch heal Fryslân om à la Labov nei de ‘wei’, de ‘woi’ of de ‘wai’ te freegjen en de mooglike lûdsferoaring fêst te stellen.

Yn november 1974 promovearre Tony cum laude op De autografemen in het werk van Gysbert Japicx, een verkennend grafematisch onderzoek naar de taal van Gysbert Japicx en een bijdrage tot de Friese spellingsgeschiedenis. In tsjok boekwurk yn 4 dielen útjûn yn 2 bannen fan mei-inoar 690 siden. Se wie net allinne aktyf yn de maatskiplike diskusje oer de Fryske stavering, mar hie der ek grutte wittenskiplike belangstelling foar. Yn har dissertaasje docht se systematysk strukturalistysk ûndersyk nei de manier wêrop’t Gysbert Japicx skreau. Syn wurk waard op it nivo fan de grafemen, de lytste dielen fan in wurd yn de skreaune taal, yn de kompjûter ynbrocht. Hja wie yn dy tiid ien fan de earste taalkundigen dy’t oan kompjûterlingwistyk die. Har analyzes wienen basearre op de glossematyk, in oanpak fan de Deenske taalkundige Louis Hjelmslev út de Kopenhaachske skoalle. Dy teory is yn Nederlân ûnder oare ferspraat troch har promotor Bertha Siertsema. Ien fan de stellings by har proefskift giet oer it ôfskaffen fan de doctorstitel, want dêr waard neffens har te grutte wearde oan hechten en immen mei in titel krige in te grut gesach, sa’t hja sei: ‘Dan hat men oeral ferstân fan.’
Dat stânpunt hat net behindere dat se, neidat se twa jier letter heechlearaar waard, ûnderskate minsken oan dyselde titel holpen hat, sawol op it mêd fan de literatuer as de sosjolingwistyk.
By myn eigen proefskrift oer de amtners op It Hearrenfean ha ik dúdlik fernaam dat se iepenstie foar nije wittenskiplike opfettings en teoryen. Se wie it folslein iens mei myn oanpak om tagelyk ferskate ûndersyksmetoaden te kiezen (observaasjes, enkêtes, (groeps)fraachpetearen en diskoersanalyze). Mar wy koene ek lange petearen hawwe oer brûkbere teoretyske ynfalshoeken. Op maatskiplik makronivo en op ynteraksjoneel mikronivo. Se wie wittenskiplik alhiel net behâldend, mar nammeste mear fêsthâldend as it gie om útienrinnende opfettings oer taal yn domeinen, oer in formele oanpak mei taalkar neffens in beslisbeam, oer it oan inoar oanpassen fan taalgebrûk, oer de etnografy fan de taal of oer it model fan koadewikseljen. Ek de dissertaasje fan Reitze Jonkman oer taal fan Ljouwert makke ik as ko-promotor op dezelde wize fantichteby mei. Wy hienen mei syn trijen drege diskusjes oer it ûnderbouwen fan arguminten of oer it bewizen fan ferûnderstellings oer it ûntstean fan de stedstaal.

Yn in fraachpetear út 1977 seit se: ‘It is hjoeddedei foar in frisist net alderearst fan belang wêr’t de Friezen wei komme en hoe grut oft Fryslân ienris west hat, folle nijsgjirriger is de fraach hokker rol oft it Frysk en de Fryske literatuer spile ha yn de realiteit fan doe en fan no.’ Neffens har lei it aksint yn de frisistyk wol hiel sterk op it filologysk-histoaryske. Har belangstelling gie mear út nei de útwindige taalskiednis en de strukturele taalkunde, yn it bysûnder de fonology. Dêrnjonken wienen de twataligens en de sosjolingwistyk mar ek de literatuersosjology fakgebieten dêr’t frisisten neffens har in goede bydrage oan leverje koenen. Al dy ûnderwerpen en noch oaren hat se yn har lange rigele publikaasjes omtinken oan jûn. De stikken oer de skiednis fan de universitêre frisistyk, lykas behannele yn har ynaugurele redes oan de VU en de UvA en har ôfskiedsrede oan de UvA, binne ferplichte kost foar elk dy’t wat oer de wittenskiplike bestudearring fan it Frysk witte wol. Neffens har wie der noch in soad te dwaan op it mêd fan it ûndersyk nei de sosjale en taalkundige posysje fan it Frysk, yn ferliking mei oare Europeeske minderheidstalen. Foar har wie it wichtich om nije ûntjouwings yn de wittenskip mei te nimmen.

It spruts foar Tony fansels dat se fierwei it meast yn it Frysk publisearre. Dochs binne der ek gâns publikaasjes yn Nederlânske wittenskiplike tydskriften of boeken en se hat ek ynternasjonale publikaasjes yn it Ingelsk, Deensk, Dútsk en Frânsk op har namme te stean.
Trichtich jier ferlyn, doe’t se 50 waard krige se as Jiddyjefte in oersjoch fan al har publikaasjes. Spitigernôch is it ûnthjit fan de besoargers net neikommen om 10 jier letter in opfolger te meitsjen. De lêste tiid wie Tony dwaande om al har publikaasjes op in rychje te setten en te selektearjen op wittenskiplike wearde. It is te hoopjen dat der meikoarten in folsleine bibliografy fan har wurk beskikber komt. It soe ek de muoite wurdich wêzen en bondelje guon fersprate artikels en jou dy op ‘e nij út.
Tony beoefene de wittenskip mei in aktivistyske komponint. Foar har stie de wittenskip nea los fan syn sosjale kontekst. Se koe min oer it ferwyt dat har wittenskip ideologysk kleure wie, wittenskip koe foar har net weardefrij wêze. Troch aksje út de Fryske beweging wie de universitêre frisistyk ûntstien en dêrom wie tsjinstberens oan dy emansipatoire groep fanselssprekkend.
De spanning tusken wittenskip en it ideologysk stellingnimmen wie foar har in saak dy’t de frisistyk ta in eksistensjeel nuttige en minsklik belangrike beuzichheid makke.
Tony as taalbeweger en har ynset foar de Fryske literatuer binne troch oaren op oare plakken beskreaun, dêrom ha ik dy aspekten fan har wurk hjir bûten beskôging litten.


Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op