Cornelis van der Wal

De skriuwer as keapman

logo.ensafh

Hoe komt it dochs dat dat der yn Nederlân, en dus ek yn Fryslân, troch in grut part fan de befolking sa ûnferskillich, ja sels fijannich tsjin keunstsinnige uteringen oansjoen wurdt?

It sil grif mei de keapmansgeast te krijen hawwe. Sa wie der lêstlyn in better net mei namme te neamen Frysk skriuwer, dy’t pleite foar it ôfskaffen fan subsydzje foar de Fryske literatuer. De skriuwer moat it fjild yn, sels syn boeken oan de man bringe! Ophâlde mei dat gepamper! Koartsein: de Frysktalige literator moat tenei kommersjeel tinke, ek net al te drege boeken skriuwe, foaral gjin poëzij, want soks ferkeapet foar gjin meter.

De earme, iensume en depressive dichter op syn mei kearskes ferljochte souderkeamer hat fan sok literêr hantsjebakken fansels neat te ferwachtsjen. Dy kin better ophâlde mei dat poëtysk gepiel dêr’t gjin mins wat oan hat. En dat hiele Letterenfonds kinne jo ek wol ôfskaffe, dêr komt allinnich mar ûnbegryplike en elitêre brot út fuort. As jo sa nedich gedichten publisearje wolle, doch dat dan mar yn eigen behear. Frisse en fleurige boeken: dy wol it Fryske folk lêze, dát ferkeapet. Alsa de ideeën fan dizze better net mei namme te neamen Frysk skriuwer.

De Frysktalige auteur lykwols is hjoed-de-dei in bedrige diersoarte, en dat hat alles mei it Provinsjale kulturele (non)belied te krijen. Nuonjild nei kulturele Frysktalige projekten? It komt net iens yn de beheinde breinen fan de dames en hearen politisy op. In boekje fan Rink, fierder binne se net kommen yn de Fryske letteren.

‘Ekonomy is in yllúzje’, sa skreau in ferneamd filosoof. ‘Ars longa, vita brevis,’ sa seine oaren. En in dichtrigel fan Friedrich Hölderlin giet sa: ’Was bleibet aber, stiften die Dichter.’

Ik sis: ‘Zahlen bitte!’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op