Hedwig Terpstra

‘Ik fyn it prachtich om ûnderweis te wêzen.’ Tsead Bruinja oer ‘Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers’

logo.ensafh

Tsead Bruinja is berne yn Rinsumageast yn 1974. Hy wennet no mei syn frou Saskia yn Amsterdam. Yn 2000 ferskynde syn earste Frysktalige bondel De wizers yn it read. Yn totaal binne der no tsien dichtbondels fan him útjûn en hy wie ien fan de gearstallers fan de blomlêzings Dream yn blauwe reinjas, Kutgedichten, Klotegedichten en Het eerste wonder – gedichten over geboorte. Op 22 april is syn lêste bondel Stofsûgersjongers útkaam by de Afûk. De bondel befettet in cd fan saksofoaniste Femke IJlstra en yllustraasjes fan byldzjend keunstneres Mirka Farabegoli. Nei oanlieding dêrfan ha we dit fraachpetear yn it kafee fan in Kringloopwinkel yn Swol, in moai plakje.

Afbeelding 006

Wat is it tema fan de bondel Stofsûgersjongers?
‘De bondel giet oer thúskommen en ûnderweis wêzen. En dan op ferskate manieren, lykas mei de auto lâns de ferboude pleats ride by Rinsumageast, dêr’t ik wenne ha en it hûs fan binnen en bûten besjen op Funda. Mar it giet ek oer it thúskommen nei optredens en dy binne soms yn it bûtenlân, lykas yn Nicaragua. Ast op in poëzijfestival yn it bûtenlân west hast en dan wer nei hûs ta gietst, dan hast noch in wike datst wekker wurdst, it hûs wol herkenst, mar eins noch fier fuort bist.’

boek_stofsugersjongers

Hoe is it projekt ta stân kaam?
‘Ik hie al in soad wurk foar de bondel en doe waard ik belle troch Femke IJlstra, in Fryske saksofoaniste. Mei it Syrène Saxofoonkwartet treedt se geregeld op yn Nederlân. Se spilet dêrneist freelance by it Concertgebouworkest en mei ferskate oare orkesten giet se de hiele wrâld oer. Femke is berne yn Surhústerfean en wenne lang yn Stynsgea. Se sei dat se graach wat dwaan woe mei weemoed en dat spruts my ek oan. Se kaam by my thús en spile hiel moaie klassike muzyk. Dan lies ik in gedicht foar en dan praten we even. Wy ha inoar trije, fjouwer kear sa troffen. Ik fertelde har dat ik mei in boek oan ’e gong wie. Doe kaam it plan om myn boek út te bringen mei har debút-cd deryn. De stikken dy’t Femke spilet, en dy’t faak ek spesifyk foar har skreaun binne gean ek oer it tema thúskommen. It is in hiel sprankeljende cd wurden mei natuer- en stedslûden en prachtige moderne klassike muzyk.

Harkje en sjoch nei Two Memorials troch Femke IJlstra. Dit stik stiet ek op de cd. http://youtu.be/xxAg7ha0Qro. (Ut it VPRO-programma Vrije Geluiden)

Jierren dêrfoar hie ik al kontakt mei byldzjend keunstneres Mirka Farabegoli. Mirka komt oarspronklik út Ljouwert, mar wennet no yn Elst. Sy koe my fan in workshop yn Arnhim. Se hie my in mailtsje stjoerd mei de fraach oft ik live by har earste solo-eksposysje skriuwe woe. Dat like my wat risky, want ik wist net oft dat slagje soe. Ik sei dat ik wol gedichten meitsje woe by har foto’s en dan dy foarlêze. Dat ha ik dien en we ha kontakt holden. Ik krige it idee om Mirka te freegjen om de yllustraasjes foar it boek te meitsjen. Wy binne mei ús trijen byinoar kaam en Femke wie bot ûnder de yndruk fan Mirka’s wurk. Sa is de gearwurking ta stân kaam. Ik hie in gedicht skreaun oer in buorfrou dy’t wilens it stofsûgjen, mei op de achtergrûn de Arbeidsvitaminen, goed yn de gaten hold wa’t der allegear foarby kaam en sa krige it projekt de titel Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers.

farabegoli_bruinja_ijlstra_afuk

Yn dy tiid krige ik net goed hichte hoe’t it der foarstie by útjouwerij Bornmeer. Louw Dijkstra wie dwaande mei it opsetten fan syn eigen útjouwerij. Hy seach it wol sitten mei dit projekt, mar koe der allinnich mar yn meigean at er der ek wat oan fertsjinje koe. It siet my allegear net lekker, want ik fertsjinje sels ek mar in bytsje oan it boek. It begûn goed te rinnen mei dit plan en ik woe graach dat it foarinoar kaam. Doe’t ik mei Femke en Mirka yn de trein nei Fryslân siet om in rûntsje by ús bertehuzen en doarpen del te meitsjen, ha ik Ernst Bruinsma fan de Afûk belle. Hy woe de bondel wol útjaan, dus deselde dei ha wy dêr op de kofje west. It is bêst in grut projekt. It boek kostet aanst 25 euro, mar dan hast wol in fullcolor hardcover boek mei etsen en in cd deryn, dus eins is dat hielendal net sa djoer. It is frij tsjok, hoechst it net yn ien kear út te lêzen. En it is twatalich en dêrmei kinst miskien in breder publyk berikke. It is de bedoeling dat der letter in teaterprogramma komt, mar we moatte earst sjen hoe’t minsken op it boek reagearje. It liket my moai om optredens te dwaan yn de Fryske tsjerkjes.’

Wat kinst fertelle oer de foarm fan de gedichten?
‘Myn gedichten binne net op rym skreaun, mar der sit in soad klank en healrym yn. Ik hâld my dêr eins net mei dwaande, ik skriuw gewoan in gedicht mei alle gedichten dy’t ik ea lêzen ha en alles dat ik sels skreaun ha yn de kop. Ik sjoch ek net nei de lingte fan de sinnen, it is mar krekt wêr’t it gedicht om freget. Der sitte in pear sykly yn de bondel fan wat koartere fersen, fragminten byinoar. Yn Angel ha ik dat ek al dien en dat is in foarm dy’t my altyd noch wol oanstiet. Der stean in pear gedichten yn de bondel dy’t hiel proaza-achtich binne. Kritisy freegje har wolris ôf oft myn wurk wol poëzij is, omdat ik readymades en proaza-achtige techniken brûk. Dat is ûnsin! We ha al sa folle soarten poëzij hân yn de tweintichste ieu, dy diskusje hat al lang west. Dy ferskate soarten tekst hearre gewoan by it skeakeljen, kwa tempo, ritme, toan en lingte, dat ik yn myn fersen graach doch. Der stiet in hiel lang gedicht yn oer in tal optredens achterinoar. Dat is ‘Snie stasjon leech’. It spilet him ôf yn desimber 2010, der wie in soad snie fallen. Nei al dy optredens woe ik eins net mear nei hûs. Ik fyn it prachtich om ûnderweis te wêzen. Ik hâld ek hiel bot fan hotelkeamers, dat ûnpersoanlike fyn ik hearlik.’

Wat is de ferbinende tematyk yn dyn wurk?
‘De leafde en de dea en alles dat dêrby komt. Myn famylje-achtergrûn spilet troch alle bondels hinne wol in belangrike rol. Dat ús mem betiid stoarn is hat in soad yndruk op my makke. Myn pake en beppe fan memme kant ha hiel wichtich foar my west yn it opgroeien. Se hienen faak lijen mei-inoar, mar se hienen ek altyd moaie ferhalen. Ik skriuw ek oer it húslik gelok, mar ek wol it ûngelok yn de leafde, it ferprutsen fan eardere relaasjes. Ien fan myn grutte leafdes is krekt stoarn, hiel ûnferwachte. Se siet foar in grut part yn myn gedichten. Myn tredde Fryske bondel Gegrommel fan satyn is oan har opdroegen. Ik fyn sels dat de bondels hieltyd mear in ferhaal foarmje, op harsels mar ek as totaal. Myn ferhaal fan hoe’t ik yn de wrâld stean en alles meimeitsje. Ik wol moaie dingen meitsje, mar sa no en dan ek it moaie fersteure. It begjin fan de bondel Stofsûgersjongers liket kwa tematyk wol op dy fan myn earste Fryske bondel, De wizers yn it read. Dêrnei sit der wol wat fan de tematyk fan alle bondels yn. Ik skriuw gedichten yn opdracht foar de aktualiteiteprogramma’s Dit is de dag en Dit is de Zondag fan de EO op Radio 1. De earste gedichten dêrfan koe ik net yn in boek pleatse, omdat se sa fluch skreaun wienen en te folle taspitst wienen op de gasten en it nijs fan dy dei, wêrtroch’t guon fersen ek wat dateards krije.’

nicaragua

Do treedst ek geregeld op yn it bûtenlân.
‘Ja, ferline jier yn Ierlân, Montenegro, Oekraïne en Dútslân. Ik treed al tsien jier op mei in muzikant, Jaap van Keulen út Arnhim, oarspronklik fan Winschoten. Twa jier ferlyn wie ik mei Jaap op in grut festival yn Berlyn. We stienen yn in útferkocht lyts teater, der sieten in pear hûndert minsken yn de seal en noch in pear hûndert beseach it evenemint op in skerm yn de foyer. We hienen in heftich optreden mei in soad power. Dêr sieten allegear minsken fan oare literêre festivals yn de seal, bygelyks de programmeurs fan festivals yn de Oekraïne en Montenegro, dus sa bin ik dêr wer kaam. Ik kaam ek Eleanor Livingstone wer tsjin en sy organisearret in festival yn Skotlân. Se hie lêzen dat ik live optreed mei byldzjend keunstner Ramon Verberne dy’t live tekenet by myn optreden. Soks socht se foar har festival, dus yn maart ha ik wer nei Skotlân west. Ik draach yn it bûtenlân ek yn it Frysk foar en dat fynt it publyk oer it algemien prachtich. Myn wurk is yn meardere talen oerset. Yn it Ingelsk fyn ik dat it lestich oer te setten is, mar yn it Dútsk kin it hiel goed. Ik fyn it Dútske publyk hiel noflik en konsintrearre. Op in festival yn Nicaragua ha ik in Spaanske oersetting foarlêzen. Ik hie dy tekst hielendal fonetysk útskreaun. Dat fûn ik hiel leuk om te dwaan en it publyk reagearre ek goed. It wie geweldich om yn Nicaragua te wêzen: leave minsken, in soad rum en in soad dûnsje. En ik stie dêr foar in grut publyk, sa’n 2000 minsken. Poëzij wurdt dêr hiel wichtich fûn. Rebellelieders, dy’t faaks ek geastlike binne, skriuwe dêr gedichten, dat binne helden foar dy minsken. Ernesto Cardenal is dêr in foarbyld fan.’

Hoe wie dyn jeugd?
‘Ik bin opgroeid op in ferboude pleats tusken Rinsumageast en Damwâld, yn ’e greiden. Dêr ha ik wenne oant myn achtste. Ik ha twa susters. Us heit wie doe waskmasinereparateur. It wie yn de jierren ’80, krisistiid, en hy krige dien. Hy krige oar en foaral fêst wurk as konsjerzje op in MAVO yn Kollum en dêrfoar binne we ferfearn nei dat plak. Doe wennen wy middenyn it doarp tsjinoer it plysjeburo, in hiele oare wrâld. Us mem is letter siik wurden, se krige boarstkanker en leverkanker en is stoarn doe’t ik trettjin wie. Us heit is in pear jier dêrnei op ’e nij troud. De trije bern fan syn nije frou kamen derby en dat gie allegear net fantastysk. Ik siet yn Ljouwert op it RSG. Doe’t ik in jier as sechtjin wie bruts my it reizgjen op, ik wie yn totaal wol trije oeren ûnderweis út Kollum wei mei de bus. Ik bin mar nei in skoalle tichterby gongen, it kristlike Lauwerskolleezje yn Bûtenpost. Ik bin net leauwich grutbrocht, mar fielde my dêr wol thús. It wie mear myn folk, minsken fan De Westereen en De Harkema en sa. Ik ha folle langer oer de middelbere skoallen dien as eins nedich wie. Ik hie in gitaar en wie mei in maat muzyk oan it meitsjen. Wykeins wie ik op stap en ik wie in soad oan it wurk by de supermerk yn Kollum.’

heechfinne

Do hast yn Grins studearre en bist letter nei Amsterdam ferhuze.
‘It slagge al om de skoalle ôf te meitsjen en doe bin ik nei Grins gien om Ingelsk te studearjen. Ik ha in pear jier lyn noch myn bachelor ophelle, mar ha de stúdzje net ôfmakke. Ik moast allinnich noch myn skripsje en twa grutte essees skriuwe. Yn it lêste jier fan myn stúdzje waard troch Bornmeer myn earste bondel útjûn. Doe bin ik opholden mei Ingelsk. Yn 2001 en 2002 ha ik ek noch Frysk studearre. Dat wie in moai jier. Ik ha leuke minsken kennen leard, lykas Albertina Soepboer, Meindert Talma, Nyk de Vries en Jaap Krol. En de dosinten wienen geweldich, lykas Pieter Breuker, Liesbeth Brouwer en Oebele de Vries. Ik ha mei Frans Geubel, doetiids fan it Universiteitstheater yn it Harmoniegebou yn Grins, it festival Dichters yn de Prinsentuin opset en in pear jier organisearre. Myn Nederlânske gedichten waarden wat bekender en ik krige in Nederlânske útjouwer, Contact. Yn 2003 bin ik nei Amsterdam ferhuze.

Ik ha earst by in heale Italjaan fan in jier of tritich yn Diemen wenne. Syn heit fan tachtich wenne der ek noch by yn. Hy besocht óf freonen te meitsjen troch it ferhieren fan keamers óf om freondintsjes te krijen. Dêr ha ik trijekwart jier wenne en doe ha ik wat fûn yn Amsterdam, in fierste djoere studio, sûnder kachel, mar wol mei in bad. Ast de geiser iepen diest moast it rút iepen dwaan, oars hiest kâns op koalmonoksidefergiftiging. Ik kocht allegear lang ûnderguod om it waarm te hâlden. Ik wenne tichtby in freon fan my, de dichter Thomas Möhlmann. Hy noege my út om op woansdeitejûn by him te kommen, want dan kaam der ek in freondinne te iten. Dat fûn ik in hiele leuke frou, mar sy hie in pear kear in blind date. It gedicht ‘Achter op in âlde fyts’ út de nije bondel giet dêroer. Nei de tredde blind date, dy’t op neat útrûn, brocht ik har nei har hûs. Dat wie yn maart 2004. We ha doe foar har hûs mei-inoar tute en binne byinoar bleaun en yntusken troud. Wy ha gjin bern en we fine it wol prima sa. We binne hiel lokkich mei-inoar en ik ha ek wol in soad tiid nedich foar mysels.’

achter op in âlde fyts

beppe sei op ’e soas tsjin in doarpsgenoate
dat har man by it hea heljen ek wolris mei in oar
yn de berm lein hie

sy miende dat it algemien bekend wie
dat de pensjonearde boer it net altiten like nau naam mei de houlikstrou
neat bliek minder wier

op âldere leeftiid soarge se foar in flink skandaal
wat har hast op útsluting fan de soas kaam te stean

yn datselde doarp stienen op sneontejûn
de jonge frijgeselle froulju foar it hûs te wachtsjen
op jonge keardels út de omlizzende doarpen

dy’t op fytsen en brommers rûntsjes by de dames del makken
en by elke mooglike oansteande harren feart minderen
om te sjen oft se achterop sprong

myn eigen frou dy’t ús beppe allinnich fan in fideobantsje ken
trof ik by in wykliks miel fan freonen

wêrnei’t sy oant twa kear ta
fuortgie foar in blind date

oant ik har nei in grut tal glêzen wisky
slingerjend oer skjin struide strjitten
nei hûs bringe mocht

en wy begjin maart 2004 tuten
op in kâlde stoepe foar har hûs
yn amsterdam-west

ik mocht der net ynkomme
want har swangere húsgenoate
soe wekker wurde kinne

dy earste tút yn de kjeld wie in triomf
mar foar my wie it al oan
doe’t se achterop sprong

beppe soe it sûnder mis allegearre prachtich fûn ha

Wat diest en dochst yn Amsterdam njonken it skriuwen?
‘Ik organisearre de earste jierren yn Amsterdam ferskate aktiviteiten. Ik stie sneons by Theater Perdu yn de poëzijboekhannel. Ik wurke yn dy tiid mei Hein Jaap Hilarides oan de blomlêzing Dream yn blauwe reinjas. Ik hie dêrby in toer betocht lâns in pear optreedplakken troch it hiele lân. Ik die ek dingen foar de Vereniging voor Letterkundigen, ik siet yn de poëzijkommisje en op dy manier kaam ik ek yn it bestjoer fan auteursrjochte-organisaasje Lira terjochte. Ik wie redakteur by SLAA, Stichting Literaire Aktiviteiten Amsterdam en ik siet by PEN. Ik ha ek fjouwer jier yn de kommisje letteren fan de Raad van Cultuur sitten. Dat wie in soad wurk. We advisearren de minister en de rie oer it letterebelied. Ik ha yn de redaksje fan literêr tydskrift sitten, Awater. En ik ha Fryske jûnen organisearre yn Perdu. Dêr kamen sa’n tritich, fjirtich minsken, dus wol in aardige opkomst. Op in beskaat momint wie it wat te folle en wie ik alle jûnen wol op ’en paad. Ik bin doe mei de measte dingen opholden.

Ik sit no allinnich noch yn it bestjoer fan Lira. En ik organisearje mei kontrabassiste Lonneke Regter by my yn de buert jûnen mei literatuer, muzyk, workshops en komedy. It is wat breder as allinnich in literêre jûn en dêr ha ik in soad aardichheid oan. Ik fyn it nijsgjirriger om earst in dichter te hearren en dêrnei in sjirurch oer it operearjen op minsken mei brânwûnen of sa. Sa’n jûn ha ik in kear by west yn de polder en dat wie geweldich. Der kaam doe ek in boer fertellen oer in masine dy’t er makke hie om tagelyk sipels te klokjen en te dollen. Ast dêrnei nei in klassyk muzykstik harkest, dan krijt it allegear in hiele oare kleur. Myn measte tiid sit no yn it skriuwen. Ik ha krekt in oanfraach dien foar in wurkbeurs foar it skriuwen fan in Nederlânsktalige bondel. Ik ha al in soad wurk lizzen, mar bin der net hielendal tefreden oer. Myn plan is om in bondel oer freonskip te meitsjen en oer hoe’t dy myn libben beynfloedzje. En ik ha sa no en dan oare putten derby, ik bin no bygelyks mei in oersetopdracht oan ’e gong foar Poetry International. Ik ha ek in trimester lesjûn op de keunstakademy yn Arnhim en dat fûn ik hiel aardich om te dwaan. Dat ik yn Amsterdam wenje hat my wol mear wurk opsmiten. Mar ik ha ek altyd alles oanpakt. Der wurdt yn Amsterdam folle mear organisearre as bygelyks yn Grins. Ik wie lêst nei it grutte gedichtebal yn de skouboarch. Fia it Facebook-event noegje ik dêr minsken foar út, want ik bliuw altyd foar in part in organisator.’

Wat lêsto sels graach en watfoar muzyk fynst moai?
‘Wurk fan Martin Reins, F. van Dixhoorn, Wouter Godijn, Anne Vegter, Arjen Duinker, K. Michel. Ik lês wurk fan myn tiidgenoaten, want ik ha yn de sjuery sitten fan de Jo Peters PoëziePrijs. Ik ha in soad Ingelske poëzij lêzen, lykas fan de beatgeneration Beat Generation, en wurk fan de proazaskriuwers Faulkner en Cormac McCarthy. Fan dy lêste wie fannewike noch in moaie film op televyzje: The road, hiel tsjuster. Raymond Carver hat ek hiel wichtich foar my west. Ik harkje nei ferskate soarten muzyk. De band Marillion is noch altyd hiel belangryk foar my. En ek de sjonger James Taylor. Ik harke in soad nei syn plaat October Road doe’t ik de bondel Gers dat alfêst laket oan it meitsjen wie. Der sit in ferbân tusken dy beiden, yn de toan en yn de rêst. Ik wurd ek beynfloede troch wat der yn it deistich libben bart, ek yn in lokkich houlik. Dan hast genôch om oer te skriuwen. Soms brûk ik Google om myn gedichten ûntwrichtsje te litten. De sykresultaten ferwurkje ik yn in gedicht, sadat it net fan A nei B rint. Der sit ek kommentaar op it wrâldnijs yn myn gedichten, de wreedheid fan de wrâld. Yn prinsipe is dat wol wat ôfrûn en wol ik wer wat nijs dwaan.’

91087

Wat binne dyn dreamen?
‘In dream is om hieltyd bettere bondels te meitsjen. Der ûntstiet in soart ferslaavjende magy as sa’n komposysje fan meardere fersen by inoar slagget. Gers dat alfêst laket is tink ik wol myn meast slagge bondel en it grutste part fan Angel. Dan ha ik de goede synestesy fûn. Dêrneist wol ik hieltyd bettere optredens jaan. Miskien noch in kear in plaat meitsje mei Jaap. En ik hoopje op noch mear optredens yn it bûtenlân. Ik lûk altyd in soad op mei frijwilligers by de festivals, faak jonge minsken. Dat fyn ik altyd hiel gesellich, se fertelle my allegear dingen oer har lân en libben. Der ûnsteane nije freonskippen en krigest ynsjoch yn it libben fan de minsken yn sa’n lân. En ik ha lêst yn in film spile: De wederopstanding van een klootzak. Ik hie in lyts roltsje en dat fûn ik ek hiel leuk om te dwaan. De film is yn jannewaris yn premjêre gien. Ik soe wol mear spylje wolle, it leafst bad guys, mar ik gean der noch net bot achteroan. Ik folgje sjonglessen, miskien komt dêr ek noch wol ris wat út. Myn frou, dy’t eins akademika is, hat in oplieding ta coach folge. Se is in grut foarbyld foar my as it giet om myn persoanlike ûntwikkeling. Se is noait ophâlden mei learen, wylst ik al in skoft nearne les yn hân hie. Ik fyn it wol moai om wat nijs te learen en mysels skerp te hâlden. As lyts jonkje wie myn dream om astronaut te wurden. In goed minske wêze is ek in dream, mar dêr dochst in hiel libben oer.’

Sjoch foar mear ynformaasje oer Tsead Bruinja: www.tseadbruinja.nl
Sjoch foar in folsleine bibliografy op: www.tseadbruinja.nl/bibliografy.htm
Mear ynformaasje oer Mirka Farabegoli: www.mirkafarabegoli.com
Mear ynformaasje oer it projekt Stofsûgersjongershttp://stofsugersjongers.wordpress.com.

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “‘Ik fyn it prachtich om ûnderweis te wêzen.’ Tsead Bruinja oer ‘Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *