Willem Winters

Ljochtpuntsjes

logo.ensafh

Lêsten ha wy nei ’t Lichtpunt yn Kollumersweach west. Wy sammelje nammentlik tekeningen en druksels fan harten en in inkelde geit. Ea begûn dit mei in hartsje fan Van Meegeren. Fral dy stilearre, soft-fokus harten fan him binne populêr. It geitsje dat wy fan him hawwe is eins folle moaier tekene, mei rûch hier. It is folle ekspressiver.

It tal auto’s seit al dat it drok is. Wy stappe de grutte loads yn en steane stokstiif, safolle minsken… men sit oan lange tafels noflik oan ’e kofje en goedkeape fulde koeken. It liket wol in gearkomste fan âld-Kollumersweachsters.
Boppe fine wy wat wy sykje: in reebok en 4 reeën by in berchmar. It is in saneamde oaljeprint, altyd fan in typysk formaat en makke yn geweldige oplages. De priisplakker easket 15 euro, mar de man dy’t hjir foar master opslacht docht it foar tsien euro. Klear.
Tink net te licht oer sokke tekeningen en skilderijen. Al gaueftich praat men fan kitsch en bazar. Yn it boek Kitsch-Art, wie Kitsch zur Kunst wird, steane mear as hûndert keunstners dy’t kitsch as útgongspunt fan harren wurk meitsje. Dat kinne jo dus net samar ôfdwaan as weardeleaze rommel.

Tussen Kunst en Kitsch fyn ik in prachtich programma, want it jout in helder ynsjoch yn de motiven fan minsken. Ik freegje my allinne ôf wat de lju dogge dy’t ûnferwachts in djoer byld út Nij-Guinea blike te hawwen. Sels soe ik in stikje ierdewurk ferkeapje, mocht it echt djoer weze; ik haw der net folle mei. En in Rembrandt soe ik ek ferkeapje om’t ik der gjin feeling mei haw.

It wandkleed mei hartebok en twa –geiten by in berchmar, dat by ús thús efter de divan hong fertelde my ferhalen. Dizze herinneringen út myn bernetiid binne rjochtstreeks ferbûn mei myn wurdearring foar it wurk fan bygelyks Martial Raysse, Jeff Koons, Cindy Sherman, ensfh.
De programmamakkers fan Kunst en Kitsch wurdt no foar de fuotten smiten dat hja it wyld speuren nei âldheden befoarderje en sadwaande de wittenskippers dwers sitte… Dêr komt men no mei, it programma bestiet al 28 jier!

Trochdat Annek in ferkearde ôfslach nimt, komme wy in hiel stik troch de Wâlden: Twizel, Egypte, Bûtenpost en Kollumersweach en De Westereen, dat ritsje docht my goed. De Wâlden, smûk skaadzjend beamtegrien, dêr is it noch te betiid foar. Be-amtegrien, tocht ik eartiids, en sjoch, de gemeente-amtners geane tsjintwurdich oer it beamtegrien. Dêrom hjit dat no be-amtegrien of sa’t hja sels sizze de grienfoarsjennings.

viewer (1)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op