Wieke de Haan

De hûnsdagen fan Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Durk van der Ploeg is ien fan ús meast produktive skriuwers fan dit stuit. De stichting Bibleteken Midden-Fryslân hat skriuwer Van der Ploeg frege om yn opdracht in roman te skriuwen dy’t oan bibleteekdirekteur Frans Sijtsma by syn ôfskied oanbean wurde koe. De – foar Van der Ploeg begrippen – tinne roman is gelokkich ek foar it lêzerspublyk te besetten.
It boek De hûnsdagen hat as ûndertitel, of as nijere yndikaasje de folgjende tekst meikrigen:

In eigensinnich en byldzjend skreaune roman fol passy, humor en tragikomyske taferelen’. It is werklik sierlik foarmjûn, middels in omslach mei in gazen jute-oansjen en in losse bân deromhinne en mei in bypassend lêslint ferfolmakke. It boekje kostet dan ek € 22.50 en dat is mear as begryplik.

Mar lit ús oergean nei de ynhâld: in âlderwetsk boekje oer in jonge dy’t nei de twadde wrâldoarloch himsels loswrakselje wol út it benearjende klaaiklute-miljeu boppe Dokkum. Haadfiguer Sander Jepma giet op walfiskfeart. As er letter wat oanstoat hat oan in sekere Gonny, jout er har in foto fan himsels dêr’t er as in ûntdekkingsreizger op stiet. Mar safier is it earst noch net, wy besjogge en fiele hoe’t it om en ta giet yn it âlderlik hûs fan Sander, want Sander is yn ’t simmerskoft mei ferlof thús. Sander syn heit leit op stjerren en de mem is in seurderich ‘krekt sa en net oars’-typke. Yn ’t earstoan liket it opheljen fan in Griene Krúsbêd foar de sike heit de iennige aksje yn it boek. Mar gelokkich feroaret dat as Sander in eintsje te roeien giet en by tafal in âld klasgenoate treft. De biologe Gonny Hovenga is har tiid fier foarút, troch selsstannich in ûndersyk út te fieren. Sy docht ûndersyk nei de biotoop fan kikkerts. It meast nijsgjirrige foar de lêzer is it útlizzen wat de kikkertproef ynhâldt. Guon âldere lêzers witte faaks wol dat dit de wize wie om fêst te stellen of in frou yn ferwachting wie of net. Foar de jongeren: ast de hypofyse út in kikkert hellest, ferliest er syn kleur. Spuitest sa’n bistje yn mei wat urine fan in swangere frou, dan krijt er wer kleur. Sa net, dan is de frou yn kwestje dus net yn ferwachting!

Dan fielst al oankommen dat Gonny meikoarten sels ek wol net ûnder de kikkertproef út komme kin. En ja hear dêr is’t al safier, as Sander wer fuort is op walfiskfeart, krijt er in brief fan Gonny, dy’t him kâldwei meidielt dat se yn ferwachting is en dat hy dêr yn wêzen neat mei fanneden hat, sy rêdt oeral mei. Hy bemuoit him der fierders ek net mei, mar hy stjoert har noch wol in brief dêr’t er yn skriuwt dat er it bern wol erkenne wol en har stypje wol. Likegoed giet Sander noait nei Gonny ta om it bern te sjen.

Dan is der de ferhâlding fan Sander mei syn heit. Op in prachtige wize wurdt beskreaun hoe’t Sander as jongste soan eins noait in bining hân hat mei syn heit, mar hoe’t dy geandewei it meimeitsjen fan it sykteproses al oanwaakst. Wat Sander allegear foar syn heit docht, wurdt tige wurdearre troch de deasike en úttarde man en sa komt it dat de heit syn djipste geheim oan syn soan iepenbieret.

As de heit úteinlik ferstoarn is, folget der in hiel moai ynbannich ferslach fan hoe’t it om en ta giet by it leedomsizzen en it meitsjen fan tariedings ta de begraffenis. Dat is foar my it meast yndrukwekkende part fan it boek en ek de reden wêrom’t ik it boek oanriede wol om te lêzen. Echt en sûnder opsmuk, beskreaun yn de aard fan de âld man, Sander syn heit.

It taalgebrûk is lykas wênst by Van der Ploeg wer fenomenaal. As hy skriuwt dat der in taaie, stiifboargerlike lucht hinget, is dit him noch net genôch. Nee, it is in lucht fan âlde konten dy’t út de sittings en de kessens walmet.

As Sander it oer syn tiid by it muzykkorps hat, wurdt dat ek wer op in tige eigen wize beskreaun:

Op in Pinkstermoandei waard ik op it konkoers yn it Driezumerbosk konfrontearre mei de sensuele en hitsige pistonlippen fan Margje Weidenaar. In konfrontaasje dy’t my noch mei begearte troch it ûnderliif tûkeret as ik deroan tink.

Wat minder oan it boek fyn ik de ûntjouwing yn de relaasje fan Sander mei syn mem. It is dúdlik dat se inoar net lizze. Op side 102 seit Sander noch:

Ik gean betiid op bêd. Mem en ik, wy ha inoar neat mear te sizzen, wylst as er amper wer op walfiskfeart is, samar in grouwe brief fan trije kantsjes folskriuwt, tige iepenhertich ek noch. Dat fyn’k wat apart.

En de ein fan it boek wurdt wol hiel hastich dienbreide en dat leit Van der Ploeg net, dy is mear de man nei stikken tekst dy’t wiid útspûn binne, dêr’t flyt op dien is. Sander emigrearret nei Súd Afrika en dat wurdt tusken de ierappels en de brij gau even ferteld. Noait liker of soe Van der Ploeg soarch ha dat it boek oars begjinne soe te lykjen op ien fan de ferhalen út It wrede paradys wei, dat skreaun is troch kollega-skriuwer Hylke Speerstra.

Mar miskien is dat allinne mar myn’idée fixe’, miskien wie’t gewoan wol sa dat it boek te tsjûk drige te wurden foar it doel dêr’t it foar ornearre wie: in kroanboek as ôfskiedskado foar in persoan dy’t in heal libben lang tusken de boeken bivakearre, nammentlik Frans Sytsma, dêr’t it boek oan opdroegen is, fan de bibleteek fan Ljouwert.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op