Skriuwersboun: Utnoeging staveringsdiskusje

logo.ensafh

Ljouwert, 23 maaie 2013

Achte leden,

Graach noegje wy jimme út foar in diskusjejûn oer de staveringskwestje.
Dy sil hâlden wurde op

Freed 7 juny om 20.00 oere
yn Kafee Wouters, Sophialeane 5, Ljouwert.

Wy wolle graach fan jim fernimme hoe’t jim foar de plannen oangeande de staveringsferoaring, de standertwurdlist en de staveringshifker oer stean.

Oant no ta hat it bestjoer fan It Skriuwersboun har mei opset sin neutraal opsteld yn de staveringskwestje. Us opfetting hat oant no ta hieltiten west  dat wy earst ûnder de leden in diskusje op gong bringe moasten, om dernei ta in stânpunt te kommen om sa de belangen fan de leden te tsjinjen. Boppedat wie der gjin dúdlike ienriedigens ûnder de leden.

Wy ha besocht om yn oparbeidzjen mei de Fryske Akademy in ynformaasje- en diskusjejûn te organisearjen foar ús leden, politisy en nigethawwers. Om’t wy it gefoel krigen dat dit fan de provinsje út te bot regisearre waard kaam it ûnôfhinklik karakter fan ’e jûn, dat wy foar eagen hiene, lykwols yn ’e kiif te stean. Wy ha ús út de organisaasje fan dy jûn weromlutsen.

Op dizze diskusjejûn is elts útnoege om stânpunten ta te ljochtsjen.
De leden fan de aksjegroep dy’t har it meast yn de media opponearre ha, binne fan herte útnoege om har oprop oan de Steaten ta te ljochtsjen. De ûndertekeners fan dat brief binne Abe de Vries, Elske Schotanus, Eeltsje Hettinga, Henk Wolf, Pieter Breuker, André  Looijenga en Goffe Jensma. Sy fine dat de plannen fan de Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy net trochset wurde moatte.

Op basis fan de ynbring sil It Skriuwersboun dan nei de diskusjejûn ta in stânpunt komme oangeande de foarnimmens fan de Fryske Akademy en de Provinsje. Wy sille hjir nei de partijen ta kund fan dwaan.

Ynformaasje oer dizze jûn en oer de staveringskwestje is te finen op
www.skriuwersboun.nl

It bestjoer fan It Skriuwersboun,

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op