Rieuwert Krol

Iensume bylden of bylden fan iensumens – Oantekenings oer de resepsje fan Sjoerd Spanninga

logo.ensafh

Der is net in protte skreaun oer de dichter Sjoerd Spanninga. Wat der al skreaun is bestiet foar in grut part út resinsjes. No’t yn 2007 troch Jabik Veenbaas en Abe de Vries mei de blomlêzing Indian Summer in kar út it dichtwurk fan Spanninga makke is, is it nijsgjirrich en besjoch in pear mieningen oer dizze noch altyd net goed te pleatsen poëzij.

Yn it stik ‘Spanninga en it kwea’ (yn Identiteit en kowesturten) skriuwt Abe de Vries dat it hiele dichterskip fan Spanninga ta in skyld wie fan syn skrutene hâlding foar de wrâld oer. Syn hâlding wie neffens de Vries in loyaliteit oan de muze. Hy libbe foar de poëzij en de poëzij frege fan him dat er amper kontakten yn de wrâld oangong. Dat sil sa wêze, mar dan hast it oer de persoan fan de dichter. Sis mar de biografyske dichter en net oer de gedichten sels. Yn dizze gedichten fyn ik hielendal gjin oanwizing fan it feit dat se in skyld wêze soenen. Se koene like goed skreaun wêze troch in bliere allemansfreon as troch in kluzener.

It neiwurd fan Jabik Veenbaas by Indian summer giet ek op it ferskynsel Spanninga yn as wie de dichter en de minske Spanninga ien en deselde. Fansels is dat foar in part wier, mar kinst fan guon fersen sa as bygelyks ‘Brahma’ dochs net sizze dat se persoanliker binne allinnich mar troch de mear konkrete bylden dy’t de dichter dêr brûkt. Spanninga wurdt beskreaun as in dichter dy’t it hiele libben beskriuwe woe, mar dêr net yn slagge is. Ik tink dat Veenbaas dêr gjin gelyk yn hat. Allinnich in fers as ‘Brahma’ en ‘As de tûzen en ien…’ binne al like omfiemjend as de troch Spanninga bewûndere fersen fan Whitman. Wat it wiere probleem fan Spanninga syn dichterskip is is dat syn bylden de ferhâlding ta in minske misse. Mei oare wurden: te faak bliuwt it by boartsjen mei de taal en is der eins gjin wier drama en gjin wiere iensumheid te bekennen. De bylden bliuwe bylden sûnder dat de minsk der in ferhâlding mei hat.

Lolle Nauta (neffens my dochs ien fan de bêste Fryske poezijbeskôgers dy’t der west hat) tocht der oars oer. Neffens him wienen de fersen fan Spanninga gjin bylden fan iensumens mar wie de iensumheid it bloed dat troch de ieren fan syn fersen streamde. Neffens my is dat allinnich yn de bêste fersen fan Spanninga wier. It giet dan tink ik om -sa as Ph. H. Breuker se yn syn behanneling fan Spanninga yn de rige Tekst en Utliz neamt – de kosmyske fersen. Yn in protte oare fersen mis ik wat Anne Wadman yn syn ferneamde ynlieding by Frieslands dichters de ‘menselijke essentie’ neamde. It liket yn guon fersen krekt as wie der wol in persoan dy’t de bylden makke, mar is it him net slagge en jou se op sa’n wize stal dat it foar in oar ek nei te kommen is. Dat sil wol te krijen hawwe mei in tekoart oan kritysk lêzen fan de dichter sels, tink ik. De motivaasje fan Spanninga liket dochs te wêzen om in lêzer te berikken. Dizze krityk op ’e poëzy fan Spanninga wie der al fan it begjin ôf oan. Letter, yn Kritysk kerwei, komt Wadman werom op syn opfettings en tinkt er dat Spanninga letter foar ien fan de grutte Fryske dichters trochgean sil.

De ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielinga by de Samle fersen fan Sjoerd Spanninga út 1992 is op himsels wol in moaie ynlieding mar der stiet eins te min yn dêrst eat oan hast ast wat oer de ûntjouwing fan Spanninga as dichter witte wolst. De tekst fan Breuker út Tekst en Utliz is wol koart mar ynkringender.

Doe’t Indian summer ferskynde wie ik wol benijd nei wat Veenbaas en De Vries der fan makke hienen. Ik hie tocht, se soenen wol in moaie grutte kar mei in grut ynliedend stik makke hawwe. Dat wie net sa. Oars sein: de ynlieding is in neiwurd dat fierste koart om ’e hoeke is en de karút is mei 44 fersen frijwat beheind. Dêrneist is dit al wer in blomlêzing foar de Nederlânske lêzer. Wêrom dochs net allinnich Frysk, dan hie der romte west foar twa kear safolle fersen fan Spanninga.

Yn in resinsje fan Harmen Wind yn de Ljouwerter krante lies ik dat er in tal beswieren hat tsjin de kar, de oersetting en it neiwurd fan dizze bondel. Dochs neamt er de útjefte in oanwinst. Dat wit ik eins net. Spanninga is in relatyf tsjustere dichter oer wa’t net in protte skreaun is en fan wa’t noch gjin Fryske blomlêzing bestiet; soe it dan net mear foar de hân lein hawwe om earst ris foar de Fryske literatuer sels nei te gean wat foar dichter en wat foar poëzij der no eins troch him skreaun is?

De diskusje oer de poëzij fan Spanninga giet eins oer it type dichter dat er is. Om’t er oare wurden en bylden brûkt as de measte Fryske dichters is syn plak yn de Fryske tradysje it diskusjepunt. Oan de iene kant wurdt er romantysk neamd en dus dochs in part fan de tradysje en oan de oare kant eksoatysk en dus net mear in part fan de tradysje. Lolle Nauta skriuwt yn in stikje oer de bondel Finzen en Frij dat er krekt wol in Frysk dichter is en net eksoatysk.

Veenbaas en De Vries ha fan de man en dichter syn skrutene en eksoatysk byldgebrûk in symptoom makke fan in man dy’t net mei de wrâld oerwei koe.

Dat is spitich om’t de dichter Spanninga in man wie fan wa’t sa’n bytsje bekend is dat der net fluch nije biografyske feiten boppe wetter komme sille dy’t foar in oare biografyske ynterpretaasje fan syn wurk pleitsje. Better hie it west en sis wat oer de hâldberheid fan guon fersen as fersen.

Neffens my kinst it libben omfetsjende poëzij neame dy’t Spanninga skreaun hat; hy beskriuwt ommers it hiele libben, mar gauris wit er fan iensumheid net mear wat syn ferhâlding ta de dingen is. Dat we no werom binne by de krityk fan Wadman út de jierren fjirtich wol tink ik sizze dat dizze poëzij net genôch poëzij is. Spanninga is wol fergelike mei Obe Postma en dan benammen mei dy syn monisme. It ‘al’, neamt Spanninga dat. Ast sa’n poëzij-/ libbensskôging hast, moast neist in byldzjend fermogen ek in grut yntellekt hawwe om dy bylden betsjutting te jaan. Ik tink dat Spanninga tefolle skilder wie om syn fantasije yn betwang hâlde te kinnen en tefolle lyrikus om in konkreet minske beskriuwe te kinnen.

Sjoerd Spanninga
Indian summer
(bloemlezing samengesteld en vertaald door Jabik Veenbaas en Abe de Vries, met een nawoord van Jabik Veenbaas)
Uitgeverij Bornmeer, Leeuwarden-Utrecht 2007)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op