Geart Tigchelaar

Kom mar op mei dy standert!

logo.ensafh

Stavering is suver altyd in kwestje fan emoasje, sa skriuwt ek Anne Tjerk Popkema yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante fan 10 maaie 2013. En dat de emoasjes yn de kwestje fan staveringsferoarings foar it Frysk heech opspylje, docht bliken út in lange rige fan ynstjoerde stikken en stikken dy’t op weblochs ensfh. publisearre binne.
It giet lykwols net allinne om in staveringskwestje: de Fryske Akademy komt yn opdracht fan Provinsje Fryslân ek mei in Standertwurdlist. Dat dêrmei de emoasjes noch heger oplôgje as allinnich mar ‘in’ staveringsferoarinkje is net sa nuver. It dialektysk ferskaat hawwe de measten tige heech en se wolle dat hoe dan ek bewarje. Elk fûgeltsje tsjotteret nei’t syn bek is. No sil ik net mei it safolste stik komme dat de Akademy-mannen betichtet fan yn in ivoaren toer te sitten en dat der net goed oer neitocht is. Ik wol yn it ûndersteande út ’e doeken dwaan dat sa’n standert sa gek noch net is. Alderearst sil der op de staveringsferoarings yngien wurde.

Staveringferoarings

Ik bin fan betinken dat de staveringferoarings in slach tafalle en dat yn tsjinstelling ta Henk Wolf dy’t net wol dat se bagatellisearre wurde (www.henkwolf.nl, 19 maaie 2013). Lit jimme net sa liede troch emoasje en besjoch it ris op in nofteren wize, de staveringsferoaring fan 1980 hawwe wy ek oerlibbe − al wie dat foar myn tiid. Der wurdt yn hast alle stikken rept oer it folslein feroarjende wurdbyld. André Looijenga wol sels sa fier gean en neam it ‘it fernielen fan ús wurdbyld’ (LC, 4 maaie 2013). Minsken dy’t mei muoite it Frysk leard hawwe en einlings wend binne oan it wurdbyld, moatte no aanst wer hielendal omskeakelje. Lykas oanjûn bin ik it dêr net mei iens en ik soe sokke útspraken dan ek graach nuansearje wolle. Ik wit as dosint Frysk út eigen ûnderfining hoe lestich en ferfelend oft it fûn wurdt wêrom’t it iene wurd mei in /û/ stavere wurdt en it oare mei /oe/. In maklike regel dêrby is dan om de /û/ te nimmen. Tsja, it is efkes wennen dat it dan ‘hjoed drûch waar is’. Mar oerdriuw dan yn de hite hei asjebleaft net en skriuw ek ‘hjoed’ mei in /û/, want dat hat ommers in twalûd en dat bliuwt in /oe/. Dat wy aanst net mear ‘ieu’ skriuwe, mar ‘iuw’, docht de konsistinsje ek goed.
De hjoeddeiske Frysk-skriuwer sil der efkes oan wenne moatte mar foar de nije Frysk-learder sil it der grif makliker op wurde. Dy moat dochs al bot wenne oan it Fryske wurdbyld. In útrop as ‘wat liket dat raar’ krij ik gauris te hearren wannear’t ik in beskaat wurd op it boerd skriuw. Wannear’t ik sis dat it stadichoan wol went, wurdt dat mar foar leaf nommen. ‘Gaos’ mei in /g/ komt de studinten earst wat frjemd oer, om mar te swijen fan in wurd as ‘taksy’ of ‘kompjûter’. Sa sil de nije Frysk-learder ek oan ‘telefyzje’ (mei in /f/dus) wenne moatte en dat grif ek gau dwaan. Oer de stavering fan frjemde wurden bin ik it oars net alhiel iens mei it foarstel. Dêr soe ik ek pleitsje wolle foar konsistinsje. Ik stel dêrom út om wurden as ‘advokaat’ likegoed mei in /f/ te skriuwen, al kin ik de reden begripe om soks net te dwaan. Sa binne der noch wol wat dingen. Wêrom wol in wurd as ‘elitêr’ oan it Fryske wurdbyld oanpasse, mar net in wurd as ‘kolbert’, dat dan wol in /k/ kriget, mar gjin ‘êr’-útgong neffens de útspraak. As men dochs dwaande is, doch it dan fuortdaliks goed. Sa soe ik der ek foar wêze om frjemde wurden dêr’t yn it Nederlânsk in /y/ yn foarkomt, neffens de Fryske staveringsregel oan te passen. Dus ‘synonym’ moat ‘sinonym’ wurde. In Frysk-learder kin der wol sljocht fan wurde dat de earste /y/ net oanpast wurdt oan de regel fan it iepen wurdlid, mar de twadde /y/ wol oan de regel by sletten wurdlidden, allinnich mar om’t ‘synoniem’ yn it Nederlânsk de earste mei in /y/ staveret.
Ik moat guon opponinten wol gelyk jaan dat staveringsferoarings net te faak plakfine moatte en dat om dy reden de Fryske Akademisy der ris goed oer gear moatte, sadat wy nei tsien jier net wer hoege. Dêrom myn oprop om de hjirboppe neamde knyppunten der ek út te heljen.

Standertwurdlist

Dan komme wy no by it faaks noch wol meast prekêre punt, dat fan in Standertwurdlist. Ik sis, soks moat altyd wêze! Wêrom? Ik sil dat yllustrearje mei foarbylden út ’e praktyk. Ik wurd suver gek – as my in lytse oerdriuwing tastien wurdt – fan it feit dat ik hieltyd mar sizze moat dat wat oars ék mooglik is. ‘Kin dat of dat ek, menear?’ – ‘Kin beide,’ antwurdzje ik dan. Wêrom moat no eins beide kinne? Wêrom net dy fariaasje útslute ta foardiel fan dúdlikens en helderens? Ik brûk it foarbyld fan ‘romte/rûmte sa’t dy hieltyd yn de (oant no ta iensidige) diskusje oanhelle wurdt. Abe de Vries sitearret fan Anne Dykstra dy’t seit dat studinten witte wolle wat de goede foarm is en reagearret dêrop mei − de oars wol moai fûne term − taalútroegersproaza. Lykwols ûnderstreekje ik Anne Dykstra syn sizzen dat it goed is dat der in standert komt. As de standert no ‘romte’ of ‘rûmte’ is, makket my earlik sein net folle út. No sis ik sels ek ‘romte’ (ek al kom ik út de Wâlden), mar ik soe dat tenearsten wol opjaan wolle foar de saak fan konsistinsje en dus ‘rûmte’ skriuwe. Fierders sil ik gewoan ‘romte’ oanhâlde yn de útspraak. En sa binne der noch gâns oare foarbylden te neamen. ‘Unmooglik’ is de skriuwwize, wylst de meast hearde útspraak ‘onmooglik’ is. En it heechfrekwinte tiidwurd ‘moatte’ dat sa faak útsprutsen wurdt as ‘matte’ of ‘mutte’. En gean sa mar troch. Op skrift in dúdlike standert, yn it sprutsen Frysk sil der genôch fariaasje bestean bliuwe. Dat sjogge wy likegoed yn it Nederlânsk. Yn Drinte prate se hiel oars as yn Brabân, yn De Haach wer hiel oars as yn Amsterdam. Mar wy hawwe wol in ABN en dat komt yn de learmiddels, toetsen en eksamens. Leau my mar dat ik ‘saterdei’ yn ’e gewoane omgong brûke sil, mar omwille fan ’e standert hoech ik dat net perfoarst te skriuwen. Lytse opoffering foar in hegere saak.
De nije standert soe ynfierd wurde moatte yn de nije learmiddels dy’t der hoe dan ek komme moatte. It Frysk sil dêrby folle serieuzer nommen wurde as der ienriedigens oer de te kiezen foarms bestiet. No komt it op jin oer as makket it net út wat men skriuwt, alderhanne njonkenfoarms binne tastien, dus skriuw mar hoe’t it jo útkomt. Lykas sein is it didaktysk folle better en as it dúdlik is wat de goede foarm is, stiet it Frysk as Standerttaal sterker tsjin ynfloed fan bûtenôf.
Ik ûnderskriuw Pieter Breuker (De Moanne, 16 maaie 2013) syn argumintaasje tsjin in Standertwurdlist: wêr moatte wy út kieze, út de Wâldske fariant of út de Klaaiske fariant? Mar dat soe ús lykwols net fan in Standertwurdlist wjerhâlde moatte. Ek al soe der ‘hiel’ stean, dan liket it my sterk dat de lju fan ’e Klaai dat ynienen ek sizze sille (tink oan ‘ûnmooglik’-‘onmooglik’). Soe dat lykwols al it gefal wêze, dan soe ik dêr noch net it measte op tsjin hawwe. Ik soe der mear op tsjin hawwe dat wy altyd noch in ‘ek goed-fariant’ hawwe, mei’t wy op sa’n wize nea ta in standert komme sille. Dan sitte wy yn it ûnderwiis noch mei it gefal fan ‘kin beide’ (of mear, tink ris oan ‘gie/gong/gyng’, ôfslutend mulwurd ‘naam/nommen/nomd’), wat didaktysk perfoarst net winsklik is. Dêr moatte wy fan ôf.

Underwiis

Spitich dat oan it feit foarby gien wurdt dat it Frysk sa al ryk genôch is, sûnder al dy ‘nuvere’ dialektyske wizen fan sizzen en skriuwen. Der bliuwt noch altyd in hiele rike taalboarne oer, dêr’t wy folop út putte kinne. Dy taalboarne kriget in stikje beskerming tsjin it Hollânsk wannear’t der in dúdlike standert komt. As dy standert goed oanleard wurdt, kinne wy better tsjin al dy ferkearde ynslûpsels (ynterferinsjes) yngean. Dêr hawwe wy as Frysk-praters en -skriuwers folle mear ferlet fan. En benammen de ûnderwiisminsken, dy’t wy noch net in soad heard hawwe (al skriuwt Abe de Vries yn it Frysk Deiblêd fan 29 maaie 2013 wol dat ûnderwizers tsjin binne, mar is dat wol sa?). Wy moatte net de fijân yn eigen lân sykje, mar dêrbûten. Fansels, no sjarzjearje ik! It ûnderwiis hat ferlet fan in standert, it is didaktysk folle handiger om te sizzen hokker foarm oft de goede is. Dy standert liket my dan in stap nei in ferfolch. Ynvestearje yn it ûnderwiis! Dêr moat it begjinne, skriuw nije metoaden en lear de bern (ek de net-Frysktaligen) yn sawol it basisûnderwiis as it fuortset ûnderwiis it Standertfrysk oan. Guon kritisy binne benaud dat om’t alles yn de nije stavering moat, soks tefolle jild kostje sil. Oan de Provinsje de skoandere taak om te bewizen dat it oars is!

Geart Tigchelaar
Dosint Frysk oan de Pabû fan Stenden Hegeskoalle, lesjouwer by de Afûk, bestjoerslid Feriening Frysk Underwiis

7
Reageer op dit artikel

avatar
7 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
GEART V`AN DER MEERPieter BreukerdaamAbe de VriesCornelis van der Wal Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Cornelis van der Wal
Gast

Geart syn studinten sjogge mar wat raar tsjin it Fryske wurdbyld oan, sa skriuwt er. Mar goed dat de earme berntsjes gjin Japansk hoege te learen…

Om de Fryske taal ek skriflik ûnder de knibbel te krijen sille jo in soad Frysktalige boeken lêze moatte. En dy boeken binne allegear yn de bewende stavering. Soe it net in soad betizing by de nije studinten jaan om no ynienen in hiele nije stavering oan te learen, wylst it yn de literatuer oars skreaun wurdt?

Abe de Vries
Gast

Geart, ik leau net datsto it fenomeen ‘standertwurdlist’ hjir goed werjoust. Do skriuwst yn dat ramt; “‘Unmooglik’ is de skriuwwize, wylst de meast hearde útspraak ‘onmooglik’ is. En it heechfrekwinte tiidwurd ‘moatte’ dat sa faak útsprutsen wurdt as ‘matte’ of ‘mutte’. En gean sa mar troch. Op skrift in dúdlike standert, yn it sprutsen Frysk sil der genôch fariaasje bestean bliuwe.” Dat hat allegear neat mei dialektfariaasje yn wurdfoarmen te krijen, mar mei ferskillen yn útspraak. It giet om wurden as ‘sneon’ en ‘saterdei’. Wêrom’tsto dizze saken hjir trochinoar hellest, begryp ik net. Fierder hast it nei myn smaak wat… Lees verder »

Abe de Vries
Gast

Geart skriuwt ek: “As dy standert goed oanleard wurdt, kinne wy better tsjin al dy ferkearde ynslûpsels (ynterferinsjes) yngean. Dêr hawwe wy as Frysk-praters en -skriuwers folle mear ferlet fan. En benammen de ûnderwiisminsken, dy’t wy noch net in soad heard hawwe (al skriuwt Abe de Vries yn it Frysk Deiblêd fan 29 maaie 2013 wol dat ûnderwizers tsjin binne, mar is dat wol sa?).” Foar Geart is it miskien goed om te witten dat fan de 104 ûnderskriuwers fan ús Oprop oan de Steaten (stân fan saken fan hjoed) der mar leafst 39 út it ûnderwiis komme. Dêr sitte… Lees verder »

daam
Gast

‘Guon kritisy binne benaud dat om’t alles yn de nije stavering moat, soks tefolle jild kostje sil. Oan de Provinsje de skoandere taak om te bewizen dat it oars is!’ Ik meitsje my soargen oer de folchoarder. Ik lit foar it gemak de partikulieren efkes bûten beskôging. It earste putsje (en dat kin tink wol troch studinten dien wurde dy’t dan al wat fatsoenlik betelle wurde moatte) is op ALLE skoallen te ynfentarisearjen wat dêr oan Frysktalich materiaal stiet. Dat moat dan allegearre fernijd wurde. Soks moat yn Excel te berekkenjen wêze. En gjin saken oerslaan! Ek net as fan… Lees verder »

GEART V`AN DER MEER
Gast
GEART V`AN DER MEER

Ik haw de diskusje wat uut (hee, wêrom net konsekwint no ek ‘uut’ skriuwe neffens it mal fan ‘see’ – dat sparret sa’n ferrekt streekje op de PC) myn eachhoeken folge. Ik begryp dat no dat prachtige twadelige FRYSK HANWURDBOEK, dat sa moai de romte joech oan njonkenfoarmen (‘hiel’ nêst ‘heel’etc.) no al wer de jiske-amer yn kin, want der moat in STANDERT komme, want oars fiele al dy nije taallearders har sa ûnseker. Ik ha wol in seker begryp foar dat argumint, mar freegje mij dan toch ôf, hoe’t dy standert dan keazen wurde moat. A. de uutspraak/foarm fan… Lees verder »

Pieter Breuker
Gast
Pieter Breuker

In andert op Geart syn standert Bêste Geart, Do begjinst dyn stik mei in trúk: skriuwe dat de tsjinstanners fan de Akademyplannen har emoasjes sa gean litte. Dêrmei joust dysels foar de naïve lêzer in foarsprong: ik, Geart Tigchelaar, brûk fansels rasjonele arguminten. Is dat wol sa? (En skriuwsto hjirboppe ek net: ‘Ik wurd suver gek’? Safier is it mei ús lang net kommen.) Wy (de sân minsken dy’t har tsjin it Steatebeslút keare) hawwe yn ûnderskate stikken hiel wat saaklike arguminten tsjin sawol de staveringsferoaring as tsjin de standerdisearring ynbrocht. Hjirre binne se nochris, hiel yn it koart. Gjin… Lees verder »

GEART V`AN DER MEER
Gast
GEART V`AN DER MEER

Meitsje even duudlik om hokker Gearten it hjir no en aanst giet …