Edwin de Groot

Roomske monolooch

logo.ensafh

hoe’t it begûn it daagjen omskreaun mei taal rigels of krekt it wyt
der tuskenyn bûn dat ferhaalt in kommen en gean fan de nachten de
dagen
ta dagen makket it ûntbrekken fan wyt de letters de wurden der
wie ris

net ien derby tichtmitsele no mei de keunst fan ’t oertsjûgjen
en it Skrift is suver want it boek is tsjok in tsjok boek
oer hoe’t it gien is neam al it oare ketters praat

Al draait om ús, Galileo Galilei!
de ierde te swier en klim oer de sinne fal oan de oare kant werom
wy draaie der net omhinne sa is it skreaun do silst it net winne

wy skake mei it swart en wyt fan taal mat is gjin opsje
ús kening sil noait om kom werom fersmyt dyn bernich praat
knibbelje foar de bûtenkant ús muorren fan perkamint bûch

lit ús it wurd de fear de inket brek thús yn Arcetri
achter de kleden dyn tosken op de lear de boeken
tink ast it net litte kinst

mar it wyt dat mist is uzes loadse wy it rap en rút
de dagen dêr’t hja yn duorje it ûnthâlden faak net wurdich
en dan net slim as guon oer de râne falle

dat is de wierheid út de grutte hûzen wei gjin plak foar moederaasje
kom net by de ôfgrûn al helpe wy mei in triuwke by need
as it skreaun is of sa gau it skreaun wurdt dat it sa moat

nimmen fan ús bliuwt bern Galileo
en mar in pear wenje yn grutte hûzen

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op