Pieter Breuker

Wêrom’t dy Fryske standertwurdlist sa’n ûntrochtocht en dus min idee is

logo.ensafh

Ofrûne moandei publisearren wy it essay ‘Beswieren tsjin de beswieren’, wêryn’t Geart Tigchelaar it fêststellen fan in Standertwurdlist (mei dialektseleksje) troch de Fryske Akademy ferdigene hat. (Hjir in link nei dit stik fan Geart Tigchelaar.) Pieter Breuker, û.o. âld-dosint oan de Ryksuniversiteit Grins en ien fan de driuwende krêften efter de ‘Oprop oan Provinsjale Steaten’ (op ensafh publisearre op 5 juny lêstlyn), hat de lêste dagen in wiidweidige replyk jûn op it betooch fan Tigchelaar. Omdat de arguminten dy’t Breuker dêryn oandroegen hat in wichtige ynhâldlike bydrage binne oan de diskusje oer de winsklikheid fan sa’n Standertwurdlist en oer dy fan fan boppe-ôf stjoerde standerdisearring fan de Fryske skriuwtaal, nimme wy Breuker syn reaksjes fan 25, 26 en 27 juny op, gearfoege ta ien trochrinnend essay.

Bêste Geart,

It hat trije wiken duorre, mar no bist dan dochs op myn beswieren (en tagelyk ek dy fan ús aksjegroep en fan de 104 ûndertekeners) tsjin de foarnommen plannen ta standerdisearring yngongen. It is in lang antwurd wurden, mar is it ek in goeden-ien? Nee. (En ek al net sa saaklik, in eask dy’tst oars wol oan oaren stelst. Ik ha ûnder mear notearre: ‘slacht as in tange op in baarch’, ‘ûnbegryplik’ en ‘ôfwaaid praat’.)
Ik behein my yn dit stik yn safier dat ik foarby gean oan de stavering. (Dêr hawwe oaren har ek al mei rêden mei oertsjûgjende ynhâldlike arguminten, bgl. yn de stikken dy’t Henk Wolf, Liuwe Westra en André Looijenga skreaun hawwe. Dizze binne û.o. nei te lêzen yn dit troch Henk Wolf sammele online-argyf.)
Oer it oare haadpunt, de standerdisearring, begjin ik hjirûnder earst mei in stikmannich algemiene beswieren tsjin de winsklikheid fan sa’n standerdisearring fan boppe-ôf. Dêrnei gean ik fierder yn op in tal details, yn dyn en yn ús argumintaasje. Ik sil dit stik ôfslute mei opmerkingen oer de rol fan de Fryske Akademy en mei ús útstel hoe’t der sûnder nije standerdisearring en staveringsferoaring op koarte termyn in goed wurkjende staveringshifker komme kin (want dêr wie it ommers om begûn).

Seis beswieren tsjin standerdisearring

1. Ien fan de kearnpunten fan de FA-standerdisearringsplannen is dat de nije standert yn de skriuwtaal ferplichte wurdt, foar it amtlik ferkear en it ûnderwiis. Dat is in folslein nije situaasje, noch net earder yn de Fryske taalskiednis fertoand. Dat jildt dus ek foar de romte dy’t Provinsjale Steaten har op dizze wize taeigenje soenen. Do neamst it wêzentlike punt fan it oplizzen fan in taalnoarm mar ien kear, relativearrest it te’n ûnrjochte troch it tusken skrapkes te setten én joust der ek noch in draai oan. Ik sitearje dy:
– “Hawar, in ‘opleine’ standert (foar oerheidspersoniel, ynklusyf it ûnderwiis) soe oan it Frysk fuortdaliks net in soad feroarje, mei’t de gewoane Fryske boarger grif trochgean sil mei it praten fan dialektfoarms, sa’t er dat syn hiele libben al wend is.”
It giet yn myn redenaasje lykwols net om de gewoane boarger en al likemin om de sprektaal.

2. Do leaust wol hiel maklik dat men in taal fan boppen stjoere kin, meitsje sels. Hoewol’tst yn it begjin fan dyn reaksje op standerdisearring foarm en funksje fan in taal neamst, giest fierder frijwol foarby oan de funksje. In pear sitaten oer it stjoeren:
– “Boppedat is it standerdisearringsproses by ús al oan de gong en de oerheid kin dat (mei) stjoere. Moat dat sels (mei)stjoere, oars bliuwt it in tizeboel yn bygelyks it ûnderwiis (lês- en learboeken en oare helpmiddels).”
– “Alle feroarings (of fernijings) kostje wat tiid en grif ek jild. Dat is foar dizze saak ek it gefal. Soks falt goed te stjoeren en hoecht gjin reden te wêzen om gjin wizigings troch te fieren. Dêrom pleitsje ik der nei de Provinsjale Steaten ta ek foar om net allinnich in standert yn te fieren, lykas oeral yn de wrâld as men in taal offisjeel en mear/faker brûke wol.”
– “Net standerdisearje is net realistysk as men pretinsjes hat mei it Frysk. Wy moatte ‘Grinzen oer’ om ris te ferwizen nei de nijste provinsjale taal- en ûnderwiisnoata. Dy jout de marsrûte oan foar ûnderskate domeinen, ek it ûnderwiis. En dy rûte freget ek om in taalstandert. Dêr is gjin ferwin op [sic!]. Myn opponinten lykje dat paad net gean te wollen. Deputearre en Provinsjale Steaten al […]. Meitsje [sic!] fan it Frysk mar in serieuze taal mei in gruttere status en mear taalmacht. Haw mar pretinsjes en ambysjes. Gean dêrby mar oer de dialektgrinzen hinne en stiigje dêrboppe út.”
Wie it mar sa ienfâldich, dat men in taal ‘stjoere’ koe en dêrby allinnich mar nei de foarm hoegde te sjen. De oast sit him, oars as tinkst (of: wolst?) net yn de foarm fan it Frysk, mar yn de funksje: dat is it swakke plak fan it Frysk. Dat jildt dan alderearst foar it Frysk as skriuwtaal. It plak fan it Frysk wurdt fierder ferswakke troch de oanwêzigens fan it Nederlânsk yn it taalgebrûk en taalbesef fan elke Fries. Elke analyze fan it Frysk moat ek gean oer de funksje fan it Frysk en oer it plak fan it Nederlânsk. Ik moast by dyn optimisme tinke oan de taalkompensaasjeprogramma’s út de jierren santich foar bern mei in taalachterstân, lês dialektachtergrûn. Dêr is fan al dy programma’s neat telâne kommen en dat wylst de posysje fan it Nederlânsk yn it ûnderwiis safolste sterker wie (en is) as dy fan it Frysk.

3. Dêrmei kom ik op it tredde algemiene punt. Krekt lykas trije wiken lyn, bringst in ferbân oan tusken dialektseleksje en it kearen fan ynterferinsjes út it Nederlânsk. Dy twa hawwe neat mei inoar te krijen. Do suggerearrest op syn minst mei it lizzen fan dat ferbân dat ik ynterferinsjes mar tastean soe. Dat stiet net yn myn stikken en, wês mar gerêst, ik wiis yn algemiene sin ynterferinsjes ek ôf. Ik gean no mar foarby oan de lestige fraach wat krekt in ynterferinsje is.

4. Do skriuwst dat wy it Frysk hâlde wolle sa’t it is: “Jins taal (talen) is (binne) gjin statysk besit, net yn beton getten, mar wurdt ûntwikkele (fan jong ta âld) en ‘ferrike’ en ‘útwreide’ as it goed is.”
Dy ús tatochte miening falt út gjin inkeld stik op te meitsjen. It soe ek in hiel dom stânpunt wêze: taal is dynamysk, feroaret altiten, allinnich: wy leauwe net oan in diktaat fan boppen, mar oan feroaringen yn en út de taalmienskip sels. De taak fan de FA as wittenskiplik ynstitút is om de taal en de taalferoaringen fêst te lizzen, te beskriuwen en te ferklearjen, net om dy te stjoeren.

5. Dan besikest dyn stânpunten sterker te meitsjen troch nei ‘de’ winsken fan it ûnderwiis te ferwizen, troch sels fan ‘maatskiplike druk ta standerdisearring’ te praten. Dyn ‘bewizen’ binne swak: wat it ûnderwiis oangiet, beropst dy op dyn eigen (beheinde) ûnderfining, foar de ‘maatskiplike druk’ ferwiist nei it Juridysk Wurdboek, no oars net fuort in bestseller, sels net by de rjochtbank. Sjoch oan de oare kant ris nei de 104 ûndertekeners fan ús Oprop […]. Dêr sitte tsientallen minsken út it ûnderwiis by

6. Ta beslút. Do skriuwst:
“De opstellers [fan de Oprop […] wize dialektseleksje ôf: ‘Ut earder ûndersyk docht, oars as de FA stelt, ek bliken dat der ûnder de minsken dy’t it Frysk skriuwe net folle ferlet is fan dialektseleksje.’ Wêr binne de bewizen dat de lju yn grutte mearheid dialektseleksje foar it skriftlik brûken yn de amtnerij en it ûnderwiis net tastean wolle? Gjin noat of ferwizing befêstiget dy bewearing.”
Alderearst joust wer in eigen draai oan it sitaat: der is ferskil tusken ‘net follle ferlet fan’ en ‘yn grutte mearheid’. Mar myn útspraak giet wol deeglik op ûndersyk tebek (do soest dat as myn âld-studint ek kenne moatte). Ik kom yn myn proefskrift, Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk (1993), hieltiten wer op Fryske dialektfarianten en ynterferinsjes út it Nederlânsk. Op gâns plakken yn myn proefskrift lit ik sjen dat der ûnder saakkundigen ‘net folle ferlet fan dialektseleksje’ is yn normearre, of, ast dy term leaver hast, standerdisearre, Frysk, bygelyks op de siden 69-70, 96-99 en 183-190. Ien fan de ûnderdielen fan myn proefskrift is in skriftlike enkête dy’t ik (yn 1988) ûnder Fryske skriuwers en Afûk-lesjouwers (dyn habitat) hâlden ha. De respons wie heech: der kamen fan de 263 ferstjoerde enkêtes 144 brûkbere reaksjes werom, 85 fan skriuwers en 59 fan Afûk-lesjouwers. In sintraal ûnderdiel yn de fragelist wie de miening fan de respondinten oer it plak fan Fryske dialekten. Fraach 22 wie sa:
‘It ûnderwiis yn it Frysk moat dialektyske eigenaardichheden bestride’. De útslach?
Fan alle 144 respondinten wie mar 13,2% foar en mar leafst 64,6 tsjin de stelling (de oare antwurden foelen ûnder ien fan de kategoryen ‘wit net’ of ‘oars’ (ynklusyf gjin ynformaasje jûn). Hoewol’t de skriuwers wat faker ‘nee’ op de stelling antwurden (71,7%) as de lesjouwers, fielden de lêsten ek yn mearheid (54,2%) net foar dialektseleksje (en mar 13,6% wie der foar). Dat binne oantallen en antwurden dêr’t men wat mei kin, tinkt my.

Sa geane ús beswieren tsjin dialektseleksje tebek op 7 (de opstellers fan de Oprop […]) + de 104 ûndertekeners dêrfan (eins mear, want by de ûndertekeners fan ús beswieren sitte ek trije organisaasjes), in grut part fan 144 oare bewuste en kundige brûkers fan it Frysk en noch wer oare minsken dy’t ferstân fan it Frysk en de Fryske taalsituaasje hawwe (bygelyks de troch my oanhelle Jan Jelles Hof). Wat kinsto dêr foaroer stelle? Dyn eigen miening, dy fan fjouwer Akademy-meiwurkers en in inkelden-ien út it fjild dy’t troch de FA rieplachte is.

Nochrisom: wêrom net in standertwurdlist

It is no op syn plak en gean fierder op de details fan dyn stik yn. Earst eefkes in meidieling foarôf: it is net sa dat ik yn it algemien tsjin (fierdere) standerdisearring bin, alles by it âlde litte wol (ik ha dat niis ek al eefkes neamd), allinnich standerdisearring moat fia in ferstannige wei ferrinne. Ik kom dêr noch wol op.

Alderearst dan ús punt dat der gjin needsaak ta dialektseleksje is omdat de taalkundige ferskillen tusken de belutsen dialekten sa lyts binne dat se eins noait oanlieding ta misbegryp jouwe. Do ropst as reaksje dêrop hiel entûsjast: as dy ferskillen dan sa lyts binne, “kin men dus maklik op skrift ien foarm as standertfoarm kieze, om’t dy net fier ôfstean sil fan de fariant fan in oare brûker fan it Frysk.” Watst ferjitst, is dat yn ús plannen de taal net oer de kop helle wurdt en yn dinent krekt wol, wy jouwe rêst, do soargest foar ûnrêst, ûnnedige en djoere ûnrêst (sjoch ek Henk Wolf). Om dy sels eefkes oan te heljen (en foar ien kear te pleagjen): ‘ûnbegryplik’ datst soks oer de holle sjochst.

It twadde argumint moat ik wat djipper op yngean. Dat joust, om te begjinnen, net goed wer. Wy skriuwe:
– “Der is taalkundich sjoen gjin ferantwurde kar te meitsjen tusken de ûnderskate dialektfarianten. Elke list sil hieltiten wer grutte willekeur sjen litte […]. De FA soe net oarder en regel skeppe, mar gaos. Dat kin in wittenskiplik ynstitút as de FA him net feroarloovje, en de dochs al kwetsbere Fryske taalmienskip kin dat net drage.”
Do fersmellest ús punt ta:
– “As men ta wol op in standert, hokker dialektfariant soe men dan foar kar nimme moatte om wat regaad te meitsjen yn de besteande ‘gaos’ yn learmiddels en oare teksten? Want dat is de besteande situaasje.”

It giet yn dit argumint net allinnich en net primêr om ûnderwiislearmiddels, mar om it yngripen yn de taal, op in wize dy’t ûnwittenskiplik en dus ûnferantwurde is. De kearn fan it probleem hjirre is nammentlik dat der gjin goed te beredenearjen kar falt te meitsjen. Hokker kritearium oft men ek kiest (bygelyks âldens fan in foarm, ôfstân ta it Nederlânsk, frekwinsje), de útkomst sil altiten wêze dat noris in Klaaifryske, dan wer in Wâldfryske foarm ta standert ferheft wurdt. Oars sein: der ûntstiet in standert dy’t net ien Frysktalige út himsels praat of skriuwt. Dat is de bêste manier om de Fries fan syn eigen taal te ferfrjemdzjen.
Der is noch wat: de omfang fan de yngreep. Soe it om in inkeld gefal gean, dan mocht it noch hinnebruie, mar ik ha okkerlêsten op in sneintemiddei foar mysels samar in list fan in lyts 500 foarbylden gearstald. Dat oersjoch is noch lang net folslein, net allinnich omdat ik der mar eefkes mei dwaande west ha, mar ek omdat by hast elke foarbyld noch tsientallen fergelykbere gefallen neamd wurde kinne. Nim no bygelyks it iennichste foarbyld dat de FA jout: ‘romte’ – ‘rûmte’. Under de tsjinstelling ‘o’ (Klaaifrysk) – ‘û’ (Wâldfrysk) foar ‘m’ falle bygelyks ek ‘krom’, ‘plom’, ‘prom’, ‘rom’, ‘skom’, ‘kom’ (objekt), ‘klomje’, ‘krommel’, ‘romte’, ‘tomme’ en har Wâldfryske wjergaders.

En der spilet hjirre noch wat: asto dan dochs standerdisearje wolst ‘om regaad te meitsjen’ yn de besteande ‘gaos’, dan kinst it fansels net by dialektferskillen litte (dy’t oars ek al net beheind wurde kinne ta de tsjinstelling Klaaifrysk – Wâldfrysk). Ik tink datst dêrbûten op syn minst safolle fariaasje fynst. Ik neam, allinnich mar by wize fan yllustraasje: meartal op -heid of -ens (bygelyks ‘dúdlikheid’ – ‘dúdlikens’), meartal op -en of -s (bygelyks ‘boeten’ – ‘boetes’; ‘oersettingen’ – ‘oersettings’; ‘earmen’ – ‘earms’), substantyf op -Ø of op -e (bygelyks ‘ear’ of ‘eare’), ferskillende doetiidsfoarmen (‘gong’ – ‘gie’), komparatyf mei -er of -der (‘fûler’- fûlder’) en alle fergelykbere gefallen. Dan lit ik de hûnderten ‘losse’ gefallen noch gewurde (bygelyks ‘allinnich’ – ‘allinne’). Earlik sein tink ik dat net ien (ik sels dus ek net) op dit stuit in goed idee hat fan it kwantum oan fariaasje yn it Frysk (ek yn de skriuwtaal). Dêr soe unifoarmiteit yn oanbrocht wurde moatte? Dat freget jierren en jierren wurk, ûnder de besteande omstannichheden ûnfruchtber wurk.

Ik kom by it tredde argumint. Wy stelle dat der gjin needsaak ta dialektseleksje is omdat der (hjoeddedei) amper sosjale ferskillen tusken de brûkers besteane. Dyn reaksje:
– “Dat betsjut dat der dus net diskriminearre wurdt en sosjaal sjoen in groep minder achte wurdt as de oare. Om dy reden kin der skoan dialektseleksje plakfine, mei’t sa net ien mear as minder achte wurdt. De akseptaasje fan dialektseleksje wurdt sa allinnich mar grutter.”
Eefkes foar de dúdlikheid: ûnder normale omstannichheden binne it krêften út de maatskippij (ekonomysk, sosjaal, kultureel) dy’t standerdisearringsprosessen op gong bringe (ik kin dêr no net op yngean, mar sjochris nei de besteande fakliteratuer foar bygelyks it Nederlânsk). Yn de Fryske situaasje hat net ien groep dialektbrûkers dy macht. It gewoane patroan soe no dus ynienen trochbrutsen wurde troch it fan boppenôf oplizzen fan in standert, troch in Fremdkörper dus. Do sjochst hjirre nei taal as in meganysk gehiel, sûnder rekken te hâlden mei de sosjale kontekst. Sa’n opfetting komst net fier mei.

Us fjirde argumint komt derop del dat by ynfiering fan de FA-plannen alle besteande teksten (yn literatuer, wurdboeken, grammatika’s, ûnderwiismateriaal, op websiden ensafuorthinne) ynienen net mear goed wêze soenen.
Wy skriuwe wer net watsto derfan makkest:
– “It liket my net wierskynlik dat alle teksten ynienen ûnbegryplik en ûnlêsber wurden binne. De measte lju sil it sels amper opfalle.”

Der sitte oan dit fjirde beswier trije kanten: kosten, praktyske problemen en status.
De kosten tinkst wol hiel maklik oer: “Alle feroarings (of fernijings) kostje wat tiid en grif ek jild.” – It sil yn de praktyk om tonnen, miskien sels wol miljoenen gean. Alle materiaal foar de groepen oan wa’t de standert oplein wurdt (amtlik ferkear en ûnderwiis) sil oanpast of fernijd wurde moatte. Itselde jildt foar de besteande taalnoarmboarnen (wurdboeken, grammatika’s, staveringsmetoaden). Amtners en ûnderwizers sille byskoalle wurde moatte.
Dêr kin net mei wachte wurde. As de nije standert al ynfierd wurde soe, kin de provinsje gjin gat ûntstean litte tusken de datum fan ynfiering en it beskikber hawwen fan it nije materiaal en it by de tiid bringen fan amtners en ûnderwizers (dat soe de ‘bêste’ manier wêze om de eigen besluten ûnderstek te dwaan.) Omdat it jierren duorje sil ear’t alle materiaal oanpast wêze soe en al it personiel byskoalle, ûntstiet der in lange oergongsperioade fan wol in beslút, mar noch gjin ynfiering. Dat liket my net sa handich, om marris in understatement te brûken.
En as tredde de status. Hoewol’t bygelyks literêre teksten (dy’t it hert en de siel fan de besteande standert foarmje) net ûnder it nije bewâld falle soenen, sil net ien skriuwer wiis wêze mei de feroaringen: syn teksten binne ommers ferâldere, falle net ûnder de nije standert, hawwe minder oansjen.

Us fiifde argumint seit dat de nije standert taalbrûkers ferfrjemdzje sil fan har eigen, ieuwenâlde, goedfryske foarmen. Ek hjirre joust ús wurden net goed wer:
– “Lykas ik earder skreaun haw, sjoch ik net fuortdaliks yn dat de Frysk-prater ynienen de foarm ‘rûmte’ brûke sil, wylst er wend is ‘romte’ te brûken, sadree’t er dat foar it earst op skrift stean sjocht.”
De FA-plannen slaan op it skreaune Frysk en dêr jildt ommers de ferplichting foar (tenearsten dus noch foar it ûnderwiis en it amtlik ferkear, mar de ambysjes fan FA en fan dy sille grif fierder gean). Dat it Frysk as sprektaal net botte feroarje sil, leau ik ek wol, mar is yn dit ferbân net fan belang. De amtner of ûnderwizer dy’t Frysk skriuwe moat, sil dus wol deeglik fan syn eigen taal ferfrjemde wurde.

Ik kom by it lêste punt, it didaktyske aspekt. Dêrby is ús grutste beswier dat “by it Frysk skriuwen learen tenei elke Frysktalige eigen wurden en foarmen ôf- en ûneigen oanleare [moat]”. Ek hjirre joust wer in nuvere draai oan wat wy skriuwe:
– “Wat ‘ûneigen’ is, is yn it Frysk lykwols hiel betreklik. In Frysktalige soe yndied ynterferinsjes ôfleare moatte en yndied standertfoarms oanleare.”
Ik ha niiskrekt al opmurken dat it by dit argumint net om ynterferinsjes giet, sterker noch: ik ha der net iens oan tocht (ynterferinsjes foarmje in hiel oar sjapiter en in hiel oar (en wol reëel) probleem). En wat bedoelst mei it ‘hiel betreklike’ fan it ûneigene? Ik soe nochris ferwize wollen nei de tûzenen ûneigen foarmen dy’t elke fan-hûs-út Frysktalige amtner of ûnderwizer aanst by it Frysk skriuwen leare moat. Dat is net te dwaan en ik doar dy hjirre wol in foarsizzing te dwaan: as der al in ferplichting fan hegerhân komme soe, dan rint it allinnich al fanwegen de ûnmooglikheid om al dy ferplichte foarmen te learen op neat út. Sels de nuetste amtner of trouste ûnderwizer sil dat net slagje.

Sa bliuwt der fan dyn ferwar mar in bytsje oer, bêste Geart. En hoe sit it mei dyn winsk om dy ‘konformistysk’ op te stellen en ‘in soarte fan gouden middenwei’ te finen, in kompromis te sluten mei al dy minsken dy’t har tsjin dyn opfettingen fersette? Ik ha dy foarnimmens net yn dyn stik weromfine kinnen.
Ik ha my fierder ôffrege hoe’t it mooglik is dat de meiwurkers fan de FA mei sokke plannen komme kinne. Hat it mei har wurk te krijen? Se hawwe, faak tsientallen jierren, dwaande west mei it gearstallen fan wurdboeken. Tinke se dêrom dat se ek Frysk meitsje kinne, sûnder rekken te hâlden mei de taalwerklikheid bûten de muorren fan de Fryske Akademy?

De Fryske Akademy, en: hoe no fierder?

Bêste Geart en alle oaren,

Alle oaren ek, want as der ien ding de ôfrûne moannen bliken dien hat, dan is it wol dat standert en stavering fan it Frysk ûnderwerpen binne dy’t ûnder in protte minsken libje. It lit sjen dat taal fan ús allegearre is. Sa heart it ek. Allinnich al om dy reden moat de Fryske Akademy weromkomme op har plannen: beide ûnderwerpen binne oant no ta yn fierstente lytse (want eigen) rûnte besprutsen. De reaksjes op de Akademyplannen litte ek noch wat oars sjen: sels by in betreklik ienfâldich en beheind ûnderwerp as de foarnommen staveringsferoaring hat de Fryske Akademy de saken net goed útsocht (tink bygelyks oan ‘ik droech’, mar ‘ik ha drûgen’).

Dat probleem spilet noch folle mear by taalnoarm en taalstanderdisearring. Ik ha tsien jier lyn in wiidweidich artikel skreaun oer ‘Ferantwurding en útwurking fan noarmaspekten yn it Hânwurdboek I-11 en yn it WFT’ (Us Wurk, jrg. 52 (2003), s. 19-76. Yn dat artikel haw ik, mei oan de hân fan hûnderten wurden, ûndersyk dien nei noarmaspekten en noarmopfettingen yn de neamde (kearn-)wurdboeken fan de Fryske Akademy. In pear belangrike konklúzjes wienen dat:
a. de wurdboekmakkers amper it probleem fan de komplekse noarmproblematyk (taspitst op dialektfariaasje en ynterferinsje) oan de oarder steld ha, lit stean problematisearre, bygelyks yn de foaropwurden;
b. (mei as gefolch fan a.) der grutte ferskillen tusken de neamde boarnen binne yn de beskriuwing fan wurden wêrby’t dialektfariaasje en ynterferinsje in rol spylje, sels tusken diel I en II fan it Hânwurdboek (dat dochs as in ienheid jilde moatte soe). Oars sein: de eigen, mar dus net goed dúdlik makke, miening fan de wurdboekskriuwer hie grutte ynfloed op de brûkte taalnoarm.

Ek doe hat de Fryske Akademy de diskusje (as dy der al west hat) yn eigen hûs hâlden en net reagearre op myn artikel (dat yn in serieus wittenskiplik tydskrift ferskynd is). En ek no hawwe wy net in stik fan de Fryske Akademy sjoen oer de wittenskiplike, dat wol sizze de talige én sosjale, achtergrûnen fan taalnormearring en standerdisearring (yntern skynt in notysje fan ien side te sirkulearjen). It sil dúdlik wêze: it ûnderwerp fan taalnoarm fertsjinnet noch hiel wat ûndersyk. Dêrby moat de Fryske Akademy de doarren iepensette, prinsipieel de diskusje oangean wolle mei (ek net-Fryske) saakkundigen oan hegeskoallen en universiteiten én mei it ‘fjild’, mei belanghawwenden as ûnderwizers, skriuwers, amtners, de ‘gewoane’ Fryskskriuwers.

Hoe moatte wy no fierder? Ik herhelje hjirre nochris de Oprop dy’t wy op 5 juny oan Provinsjale Steaten oanbean hawwe (en dy’t doe ek op dizze webside publisearre is). Behein de opdracht oan de Fryske Akademy ta wat ynearsten de bedoeling wie: it meitsjen fan in (digitaal) Frysk Grien Boekje, op basis fan de besteande stavering. Dêr is dus hielendal gjin staveringsferoaring foar nedich en al likemin in net trochtochte en dus net te motivearjen yngreep yn taalfariaasje. Sa’n betreklik ienfâldich boekje – en op grûn dêrfan in staveringshifker, ek brûkber foar Mac en foar de sojale media – is wól ferlet fan. Boppedat kin dat op betreklik koarte termyn klear en binne de kosten oer te sjen.

It is noch net te let. De Fryske Akademy soe ek no noch gehoar jaan kinne oan alle (goed motivearre) beswieren dy’t de ôfrûne moannen tsjin har plannen ta staveringsferoaring en standerdisearring nei foaren brocht binne. It is ek te hoopjen dat de Fryske Akademy begrypt dat net samar foarbygongen wurde kin oan it massale protest út fermiddens fan wittenskip, ûnderwiis, kultuer en skriuwerswrâld. Mar mochten dy wil en wiisheid ûntbrekke, dan is it tiid dat de provinsjale polityk yngrypt en dêrmei it Frysk en syn brûkers behoedet foar grutte skea.

Pieter Breuker

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op