Junior Rely 2013-prizen takend

logo.ensafh

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan de Junior Rely 2013 fan betinken is dat der dit jier fjouwer fersen en fjouwer ferhalen yn oanmerking komme foar in Junior Rely-priis.

Afdrukken

Priiswinners.

De Junior Rely-priiswinners binne dit jier yn de kategory poëzij:

• Kirsty Fekkes út Warkum in earste priis foar it fers: ‘Tiden fan it jier’

• Jéan Buwalda út Boalsert in twadde priis foar it fers: ‘It nestke’

• Desi Rosenau út Makkum in tredde priis foar it fers: ‘Peste’

• Iris Schotanus út Boalsert in oanfiterpriis foar it fers: ‘Foarjier’

Yn de kategory proaza binne de priiswinners:

• Anneke Smid út Wytmarsum in earste priis foar it ferhaal: ‘Opsoademiterje’

• Ilse Galema út Tsjerkwert in twadde priis foar it ferhaal: ‘Elske’

• Nina Hoogland út Boalsert in tredde priis foar it ferhaal: ‘Op syk nei de stêd Florea’

• Elbrich Bos út Boalsert in oanfiterpriis foar it ferhaal: ‘Tsjebbe’

De sjuery.

De sjuery bestiet dit jier út Ate Grypstra, Erica Bergema en jeugdsjuerylid Roos Talsma. It totale bedrach oan prizejild dat ûnder de winners fan de Junior Rely ferparten wurdt, is € 500,-.

In soad ynstjoerings.

Sûnt 2004 wurdt alle jierren de Junior Rely-priisfraach útskreaun foar de jongerein fan 12-18 jier. Dit jier wiene wer in soad ynstjoerings foar de Junior Rely: krapoan 100 gedichten en ferhalen kamen ús kant op. Mids oktober wurdt it sjueryferslach publisearre op de webside fan de gemeente www.littenseradiel.nl.

Priisútrikking.

Op sneon 5 oktober oansteande, middeis om twa oere, wurde de prizen fan de Junior Rely útrikt yn de tsjerke yn Bears. Dy selde middeis wurde ek de prizen fan de ‘grutte’ Rely útrikt. Mei troch de muzyk, wurdt it altyd in feestlike en sfearfolle byienkomst. De middei is frij tagonklik foar elk dy’t de Rely in waarm hert tadraacht. Al it winnende wurk fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach èn fan de Junior Rely ferskynt dyselde middeis yn in spesjale Rely-útjefte fan it tiidskrift ‘ENSAFH’.

Oer Rely Jorritsma .

Rely Jorritsma is berne yn Jellum yn 1905. Hy hat yn Ljouwert, Hoogezand en Nijmegen op skoalle sitten. Hy koe goed tekenje en skilderje en hy koe ek aardich skriuwe. Der waarden gauris gedichten en ferhalen fan him publisearre yn ferskate Fryske tydskriften, mar der waarden noch folle mear ôfwiisd. Rely hie in soad argewaasje fan dingen yn de Fryske Beweging en dêr hearde de opset fan de priisfragen yn dy tiid ek by. Hy fûn benammen de beleanning fierstente skiterich.

Testamint Rely Jorritsma.

Yn syn testamint liet Rely Jorritsma fêstlizze, dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan soene dan tsjinje moatte as prizejild foar priisfragen dêr’t koarte ferhalen en fersen yn it Frysk foar ynstjoerd wurde moasten. Doel fan de priisfragen wie it befoarderjen fan de Fryske literatuer.

Feestlike priisútrikking yn de tsjerke yn Bears.

De prizen sille útrikt wurde op sneontemiddei 5 oktober 2013, om 14.00 oere yn de tsjerke yn Bears. Jo binne fan herte útnoege om hjirby oanwêzich te wêzen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op