Piter Boersma

Molwrot (8)

logo.ensafh

Feuilleton

8

It waard in animearre jûn. It iten wie treflik. Se dronken oerdiedich.
‘Trije, trio,’ sei Seleina op ’n stuit.
‘Dat jout rêst,’ sei Alexander.
Seleina lake. Alexander ek. Catrinus wist even net hoe’t er it hie.
‘Kom op, Catrinus,’ sei Seleina, ‘net kel wurde.’
‘Ik bin it al,’ sei er.
‘Do kinst Seleina langer as ik,’ sei Alexander, ‘mar noch altyd net goed genôch, sa’t it liket.’
‘En no stil,’ sei Seleina, ‘ik bepaal wêr’t it oer giet. Dat is de hiele jûn al sa en dat bliuwt sa.’
‘Is it goed dat ik him útkloarkje oer syn libben yn Servië?’
Seleina fûn it goed en Catrinus makke der daliks wurk fan. Alexander begûn te fertellen oer it doarp dêr’t er weikaam, yn Kosovo, en dêr’t er wenne hie oant er nei Belgrado ferhuze om te studearjen. Syn heit hie dêr in timmerbedriuw hân, mar wie in jier lyn yn ferbân mei de ôfskieding ferhuze nei in doarp krekt oer de grins. Alexander frege him ôf oft er der ea wol wer in foet sette soe.
Seleina siet foar har út te sjen en krige mei in prikkerke sa no en dan in oliif. Se tocht oan har eardere hannelspartner Vladimir Ninkov, dy’t se yn it bywêzen fan Milan Volkov sûnder moederaasje omlein hie. Se hie Ninkov deasketten op ’e selde dei dat se Alexander troffen hie, in pear oeren foar de geheime ôfspraak mei presidint Boris Jankoviç. De dea fan Vladimir wie pas in wike letter bekend wurden. Dat wie goed regele. Mar se koe net alles witte wat der om har hinne barde. Oant no ta hie se de Servyske maffia yn Nederlân fan har ôf hâlde kinnen, mar it waard faaks tiid foar in bettere ôfskerming. Earder hie se har der eins net drok om hoege te meitsjen. Mar no’t se sels wer in moard begien hie, waard it tiid om feilichheidsmaatregels te treffen. Soe se op Alexander bouwe kinne?
‘Wat is der?’ sei Catrinus.
‘Hoesa?’
‘Der gong in trilling troch dy hinne. Alteast, sa like it.’
‘Dat wie ek sa,’ sei se.
Catrinus en Alexander seagen nei har.
‘Jimme moatte my aanst mar goed waarm wriuwe.’
De beide manlju ferfetten harren petear en Seleina har prakkesaasjes. Earst dus nei Parys en nei in wike dêrwei ynkognito nei Peaske-eilân. En dêr dan yn alle gefallen in moanne bliuwe. Alexander moast ek in falsk paspoart ha. Se soe jûn noch nei Parys skilje om it dêr regelje te litten. Wêrom hie se dêr net earder oan tocht? Se biet yn harsels op ’e tosken. Ferbylding of werklikheid, dat makke neat út, se wie bedarre yn in momint fan panyk. Se tocht oan it plakje ûnderoan ’e seedyk by Peazens dêr’t se altyd sa hearlik sitten hie, hielendal feilich. Se hearde it skrassen fan de seefûgels en folge harren glydflechten, hoe’t se dêrnei wer pal tsjin ’e wyn yn fleagen en hoe’t de fiskedieven boppe de grins fan seedyk en wetter mei wapperjende wjukken en de kopkes del yn ’e loft hongen te speuren nei bút.
‘Sis it ris, Seleina,’ sei Catrinus.
Seleina glimke. Ja, dêrom fûn se it hearlik om kontakt mei him te hawwen. Sa’t hy op it goeie momint in gerêststellende fraze nei foaren bringe koe. Dêrom wie er har op skoalle opfallen en hie se har by him altyd as ûnder in paraplu field.
‘Ik hearde fûgels,’ sei se.
‘Seefûgels, tink?’ sei Alexander.
‘Ja.’
‘Ja, dy lûden fan earder,’ sei Catrinus.
‘Do koest altyd samar ynienen sizze: “Ik hear de brêge.” Dat fûn ik prachtich,’ sei Seleina.
‘Ja, dy lûden dy’t ik yn Warten opfongen ha. Ut Ljouwert ha ’k gjin lûd oerhâlden.’
‘Wat is dyn lûd, Alexander,’ sei Catrinus.
‘Mitrailleurlûd. Dat wol sizze, dat oerstimd myn lûd. Myn lûd is it lûd fan ús heit syn hammer.’
‘Mahler hat útsein de boskfûgels, dêr’t er de lûden fan besocht fêst te lizzen yn syn muzyk, as bern nea wat oars heard as kazernesinjalen en de militêre kapel,’ sei Seleina, ‘dy wiene oan syn muzyk te hearren alteast alles oerhearskjend.’
‘Ja, dat sil wat wurde, dêr op Peaske-eilân,’ sei Catrinus.

(Wurdt fuortset)

Molwrot 1

Molwrot 2

Molwrot 3

Molwrot 4

Molwrot 5

Molwrot 6

Molwrot 7

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *