Jouke Hylkema

Noaswiis

logo.ensafh

De twa manlju hongen wat sjofel ûnderút, oars as it fleurige frommeske dat op it puntsje fan ’e stoel siet. Miskyn fielde se har oanlutsen ta myn wite sportsokken, de swartlearen broek, en benammen de strakke sulverkleurige body dy’t ik oer it optoaide krús lutsen hie. Se naam my mei grutte eagen op. Ik rûsde har op in jier as fyftich, ek al besocht se der noch wakker tweintich jier jonger út te sjen mei in laach maskara dêr’t je samar in muorke mei foegje koenen. Hawar, it frommeske naam it wurd mei in hege, suver sangerige stim dy’t yndied mear by in famke fan tweintich paste. Se klapte op in stuit optein yn ’e hannen.
‘Te gekke heupbewegings… superr lekker kontsje ek, dit is wat ik…eh… wat froulju nedich hawwe!’
Fuortendaliks batste har buorman mei in ûnderkin dat eltse kear as er skodholle liljend efter syn kinnebak oan kaam der oerhinne mei goddelike earnst.
‘Ach wat soe ’t… it is my wol dúdlik… dit is oars net as klearkomme op it poadium nee…nee…nee! Dizze ‘man’ soe soks yn in striptinte dwaan moatte, it is net goed genôch foar in Tillevyzjesprogramma as dit, dêr’t allinnich serieuze minsken oan meidogge!’
‘Ahhh. Skiter…’ rôp it frommiske, ôfgeunstich tink? Ik fyn it tige orizjineel. Folslein op it ritme fan it nûmer mei dat beweechlike liif, alles kloppet. Dûnsje en sjonge tagelyk! sjonge kin er goed genôch! Hy mei fan my troch!’
In tredde sjuerylid dat hieltyd mei de eagen rôle fan skiligens: ‘Ik tink dat myn froulike kollega eefkes it paad bjuster is. Lykas myn buorman al sei, sjoen it seksueel laden boadskip fan dit…. eh… optreden, sis ik nee… en eh… hy kin by lange nei net tippe oan it nichterige taknypte lûd fan ’e ‘King of Pop’.’
‘Heden hitskes jonges… de seal fynt it prachtich!’ rôp it frommiske teloarsteld, nee it falt my echt fan jim ôf. Lit him dochs trochgean nei de twadde omgong… sjoch dan…hy hat him út ’e ‘naad’ wurke ommers!’
It sjuerylid mei ûnderkin: ‘ Nochris, wy meie in skeanbiljende spastikus op wite sportsokken dy’t sjongt as in berchgeit net trochgean litte. Wy sitte hjir om ús stim te jaan, en twa witte mear as ien!.’
It frommeske: ‘Twa kinne soms minder ferstân hawwe as ien ja!’ ‘Hearejezus noch oan ta wat in dom praat, jimme manlju witte ferjamme noch net iens wêr’t Abraham de moster helle.’
It skilich sjuerylid gnizend: ‘of Adam de Curry!’
Underwilens wie ik al fan it poadium ôfrûn doe’t de trije noch wakker oan it hûntheien wienen. Ik waard tusken de kûlizen opfongen troch alwer in bekende Nederlanner, dy’t my in boartlik tikje op ’e kont joech. Mar dat hiene se út ’e opname knipt, sa’t bliken die út ’e televyzje-útstjoering in wike letter.
Doe’t in buorjonkje my ûnder it besjen fan it optreden de read lakte sloffen oan de fuotten skode, frege er my oft ik gjin lêst hie fan de banale wize wêrop’t benammen de beide manlju my ôfseame hienen.
‘Och’, sei ik, ‘ik bin leau ’k op tiid fan it poadium ôfrûn.’
Ik jûke oan ’e noas. Ik hie in pear dagen net mear oan it swollen fan ’e snotkoker tocht, mar no’t it optreden west hie, begûn er wer ôfgryslik te tûkerjen en te jûkjen.
‘As de noas noch searder begjint te dwaan, dan moatte jo der moarn mar ris eefkes mei nei dokter ta buorman,’ sei it buorjonkje. ‘It moat net al te lang mear duorje, jo hawwe him al hielendal iepenklaud!’
It sei my neat, want ik wist dat ik mei of sûnder noas in grut artyst wurde soe!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op