Ferdinand de Jong

Keatshomo’s? Kolder

logo.ensafh

It is tiid foar in homopartoer op de keatsfjilden. Dat wie 27-07-2013 de deistelling yn de Ljouwerter krante. Ate de Jong wie de skriuwer. Gjin famylje.
Ien op de 16 minsken skynt homo of lesbysk te wêzen, stie yn it artikel. Skynt. Wêrom stiet der net gewoan: Ien op de 16 minsken is homo of lesbysk? Myn fraach: Wat is de mearwearde fan in homopartoer op de keatsfjilden? Ik ha mei homo’s wurke; in spitigernôch fierstente betiid ferstoarne nicht fan my wie lesbysk; ik sit mei in homo yn in bestjoer. Prima. Neat mis mei, yn ’e regel binne homo’s en lesbiënnes gâns better ûntwikkele as it oer omgongsfoarmen giet as de gemiddelde hetero.

Sjoch, no sjit ik ek al yn de ferdigening. Soks is polityk korrekt nedich, jo moatte earst omstannich út de doeken dwaan dat je neat tsjin homo’s ha, oars falt de goegemeente oer jo hinne. Bollestront is it. Wat is de mearwearde fan in homopartoer dat iepenlik útkomt foar hoe’t se binne? Moatte se dan mar yn ien partoer omdat oars gjin keatser mei harren stelle wol? Wat is dat foar kolder? Mei in fol Sjûkelân dan net ‘Oeps’ roppe as ien fan harren in knapper hat? Moatte se dan ferplicht yn in rôze shirt keatse om mar sjen te litten hoe flink se binne? Hjir binne wy, it earste iepenlike homopartoer fan de wrâld? Sjoch mar, wy ha in moai rôze kyltsje oan, mei bypassende skuon. Dy hat de earste iepenlike homo skuonmakker foar ús te pas makke. Let foaral ek op de moaie, rôze sinnebrillen. De PC-foarsitter spandearret der yn de preek moarnsier en ek noch op it Sjûkelân wiidweidich omtinken oan. Shownieuws en de roddelblêden soenen har sitte te fergriemen, it SBS waarberjocht kaam grif ek fan it Sjûkelân.

Ik soe my deaskamje as ik dêr nei sjen moast. En ik kin my sa yntinke dat der op de tribune yn Frjentsjer ek mannichien mei kromme teannen nei sjen soe. Net omdat dyselde in hekel oan homo’s hat, mar omdat dy ek leaver ha soe dat der sa no en dan ien tusken rint dêr’t elts wol fan wit dat er homo is, mar dat mei gjin namme ha. Krekt lyk as dat it gjin namme ha mei dat in puber nei klassike muzyk harket of dat beppe graach darte mei. Dat der lannen binne dêr’t homo’s net akseptearre wurde, dat der yn guon tsjerken om genêzing bidden wurdt as it om homofily giet, lit dêr de oandacht nei útgean, dat binne saken dêr’t wat oan dien wurde moat. Net it min ofte mear twongen út de kast komme. Lit elts dat sels witte.

Ik kin my net yntinke dat mocht ien fan in winnend PC-partoer mei syn partner op de foto yn de krante stean mei as tekst: ‘Myn freon is ek út de skroeven, wat is dit in prachtige dei!,’ der minsken oer falle soenen. Normaal tinkende minsken soenen it moai fine en wienen bliid dat dyselde de PC wûn hie. Dêr hoege jo net foar yn in homopartoer te keatsen. Sa’n aksje foar in homopartoer wurket averjochts en aksintuearret it ûnderskied tusken homo en hetero, wylst dat ûnderskied der net wêze moatte soe.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
1 Reactie
Inline Feedbacks
View all comments
Joute
Joute
1 maand geleden

Folslein mei iens