André Looijenga

Ensafh Fryske Literatuerkwis

logo.ensafh

Hoe goed werkenne jo eins de begjinrigels fan klassike Fryske boeken?

De earste rigels fan grutte literêre boeken (en ferneamde gedichten) út ‘e holle kinne, as der ien manier is wêrop’t literatuer har sosjaal-ekonomyske nut bewiist is it yn de ynformele sitewaasjes wannear’t jo soks yniens yn de macht ha moatte.

“Behalve den man, die de Sarphatistraat de mooiste plek van Europa vond…” “De portier is een invalide…” “It was the best of times, it was the worst of times…” “Als Gregor Samsa eines Morgens aus unruhigen Träumen erwachte…”

Steane jo mei de mûle fol tosken, bewize jo jo minmachtige belêzenens (en de superioriteit fan jo ‘freonen’). Hawar, fansels oerkomt jo soks net. Dêrom hjir even in maklike test fan jo alomfiemjende belêzenens yn it Fryske proaza. In kwis, tsien fraachjes, de begjinsinnen fan ferneamde Fryske romans út de lêste trijefearnsieu. Jo hawwe se fansels allegear yn ‘e kast set, nei’t jo se mei de hiele húshâlding stikken lêzen hawwe, dat in aike is dit foar jo…

De tsien fragminten binne werstavere nei de hjoeddeistige stavering, om it krekt wat dreger te meitsjen. De útkomst ferwiist nei in wichtich Frysk literêr barren, dat ynkoarten op priemmen stiet. (Oer de útslach kin grifwol korrespondearre wurde; dêrta hawwe wy tsjintwurdich in moaie reaksjemooglikheid op ús side.)

In soad súkses en wille!

1)
Nim bygelyks it deade knyntsje dat ik yn ‘e Hollumer dunen lizzen seach, al stiif nim ik oan, de poaten en de kop rjochtút. It waaide fûl út it westen wei en der siet kjeld yn ‘e loft. Tsjin sânen begûn it te reinen, swiere, swypkjende drippen, dy’t de swaaiende banen fan ‘e ljochttoer krústen. Der wie nearne in skûlplak, de beammen lekten allang troch en ik stapte de dyk lâns nei it net te finen, en faaks net besteande adres, allang trochplakt en ynkâld – it joech dochs niks mear.

A: Trinus Riemersma, Fabryk (1964)
G: Trinus Riemersma, Minskrotten – rotminsken (1966)
E: Trinus Riemersma, Myksomatoze (1974)

2)
It is al hiel wat jierren ferlyn, doe waard der op ien fan dy keale boppesealen – it binne gjin sealen as men dan teffens tinkt oan pracht en preal – fan in grutte doarpsherberch yn it Noard in lyts boerehuzinkje feild, dêr’t hast nimmen rjucht bestek op hie. Dochs lei it net ûngaadlik en foar de keaper soe der wol wat los lân by te hieren wêze, wat bou en wat greide; it wie doedestiids lang net sa djoer as in diel jierren letter.

L: Ulbe van Houten, De sûnde fen Haitze Holwerda (1938)
N: Reinder Brolsma, Groun en minsken (1940)
Y: Abe Brouwer, De nijboer fan Lycklamastate (1947)

3)
De tsjustere keamer wie lang en breed. Hy wie al grut, fûn er. Grutter as de bank, hast grutter as de hege tafel, grutter as de grize finsterbank. Hy krûpte ûnder it gerdyn troch en seach troch it rút. It reinde noch in hiel lyts bytsje.

P: Anne Wadman, As in lyts baeske (1973)
S: Jaap Krol, Nûmers, fiifentritich hûskeamerferhalen (2004)
Q: Cornelis van der Wal, Kening Kees (2008)

4)
Ravens roppe in nije dei yn it ljocht; har skrille gjalpen kleauwe de slomme. Hokker boadskip se bringe, wit ik net. Nee, dat is net wier, ik wit it wol. Dêrom wol ik ek lizzen bliuwe. En om’t de bonken my sear dogge, alle dagen in bytsje mear. Ik wurd fan jeld begnobbe, en smarsels noch drankjes jouwe langer ferromming.

I: Piter Terpstra, De dei is forroun (1972)
B: Durk van der Ploeg, It libbet mar amper (1976)
A: Willem Schoorstra, Rêdbâd, kronyk fan in kening (2011)

5)
Yn ‘e fierte boldere in lege haaiwein oer de dyk by de feart lâns. In skipper tûtere foar de brêge. Doe wie it stil. Allinnich kweake inkeldris in iensume froask. Syn lûd wie it hoeden begjin fan it libben, dat him net earder as by jûntiid oppenearje soe.

F: Homme Eernstma, Leafdedea (1963)
T: G. Spaanderman-Wielinga, It loeder fan Clancarty (1966)
E: Steven H.P. de Jong, In spylman op it binnenpaad (1999)

6)
Wo wie libben en der wie dea en de Azandes dûnsen dat it die.
It doarpshaad wie stoarn, wêrom soe der dan net dûnse wurde? De geit wie slachte, foar elk hie der te iten west en bananebier wie der by ‘t fetfol. Dit dûnsen wie foar de giene, moarn soe it wer wêze, dan foar de kommende man.

A: Watse Cuperus, Swart mar leaflik (1949)
R: Pier Feddema, Gods terskflier (1959)
H: S.M. van der Galiën, Swarte keap (1969)

7)
“Watst dêr net fine kinst,” sei Sierd.
Wy rûnen oer de bylzen, foarby it spoarhûs. De bylzen wienen glysterich. Ik glied der in pear kear by del en stapte op ‘e rjochter rail, sette de learzens dwers del en begûn mei de earms wiidút te rinnen.

S: Doeke Sijens, Nei it lân fan palmerûzjen (1998)
T: Nyk de Vries, Rezineknyn (2000)
E: Janneke Spoelstra, In Jikse-libben (2008)

8)
In lâningsbaan by jûntiid. Troch rein en tsjuster taksyt in fleantúch frontaal op de glêzen koepel fan de oankomsthal ta. Boppe it foarrút fan de kokpit wurde ljochtjaande nammen sichtber. SPITSBERGEN – LJOUWERT. As it tastel sa nei is, dat inkeld it wurd ERGE it eachweid follet, stiet it dreunend stil.

E: R.R. van der Leest, Frouljusgambyt (1986)
K: Jitske Kingma, In dûk yn de Ganges (1989)
X: Josse de Haan, Piksjitten op Snyp (1999)

9)
Guon minsken leit it op ‘e lea, mar hy hie noat foargefoelens hân, dat it kaam him diskear ek oer ‘t mat. Hy hearde de losse planken yn ‘e brêge ratteljen en doe’t er him omdraaide, kaam it ljocht de reed del. Fuort letter wie it út, mar de motor rûn troch.

S: Rink van der Velde, De fûke (1966)
A: Tiny Mulder, Tin iis (1981)
Y: Ferdinand de Jong, Guozzeflecht (2010)

10)
In man. Hy sit yn in keamer en hat in glês wyn foar him stean. Hy harket nei it klarinetkwintet fan Brahms. Oan in taffeltsje yn ‘e hoeke fan de keamer sit syn frou. Se is oan it haken. Se hat ek in boek foar har lizzen. It is jûn.

T: Piter Boersma, Skuor (1982)
R: Hidde Boersma, De gewoanste man (2011)
Z: Ate Grypstra, It beest fan de Westereen (2011)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *