Boek fan Eppie Dam nominearre foar IBBY honourlist 2014

logo.ensafh

It bysûndere printeboek Fjouwer dappere mûskes fan Hegemer Gerrit Terpstra en Balkster Eppie Dam is op advys fan de stichting It Fryske Berneboek foardroegen foar de IBBY Honourlist 2014.

Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makke in skilderachtich mûzeboek en frege skriuwer Eppie Dam om der wurden oan te jaan. Foarmjouster Monique Vogelsang makke der in moai gehiel fan.
Om de twa jier jout IBBY (International Board on Books for Young people) de Honourlist út, in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit, útjûn yn mear as 70 by de IBBY oansletten lannen. De nasjonale seksjes fan IBBY meie boeken foardrage dy’t útblinke troch tekst, yllustraasjes of oersetting. Omdat Nederlân twatalich is, wurdt neist in Nederlânsk boek ek in Frysk boek foardroegen.
Fjouwer dappere mûskes ûndernimme in reis út ‘e fjouwer wynstreken wei. Se wolle fierder sjen as it lân dêr’t se weikomme. It wurdt foar alle fjouwer in drege en gefaarlike tocht. Mar dan op in dei komt it krúspunt fan paden yn ‘t sicht. In boek oer it moetsjen en byinoar wenjen fan ferskillende kultueren.

Boekgegevens:
Eppie Dam, Fjouwer dappere mûskes
Yllustraasjes: Gerrit Terpstra
ISBN: 978 90 6273 918 9
Ferkeappriis: € 15,95

Boarne: Balkster Courant

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op