Piter Boersma

It Fryske literêre libben (11): Nominaasjes foar de Gysbert Japicx-priis

logo.ensafh

(Foarlêzen op jûn oer de Gysbert-nominaasjes yn De Bres yn Ljouwert op tiisdei 10 septimber 2013.)

Ik ha wer in boek útbrocht – in dichtbondel dizze kear. Wat wer in ellinde, dy kritisy. De iene fynt it boek geweldich, mar út wat wat er skriuwt docht bliken dat er gjin snars fan it hiele boek begrepen hat. In oaren fynt it neat, mar hat der sa docht bliken ek neat fan begrepen. Wer in oaren hâldt him wat op ’e flakte, hat in myld oardiel, mar tusken de rigels troch is wol te lêzen dat er der tûzen en ien ding op oan te merken hat. En dan wie der de kritikus N. dy’t myn bondel bagger fûn, mar tusken dy bagger dochs in pear gedichten ûntduts dy’t him wakker oan stiene. Foar my wiene dy gedichten op it rântsje fan wat ik tsjinoer mysels ferantwurdzje koe, mar ik wist dat se wol krekt yn it strjitsje fan ’e kritikus N. pasten. Hy soe myn bondel ôfbrâne, mar om dy stikmannich gedichten soe er net hinne kinne. It kaam krekt sa út. As ik earlik bin ferflok ik mysels wol om it spultsje dat ik spile ha, want yn dy bondel stean no in stik as fjouwer fiif gedichten dêr’t ik winliken net achter stean. Ik ha swak west, tajûn oan in oar syn smaak. Al wie it dan boarterij.
Wêrom skriuwt in auteur syn boek sa, set er it sa yninoar en net oars? Ik sitearje no wat út in hiel apart boek: ‘Mar wêrom lieten jo it sa? En no sille se my, sûnder myn antwurd ôf te wachtsjen, like fûl útmeitsje foar stommeling, ûlewapper, stomme ein, omkoal, prutser, knoffelhakke, nimmennet, kloat en drol – en wat der noch mear oan ûnfrisse beneamingen binne, as de koekbakkers fan Lerny diene mei de skieppehoeders fan kening Gargantua – En fan my meie se, om Brechje te sitearjen, en sa folle as se wolle; want hoe koene se foarsjen dat der wat wie dat my twong om it 25e haadstik fan myn boek earder te skriuwen as it achttjinde ensfh. – Ik nim it dus net ferkeard op – Ik hoopje allinne dat de wrâld dêr de learing út lûkt om “minsken har ferhaal fertelle te litten op harren eigen wize.”*
De skriuwer en syn lêzer, de skriuwer en syn kritikus, dat betsjut wat!

En no hat de sjuery foar de takenning fan de Gysbert Japicx-priis miend elkenien der ta út te noegjen om te sizzen wa’t neffens him of har de priis krije moatte soe. Net om se mei beslisse te litten, mar om aksje om ’e priis hinne te kreëarjen. Ik ha my alteast fertelle litten dat it idee by de sjuerys sels weikaam. Mar as it by de provinsje weikommen is, soe my dat ek net fernuverje, want de provinsje is alderôfgryslikst foar reuring. Wêrom? Dat is goed foar de PR fan de Fryske literatuer.
Ik fyn it mar neat. Ik leau der net yn. Want wat wurdt der mei beklamme? Dat de miening fan de sjuery folslein subjektyf is. Is dat de bedoeling?

It is wier dat de Fryske literatuer wol wat reuring brûke kin, mar oft nominaasjes foar de Gysbert Japicx-priis ek in geskikt PR-middel binne is de fraach. De priis sels hat gjin ekstra PR nedich hat. De Gysbert Japicx-priis hat prestiizje, it is in serieuze priis, in priis mei kasjet, in priis dêr’t elkenien by opsjocht. De takenning is foar in auteur fan belang. Dêrút kin ek konkludearre wurde dat de sjuerys út it ferline it trochinoar nommen goed dien ha.
En wis, mei de nominaasjes is berikt dat der no al in skoft lang omtinken is foar de nominearre dichtbondels en net allinne aanst foar de auteur dy’t de priis takend krijt. Dat is in foardiel, mar diskusje oer de nominaasjes en it skriuwe litten fan essees dêr’t de skriuwers fan har foarkar útsprekke moasten foar ien fan de nominearre bondels en it foar dizze jûn oanlûken fan twa sprekkers dy’t har foarkar nei foaren bringe moatte, it fynt allegear plak binnen it bekende rûntsje, it is in folslein elitêre saak. De potinsjele gewoane lêzer sil – as er der fan heart – sizze: ‘Wat in grinerij.’ En ik ha yn de boekhannels, yn de media neat murken fan in nominaasjesirkus. Ik ha net idee dat ek mar ien útjouwer der wat mei dien hat.
De priis, de Fryske literatuer yn de etalaazje sette, hat fêst it doel west, mar dat doel is perfoarst net helle.

It is moai dat der in Gysbert Japicx-priis is, it is moai dat in sjuery him bûge mei oer de útjeften út in beskate perioade om te sizzen hokker boek of oeuvre sy op dat stuit op grûn fan troch harren fêststelde kritearia wichtich genôch, of sels it bêste fine binnen de dynamyk fan it literêre fjild om foar de priis yn oanmerking te kommen.
Wy witte lykwols ek dat oangeande literatuer prate oer it bêste by einsluten gjin doel hat. Yn literatuer bestiet it bêste net. Dat komt om’t der gjin absolút objektive mjitstêven bestean en ek net te meitsjen binne om soks fêst te stellen. By einsluten giet it om in subjektive kar, de smaak fan de sjuery. Om de smaak fan de tiid ek, wat hjoed appresearre wurdt, wurdt letter net mear nei omsjoen. Mar goed, sjuerys dogge wat der fan harren ferwachte wurdt: harren punt meitsje. Foar it prestiizje fan de priis is it wol fan belang dat in sjuery net mei in neffens de literêre gemeente folslein bespotlike kar komt. Mar al komme se mei in te ferdigenjen kar, op in takenning falt dochs altyd wat of sels in hiele protte ôf te tingjen. Mar nochris, moat dat beklamme wurde? Ik leau dat it gjin doel hat en by einsluten sil it kasjet fan de priis der mei ûnderút helle wurde.

Of sit alles hjoed-de-dei oars yninoar? Slaan ik de planke mis. Hat myn perspektyf syn tiid hân?

Ik konstatearje dat op it idee fan Tresoar om twa resinsinten – ien yn De Moanne en ien yn Ensafh – har ljocht skine te litten oer de nominaasjes troch de beide tydskriften posityf reagearre is en dat twa kritisy har der graach op stoart ha.
Ik konstatearje ek dat ik sels tasein ha om oan dizze jûn mei te wurkjen. Wêrom? Ik mei mysels graach wiismeitsje dat ik taoïst bin en in taoïst set de hakken net yn ’t sân, mar beweecht mei. Ja eins soe ik swije moatte: ‘Ast besikest om greep op ’e wrâld te krijen troch dy der mei te bemuoien dan sil dy dat út myn stânpunt wei besjoen hielendal net slagje.’ Wês yn ‘it libben sels’ mar ris konsekwint!

En no moat ik sizze hokker bondel ik de priis ta ha wolle soe.

Allinne poëzy dy’t tagong krijt ta myn liif ha ik echt wat mei. Myn geast, myn inerlik of hoe’tst it allegear mar neame wolst, huzet yn myn liif, is der ûnderdiel fan. In ferstanlike reaksje is in amputearre reaksje. Allinne de reaksje fan myn bealch is in alomfetsjende reaksje.
Der is poëzy dêr’t men neat fan witte wol, de stikels by opset, dy’t men ôfwart, der is poëzy dy’t jin neat docht en folslein by jin delglidet, der is poëzy dy’t net by jin delglidet, mar dêr’t jin wol in tal organen sear fan dogge, der is poëzy dy’t jins liif ferdraacht nettsjinsteande lytse pyntsjes, der is poëzy dy’t jin enerzjy jout. Mar poëzy dy’t folslein foar myn liif makke is bin ik noch net tsjin kommen. Altyd ûntbrekt der wat oan, altyd mankearret der wol wat oan. By de iene kear lêzen dit en by de oare kear dat, mar dochs, poëzy dêr’t ik fan sjonge en springe moat, dy is der in protte en aldergelokst ek binnen de Fryske literatuer – al kin ik soms sels sokke poëzy net ferdrage.

En dan skriuwt men in resinsje of giet men yn in sjuery sitten of jout men yn in setting sa as no jins betinken, dat wol sizze, men manûvrearret jin yn in situaasje dat men ferplichte is om wat men fynt, fielt te ûnderbouwen, der arguminten by te betinken. En by einsluten is de auteur nei it oanhearren fan jins betinken hoe dan ek teloarsteld of wurdt er sels gek fan argewaasje. En oare lêzers en kritisy wurde poer om’t sy it hielendal oars sjogge, dat harren liif oare sinjalen jout.
Mar nim fan my oan, wat resinsinten en sjueryleden ek nei foaren bringe, it is gjin ûnsin, it jildt allegearre. Nim it yn alle gemoedsrêst ta dy, lit it syn wurk dwaan yn dyn liif. Ferset dy net, wês net lilk, wês net bang, wês iepen.

Ik kriem koart.
Fan de sân nominaasjes glide trije by my del: de poëzy fan Eppie Dam, Harmen Wind en Abe de Vries docht my neat. Wis harren poëzy kinne technyske fertsjinsten by oanwiisd wurde, mar de mannen gripe my net mei wat se te sizzen hawwe. Foar my is it sabeare poëzy.
De poëzy fan de beide Hettinga’s glidet net by my del, mar der mankearret tefolle oan om troch myn liif akseptearre te wurden.
Tsjêbbe ferûngelokket faak mei syn technysk kinnen, hy hat gjin rem en gauris komt de saak net goed op syn poatsjes telâne, o wat in protte wurden, mar komt er dêr no mei ta syn doel en wat is syn doel? Ja, my betsjoene wol er, mar dat rêdt er net mei mar ien alles oerwoekerjend aspekt.
Eeltsje dichtet wat my oangiet faak te folle mei it boarst foarút en syn poëzy is faak tefolle kommentaar. En dêr krij ik bytiden safolle argewaasje fan dat ik like mâl om my hinne slaan wol as er sels faak docht.
Elske Kampen har poëzy komt wol by my binnen, mar net mei krêft. It slacht by my gewoan net fûl genôch ta.
Wat bliuwt oer? De poëzy fan Jacobus Quiryn Smink. It is poëzy dy’t dûnset en springt, dy’t ferrassend is, dy’t autentyk is, dy’t beantwurdet oan wat ik fan poëzy ferwachtsje (in eigen, dus in oare wrâld). Syn poëzy komt oan. En sis no sels, binnen it gehiel fan de Fryske poëzy docht syn poëzy him dochs foar as in wûnder? Ynhâldlik net foar de poes en tagelyk sa licht, sa ljochtsjend.

En dan meie de nominearren no sizze, dat ik in stommeling bin, in ûlewapper, in stomme ein, in omkoal, in prutser, in knoffelhakke, in nimmennet, in kloat en in drol.

* Laurence Sterne, The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman (yn dielen ferskynd yn de perioade 1760-1777). Der is ek in Nederlânske oersetting fan beskikber: Het Leven en de opvattingen van de heer Tristram Shandy. Kritak – Atheneum – Polak & Van Gennep, Amsterdam / Leuven 1990.

Eardere ôfleveringen fan It Fryske literêre libben:

Nû. 1

Nû. 2

Nû. 3

Nû. 4

Nû. 5

Nû. 6

Nû. 7

Nû 8

Nû. 9

Nû. 10

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op