Goffe Jensma

Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013

logo.ensafh

De opdracht
Mei it oannimmen fan it fersyk om lid te wurden fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2013 wie it ús taak wurden om de bêste poëzybondel oan te wizen dy’t yn de jierren 2009 oant en mei 2012 ferskynd wie en om de dichter dêrfan oan de provinsje foar te dragen as Gysbert Japicx-priis-winner.
Dy sin seit mear en hat ek gruttere konsekwinsjes as dat je yn earste opslach tinke soene. De Gysbert Japicx-priis is bedoeld foar de bêste Fryske poëzybondel en dus net foar de bêste Fryske dichter. It is belangryk om dat te witten, want dêrtroch komme ek bondels yn de beneaming fan dichters dy’t net mear ûnder ús binne, omdat se krekt yn de ôfrûne perioade ferstoarn binne mar noch al publisearre ha. Wy tinke oan en betinke Harmen Wind en Tsjêbbe Hettinga. En omdat it sa eksplisyt om de bêste poëzybondel gean moat, meie fansels âld-Gysbertwinners ek gading meitsje, sterker noch, de provinsjale opdrachtformule makket yn ús eagen dat se net bûtensletten wurde meie. In ekstra mooglikheid biedt it reglemint mei’t de advyskommisje eventueel ek in oeuvrepriis oanrikkemandearje mei. Wy ha dat betingst yn earste ynstânsje opfetten as in mooglike ûntsnapping foar it gefal dat der gjin bondel foarlizze soe dy’t oan de easken foldie.

De proseduere (1)
Dêrfan wie lykwols gjin sprake. Der wurdt net allinnich in protte yn it Frysk dichte, de bêste Fryske poëzy wurdt ek heech oanslein en, sa’t bliken docht út dielname troch Fryske dichters oan (ynter)nasjonale festivals, kin (ynter)nasjonaal ek goed meikomme. Op grûn fan wat wy lêzen ha ûnderskriuwe wy dat folút.
Yn de jierren 2009 oant en mei 2012 kamen der in foech 54 poëzybondels út, ryp en grien, by offisjele útjouwerijen útjûn, likegoed as yn eigen behear, rym en frij fers, supertagonklike en hermetysk ôfsletten fersen. As sjuery ha wy dy folsleine rispinge besjoen en der in earste skift útsouwe. Belangryk kritearium dêrby die bliken wie dat frijwat poëzy hingjen bliuwt yn it partikuliere en yn de gelegenheid en yn dy sin ek amper poëzy neamd wurde kin: poëzy is in ferbining tusken it partikuliere en it universele, tusken it momint en de ivichheid, tusken it gerske en it hielal, en poëzy hat – op wat foar manier dan ek – in algemienere wurkingskrêft. Ienfâldiger en pragmatysker sein: poëzy moat de lêzer bine kinne, oantrune om te ynterpretearjen, om betsjutting sykje te wollen.

De trends
Yn dy totale samling poëzy út de jierren 2009/12 – ryp en grien trochinoar – nimme wy trije trends waar.
Alderearst presintearje hieltyd mear dichters har Frysktalige wurk yn in bredere, twatalige kontekst. Klassyk is dan dat de dichter in tekst jout dy’t hy/sy sels oerset of dy’t hy/sy oersette litten hat en dy’t tagelyk mei de orizjinele tekst útkomt. Elske Kampen har Dit is it gedicht en Tsjêbbe Hettinga syn Equinox binne hjirfan moaie en kwalitatyf ek heechsteande foarbylden. Noch fierder giet Albertina Soepboer yn har bondel De trektocht, dêr’t se Frysk en Nederlânsk wurk njonkeninoar yn publisearret. Wy sjogge yn dy meartaligens in ôfspegeling fan hoe’t minsken yn Fryslân tsjinwurdich mei talen omgeane en wy wurdearje dy as posityf en ynspirearjend, ek foar de Fryske literatuer.
Wat fierders ek opfalt is hoe’t bondels hieltyd faker yllustrearre wurde of miskien sels in poëtyske útlis wurde fan ôfbyldingen of foto’s. Grif hat dit mei te krijen mei nije mooglikheden dy’t de goedkeapere produksje fan kleureprintwurk jout. Foarbylden as Sprankeskyn fan Abe de Vries, it wurk fan dichteresse/keunsteneres Pim Roodenboog en – nei ús betinken yn dit opsicht mei ôfstân it bêst fan útfiering – Elske Kampen har Dit is it gedicht litte sjen hoe’t yn de poëzy ferskillende media yninoar begjinne op en oer te gean. Dat is mear as in kwestje fan dat it ‘ek wat bylkje moat’. Byld en wurd gripe wêzentlik op inoar yn, ek neffens betsjutting en dus ynterpretaasjemooglikheden.
In tredde, hjirmei nau gearhingjende trend is dat yn de poëzy de grins tusken skriftlik en oraal fierder liket te ferdwinen. Hjir kin men wize op de hieltyd belangrikere oerdracht fan poëzy yn de foarm fan foardracht op festivals en by oare gelegenheden. De CD’s achteryn guon bondels wize derop dat de dichters en har útjouwers dizze trend nei oralisearring ek werkenne. Hjir is sprake fan in ûntwikkeling dy’t begjint by Operaesje Fers en dy’t trochrint nei bygelyks Tsjêbbe Hettinga, Tsead Bruinja en Arjen Hut. Dat binne dan noch allegear foardragers-dichters dy’t útgeane fan de papieren ferzje fan har gedichten, mar wat te tinken fan teksten dy’t primêr oraal binne, lykas it wurk bygelyks fan in rapper as Remon de Jong of in sjongeres as Nynke Laverman? It liket ús ta dat sokken fan har kant it bolwerk fan de papieren poëzy binnenkringe.
Dizze ûntwikkelingen nei meartalige presintaasje en nei multimedialisearring fan kultueruteringen is yn ús eagen net te kearen en wy riede de provinsje dan ek oan om de kritearia foar de Gysbert Japicx-priis yn dy sin op ’e nij te oerwagen en oan te pasjen.

De proseduere (2)
Lykas sein, yn in earste sessy ha wy as sjuery de totale samling oan bondels werombrocht fan mear as fyftich nei fyftjin. Dizze earste skifting wie net hiel dreech en wie ek reedlik unanym. Neigeraden at je fierder komme, wurde de ferskillen lykwols subtiler en lytser en sûnder mis ek mear in kwestje fan smaak. Poëzy is stim, mei in eigen hichte, dynamyk en timbre. Yndividueel ynkleure. En dat makket it dreech om objektyf te fergelykjen. Wy ha besocht om hjir al diskusjearjend út te kommen en dêrby binne wy wer eksplisyt útgien fan de opdracht om de ‘bêste Fryske poëzybondel’ út te kiezen. De oerbleaune fyftjin bondels – en dus net dichters of gedichten – ha wy eksplisyt fergelike op de folgjende punten: ienheid fan kwaliteit, nijsgjirrigens fan tematyk en eigenheid fan stim. Dy proseduere smiet úteinlik in list fan sân nominearre bondels op, dy’t foar elk fan ús al min ofte mear rangskikke wie.
By de alderlêste fazes fan seleksje hat net meispile dat guon dichters ferstoarn wiene of al earder de priis wûn hiene. As wy fûn hiene dat er him takaam, hiene wy mei in kalm gemoed de priis foar de twadde kear oan in – wilens ferstoarne – dichter takend.

De útslach
Dochs stûke it úteinlik en kamen wy yn in alvestêdesituaasje 1956 telâne, nammentlik op in ex aequo finish fan twa bondels, te witten Elske Kampen har Fan glês it brekken en Jacobus Q. Smink syn Sondelfal. Hoe’t wy beide bondels ek liezen en besprieken, wy koene de arguminten net fine om de iene bondel ûnderskiedend better te finen as de oare. Dat kaam krekt ek omdat se sa ferskillend binne, tsjinoersteld hast. Fan glês it brekken is in toanbyld fan klassike poëzy fan útsûnderlik heech nivo en fan in seldsume technyske behearsking, Sondelfal tsjûget fan deselde behearsking fan it poëtysk ark, mar brûkt dat om boartlik de lêzer mei te troaien nei in ferlerne wrâld. Kampen is soeverein yn har ferstille ôfstân, Smink hast net te kearen yn syn sprankeljende springerigens. Kampen har wurk liket troch dy ferstille ôfstân op in skilderij fan Henk Helmantel, dat fan Smink troch syn bûnte muzikaliteit op ien fan James Ensor. Al hoe ferskillend dus ek, as advyskommisje wiene wy unanym fan beide bondels like folle ûnder de yndruk.
Omdat de Gysbert útrikt wurde moat oan ien dichtbondel, ha by eintsjebeslút bondel-eksterne faktoaren it einoardiel útfalle litten yn it foardiel fan Jacobus Q. Smink, Sondelfal. Hjir is op gjin inkele manier sprake fan in oeuvrepriis, mar Smink syn totale oeuvre (sân bondels fan trochstrings heech nivo) en ek syn desinnialange oanwêzichheid yn it Fryske literêre fjild en syn krewearjen as kritikus, oantruner en stille kracht op de achtergrûn ha de trochslach jûn, it lêste lytse tikje.

De winner
Troch syn tematyk past Smink yn in lange tradysje, dy’t je de tradysje neame kinne soene fan it dûbele ferlies. Yn syn poëzy siket Smink tagong net allinnich ta de paradyslike wrâld fan syn jeugd – in universeel tema –, mar tagelyk ek ta de wrâld fan it ferdwûne plattelân en boerelibben – in tema dat earder oan de Fryske poëzy eigen is. It is de poëzy fan de boeresoan dy’t fan de pleats ôf is. Dat tema hat de bondel Sondelfal mien mei bygelyks it oeuvre fan Obe Postma. De alderlêste rigels fan Sondelfal lykje sels in springerige, dwerse ferwizing nei Postma en dy syn ‘psychysk monisme’:
‘In wûnder sa’t it is in pôle lân foar of nei it soalt my net
Dit; alles is fan nei en alles is fan foar
En dy’t libbet dy’t net stoar.
Yn dit type poëzy kin (yn ‘Foarby de tiid’) in jonkje oer in moudich ‘wiidskonkich paad’ in sprookjeswrâld ynrinne – ‘Der wie ris…’. Mar de kracht derfan is ek dat:
‘Dat wiidskonkich paad is der noch
Omdat ik dat wol.’
Of yn it titelgedicht ‘Sondelfal’`, dêr’t de dichter yn weromkomt nei Sondel:
‘Mei it hert op ’e terp
kaam ik op Sondel del…’.
Mar ‘Sondel’ is ôfgroeven troch in kraan,
‘Dy biet stikken en biten
fan it ûnbeskreaune ôf
En ik seach it te let.’
En dêr leit de oantrún ta dit dichtsjen. Mar fansels, te let! Ommers it paradys kin net ferlitten wurde sûnder Sondelfal.
De tematyk mei eigen wêze oan de Fryske literatuer, mar hoe’t Smink dat dan hat, dat iepenjen fan dy ferlerne wrâld, dat is in wûnder fan orizjinaliteit en dichterskip. Yn Sondelfal slagget er deryn om de lêzer hielendal op de doele te bringen mei nijfoarmingen, ellipsen, wylde assosjaasjes, tsjustere metafoaren en tagelyk liedt er de lêzer ek wer streekrjocht nei Sondel. Tagelyk ek tsjoent er de lêzer dat Sondel sa helder foar eagen dat er der hielendal nostalgysk wee mei fan wurdt. Om yn deselde tel te sjen hoe’t yn in wiere Sondelfal dy herinneringen as fjoerwurk wer útinoar spatte.
Smink hat wat mei it momintane fan de waarnimming, by him liket it allegear fanwegen te kommen yn de ‘de mily fan in eachwink’. Sa’t je yn minder as in ‘krappe tel’ foar in frou falle kinne (yn ‘delslaan fan in eachopslach’), sa jout mooglik ek de stilte tusken twa tikken fan de klok (‘Stille tiid’) tagong ta de ivichheid fan it jeugdparadys. Yn in byld dat samar yn him opkomt, troch in âld wurd dat ynienen in nije betsjutting krijt of in ekstra lading of dat ferfoarme wurdt. Knoffeldebonk, toffeldeskonk kin de wrâld yn dizze kaleidoskoop fan waarnimmingen, wurden, assosjaasjes en bylden op ’e kop komme te stean, kin licht swier wêze en wurdt swier licht makke.
It knappe fan dit alles is dat it allegear sa fanselssprekkend en maklik liket, as is it him samar foar de fûst wei út de pinne rûgele. Mar dêr sit fansels de oast. Ien dy’t sa mei wurden balletdûnsje kin, dy hat lang oefene om him de behearsking fan syn sierlike spieren eigen te meitsjen. Dy seldsume kombinaasje fan ambacht en talint makket mooglik dat yn Sondelfal it doe en no, de wrâld fan it bern en dy fan de folwoeksene op sa’n wize mei-inoar ferbûn reitsje dat se it partikuliere fan de eigen jeugd hiel krekt beneame en tagelyk oerstiigje en universeel werkenbere wearde jouwe.


Post scriptum

Oant safier it sjueryrapport. Om ôf te sluten wolle wy graach noch in koarte opmerking meitsje, net oer Jacobus Smink, mar oer de takomst fan de Fryske literatuer as gehiel. In pear wiken ferlyn hie ik it der oer mei in pear minsken en wy fregen ús ôf hoe’t it skreaune Frysk en de Fryske literatuer it bêst profitearje kinne soene fan it Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa-projekt. Wat hat it skreaune Frysk yn Europa te sykjen? Wy witte dat de Fryske literatuer, lyk as de measte lytse literatueren, it om mear as ien reden ôfgryslike dreech hat, dat der hieltyd minder boeken printe en lêzen wurde. Wat moat dat yn Europa wurde?
Wy tinke lykwols dat der yn dy Europeeske kontekst krekt ek in soad mooglikheden lizze en dat de skriuwers har dêr op tariede moatte. En op ien sa’n mooglikheid wol ik hjir wize, omdat dizze priisútrikking dêr de gelegenheid foar is. Sa’t jimme miskien witte bestiet der in Europeeske priis foar literatuer, útrikt troch de Europeeske Uny. Krekt dizze wike is dy wer takend. Dy priis is ornearre foar skriuwers út de grutte nasjonale literatueren. Wat soe der no moaier wêze en ek produktiver foar de Fryske literatuer en oare lytse literatueren as Fryslân yn it ramt fan Kulturele Haadstêd it inisjatyf nimme soe om in twa- of trije-jierlikse oeuvre-priis yn te stellen foar skriuwers út minderheidstaalgebieten? Sa’n inisjatyf, mits goed útfierd, sil grif in yntinsivearring fan de kontakten fan wjerskanten en fan it oersetten, it útjaan en it lêzen fan elkoars wurk mei him mei bringe. It liket my ta dat hjir foar Fryslân, ek yn syn rol as foarsitter fan it Europeeske Network to Promote Linguistic Diversity (yn de persoan fan ús Deputearre fan Kultuer Jannewietske de Vries), net allinnich in skoandere taak leit, mar ek in útdaagjende kâns, in kâns foar Kulturele Haadstêd, foar Europa en foar de Fryske literatuer.
Ik ha sein. Tank foar jimme oandacht.

Mei ut namme fan Jetske Bilker en Jantsje Post

Goffe Jensma (foarsitter fan de advyskommisje).

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op