Albertina Soepboer

Altyd wer dûnset myn hurde maart

logo.ensafh

Wat ik net staverje koe: de graffiti op in muorre
de kofje yn ’e trein, dyn hannen dy’t yn in letter
jier komme soenen en ik frege my oan ien tried wei
ôf, gliidzje ik fan de dagen ôf, hat immen it ljocht

betocht of bin ik sa mankelyk as de hûnen yn it A-
kwartier dêr’t de maartske moanne trille op it punt
fan nachtenlang âlde fuotstappen telde ik sa fan ja
ik bin net lokkich, ik bin de wyn, ik bin it lêste punt

no bin ik wol âlder, no fiel ik krekt dyn hannen, no
bin ik langer, wizer en tryster, sadder though woman-
like, ha ik de djipreade lippestift en wit ik wol hoe’t

ik dûnsje sil as de planeet yn myn palmen raant en ik
tink altyd oan dy, altyd oan in oar, oan dy dy’t ek sa
dûnset op it hurde ritme fan ’e platte ierde ûnder ús.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op