Nije literêre debutantepriis

logo.ensafh

Der komt in nije literêre priis foar debutanten, de Douwe Tammingapriis. Dêrmei moat jongere skriuwers oanmoedige wurde proaza en poëzij yn it Frysk te skriuwen. It soe ek in ympuls foar de ferkeap fan Fryske boeken wêze moatte. De priis is yn it libben roppen troch it FLMD, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, ûnderdiel fan Tresoar. Oare partners binne boekhannel van der Velde, de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân. Oanlieding is dat de provinsje opholden is mei de Fedde Schurerpriis foar debutanten.
 
 Boarne: Omrop Fryslân
 
 
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *