Ane Bote Jukema

De groeispurt fan in lytse boer

logo.ensafh

It wie nachts trije oere doe’t Klomstra wekker waard fan in frjemd lûd. De boer kaam fan ’t bêd ôf, die de doar fan de keuken nei de skuorre iepen, die it ljocht dêr oan en doe seach er midden yn de skuorre in ûnbidich grutte man stean mei in pakje hea yn de hannen.

‘Wat moat dat dêre, bliksem!’

‘Goeie,’ sei de grutte man. Hy wie seker twa meter lang en hast in meter breed. ‘Ik woe in pakje hea fan jo keapje foar myn geit.’

‘Soa, midden yn de nacht?’ Klomstra wie sels mar in lyts, tin mantsje.

‘Ik miende dat boeren der altiten betiid ôf wienen, dat ik tocht: kom, ik weagje in skot. Wat kostet sa’n pakje?’

‘Hoe binne jo deryn kommen?’

‘De duor stie iepen.’

Klomstra seach nei de skuorredoar dy’t út de hingen lei. ‘Jo ha ynbrutsen!’

‘Hoe komme je derby, wêr sjogge je my foar oan?’ Doe knikte er nei it pakje. ‘Wat moat dit pak hea kostje?’

‘Ik skilje de plysje!’

De grutte man liet it pakje falle en kaam mei grutte stappen op de lytse boer ôf. Hy wie minstens twa koppen grutter. ‘Ik frege jo wat dat pak hea my kostje moat!’

‘Dat is net te keap.’

‘Mar ús geit moat te fretten ha.’

‘Nee,’ sei it boerke en hy woe nei de keamer dêr’t de tillefoan stie.

De grutte man pakte him yn de krage. ‘Wat sil dit!’

De lytse boer waard benaud. ‘Jou dan mar in tientsje.’

De grutte man loek de lytse boer doe oan de revers nei him ta.

‘Meitsje der mar fiif euro fan.’

De grutte man tilde de lytse boer in eintsje fan de grûn.

‘W-Wat binne jo grut. Ik ha noch noait sa’n grutte man sjoen.’

‘Der binne wol trúkjes foar om grutter te wurden.’

‘O ja, m-mei ik witte hokker?’

‘Ik wol jo wol ien trúk sjen litte, yn ruil foar it pakje hea.’

‘D-Dat is goed!’

‘No, kom dan mar even mei.’ De grutte man gong de lytse boer foar nei de golle. Dêr hong in stik tou oan in grutbynt. De grutte man die wat mei dat tou en tilde de lytse boer doe omheech en troppe him mei de kop yn in strûp, dêrnei liet er him foarsichtich los.

De lytse boer aksele tsjin, mar hie neat yn te bringen, de grutte man wie fierste sterk.

Doe pakte de grutte man in âld stoel earne út de skuorre wei en goaide dy op de grûn ûnder it boerke. ‘Sa, as se jo aanst oer in tal dagen fine, doar ik te wedzjen dat jo in pear sintimeters langer wurden binne,’ sei de grutte man en hy rûn nei de doar, mei it pakje hea ûnder de earm.

Klomstra spinpoate en rochele wylst de grutte man mei ien hân de skuordoar wer yn de hingen tilde. Dêrnei seach er noch ien kear nei de lytse boer dy’t mei deadseangst yn de útprotsjende eagen syn kant op seach. Hy sei: ‘Alles went, sels hingjen.’ Doe stapte er mei syn pakje hea ûnder de earm nei bûten.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op