Rein de Lange

Sydline

logo.ensafh

fier foarby de ferwachte sinne brekt
in barren iepen, slacht de izeren wolk fjoer
knappe lâningslampen stikken boppe
it krekt ynsiedde fjild mei nij libben

se ferlieze hichte, harren loftskip warber
op de fideofilmkes dy sy jit bewarret yn
beskreaune doazen ûnder har kant fan it bêd

reaget de loft fol stof fan dit twasidich ferline
de ballon brekt iepen, twa parten fjochtsje fûl
de tredde wurdt út it each ferlern

stiet oan de sydline en lit nijberne triennen
rinne, in ûnderstream kuollet syn namme
allinnich, ropt de iensumens op yn oerfloed

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op