Jouke Hylkema

Opspoaring betocht

logo.ensafh

It wienen eins noch mar pjutten, de twilling. Se hienen eins nei de basisskoalle ta moatten fan ’t jier, as dit der net tuskenkommen wie. Ik beseach de tekenings nochris goed, ûnderútsakke yn ’e stoel mei in whisky malt. It jonkje hie in soad fan syn suske fansels, beiden wienen behindige typkes. Hy hie gymskuon oan, in swarte broek, wyt shirt mei swarte streepkes oerdwers. Fierder in eigensinnich kúfke dat him in soarte fan sjarme mei joech. Tûfen hier dy’t him út ’e krún omheech skeaten. Ik seach oan alles dat it mantsje lykas syn suske goed lykrûn. Harren noastopkes krollen proastich op.
It famke hie in hynstesturt, en frjemd genôch itselde foarútspringende kúfke. Se hie in wyt jurkje oan, of wie it in skelk. Ik blêde troch de map mei tsientallen tekenings fan de twa dy’t ik fan de útjouwer meikrigen hie.
Trije stuollen fierderop kuchele in frou fan myn âldens, in smel typke, kreaze brunette, hynstesturt, de hûd kleure troch de lange simmer fan 2009. Ferbylde ik it my of wonk se nei my. Se stie op en flústere de man dy’t neist my siet wat yn it ear. ‘Yes, yes of course’, hearde ik him sizzen wylst er stean gie om fan plak te wikseljen. It frommeske stiek my in hân ta wylst se neist my sitten gie. Ferstuivere seach ik har oan en stiek har de hân ta.
‘Ik bin Jouke Hylkema,’ sei ik mei ûnwis lûd wylst ik har swiete parfum ynsnúfde.
‘Dat wit ik; ik bin Hinny Hokkema’, sei it frommeske de tosken bleat laitsjend.
‘Hinny Hokkema?’ andere ik. Ik liet de eagen oer har stal glydzje. Oantreklik griis, saaklik, hoe wie dit mooglik?
‘Giet dy net in ljochtsje op?’
‘Dochs net Hinny Hokkema dêr’t ik mei yn ’e klasse siet? Kristlike Mavo 1976??’
‘Spiker op ’e kop, klas ien witst noch wol? Ik wie altyd by it groepke Petsje Pleistra, Sanne Kok, Yggy Snarema. Ingelske les by Dykstra, propkesjitte by Wiltink. Hoe komt it dat ik dy hjir moetsje, Jouke, tritich jier neityd yn in fleantastel fan Iran Airlines?’
‘O,’ sei ik wylst ik wat in kleur krige, ‘dat is in hiel ferhaal, ik mei der eins net tefolle oer sizze, ik wurkje yn opdracht sjoch.’
‘Yn opdracht?’ andere Hinny, ‘wat ferrekte spannend, ju. Komt der ek gefaar oan te pas?’
‘No ja, tsjin dy kin ik it der eins ek wol oer hawwe… ik moat foar in opdrachtjouwer twa ûntfierde bern werom sjen te krijen nei Amsterdam.’
‘Untfierde bern?’
‘Ja, sjoch, dit binne se,’ ik oerlange har de tekenings.
Hinny blêde it steapeltsje troch.
‘Goh, bekende gesichten wol, beide dogge my tinken oan personaazjes út dy berneboeken fan eh… hoe hjit se ek alwer.’
‘Janke Y. Smit?’ andere ik.
‘Ja krekt … en dy bern moatsto opspoare?’ Hinny seach my skeef oan, as fertocht se my fan dwylsinnigens.
‘Eh ja, ik bin bang fan wol, ik wurd ynhierd as literêr agint.’
‘Mar eh, hiest dan net feiliger mei de KLM fleane kinnen? De Iraanske ynljochtingstsjinst sit oeral, sawol op motors as ek yn ’e loft!’
‘Och,’ andere ik, ‘it wurdt oeral krapper yn Europa, ek by útjouwers fan namme, altemets hie ik dy de foto’s net sjen litte moatten, no wurdsto ek noch fertocht.’
‘Makket neat út,’ sei Hinny, ‘wy dogge krekt as binne wy man en frou en hawwe wy in mienskiplike hobby!’ Se joech my ynienen in waarme smakkert.
‘Ja, jawis,’ hakkele ik. It wie noch altyd deselde nofteren rjocht foar ’e rape Hinny herinnere ik my ynienen.
‘Och ja, kom, lit ús wat amikaler dwaan,’ sei ik, wylst it tastel ûnderwilens in skerpe dûkflecht naam.
Ik hie har net iens frege wat har nei dizze omkriten brocht.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op