Hedwig Terpstra

“Miskien moatte wy, as skriuwers, better wurk leverje…”

logo.ensafh

Yn petear mei Anders Rozendal oer syn skriuwerij, de KFFB en mear

Thus

Anders (berne yn 1946 yn Easternijtsjerk) is opgroeid yn Nes (Dongeradiel). Yn syn jongfeintetiid hat er fearn, yn Dútslân wurke en frachtweinsjauffeur west. Doe’t der trouplannen kamen, gong er by Philips yn Drachten oan it wurk. In tal jierren ha se yn dat plak wenne. Letter ferfearen se nei De Westerein, doe nei Bûtenpost en, nei tsien jier, nei Ljussens. Sûnt 2008 wennet er mei syn frou Corry Boelens yn Dokkum. Sy ha trije bern en twa pake- en beppesizzers, twa famkes. Syn earste roman wie De Muorre, útkaam yn 2001 by de Kristlike Fryske Folks Biblioteek (KFFB). Dêrnei folgen noch alve romans, in ferhalebondel, in boekje oer ADVINDO, it Ljussemer muzykkorps en Elk foar himsels, in ienakter foar toaniel. Syn lêste boek is dit jier útkaam: De smaak fan alsem.

Wannear binne jo begûn mei skriuwen?
‘Doe’t ik 52 jier wie, dus ûngefear fyftjin jier lyn. Dêrfoar hielendal net. Mar doe stie yn it Frysk Deiblêd in oprop foar in ferhaleskriuwer. Ik skreau in ferhaal, en myn frou, dy’t lesjouster by de Afûk wie, hat it behoffene. Dat ferhaal ha ik opstjoerd, it foel yn de smaak en sa bin ik fêste ferhaleskriuwer wurden by it Deiblêd. Ien kear yn de fjouwer wike stie der in ferhaal fan my yn. Dat ha ik alve jier dien. Op ’t lêst bin ik der sels mei opholden, want it waard hieltyd dreger om wer oer wat oars te skriuwen en ik wol net yn werhellings falle.
Ik ha ek jierren lid fan Hysp west. In hiele gesellige skriuwgroep. Dêr bin ik útstapt om’t de druk fan it alle kearen wurk ynleverjen my te dreech waard.

Dat ik yn it Frysk skriuw is eins in automatisme, want ik tink en libje yn it Frysk. Yn Grins moast ik ris in pear fan myn ferhalen foarlêze, yn it Nederlânsk. Foar dat doel hie ik in pear ferhalen oerset en dy foarlêzen, mar it fielde net eigen. Ik skreau noch net sa lang, doe trof ik Dick Eisma fan de Fryske boekeklup de KFFB. Hy mocht wol oer myn ferhalen, sei er, en frege oft ik net ris wat mear woe. Troch dat triuwke bin ik begûn mei it skriuwen fan romans. Tuskentroch ha ik in pear kursussen folge by Akky van der Veer by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Dat wie noch yn it Skriuwershûs, hiel gesellich.

Myn frou, Corry Boelens, skriuwt ek. Corry hat, behalven in stikmannich ferhalen, no twa romans op har namme: Paadsikers en Wa fertelt de takomst? beide útjûn by de KFFB. Fierder is se aktyf as oersetter. Se hat Eilandgasten fan Vonne van der Meer yn it Frysk oerset, en in grut part fan Het hoogste woord, in bernebibel dy’t as It heechste wurd, al yn in soad húshâldings syn plak fûn hat. Boppedat helpt Corry al jierren de eardere Dongeradichter Akke Brouwer om dy har poëzy yn goed Frysk oer te setten. Tsjinwurdich is se skriuwer/skathâlder fan de KFFB, in funksje dy’t Dick Eisma jierren dien hat. Boppedat is Corry sûnt koart einredakteur fan De Fleanende Krie, it ledeblêd fan de KFFB. Troch al dy drokten fan myn frou bin ik no mear húsman wurden.’

Jo binne aardich produktyf as skriuwer. Hast alle jierren ferskynt der in nij boek.
‘Ja, kloppet. Om dizze tiid hinne, oktober, novimber, begjin ik mei in nije roman en de earste opset moat yn maart, april klear wêze. Yn de simmer lês ik it wol tsien kear troch, en bliuw ik oan it ferbetterjen. As ik myn nocht ha stjoer ik it op nei de KFFB en is it ôfwachtsjen. De KFFB hat in krityske karkommisje, dat der moat wolris it ien en oar feroare wurde. Skriuwe is in iensum berop. Sels mienst op in stuit dat it klear is, mar as ik de krityk fan ’e karkommisje lês, dan moat ik se faak gelyk jaan.’

Alsem

Koarte ynhâld De smaak fan alsem:
Somtiden is it libben bitter as alsem. Dat ûnderfine de trije haadfigueren fan dizze roman ek. No kin men sizze dat Date Veenstra dat oan himsels te witen hat. De lju sjogge him bytiden troch Akkrum bongeljen. Suterich yn ’e klean en altyd in frjemde rook om him hinne. Dêrtroch mije de minsken Date. Of stekke him de gek oan. Dan beslút Date in die te stellen dêr’t noch lang oer praat wurde sil.

Leonard Kortekaas set him, as lieder fan in aksjegroep, fol idealisme yn om jonge bern in better libben te besoargjen. Dreech wurk, Leonard hat gjin liederskipskapasiteiten. As er in freondinne kriget, wurket dat like heilsum as alsemtee. Leonard kin it libben oan. Mar dan komt der in kear.

Foar Jair wie it libben licht. Hy wenne prachtich oan ’e lytse wadi yn it Tibesti-berchlân. Mar as de ‘dei fan Satan’ kommen is, ferlit er foarfaars grûns en flechtet nei Europa. Wa kin dan de smert fan him en syn húsgenoaten draachlik meitsje?

Jo lêste boek De smaak fan alsem spilet yn Akkrum. Wêrom krekt dêr?
‘It moast in plak oan it spoar wêze en net al te grut. De kaart derby en sa kaam ik by Akkrum út. Ik wie net sa bekend yn Akkrum, dat ik ha der in pear kear hinne west. Yn de buorren hast in supermerk en dêr foaroer stie in leech gebou. Op dat plak ha ik de winkel fan Kestermann situearre.’

Hoe binne jo op it idee kaam om dit boek te skriuwen?
‘Lykas mei al myn romans wrakselje ik dêr earst in skoft mei om. Lit ideeën yn my opkomme. Hifkje, priuw se, by wize fan sprekken. Fersmyt se wer en pak it wer op. In hiel proses. Mar úteinlik hat it ferhaal him yn myn holle nestele. En dan moat it op papier.
Yn dit boek steane trije personaazjes sintraal. By de iene draait it om de fraach oft immen it rjocht hat om in oar om te bringen. It personaazje stelt sels dat it gerjochtichheid wêze sil.
In oar personaazje is Leonard Kortekaas. In poerbêste fint dy’t graach wat dwaan woe foar in rjochtfeardiger wrâld. Mar se hienen him te pakken, sa’t wy dat hjoed de dei sa faak sjogge. Frijwilligerswurk? Dat kin hý wol dwaan, of hy, of sy… Sa wurdt soks faak ôfskood. En as jo dan net betankje doare… Leonard skoden se de funksje fan lieder fan in aksjegroep op ’e nekke. Mar hy wie net in lieder. Syn flater wie, dat er it oannaam en net gewoan sei: sykje mar in oaren. En dus moast Leonard bliede. It tredde personaazje: Date Veenstra, dy’t miende dat him ûnrjocht oandien wie. Mar hie Date it rjocht om te dwaan wat er fan doel wie?’

Stienwert

Wat kinne jo fertelle oer jo eardere wurk? Is der in ferbinende tematyk?
‘Ik besykje altyd wer oer wat oars te skriuwen. Faak giet it wol oer rjocht en rjochtfeardigens. Werom nei Stienwert giet oer in frommeske dy’t as jong famke knoeid wurden is. De dieder, in jongbaas, hold har yn ’e skjirre oant er in nij slachtoffer fûn. Mar it hat har nea loslitten en úteinlik makket sy him fan kant. Dat rjochtsgefoel sit der dus dúdlik yn. Fansels bart der mear yn dat boek: Durk van der Meulen, de oare haadpersoan, rekket op in sneue wize fan ’e frou ôf. En dát lit Durk samar net gewurde. Hy siket wegen om har en har nije man te treffen.

Sjamaan

De Sjamaan fan Ealawier is hiel wat oars. In boek mei twa ferhaallinen. Ik hie, en ha noch, ynteresse foar it universum en alles dat dêrmei gearhinget. It boek giet foar in part oer de driging fan in meteorytynslach. Dat soe in regelrjochte ramp wurde. Mar kinne en wolle de grutte mogendheden dat mei harren raketten keare? De oare fertelline giet oer Ealawier, in lytse mienskip. Op in dei set him dêr in easterske man, in sjamaan, nei wenjen. Yn in tintsje. Dat ropt fansels fragen op: Kin dit samar? Wat docht dy fint hjir? Guon behannelje de man net sa’t it heart. Gelokkich binne der ek oaren. Ik kaam op it idee foar dit boek om’t in pear kilometer fan Dokkum in stoepa stiet. In boeddhistyske timpel. Dy boeddhisten hienen fia ierdstrielen útfûn dat it dêr in hillich stee wie, dat dêr moast dy timpel komme. It is al wer in tal jierren lyn en der wie earst wol wat wjerstân tsjin. Dat is al gau oerbettere. Der bart net folle by de stoepa, mar it is in moaie omjouwing, dat ik kom dêr geregeld. Troch dy stoepa bin ik op it idee kommen om Ealawier yn dizze kriten te situearjen. Fansels moast ik my foar dit boek ek wat yn it sjamanisme ferdjipje.’

Jo ha in ienakter skreaun foar toaniel. En jo skriuwe ferhalen.
‘Ja, ik ha ris in kursus ‘skriuwe foar toaniel’ folge by Hans Brans. Oan de hân dêrfan ha ik in ienakter skreaun (Elk foar himsels) en opstjoerd nei STUFT. Se woenen it stik wol ha en it is in pear kear opfierd. Ik wit net krekt mear wêr, earne yn ’e Legeaën, leau ’k. Dêr krige ik letter pas berjocht fan, ik hie it eins wol sjen wollen. Dat wie mar ien kear, ik skriuw gjin toanielstikken mear. Fierder ha ik ek noch in berneboekje skreaun foar myn pakesizzer en har freondintsje. Dat wienen myn opdrachtjouwers. Se fregen my oft ik in ferhaal skriuwe woe oer in hynder. Ik dêrmei teset, mar de fammen betochten der hieltyd mear by: it moatst ek oer dowen, fisken, harten en noch folle mear bisten gean. It waard in hiele bisteboel, mar aardich om dat op te skriuwen. In skoansuster fan my hat der tekeningen by makke. Wy ha der in stikmannich fan printe en dy binne by famylje en kunde telâne kommen. Ik wol noch graach kwyt dat ús soan, Jan Minno in ferhaal skreaun hat yn Neibroei, in jongereinbondel fan ferskate skriuwers, dy’t by de Afûk útkommen is. Dêr steane ek ferhalen fan Corry en my yn.
En fierder: Myn pake, Anders Minnes Wybenga, wie eartiids ien fan ’e foaroanmannen fan ’e KFFB. Pake wie in dichter, mar hy hat ien roman skreaun: It Soenhús, útkommen yn 1937. Dat wie nûmer 3 fan de lange KFFB-rige. Myn earste roman by de KFFB: De muorre wie nûmer 415, De smaak fan alsem nûmer 478.

Ferhalen skriuwe doch ik no net folle mear. In pear jier lyn hat in ferhaal fan my yn Feestlift stien (Wetterloo) en dêr ha ik in priis mei wûn. Feestlift wie in útjefte fan Stifting It Fryske Boek, doe’t de stifting 75 jier bestie. No hat de KFFB in priisfraach útskreaun foar ferhalen, en dêr doch ik oan mei. De KFFB bestiet hast tachtich jier en it bestjoer wol in boekje gearstalle mei acht ferhalen. Dêrom ha se in oprop dien oan alle skriuwers om wurk yn te stjoeren. Dêr is goed gehoar oan jûn, ha ik begrepen. De útslach is noch even ôfwachtsjen, dy wurdt op ’e jiergearkomste, sneon 18 jannewaris 2014, bekend makke. Dy gearkomste is yn de Kuriostsjerke yn Ljouwert en is bestimd foar de leden, mar ek foar oare belangstellenden. Dan wurdt ek bekend makke wa’t de lokkigen binne dy’t de romanprizen foar 2014 wûn ha.’

Anders by Katerveer

Hoe giet it mei de KFFB?
‘Goed, al sakket it ledetal al wat. Eartiids wienen in protte lju út idealisme lid fan de KFFB. Guon minsken binne dat al langer as sechstich jier! Dat hâldt in kear op, mar der komme gelokkich ek wol wat jongere leden by. Sa’n tweintich jier lyn hat de KFFB har belied wat feroare. De ledeboeken hienen foar dy tiid faak in kristlik karakter. Dat hoecht no net mear. De K stiet no mear foar dichtbondels, meditaasjes, deiboeken, bernebibels en prekebondels.
Der wurdt allinnich fan ’e romanskriuwers frege dat se net mei flokwurden struie en net in skala fan platte seks yn har wurk opnimme. Dat seit net, dat der gjin seks yn myn boeken stiet, en ek it leauwen gean ik net út ’e wei. It is trouwens sa dat yn de wrâldliteratuer, ik bedoel de boeken dy’t der écht ta dogge, faak it leauwen yn positive sin in plak hat. Hiel gewoan. Mar as it leauwen op sa’n wize yn in Frysk boek beskreaun is, steane guon lju dalik op ’e efterste poaten. Men kin jin ôffreegje oft sokken wolris wrâldliteratuer lêzen ha. In soad minsken witte net hokker boeken de KFFB hjoed de dei útjout. Dat is foar harren spitich om’t de skriuwers fan ’e KFFB oer it generaal nommen moderne tema’s oansnije. Ut ûndersyk hat ek bliken dien dat de KFFB-boeken in soad lêzen wurde.’

Wat is it systeem fan de KFFB?
‘De KFFB, De Fryske boekeklub, jout trije ledeboeken jiers út: yn febrewaris, yn maaie/juny en yn septimber. De leden krije dy boeken tastjoerd. Tagelyk mei it ledeblêd: De Fleanende Krie. Wat de skriuwers oanbelanget: Elkenien kin in manuskript ynstjoere. Dat wurdt troch de skriuwer fan de KFFB nei de karkommisje trochstjoerd, mar sûnder de namme fan de auteur. Dyselde metoade wurdt by de ferhalewedstriid ek oanhâlden. Sa heart it fansels ek! De karkommisje moat nei har eigen oardiel de bêsten útsykje. En foaral net in namme witte!

Wat de romans oanbelanget: Der wurde alle jierren gemiddeld sa’n seis, sân manuskripten ynstjoerd. Dan is it spannend foar in skriuwer hokker kar de kommisje makket. As der gjin trije manuskripten troch de seleksje komme, kiest de KFFB wolris foar in oersetting. Ik hâld ûnder it skriuwen gjin rekken mei de karkommisje. Komme se letter mei opmerkings dy’t hout snije, dan feroarje ik it manuskript op dy punten. As ik it net mei de kommisje iens bin, jou ik dat yn in brief oan de skriuwer fan de KFFB troch, dy’t dan soarget, dat dy brief by de leden fan de karkommisje komt. Sûnder de namme derby. Uteinlik wurde wy it wol iens. Ik ha it ien kear meimakke dat de KFFB net in manuskript fan my útjaan woe. Tekst en útlis derby. Dat die wol even sear. Dan kinst tinke: ik smyt it manuskript om en besykje it nochris, mar by neier ynsjen fûn ik dat de kommisje yn dit gefal gelyk hie. Dat ik ha it manuskript fansiden lein en bin mei wat nijs begûn. Dat kaam sûnder problemen troch de karkommisje.
Der is no in nij bestjoer en in nije karkommisje by de KFFB. Mar it doel is net feroare: goede Fryske literatuer útjaan. Kwaliteit stiet foarop. En dat it manuskript yn geef Frysk skreaun is, is in pree. As jo boek útjûn wurdt, krije jo in priis fan € 2.500,00. En jo binne wis fan in breed lêzerspublyk.’

Wat fine jo derfan dat de sutelaksje wer nij libben ynblaasd wurdt troch in tal entûsjaste skriuwers?
‘In goede saak, want de ferkeap fan Fryske boeken is hielendal yninoar sakke. Mar miskien leit dat mei oan ’e kwaliteit en moatte wy, as skriuwers, better wurk leverje! Wurk, dat it publyk net lizze litte kin. Miskien wurdt der ek wol tefolle útjûn, en soenen de útjouwers ris wat kritysker wêze moatte. Net te gau tinke: wy printsje in goedkeape útjefte, en mei de subsydzje fan de Provinsje springe wy der wol út. Dat is yn myn eagen in ferkeard útgongspunt. In útjouwer moat moaie boeken útjaan wolle. Mar wat is moai? Smaken ferskille no ienris. Neffens my moat in ferhaal in goede struktuer ha, skreaun wêze yn in moaie styl, en foaral gjin gejeuzel wurde. Dêr soe in útjouwer omtinken oan jaan moatte. En by it útbringen gjin advertinsjes fan: Dit is in prachtich boek! Unyk! It bêste wat oait yn it Frysk skreaun is! En mear fan sok bla, bla…. Guon lêzers sille har dêrtroch bekocht fiele en keapje net gau wer in Frysk boek. Dêrom: skriuwers en útjouwers moatte kritysk op harren wurk wêze en net te heech fan ’e toer blaze. Lit it beoardieljen mar oan ’e lêzer oer.’

Binne jo ek dwaande mei nij skriuwwurk?
‘Ja, de earste opset haw ik op priemmen. Foar neier ûndersyk moat ik noch in hiel soad neisneupe. Ik bin bang dat it in drege winter wurdt.’

Hoe sjogge jo de takomst fan de Fryske literatuer?
‘Der wurdt tsjintwurdich in hiel soad yn it Frysk útjûn, miskien wol tefolle, de merk is mar lyts. Dêr bin ik fierder net sa mei dwaande. Ik bin skriuwer en besykje sa goed mooglik it ferhaal dat him by my optwongen hat, op papier te krijen. It ferhaal hat yn myn eagen rjocht op de folsleine ynset fan ’e skriuwer! Net de skriuwer is wichtich, mar it ferhaal! Ik ha it ek net yn my om earne foaroan te stean mei myn boeken. Eins wol ik allinnich mar skriuwe, mar ik wit dat it oars wurket. De KFFB soe eigentlik mear oan PR dwaan moatte. Ik wol graach dat minsken witte dat de KFFB echt moaie boeken útjout. Ek noch kreas om te sjen, ynbûn en mei in hurd omslach. In sieraad foar elke boekekast! De ledepriis is € 9,- en de priis yn de winkel € 16,-. Leden krije de boeken sûnder ferstjoerkosten yn ’e hûs en De Fleanende Krie deropta. Wat wol in minske noch mear? Fia de webside www.kffb.nl kinne jo jo opjaan as lid of losse boeken bestelle.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Klaske Hiemstra Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Klaske Hiemstra
Gast
Klaske Hiemstra

Of bettere kristlike skriuwers talitte ta de KFFB.