Tresoar lânsearret nije webside en ferhalewedstriid

logo.ensafh

Tresoar lânsearret nije webside en ferhalewedstriid

Tresoar lânsearret hjoed op Wrâld Ferteldei in nije webside én in ferhalewedstriid. It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum beheart in skat oan Fryske skiedkundige ynformaasje. Fia de nije webside www.tresoar.nl is it mooglik om allinne of mei syn beiden in ferhaal te meitsjen en te presintearjen. De bêste tsien ferhalen dy’t de kommende tsien wike op de webside ferskine, wurde bondele yn in unyk boekje.
Besikers fan de webside krije tagong ta de brede kolleksje fan Tresoar. De webside helpt minsken om ferhalen te ûntdekken, te ûndersykjen én sels te fertellen. Bygelyks oer in bysûndere famyljeskiednis, in bysûnder plak of in opmerklik foarfal. Minsken kinne op de webside ferhalen meitsje mei de kolleksje fan Tresoar en/of de eigen kolleksje.
De nije webside makket it ek mooglik om ferhalen ienfâldich te dielen en te ‘liken’. Besikers kinne yndividueel of bygelyks mei famylje of stúdzjegenoaten wurkje oan in ferhaal yn in sletten of iepenbiere omjouwing fan de webside.

Ferhalewedstriid
Oant en mei ein maaie 2014 organisearret Tresoar ek in ferhalewedstriid. Elkenien is útnoege om in bysûnder ferhaal te meitsjen en te pleatsen op www.tresoar.nl. Wykliks nominearret Tresoar fjouwer bysûndere ferhalen. Fia in stimronde wurdt de winner fan de wike keazen. De ferhalen fan de tsien winners fan de wike ferskine yn in boekje.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op