Ferdinand de Jong

Duvelsk sied

logo.ensafh

Om it jier 1200 hinne moat de earste bebouwing der al stien ha. De biskop fan Utert die it gea fan rûchwei 1300 oant 1500 yn de ban omdat it folk sa dwers wie, de minsken sochten oansluting mei Benediktynske muontsen yn Starum. It wurd desibel bestie noch net.

De hier oer de besittingen waard om 1500 hinne betelle yn de foarm fan ‘mudden rogge en tonne botters’. Sa libben dêr minsken lykas se dat no ek dogge. Mar yn 1629 kaam de duvel en besleat sied te siedzjen dat op de lange termyn kymje soe. De duvel is in geduldich persoan, net bûn oan tiid. Ik neam him no mar hy, it kin foar itselde in sy wêze. Dy duvel siedde it sied, dat, as it waakst, de namme ûnferdraachsumens oannimt. Dat sied is tige lang hâldber. It kin hûnderten jierren lizze foardat it de tiid mei krijt en as in komeet omheech sjit. Meastal duorret de bloei minder as in minskelibben. It is foarbehâlden oan minsken dy’t miene oan alle wetten te foldwaan, mar eins kompleet troch de duvel of oare polityk korrekte figueren yndoktrinearre binne sûnder dat se it sels yn de gaten ha.

De duvel moat wol lake ha doe’t er op yn dizze oarde siedde. Nimmen sil yn de gaten hân ha wêrom’t er krekt dêr mei in ammerke troch dy krite skarrele, nimmen sil der euvelmoed yn hân ha, miskien wie it mistich en hat nimmen it sekreet sjoen. Wy witte it net, mar helder is dat er der west hat. Dizze tekst bewiist it:

‘AVEKE IELLES S SVVERT ANNIS ENDE RENCKE IANS ALS KERCKFOECHDEN DOMINICVS MVERLINCK PREDICANT HEBLE WIBRENS KERSTE EISIS LVITIEN NITTERS JACOB BERENS ALS WEDE INGESETENEN DES DORPES OLDELAEMER’. ‘M.NICOLAAS ROEIEER HEEFT DESE CLOCKE GOTEN INT IAER ONS HEERE 1629’.

Nimmen koe doe begripe dat dit duvelswurk wie. Sterker, de minsken fielden harren ferbûn, de MIENSKIP florearre as nea earder. Mei as ien fan de fêste ankerpunten it werkenbere lûd dat harren alle dagen begroete krekt as de bakker en de slachter dat dienen. Allinnich wie dit lûd ferheven, de klank wie himelsk moai en de minsken waarden grutsk op harren gea. Sa ûntstie der yn it fean fan de Stellingwerven stadichoan in doarp. Sa as dat op in soad oare plakken ek barde.

De duvel liet it gewurde. Hy wist wat de minsken net wisten, hy hie siedde. En ea soe dat sied kymje en waakse, dat wist er ek. It sied dat ûnferdraachsumens wurdt, lei al dy jierren yn djippe rêst. It wie net hastich, it moast net sa nedich opsjitte, nimmen dreau har en nimmen trune har oan om no einliks ris sjen te litten hoe’t se der útsjen koe. Kalm lei it dêr te lizzen. Har tiid soe wol komme.

Yn 2014 ha in oantal minsken in klok beklaaie moatten mei flierkleden en duct tape. It sied dat ûnferdraachsumens wurdt is ta folle waaksdom kaam yn Aldlemmer.

En de duvel? Dy gniisde. Hy hat noch op ûntelber folle mear plakken siedde.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *