Hedwig Terpstra

Meindert Bylsma: ‘Tusken de boeken fiel ik my lokkich.’

logo.ensafh

Meindert Bylsma is berne yn 1941 yn Wergea. Troch it wurk fan syn heit (masinist op in molkfabryk) ferhuze er ferskate kearen, omdat de iene nei de oare festiging fan it fabryk opdoekt waard. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer yn Ljouwert. Hy hat tsien jier skoalmaster west op in legere skoalle yn Drachten. Underwilens helle er syn akte nifeljen. Hy krige doe in baan yn Enschede, mar dreaun troch ûnwennigens kaam er nei trije jier werom nei Fryslân. Bylsma kaam mei syn frou en twa bern yn Kimswert te wenjen en hy waard learaar Nederlânsk en nifeljen oan in skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis yn Harns. Healwei de jierren sechtich ferskynden de earste koarte ferhalen fan Bylsma, mar hy krige ynearsten mear namme as dichter. Syn earste dichtbondel ferskynde yn 1968: De tévé op it Jiskelân. Dêrnei folgen ferskate dichtbondels, ferhalebondels en romans. Syn lêste bondel is Rys mei rezinen, Grôt mei krôde (2013, is in kombinaasje fan proaza en poëzij). Dêrfoar ferskynde syn roman De brêgesitter (2010, oer in man dy’t op in brêge yn it doarp alles om him hinne observearret). Bylsma hat yn it bestjoer sitten fan it Skriuwersboun, it Frysk Letterkundich Museum, Stichting it Fryske Boek en yn de Provinsjale advyskommisje foar de Fryske literatuer. Hy wie in skoft redakteur fan it literêr tydskrift Sonde en fan kultureel moanneblêd De Strikel. Hy wûn trije kear de Rely Jorritsmapriis foar ferhalen en twa kear foar gedichten.

DSCN1044

Wat is it ferbinende tema yn jo wurk?
‘Der komme wol gauris bern yn myn boeken foar. It miljeu hâldt my ek dwaande. Feroarings yn Fryslân, fernielen fan lânskip en fan alles dat weardefol is, faak ûnder ynfloed fan de ekonomyske noarmen. Wat dat oangiet hingje ik wol oan it âlde. Wat is der no noch fan de pleatsen oer? No ha je allegear fan dy nuvere lisboksstâlen dernjonken. It is net te kearen en de boeren kinne der ek neat oan dwaan. Mar it moat grutter en grutter, dêr wurde je aaklik fan. It lytse hâldt my wol dwaande. Ferfrjemding komt ek hieltyd werom yn myn wurk. En ek minsklike ferhâldings; ik mei graach skriuwe oer minsken dêr’t wat mei te rêden is. Yn it boek De brêgesitter beskriuw ik dat yn in doarp ien wenjen komt dy’t in bytsje ôfwikend gedrach hat. It kin de goede kant út gean, mar ek de ferkearde: dat se him skouderje en dan is der ellinde. Yn myn ferhalen komt dat ek werom. Yn Rys mei rezinen; Grôt mei krôde relativearje ik de dingen hjir en dêr wat. Yn in resinsje stie dat it giet oer lytse dinkjes tichtby my, dêr’t ik oer skriuw, en dêr sit dan in gruttere wrâld achter. In wat âldere man tinkt wat nei oer de dingen, sa fan: hie ik ek dit en hie ik ek dat dwaan moatten? Dat sit ek wat yn it boek. Ik bin sels wol hiel wiis mei dit boekje. Der sit wol in sekere boartlikheid yn myn wurk. Ik mei graach boartsje mei taal. Ik hâld ek fan absurdisme. Mar ja, hast alles dat je betinke kinne is werklikheid, al is it mar boekewerklikheid.’

Kinne jo in foarbyld jaan foar dy boartlikheid yn jo wurk?
‘Dit is ien fan myn lêste gedichtsjes. Ik wit net oft dit absurdistysk is. It is in opmerking fan in famke.

Bystjoere

‘Sjoch’, wiist se, ‘in stienkrobbe,
mar hy krûpt yn de modder.’

Ik sjoch nei de krobbe
en de krobbe dy’t it seit
sjoch ik tinken

‘Sille wy him fange
en nei in stienbult bringe?’
besykje ik har tinken
nei in oplossing te stjoeren

Se lit har net oplosse
hâld it roer fan har prakkesaasjes
sels yn hannen en stjoer my wat by:
‘As dy stienkrobbe
yn ’e modder krûpe wol
dan moat er dat sels witte:
wy binne syn tinkplysje net.’

Dat giet om hiele lytse dinkjes, mar der sit wol in hiele wrâld achter. Dat minsken miene dat se foar in oar tinke moatte. Dat sjochst bygelyks ek mei homohaat, yn wêzen giet it oer itselde.’

DSCN1056

Jo witte in soad oer Grutte Pier. Dat komt ek yn De brêgesitter werom.
‘Ja, ik wit der aardich wat fan. Ik ha meiwurke oan de searje Baas boppe baas fan Omrop Fryslân. Op in bepaald stuit sei Steven de Jong dat er noch wolris in film meitsje woe oer Grutte Pier. Doe ha ik my mear yn him ferdjippe. Der binne net in protte boeken oer him, mar ast dy trochnommen hast, dan wist al aardich wat. Ik fyn it ek wol moai om wat fan de lokale skiednis yn myn boeken te ferwurkjen. Ast foar it kafee hjir yn it doarp stiest, dan kinst trije Grutte Pieren sjen: it úthingboerd fan it kafee, it strjitnammebuordsje fan ’e Grutte Pierwei en it byld fan Grutte Pier by de tsjerke. Hy wenne even bûten it doarp, nei it suden ta. Minsken ferlykje my wolris mei Grutte Pier, ik sit ek goed yn it burd. Wy as Friezen binne yn ús tinzen oer Grutte Pier wol aardich myld. Wy sjogge him graach as in frijheidsstrider, mar je hoege mar oer de Ofslútdyk te kommen, yn Medemblik bygelyks en je neame syn namme, dan wolle se je by wize fan sprekken wol deasjen, want hy hat Medemblik yn ’e brân stutsen. Dêr sjogge se him as in seerôver en as moardner. Pier wie eins in hiele tryste figuer. Hy libbe yn de tiid dat minsken hjir yn Fryslân ferskriklik rúzje makken, de tiid fan Skier en Fet. Beide partijen hellen frjemd yn. Pier helle de Hertog van Gelre oan en dy wie allinnich mar op eigenbelang út. Doe’t er ophold sei er: ‘It is de iene duvel deryn helje en de oare duvel derút jeie.’ De Hertog van Gelre hie him fan alles beloofd. Friezen soenen foarrjochten krije en minder belesting betelje as hy hjir de baas wie, mar dat wie allegear ligerij. Pier hat úteinlik mar in jier as fiif strider west. Yn 1515 is syn pleats yn ’e brân stutsen en doe hat er sels in legerke oprjochte. Hy hie lykas in protte oaren gjin middels fan bestean mear en de iennichste mooglikheid wie dan om sels mar yn ’e striid te gean. Yn 1520 is er yn Snits ferstoarn, dus it wie mar in koarte perioade yn de skiednis.’

DSCN1052

Jim wenje hjir prachtich.
‘Kimswert is in moai doarp, it is in beskerme doarpsgesicht. Der binne net in soad plakken dêr’t de strjitsjes noch sa moai op ’e feart útkomme. Der hat in tiid west dat alles oanfierd waard fia de feart. Dit hûs is fan 1768. In nôtkeapman hat it bouwe litten. It is no in monumint en byldbepalend gebou. Doe’t wy belangstelling hienen foar it hûs wie it in boufal. De Stichting Piaam hat it kocht en opknapt en dêr ha wy it fan oerkocht. Wy wenje der mei in ôfgryslik protte nocht yn.’

Troch wa wurde jo boeken útjûn?
Rys mei rezinen is by Elikser útkommen. Dat kin ik no dwaan, earder koe ik dat net betelje. De brêgesitter is útkommen by de Friese Pers Boekerij. Dat wie omdat de Q nei gichem gong. Al myn eardere boeken binne troch de Q útjûn. No giet de Friese Pers Boekerij ek omtrint om luchje. Ast dyn boek opstjoerst nei Elikser, dan wurdt it lêzen en binnen in healjier is alles beslikke en leit it der. Mar ja, it kostet wol wat. Ik wyt noch net hoe’t mei myn folgjende boek giet, mar ik tink dat ik dan ek wer nei Elikser gean. De kosten komme der net út, wat dat oangiet is it wol in frjemde wrâld. Mar as je wat skriuwe, dan wolle je al graach dat oaren it lêze en dat it bewarre bliuwt. Myn mearkeboek Fan flierefluiters en droechstinners is útkommen as harkboek by Jan Schotanus, mar ik wit net hoe’t dat rint. Ik ha dat boek sels ynsprutsen, mar ik ha leaver in boek yn hannen. It liket my wol op fleanen om in e-reader mei te nimmen op fakânsje. Ik ha al sa’n hekel oan dy skermen. Ik ha hjir in wrâld oan boeken, dêrtusken fiel ik my lokkich.’

DSCN1043

Watfoar boeken lêze jo?
‘Ik ha in hiel soad Fryske boeken, sa’tst wol sjen kinst. Myn favoriten binne Trinus Riemersma, Anne Wadman, Durk van der Ploeg en ik ha alles fan Rink van der Velde. Ik lês ryp en grien trochinoar. Ik besykje by te bliuwen, mar dat falt noch net ta. Fan de Nederlânske skriuwers hâld ik it meast fan Maarten ’t Hart en Jan Wolkers. Ik bin net in Mulisch-fan. De ontdekking fan de hemel fûn ik in hiel dreech en langtrieddich boek. Earder holden we hjir yn Kimswert jierliks in boekemerk yn it ramt fan ‘Villagers of Tradition’. Dêr waarden allinnich mar Fryske boeken ferkocht, mar de lêste jierren smiet it net mear in soad op hoewol’t der altyd wol in protte besikers kamen. We binne der mar mei opholden. Hjir is net mear in echte biblioteek yn it doarp, mar Doarpsbelang hat no sels in lyts biblioteekje opset fan minsken dy’t har boeken ôftankje. Ik ha der sels ek al boeken hinne brocht. As minsken in boek meinimme, meie se it ek wol hâlde. Dat bart op it heden wol mear op doarpen, dat minsken âlde boeken nei in bepaald punt ta bringe kinne.’

Yn de jierren sechtich en santich hearden jo by in groep dichters dy’t de strjitte op gongen om har fersen te ferkeapjen.
‘Ja, dat hie te krijen mei Operaasje Fers, de dichterstelefoan. Dy is oprjochte troch Josse de Haan, Geart van der Zwaag en mysels. Wy skreaunen dêrfoar frij maklik begrypbere gedichten. Dy dichterstelefoan hat in hiel skoft bestien en is sels neifolge yn Amearika. In dichter as Allen Ginsberg hat it idee eins in bytsje fan ús. Der stiet sels earne yn in museum yn New York in hiele grutte telefoan mei ‘Dial a poem’. As minsken dêrmei belje krije se in gedicht te hearren. Wêrm hjir net yn it Frysk Museum? Wy fûnen dat de dichters út har ivoaren toer weikrûpe moasten en mei har gedichten nei it folk ta moast. Dat hearde ek by dy tiid, de tiid fan demokratisearring. We binne wolris sa in kroech ynstapt en frege oft we wat gedichten foardrage koenen. Oer it generaal foel dat wol goed. Op strjithoeken ha wy dat ek wol dien. We ha ek wol in gedicht tusken in broadsje ferkocht, Broadsje Healom wie dat. Yn in hiel koart tiidsbestek ha wy dêr 400 fan ferkocht. En wy hiene mear ideeën. Wy woene eins ynfiltrearje yn bedriuwen en dan gedichten foardrage op de bedriuwsradio en yn winkels. Net al ús wylde plannen ha wy útfierd, want je waarden wol opkeard. Josse wennet no yn Súd-Frankryk, ik ha noch wol kontakt mei him oer de mail en as er hjir is, komt er altyd wol eefkes del. Hy strykt gauris minsken tsjin de hierren yn en dat wurdt net altyd like noflik ûntfongen, mar hy hat gauris gelyk, fyn ik. Josse en ik ha op de Kweekskoalle fiif jier lang byinoar yn ’e klasse sitten.’

Jo binne nei trije jier yn Twinte út ûnwennigens werom gongen nei Fryslân. Wêr wiene jo krekt ûnwennich nei?
‘Wy ha wenne yn Lonneker, in plakje flakby Enschede. Myn frou hie dêr in bêste baan op de muzykskoalle, sy hie dêr ek wol bliuwe wollen. Ik koe dêr net aardzje en dat lei net oan de minsken dêr, mar oan mysels. Ik wie ûnwennich nei Fryslân, de taal, de see en it útsjoch. Wy wennen dêr yn de bosk en hienen gjin wiid útsjoch lykas hjir en dêr koe ik net oer. Wat dat oanbelanget bin ik wol in echte Fries. Ik krige in baan op ’e LEAO yn Harns. We krigen doe de tiid fan de fúzjes, it moast hieltyd grutter. We moasten fusearje mei de húshâldskoalle en de ambachtskoalle en doe mei de RSG. Mei dy skaalfergrutting ha ik wol muoite hân. Dat is ek wol in tema dat yn myn wurk sit: de skaalfergrutting makket in protte dea. De minske is net mear fan belang, mar in nûmerke wurden; alles wurdt opoffere oan it jild. Ik ha ek argewaasje fan de grutte rol dy’t technyk spilet yn de hjoeddeistige maatskippij. Earst woe ik ek hielendal net oan de kompjûter, mar je kinne der no net mear bûten. Mar al dy masines gean op kosten fan de minsklikheid. Ast nei de boeren sjochst ek: in boer wurket no allinnich mei masines, wylst er eartiids in stik of wat arbeiders hie. Masines ferniele in soad en minsklike ferhâldings gean nei de soademiter. Minsken prate net mear mei-inoar. As ik wat ha, dan sizze de measten: ‘Stjoer mar in mailtsje.’ Ik kin dochs likegoed even skilje, dan ha je noch even kontakt. It wurdt allegear ôfstanliker en dêr kin ik min oer. Ik bin der wis fan dat dy ûntwikkeling aanst ek wol wer ris op syn retoer giet. Ik ha ek hiel lang net in mobile telefoan hân. Ik woe net berikber wêze as ik der op út gong. Bygelyks as ik by de see delstrúnde. Ik ha no al sa’n ding, mar ik brûk ’m eins nea. It kontakt ferrint fia apparaatsjes en dat is in foarm fan ferfrjemding. Hiele húshâldingen sitte soms neist inoar en kommunisearje fia in iPad of sokssawat. Op in treinstasjon kinst gjin ynformaasje mear freegje, want der binne hast gjin minsken mear. Dat is dochs nuver.’

Wat is neffens jo de takomst fan de Fryske literatuer?
‘It moat út de minsken sels wei komme. Je kinne in minske net twinge om te lêzen. Yn in kultuer ha je altyd golfbewegings, it sil wol wer ris feroarje. Minsken wurde wol wer ris rêstiger en dan wolle se hooplik wer lêze. Yn de tiid fan de Halbertsma’s seine se ek al dat de Fryske literatuer foar de dea opskreaun wie. No, dy bestiet noch en de Fryske taal ek. De taal boetet wol ôfgryslik yn kwaliteit yn. Ek myn eigen pakesizzers moat ik ferbetterje omdat se de tiidwurden omdraaie. Taal is yn beweging, sille we mar sizze, mar ik kin der min oer. By Omrop Fryslân hearst en sjochst dat ek. Ferslachjouwers sizze sokke brike sinnen en it skreaune Frysk op de webside is ek striemin. Blykber ha se dêr gjin belied foar, mar it kin foar itselde goed as se dêr wat goede minsken delsette. Ik sit yn de redaksje fan de doarpskrante hjir. Der binne hjir wol minsken dy’t sizze dat se gjin Frysk skriuwe kinne. Ik sis dan dat se it mar dwaan moatte, op har eigen manier, dan sjoch ik it wol nei. Mar yn in hiel koart tiidsbestek is der amper wat oerbleaun fan it Frysk. De doarpskrante wie altyd minstens foar de helte yn it Frysk, mar it is no foar 90% Hollânsk en ik kin it net keare. Ik tink dat de taal hjir op it skoalplein Hollânsk of Harnzers is. It Frysk hat in legere status as it Hollânsk. Eins soenen je tsjin ymportminsken sizze moatte: ‘Wy ha hjir sa’n prachtige âlde taal, besykje dat no minimaal te ferstean.’ Mar alles dat moai en âld is giet fuort. Wy soenen der wat wizer mei wêze moatte. It Fryske folk is eins in folk fan kloatsekken, se binne net grutsk op har eigen taal en ferbrekke har samar. Skotten bygelyks binne folle grutsker op har ôfkomst, wêrom ha wy dat dan net? Bûten Fryslân tinke se dat wy as Friezen wol grutsk binne, mar dat is net sa. Spitich!’

DSCN1053

Soene we no ek mear aksjes ha moatte, om de Fryske literatuer tichter by de minsken te bringen?
‘De sutelaksje is der net mear. In groep entûsjaste skriuwers wol dy no wer foar in lyts part op ’e nij opsette en dat is in goed ding. Mar ik fyn it noch altyd spitich dat dy aksje opdoekt waard. It siet doe sels yn it bestjoer fan It Fryske Boek, mar it wie net te kearen: it wie in enoarme organisaasje en de meiwurkers fan It Fryske Boek hienen it idee dat se net mear genôch frijwilligers krije koene. Mar it wie fansels in geweldige aksje mei 1600 minsken dy’t yn tou wienen en dy’t alle kearen foar in pear ton oan Fryske boeken nei de minsken ta brochten. De sutelaksje bestriek hiel Fryslân, ien kear yn de twa jier kamen se oeral. Dêr is neat fan oerbleaun en dat hie net moatten. In protte skriuwers hâlde lêzings en ferkeapje dan boeken. Dat doch ik in inkelde kear ek wolris, mar dêr moatte je geskikt foar wêze en dat bin ik eins net sa.’

DSCN1046

Jo binne mei pinsjoen. Wêr hâlde jo je no mei dwaande?
‘Ik doch in hiele protte dingen. Ik bin in alderearsten samler, lykas fan stiennen, houtsoarten, moaie doazen en doaskes. Der binne sa’n soad dingen dy’t ik moai fyn. Ik meitsje bylden fan hout. As ik by de see of yn ’e bosk in stik hout fyn, dêr’t ik wat yn sjoch, dan helje ik dat derút. Ik ha in protte fan dy bylden yn ’e hûs stean. Ien kear yn it jier meitsje myn frou en ik in reis. Ik gean leaver nei it Noarden as nei it Suden: Ingelân, Skotlân, Ierlân, Denemarken en IIslân ha we wol west. Us folgjende reis sil wêze nei Noarwegen, mei in skip by de fjorden lâns. Dêr ha we wol in soad nocht oan. It skriuwen giet by my altyd troch, ideeën binne der altyd. Gauris skriuw ik sokke ideeën op losse papierkes en dy wurkje ik dan letter út. Ik skriuw lytse gedichtsjes, koarte ferhalen, langere ferhalen en ik bin no dwaande mei in detektive. Dat hie ik noch net earder dien en woe it mar ris besykje. Dy detektive ha ik al foar in moai part klear.’

 

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
josse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Goeie Meindert, ‘Lokkich mei boeken’, dat krigen wy op de Rykskweek yn Ljouwert mei de brijleppel fan Aart Weeda (direkteur en Neerlandikus) optsjinne. Hy wie in taalman, in grammatikafreak, mar as it mei literatuer hie te krijen wie er ek heel wat mansk (mei delegearjen). As er it te drok hie mei syn direkteurskip stjoerde er us soms nei de solder om de bibleteek op oarder te bringen. Yndirekt krigen wy dus each foar de weardefolle Nederlânske romankeunst en poëzy. Meidat hysels net in soad ferstân hie fan poëzy liet er us ynliedings hâlde yn de klasse oer de moderne… Lees verder »