Edwin de Groot

En de yak sil de yak bliuwe

logo.ensafh

Soe hy it sjen dat út my
leaden diggels drippe
oplosse yn wyt goud
dat skaaft en skrynt

Dat baarnt as de wyn it
raamt en mei sâlte
twirren my de eagen
ûntfytmannet

Fielt hy dan net de ile lucht
út einlûden dy’t mei
nullefingers ropt
nei raubleat fleis

Ik sjoch him net riljen as skodzjen

Hy wachtet op my
op myn sâlt en dat
moat ik garje
ik bin de sâltman

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op