Imke Müller-Hellmann, Jantsje Post

Rients Westra

logo.ensafh

Rients Westra waard op 1 desimber 1895 berne yn Seisbierrum yn de provinsje Fryslân yn Nederlân. Hy hie sân broers en susters en it wie in deeglike grifformearde húshâlding. Rients syn heit wie ierappelkeapman. Hy woe graach dat syn soannen maatskiplik slagje soene, mar yn Rients seach er gjin keapman, dat hy trune him der op oan om in deeglik berop te kiezen en boer te wurden. Dat die Rients, hy troude mei Aukje en waard boer op in pleats by Surch. Rients hie in freonlik aard, it wie in iepene, hertlike man en hy hie nocht oan minsken. Hy lei maklik kontakt en al rillegau begong er as tuskenhanneler foar in grutte siedfirma kontrakten ôf te sluten mei oare boeren en geandewei ek hieltyd mear sels te hanneljen. Op de beurs yn Ljouwert begongen de minsken nei him te freegjen, ta fernuvering fan syn broer dy’t ek keapman wie, en letter ek syn heit. Sadwaande waard Rients dus dochs keapman. Syn siedhannel rûn sa goed dat er in moai hûs mei opslachromte bouwe liet tsjinoer it hûs fan syn broer yn Seisbierrum. Hy en Aukje namen in pleechdochter oan, Jelly. Rients bleau trou oan syn leauwe en wie altyd in sosjaal man mei in protte freonen en kunde.

Yn 1940 wie Rients 45 jier. Yn dat jier waard alles oars. It wie oarloch. Op 10 maaie besette Dútslân Nederlân. Yn febrewaris 1941 begongen de Dútsers mei grutte razzia’s om de Joadske Nederlanners te deportearjen. De arbeiders yn Amsterdam rôpen op ta in algemiene staking, dy’t wreed delslein waard. Foar dy staking fierde Arthur Seyß-Inquart, dy’t de Dútsers oansteld hiene as ‘Reichskommissar’ oer Nederlân, in polityk fan ‘frijwillige oansluting’ fan Nederlân by Dútslân; nei de staking prate er fan in radikaal ‘foar ús of tsjin ús!’. De represailles waarden gremitiger en hieltyd mear minsken moasten ûnderdûke. Dat betsjutte dat der ek hieltyd mear adressen nedich wiene fan minsken dy’t it oandoarden en nim in ûnderdûker yn ’e hûs. Helena Kuipers-Ruitberg, skûlnamme ‘Tante Riek’, wie it dy’t dûmny Frits Slomp frege om in netwurk foar ûnderdûkers op te rjochtsjen. Sadwaande ûntstie de L.O., de ‘Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers’. Tante Riek waard ferret en is letter stoarn yn it konsintraasjekamp Ravensbrück. Frits Slomp hat de de oarloch oerlibbe.
De L.O. naam kontakt op mei Rients Westra. Oft hy ek noch ûnderdûkadressen wist, hy hie ommers rûnom goede kontakten. En se hiene oan Rients in goedenien. As keapman kaam er by de boeren op it hiem en koe dan sachs ris hifkje nei ûnderdûkmooglikheden en boppedat koe er de adressen maklik trochjaan op de beurs yn Ljouwert.

In eintsje bûten it doarpke Seisbierrum stiet in grutte âlde pleats mei in reiten tek en in grêft deromhinne. In daam mei in ymposante poarte út in fier ferline jout tagong ta it hiem. Op dit plak stie yn de 13e ieu in kastiel dat yn besit wie fan it aadlike geslacht de Liauckama’s, dat nei de reformaasje yn Fryslân katolyk bleaun wie en yn de 18e ieu útstoar.
Yn 1941 wenne yn dat hûs in oare Rients, Rients Bruinsma. Yn syn kelder waarden minsken en wapens ferburgen. De pleats wie it sintrum fan in ‘knokploech’, in fersetsgroep dy’t ûnderdiel wie fan de Landelijke Knokploegen, de L.K.P., oprjochte troch de L.O. om it ûnderdûkersnetwurk te stypjen. De L.K.P. hie yn it hiele lân 550 leden. Dy fierden sabotaazjeaksjes út en no en dan in oanslach op hege nazi’s. De manlju fan de Seisbierrumer knokploech pleegden oerfallen op de kantoaren dêr’t de distribúsjebonnen bewarre waarden. Dy wiene nedich om de ûnderdûkers ûnopfallend te fersoargjen.
Neist de kelder fan de pleats wie in grutte skûlkelder makke, dêr’t je yn komme koene fia de put yn de molkenkelder: je moasten yn dy put in eintsje nei ûnderen klimme en flak boppe de wetterspegel yn in sydtunnel krûpe, dy’t ûnder de muorre troch rûn nei de skûlkelder dêr’t de manlju feilich sliepe koene. Hiel wat fersetsminsken hawwe op Liauckema ûnderdûkt sitten, foar koartere of langere tiid. Ien dêrfan wie Folkert Bergsma, in studint oan de Technische Universiteit yn Delft dy’t wegere hie om de ferplichte ferklearring te tekenjen dat er net Joadsk wie. Folkert Bergsma wie net Joadsk. Folkert hat twa kear op wacht stien by in oerfal op in bonnekantoar. Dat waard him letter oanrekkene. Dêr is er om deasketten.
In oarenien wie Frans Michon. Frans Michon wenne in lyts jier op de pleats en de oaren fertrouden him net, se tochten dat er in ferrieder wie. Op in stuit bepraten se oft se him likwidearje moasten. Rients Westra wie dêr poer op tsjin. Men mocht gjin rjochter oer libben en dea wêze en der wie op ’t lêst gjin bewiis foar de fertinking.

De frou fan Rients Bruinsma, Klaasje, hearde midden yn ’e nacht auto’s. It wie ein novimber 1943. Se makke har man wekker, trune him oan om him te ferbergjen en struide piper achter him oan sadat de hûnen syn spoar net folgje koene. Rients Bruinsma koe sa gau net yn de kelder komme en begroef himsels ûnder it hea op de heasouder. Dat hat syn gelok west. De Dútsers – dy’t Frans Michon by harren hiene – sochten it hiele hûs troch, se klommen ek nei de heasouder en stutsen mei heafoarken yn it hea. Ien fan harren, sa fertelde Rients Bruinsma letter, hie him mei syn foarke rekke, wie doe boppe op him sitten gongen en hie tsjin syn kollega’s roppen: ‘Nee, hjir is ek neat.’ Dat hat Rients syn libben lang altyd wer ferteld. Dat der ek sokken wiene ûnder de Dútsers, dat dy man him it libben rêden hie.

De manlju yn de kelder sieten as ratten yn ’e falle. Frans Michon wist alles. Hy koe ek de ûnderdûkplakken yn ’e buorren en wist krekt wa’t foar de ûnderdûkers yn it spier wie. Ek by Rients Westra brutsen de Dútsers yn en se namen him mei. Earst waard er nei Grins brocht en doe nei Assen. Op 14 febrewaris 1944 moast er mei fjouwer oaren, ek Folkert, foarkomme foar in ‘Sondergericht’, in spesjale rjochtbank. In Dútske abbekaat pleite foar harren: sy hiene gjin terroristyske dieden pleegd. Se waarden likegoed ta de dea feroardiele.

Rients hat letter yn in brief ferteld oer de dagen en nachten nei dy rjochtsaak. De deis nei fûnis krigen se tabak en in skriftlik berjocht dat se de oare deis oerbrocht wurde soene nei Amsterdam. Se sieten mei har fiven yn de sel: Folkert, Piet, Lolle, Tom en Rients. Se hawwe ôfskiedsbrieven skreaun en bidden. It fûnis wie folslein ûnferwachte foar har, dochs wiene se allegear rêstich, hoewol net sûnder ynderlike striid. Mar op in stuit hiene se dochs ‘amen’ sein en har oerjûn oan ‘wat God foar har beskikt hie’. Om 5 oere 30 binne se nei Amsterdam brocht en de auto ried deun by it hûs fan Lolle syn faam lâns. Dat wie dreech foar him. Yn Amsterdam sieten se wer mei har fiven yn in sel. Se krigen pakketten fan it Reade Krús. Se ieten en smookten. Sliepten wat mei it ljocht oan. Folkert lies foar út syn bûsbibeltsje, hy wie woltemoed en net beswierre. Op 16 febrewaris, yn de neimiddei, gie de doar iepen en waarden de nammen ôfroppen: Folkert, Lolle en Piet. Dy waarden ôffierd en deasketten. Mar Rients en Tom net. De doar gie wer iepen en se krigen te hearren dat se gelok hân hiene. ‘It is eigenaardich,’ skreau Rients letterlik, ‘we wiene der klear foar om it offer fan ús libben te bringen, mar nei dy wurden hechtest dy der drekt wer oan.’ Rients en Tom waarden twa dagen letter útinoar helle. Tom waard ek deasketten. Rients siet trije wike allinne yn de sel. Hy skriuwt yn syn brieven oer geastlike seine en hellet in protte bibelteksten oan. Ien dei krijt er selskip fan in heit en in soan, dy’t er freget om syn frou te skriuwen dat er noch libbet. Ta beslút skriuwt Rients oer langstme. It langstme om te libjen, dat sterker wurden is neidat Aukje, syn frou him opsykje koe. En dat it him muoit dat sy sa lang net witten hat oft se widdo wie of net. Hy skriuwt dat er besykje sil om de brief de finzenis út te smokkeljen en dat sy der hiel foarsichtich mei wêze moat. Dat se him oaren lêze litte mei, mar allinne yn lytse famyljerûnte.

Rients Westra siet de moannen maart, april en maaie ek noch yn de sel yn Amsterdam. Der binne trije offisjele brieven fan him, dy’t op guon plakken sensurearre binne, en trije geheime, dy’t er de finsenis útsmokkelje koe. Ien brief is út it kamp Vught, in trochgongskamp by ’s Hertogenbosch. Op 29 augustus waard Rients Westra deportearre fan Vught nei Neuengamme. Dêrwei ein oktober nei Engerhafe, in lyts doarpke yn East-Fryslân, yn in lânskip dat in protte like op dêr’t er weikaam.
De minsken yn it doarpke wiene ferbjustere doe’t se him en de oaren seagen, sa min seagen se derút troch de freeslike behanneling. Ien fan dy doarpsminsken wie Elly Müller mei har twa lytse bern. De lytse poppe wie ús heit, op 15 febrewaris 1944 berne, doe’t Folkert, Piet, Lolle en Tom noch mei Rients yn de sel sieten. Rients stoar op 30 novimber oan útputting. De dokter dy’t derby roppen waard skreau as deadsoarsaak op: dysentery.

It wurd ‘dysentery’ foel de Nederlânske oersetster fan de website fan de feriening ‘Gedenkstätte des KZ Engerhafe’ op. ‘Dysenterie’, dat hie se earder heard, yn gearhing mei de omke fan har heit en mem, Rients Westra, dy’t yn Neuengamme stoarn wie, alteast dat tocht de famylje. Se skreau in mail nei de feriening, oft der ek in Westra op harren deadelist stie, dat waard befêstige en de oersetster krige in útnoeging foar de betinking yn Engerhafe. Engerhafe dus. Net Neuengamme. Dat wie nij. Sy, Jantsje, en har heit, Piter, rieden derhinne en de nammen waarden oplêzen yn tsjerke en foar Jantsje wie dat in skok. Dat dêr samar dy bekende namme klonk, hiel reëel, út in frjemde mûle. Se hearden ek de ferhalen fan de eachtsjûgen, fiif âlde manlju en ien frou, dy’t foar it earst yn har libben – yn it Platdútsk – publyklik fertelden oer wat se as bern allegear sjoen hiene. Ien fan harren hie de feint fan deagraver Oldewurtel west en hy fersekere it publyk – sichtber opwûn, – dat alle minsken ‘fatsoenlik’ begroeven wiene. Hy fertelde ek dat op in kear in jonge finzene by it grêfdollen fan in âldere man gûld hie en dat de soldaat dy’t de wacht hâlde sei: ‘Ophâlde fan jammerjen’ en him delsloech mei de kolf fan syn gewear. Doe hie Oldewurtel dy soldaat geweken nommen en sein: Soks koe er yn Ruslân dwaan, mar net hjir. Hy moast mar nei it front en net thús wêze. De deagraver en syn feint moasten bitter betelje foar dizze krityk: se kamen yn in wurkkamp by Aurich, en dat, sei de âld man op it poadium, wie genôch foar de rest fan syn libben.

Rients Westra waard begroeven mei Willem Heine, in 21-jierrige hinneboer út Woudenberg, Nederlân, en Bronislaw Waleka, in 25-jierrige boere-arbeider út Random, Poalen. De lichems waarden neaken yn ’e grûn lein, ien meter djip. Rients hie de protese, dy’t er normaal droech, net yn want hy hie op it tiidstip fan syn dea swolderij oan de kaak.

Jantsje wennet tichte by Seisbierrum yn in lyts hûske, net fier fan de seedyk, dy’t wy tegearre beklimme. It is roetkâld en de loft is klear. It eilân Skylge is goed te sjen en it wetter fan de Waadsee stiet oan it basalt ta, it is heechwetter. We ride nei har heit Piter, dy’t neist de pleats wennet dêr’t er syn libben lang boer west hat. Piter is 88 jier en rint noch goed. We kuierje nei it plak dêr’t eartiids it slot fan de famylje Liauckema stie en de man fan wa’t de pleats no is, hat mei Piter in petear oer it moas dat op it reiten tek groeit. ‘Hjir wie de skûlkelder,’ seit Jantsje as wy even letter yn de tún steane. We rinne werom en sitte yn ’e keamer fan Piter, mei bylden, boeken en skilderijen en grutte ruten nei alle kanten, mei útsicht oer de fjilden op de seedyk.

De oare moarns leit der snie en de streep tusken de loft en de seedyk is yn ’e fierte suver net mear te sjen. Der komt noch in oare omkesizzer fan Rients by, Seerp, 78 jier, dy’t prachtich en byldzjend oer syn omke fertelle kin. Oer dat er altyd sa leaf en geduldich wie foar harren as bern, dat er in fluit foar him snijde fan in tûkje fan de parrebeam dy’t foar de huzen fan de famylje groeide. Seerp docht de bewegings fan syn omke nei, it klopjen mei it mes op it hout, sadat de bast los komt. Wy ride nei it âlde hûs fan Rients en prate mei Tom en Ineke, dy’t der no wenje. Tom syn heit wie boekhâlder by de firma Rients Westra en doe’t Rients en de oaren oppakt waarden, wie er sa skrokken dat er syn spraak ferlear en dy ek noait werkrigen hie. Tom lit ús âlde buordsjes fan de firma sjen, de baskúl, it kantoarke dat der noch krekt sa útsjocht as doe, ynklusyf in houten beskot dêr’t se de radio achter ferburgen. Hy lit ús ek de âlde kalken pipen sjen fan wol in heale meter lang mei de inisjalen fan famyljeleden en befreone buorlju. Hy lit ús oare details fan it hûs sjen, it glês-yn-lead, de fersieringen op de foardoar. It hûs wie doedestiids tige modern. ‘Omke Rients wie in man dy’t hâlde fan it goede libben,’ seit Seerp, ‘hy hie ek in tige lúkse auto, ien fan de earsten in it doarp, in blauwe Opel cabrio. As bern mochten wy wol mei him út te riden.’

It lichem fan Rients waard yn 1952 opgroeven en identifisearre. Yn 1953 is er yn Seisbierrum werbegroeven. Fuort nei de oarloch hie der al in plechtige betinkingstsjinst yn tsjerke west. Op it tsjerkhôf kaam in tinkstien en der waard ek in strjitte nei him neamd yn it doarp, de Rients Westrastrjitte.

Ik sit mei Piter en Seerp yn ’e auto, we sille by it grêf fan Rients sjen. It tsjerkhôf leit om de tsjerke hine, in robúst, wytkalke gebouw mei in reade bakstiennen toer. De linebeammen deromhinne stekke har keale tûken nei de himel. Tusken it jitizeren stek om it hôf en de lytse hûskes dy’t deromhinne lizze, rint in paad, smel, giele stientsjes, hielendal om it hôf hinne. Op dat paad rydt Piter no mei de auto, om’t er net te fier rinne wol yn ’e kjeld op dizze moarn, en Seerp sit op de achterbank te laitsjen: elk momint kin de auto fêstreitsje tusken muorre en beammen. Hy laket lûd, wylst Piter fyntsjes glimkjend oan it stjoer draait – en de grêfstiennen, wite letters op swarte stien, draaie yn de rûnte dy’t Piter mei de auto makket.

En hjir sit ik mei twa tige âlde manlju út Fryslân dy’t wakker wille ha, op in kâlde febrewarisdei yn it noardwestlikste puntsje fan Nederlân yn in âlde auto, dy’t op in smel paadsje ûnder winterbeammen om in tsjerkhôf hinne draait. Spitich, tink ik, dat ik dit net filme ha, en dat tink ik, hoewol’t ik noch noait filme ha, en even fiel ik my, ek al is de dea sa tichteby, hiel gelokkich.

Oersetting: Jantsje Post

Meikoarten sil it boek fan Imke Müller-Hellmannboek oer Engerhafe útkomme (sjoch pdf). Dit is har website: http://www.imkemuellerhellmann.de/kz-engerhafe/

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op