Hedwig Terpstra

Liuwe Westra oer syn oersetting fan Lord of the Rings, jildkroadzje en útjaan, de tsjerke, syn wittenskiplik ûndersyk en mear.

logo.ensafh

Yn 2011 kaam syn oersetting út fan it earste diel fan Tolkien’s Lord of the Rings, Fellowship of the Ring: Master fan alle ringen, Selskip fan de ring. Liuwe Westra (Tsjom, 1966) is no dwaande mei de oersetting fan it twadde diel fan it omfangrike epos: De twa tuorren en is dêr al in moai ein mei op streek. Hy hat nei it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert twa stúdzjes dien yn Grins: klassike talen en teology. Westra is dûmny yn de protestantske gemeenten Lollum en Burchwert en preket út en troch ek yn de tsjerken fan Hichtum en Waaksens. Hy is ek postdoc-ûndersiker by it Centrum voor Patristisch Onderzoek yn Utert. Hy docht dêr in ûndersyk nei de mystagogy yn de tiid fan de tsjerkfaars. Yn 2002 is er promovearre op in dissertaasje oer de oarsprong en de ûntjouwing fan de apostolyske belidenis. Hy wennet mei frou Baukje en harren trije bern yn de pastorywente yn Lollum.

foto Liuwe Westra ND 2009

Do hast yn 2007 foar Farsk in essee skreaun: Not wholly true, not perfectly theocentric. Wat hat Tolkien sein oer Kristus en de skepping? Hoe komt dat werom yn Selskip fan de ring?
‘Tolkien wie Roomsk, in tige leauwich man. Hy en syn maat C.S. Lewis fan de Narnia-syklus kamen op in bepaald momint op it idee dat alle grutte ferhalen en myten út de wrâldliteratuer, dus de Grykske en Romeinske mytology, mar ek de âld-Noarske, âld-Finske en de Keltyske mytology, wrakselje mei deselde fragen. Dy ferhalen gean oer goed en kwea en hoe’t de wrâld der kommen is en it doel fan it bestean en de rol fan de goaden en de minsken dêryn. Elke kultuer rint tsjin sokke fragen oan. Soms sitte de myten op it goede spoar, mar soms komme se ek mei ideeën dêr’t je hielendal net fierder mei kinne. Tolkien en Lewis seine dat it ferhaal fan de bibel eins presys sa’n mytology is, mei mar ien ferskil: dit is wier. Dêrmei binne de oare myten net sûnder wearde, want dy set minsken wol op it spoar fan de wierheid en dy litte minsken fragen stelle en neitinke. Se litte ek sjen hoe wichtich dy fragen foar de minsken binne, want oars ûntstiet sokke literatuer net.

Tolkien wie heechlerear Angelsaksysk, mar koe ek Keltysk en Finsk. Fan it Angelsaksysk is hast gjin mytology oerbleaun, op it Beowulf-ferhaal en noch wat ferhalen nei. Hy hie in romantysk langstme om de mytology fan de Angelsaksyske folken te skriuwen, mar omdat er oertsjûge Kristen wie woe er dat op sa’n manier dwaan dat it kristlike ferhaal der al yn sit. It ferskil is dat Gandalf, Boromir, Aragorn en Frodo nea echt bestien ha. De figueren út de bibel, Kristus en syn learlingen ha allegear wol echt bestien. Wat Tolkien skriuwt wiist nei de wierheid, mar sa is dat fansels nea bard. Hy seit dat de boadskip fan syn boek hielendal yn line is mei it evangely en mei de Roomsk-katolike teology.

SelskipfandeRing

Ik sis yn myn essee dat ik eins fyn dat dat net sa is. De boeken fan Tolkien gean yndie oer de striid tusken goed en kwea, mar der sit ek sa folle ferhearliking en mankelikens yn dat de minske in soart heale god is. Aragon bygelyks kin mear as in gewoan minske. Dat is net omdat er in soart magy hat, mar omdat hy krêften hat dy’t eins alle minsken hiene, mar dy’t it grutste part fan de minsken kwytrekke is. Hy is ek sterker as oaren, hy kin nachten sûnder sliep en altyd mar trochdrave, hy wurdt 200 of 250 jier âld en dan seit er: it hat goed west, dan giet er lizzen en is er dea. Dat bepaalt er sels. Dan sis ik as teolooch dat Tolkien de bibel net goed lêzen hat, want dêr is dat minskebyld net sa. Yn de bibel wurdt sein dat de minske wol perfekt makke is, mar op side 2 giet it ferkeard en dêrnei komt it net wer goed. Der binne altyd wol minsken dy’t it goede sykje, mar úteinlik is de minske sa’t dy bedoeld wie der net mear. Dat Tolkien seit dat dy der eins noch wol is, neam ik in ûntkenning fan de sûnde.

Ik sis eins dat Tolkien de minske te moai makket. Ik bin hielendal net in sûmbere kalvinist, mar ik kin net sizze dat de wrâld der op foarút giet. As der in ferlossing is dan sil God dat dwaan moatte. Op de lêste side fan myn essee besjoch ik alles nochris en sis ik dat Tolkien wol dat byld sketst, mar dat it úteinlik allegear dochs net slagget en is it dochs tafal dat alles sa goed ôfrint. Sels mei alle goede genen fan Aragon, Gondor en de Hobbits dy’t noch heal yn it paradys libje, rêde sy it net. Op it lêste momint giet Frodo foar de bile en wol er de ring dochs hâlde. Dat giet allinnich mar goed omdat Gollum him de finger ôfbyt en him by fersin ferstapt en yn de fulkaan bedarret. Miskien dat Tolkien dochs sjoen hat dat syn romantyske myte dearûn, mar pas op de lêste side. En dy tûzen siden dêrfoar fyn ik it eins net bibelsk.

Ik soe my essee noch wol ris yn it Nederlânsk of Ingelsk oersette wolle en dan foar in teologysk publyk presintearje. By de presintaasje fan diel 1 ha ik it essee as aardichheidsje derby jûn as minsken it boek kochten.’

Wat kinst sizze oer it idioom en de styl dy’tst brûkt hast yn de oersettings Selskip fan de ring en Twa tuorren?
‘It foel net ta om it boek oer te setten en dat komt troch twa dingen. As earste hat Tolkien as taalleafhawwer in hiele grutte foarkar foar wurden dy’t net hiel gongber mear binne of sels wurden dy’t al in pear ieuwen net mear yn de skriuwtaal te finen wiene. Dy wurden dûkte er wer op en brûkte er, dêr hie er aardichheid oan. Dat is yn it Frysk dûbel lestich, omdat je yn it Ingelsk dúdlik in skriuwtaal ha. Wurden dy’t je nea sizze kinne je yn de skriuwtaal gewoan brûke. Yn it Frysk lizze sprektaal en skriuwtaal folle tichter byinoar. Ik ha dochs besocht om út de breedte fan it Fryske idioom en taaleigen in taal te meitsjen dêr’t in soad yn te genietsjen is. In soad Fryskpraters ha wol aardichheid oan âlde wurden dy’t je eins nea brûke. Dy wurden ha ik yn dit boek mar in plakje jûn.

It twadde is dat Tolkien net alles yn itselde register docht, mar hy lit de personaazjes op ferskate manieren prate. Dan giet it mear om de styl as om it idioom. Sjochst ek dat elk haadstik syn eigen sfear hat, foaral yn it earste diel. Yn it twadde en tredde diel wurdt it wat epysker en ek wol wat ientoaniger. Yn it earste boek giet it echt noch alle kanten út. As se by de Elfen binne dan wurdt alles op in oare manier beskreaun as wannear’t se har tocht dogge yn it tsjuster fan Moarje. Yn it Goa giet it der oars om en ta as yn de Rivierdelle, elk fermidden hat syn eigen register en dat makket it boek ôfwikseljend en leuk om te lêzen. Dat woe ik ek oerbringe. It personaazje Tom Bombadil praat bygelyks yn metrum. Hy rimet net, mar alles wat er seit is wol metrysk en dat jout in hiele aparte sfear. As je dat net oerbringe is it aardige fan sa’n haadstik fuort, dus dat wie de útdaging.

Plus dat der ek noch wat gedichten trochhinne struid binne. Net dat dat no poëtyske toppers binne, mar omdat Tolkien in hiele grutte wurdskat hie koe er wol rymje. Hy hie ek in protte gedichten lêzen, dus hy wist wol hoe’t dat moast. Guon gedichten wiene hiel lestich oer te setten, want wolst it rym en it ritme ek yn stân hâlde. Ik ha net folle âld-Frysk brûkt. Allinnich yn it twadde diel as se by de mannen fan Rohan komme. Tolkien lit har in soart Angelsaksysk prate. By it Ingelsk heart it Angelsaksysk, dan heart by it Frysk it âld-Frysk. Ald-Frysk en Angelsaksysk lykje ek in hiel soad opinoar.’

Wie it dreech om nammen en plaknammen oer te setten yn it Frysk?
‘Der is gelokkich in soad stúdzje dien nei de nammen en plaknammen dy’t Tolkien brûkt hat. Hy hat net allinnich in ferhaal ferteld, mar hy hat ek in wrâld ûntwurpen dy’t taalkundich kloppet. Hy hat de elfetalen betocht dy’t in hiel soad lykje op it Keltysk en it Finsk. Hy skriuwt yn de ynlieding dat de algemiene omgongstaal fan de Hobbits oerset is út it taal dy’t er Westron neamt. Hy hat dus in taal betocht dy’t yn it boek net weromkomt, mar yn in soad plak- en persoansnammen sitte wol eleminten fan dy taal. Dy taal hat er betocht, mar dy giet ek werom nei it Angelsaksysk en it Keltysk. In goed foarbyld binne de plakken yn it lân dy’t yn it Nederlânsk ‘Breeg’ hjitte, in ‘Brea’ of ‘Bredon’ yn it Ingelsk, dat is in âld-Keltysk wurd en betsjut ‘heuvel’. ‘Bredon’ is eins ‘Bree down’. Yn de tiid dat de Britten gjin Keltysk mear praten neamden se de bulte noch wol de ‘Bree’, mar se makken der ‘Bree down’ fan, it ‘breedún’, dus dat wie twa kear itselde. Sokke grappen hat Tolkien der in soad yn. Ik bin by sokke dingen net nei it Keltysk fan de eilannen ta gongen, mar nei it Bretonsk, dat der in soad op liket mar krekt even oars is. Dan bestiet der in wurd ‘skree’. It aardige is ek noch dat wy yn Fryslân in Skreedyk ha, ûnder Britsum. Net ien wyt krekt wêr’t dat ‘skree’ wei komt. Yn it plakje ‘Skraard’ sit it wurd ek, dus it is in âld toponym hjir yn Fryslân. Dan doch ik mar krekt of ha de Kelten hjir ek west en meitsje ik der Skreewert fan, dat betsjut dus twa kear de ‘bult’. Dêrmei nim ik in loopke mei de werklikheid.

Tolkien hat in talich universum makke en omdat oars gjin minske it lêze koe hat er it grutste part oerset yn it Ingelsk. De taal dy’t derachter sit is in kombinaasje fan Keltysk en âld-Ingelsk en noch wat gekke dingen. By my is it mainframe Frysk wurden, mar dêr moat dus ek wat ûnder sitte wêr’t dy plaknammen wer in betsjutting yn ha, en dat is by my it Keltysk fan de fêste wâl. Yn it Lân fan Skree ha je in bosk, Chetwood. ‘Chet’ is ôflaat fan it eilân-Keltyske wurd foar ‘bosk’, dus dat is ek wer dûbelop. Yn it Bretonsk is dat ‘Goat’. Ik ha dêrfan it Koartwâld makke. Dy G fan ‘Goat’ wurdt yn beskate posysjes in K, dus it kloppet allegear, allinnich ha hjir nea Kelten sitten sa goed as ik wit.’

Hast help hân by de oersetting?
‘Ik ha gelokkich in hiel soad help hân en ik ha de romte yn de tiid krigen om it te dwaan. Op in bepaald momint is it in hobby dy’t út de hân rint en bist even nergens oars mei oan ‘e gong. De gemeente hat my lekker myn gong gean litten. Ik ha mei Anne Popkema, dy’t The Hobbit oerset hat yn it Frysk, in pear kear om ‘e tafel west. Yn de Hobbit en de Ring komme in oantal deselde personaazjes foar en dy moatte yn de oersettings eins wol deselde nammen ha en de plakken moatte op deselde manier oantsjut wurde. In inkelde kear bin ik dêr fan ôfwykt, want guon plakken komme mar in inkelde kear foar yn it hiele boek. En soms fûn ik myn eigen fynsten krekt even better. Anne en ik binne der tegearre goed út kaam, dat wie ek leuk om te dwaan. Hy hat in pear prachtige fynsten dien. By ien fan de Hobbits komt yn it foargeslacht in reus fan in keardel foar dy’t de Bullroarer neamd wurdt, de bulderer. Dêr hat Anne fan makke: de Bolbjirk, fan ‘bolbjirken’. Dat fyn ik sa moai. Anne hat ek it earste diel hielendal meilêzen. Soms wurdst op de fingers tikke en krigest oare opsjes oanrikt. Ik ha syn boek ek hielendal meilêzen en hjir en dêr wat dingen derby setten, mar wat er dêr krekt mei dien hat wit ik net, dat moat er sels witte.’

Hoe giet it mei dyn oersetting fan it twadde diel fan Selskip fan de ring: Twa tuorren?
‘De ynterfisy nimt noch wol wat tiid. Mar tusken no en de ein fan de simmer moat ik in hiel ein komme kinne. En dan moat ik der noch mei in útjouwer op in goede manier út sjen te kommen. Der binne mooglikheden genôch. Ik wol sels wat dwaan mei crowdfunding, mar dat ha ik noch nea earder by d’ ein hân. En der is ek net fuort in útjouwer dy’t dat wol foar my oppikke kin. Om it kreas út te jaan dêr giet wol jild mei hinne. Fan it earste diel binne sa’n 250 eksimplaren ferkocht. Dat is net genôch om de kosten derút te heljen, dus der moatte subsydzjes oanfrege wurde. Elke útjouwer kin jiers mar safolle subsydzjes oanfreegje. Dus dat sjit noch net echt op. Ik ha wol links en rjochts petearen hân, mar dêr kin ik noch neat oer sizze.

Crowdfunding giet fia ynternet, dêr binne ferskate websiden foar. Ik ha der it Fryske wurd ‘jildkroadzje’ foar betocht. Fertelst dan watst dochst en wat ast meitsje of organisearje wolst, hoe folle jild derfoar komme moat. Minsken dy’t wat donearje wolle kinne sels bepale hoe folle, as se boppe in bepaald bedrach jouwe dan stiet der wat foaroer. Ast bygelyks 50 euro joust, dan krigest it boek mei in hantekening. It idee fan crowdfunding is datsto mear betellest as dat nedich is om it mooglik te meitsjen, dus dat is in foarm fan priveesponsoring. It is de bedoeling datst dyn hiele sosjale netwurk ynskeakelest en nei dy webside stjoerst. Kinst ek fia Facebook promoasje meitsje, mar ik bin noch wat in frjemdling yn dat lân.’

Wêrom hast krekt dit boek oerset?
‘Omdat it sa’n grutte útdaging is. It is in moai ferhaal, it is fansels hiel klassyk. Der sitte genôch lagen yn dy’t it nijsgjirrich meitsje om it boek mear as ien kear te lêzen. En de taal is hiel ryk. Alle kearen as ik it lês kin ik dêr wer fan genietsje. Doe’t ik it foar it earst lies, ik wie in jier as 17 of 18, tocht ik: wat soe it wêze om dit yn it Frysk oer te setten? Mar ik tocht doe, nee dat moat ik net dwaan, dat giet my boppe de macht. De gedachte hat my lykwols nea hielendal loslitten. Doe’t ik it earste diel fan de film sjoen hie, tocht ik ynienen: it moat dochs. Dus ik bin thúskommen fan de film, ha de kompjûter oanset en bin begûn.’

Op de Gedichtejûnen yn Snits hast fersen foardroegen út it boek. Hokker gedichten binne dat?
‘Op de earste Gedichtejûn yn 2012 ha ik in gedicht foarlêzen dêr’t ik in hiel soad wurk fan hân hie, mei in hiel yngewikkeld rymskema. In mytysk gedicht mei in new age-achtige sfear. It begjint op side 269. It giet oer hoe’t de moarnsstjer ûntstien is. Dit is de earste strofe:

Eärendil de farrensman
Wie boarger fan Arvernien;
hy boud’ in boat fan timmerhout
yn Nimbrethil om witwer te sjen;
hy weefd’ it seil fan sulver skien,
fan sulver wien’ de lampen smeid;
de boech wie foarme lyk in swan,
ljocht lyk’ it faanguod mei oerklaaid.

‘Farrensman’ rymt op de earstfolgjende heale rigel. ‘Nim’ fan Nimbrethil rymt wol om ‘tim’ fan ‘timmerhout’, mar ‘hout’ rymt net op ‘thil’. ‘Wer te sjen’ rymt wer op ‘Arvernien’ fan twa rigels dêrfoar. Dus hast acht heale rigels en dêrfan rymje seis opinoar en twa binne frij. Se rymje net allinnich op it lêste wurdlid, mar de lêste twa wurdlidden mei klam. It wie in huzarestik om dat oer te setten. De klank is eins ek de magy fan it gedicht, ynhâldlik giet it eins nergens oer.

Op de twadde Gedichtejûn ha ik in gedicht dien út it twadde diel, in preview sis mar. Frodo en Tabe moatte dan mei de ring troch it lân Ecilian, earder wie dat in part fan Gondor en dat is no yn de macht fan Sauron. Der wurdt noch in bytsje hin en wer fochten en dan komme der op in bepaald momint legers út it suden wei dy’t Sauron komme te helpen, op ‘mamûkil’, hiele grutte oaljefanten, in dúdlike ferwizing nei mammoeten. Yn it Noarden ha se wol fan dy bisten heard, mar noch nea sjoen. Tabe hat as bern wol heard dat der ‘oliphaunts’ binne. Dêr ha ik ‘Jelle Fanten’ fan makke. Dan seit Tabe in ferske op dat er as bern leard hat oer de Jelle Fanten. Dit jier ha ik hiel wat oars dien. Doe ha ik in Fryske ferzje fan in klassyk Latynsk gedicht fan Horatius foardroegen.’

Lêst in protte klassike boeken?
‘Ut en troch lês ik in klassyk boek. Ik lês in soad foar myn ûntspanning en dat binne ek in protte detektives. Mar sa no en dan echt in moai boek, lykas de boeken fan Donna Tartt. Dat is stilistysk heechsteande literatuer, it binne gjin fleurige boeken.’

Fibula

Do hast berneboeken fan Irene Bal oerset yn it Frysk. Hoe is dat sa kaam?
‘Op in bepaald momint bin ik derachter kommen dat ik heechbejeftige bin. Ik brûk sels it leafst de termen ‘heechtûk’, of noch moaier: ‘slimsnoad’. Dat betsjut net dat jo in soarte fan superyntellekt wêze soene, mar seit allinnich wat oer it simpele gegeven fan jins tinksnelheid. Fansels binne der dingen dêr’t men oanlis foar hat, en oare dingen dêr’t men gjin oanlis foar hat. Dat hat foar myn gefoel mear mei ‘jeften’ út te stean. Mar mei in hege tinksnelheid – dêr’t jo sels dus hielendal neat oan dwaan kinne – binne jo yn in groep oaren faak yn ‘t foar, sjogge jo de dingen earder, en hawwe jo ferlet fan mear prikkels. Mei dêrom is der de feriening Mensa foar heechtûke minsken. Dêr trof ik Irene Bal. Sy skriuwt ûnder oare berneboeken en se hie dêr doe noch gjin útjouwer foar fine kinnen. Us Harmen wie doe in jonkje fan seis. Hy hat ‘De ûle, de slang en de stiennen’ lêzen en fûn it in moai boek. Doe krigen wy it idee om dat dûbeltalich út te jaan, Nederlânsk en Frysk. Dêr is in útjouwer ynstapt en doe is it boek útjûn. Ik begryp net dat minsken net folle mear boeken twatalich útjouwe, want it hat neffens my trije foardielen. In hiel soad bern kinne wol in bytsje Frysk lêze, mar net hiel goed. As se it Frysk net snappe, gean se even nei de oare kolom, en leare dêr ek wer fan. Hast ek in soad bern dy’t gjin Frysk lêze kinne, mar dy’t it miskien wol nijsgjirrich om Frysk te lêzen. Plus dat der in soad mingdtalige famyljes binne. Heit en mem lêze miskien yn it Nederlânsk foar, mar pake en beppe wolle wol yn it Frysk foarlêze. Ast in boek fan Astrid Lindgren sa even oersetst by it foarlêzen, dan giet der in soad spanning ferlern. Mar mei in twatalich boek kinst elkenien tefreden stelle. Plus ast Frysk foar bern brûkst moatst dy altyd ôffrege oft bern bepaalde wurden wol begripe. As it der yn twa talen stiet hoechst dy der net mear drok om te meitsjen. Dus ik fyn dit in ideaal format, mar net ien wol deroan. Helaas is dit boek net mear te krijen. De útjouwer hat der wol aardich wat fan ferkocht en der binne ek hiele leuke reaksjes op kommen, sawol út Fryslân as út de rest fan Nederlân. De loads fan de útjouwer is lykwols op in bepaald momint yn flammen opgongen.

Babybeam

Irene Bal hat dêrnei wer in berneboek skreaun en dêrmei binne wy by de Friese Pers bedarre. De Friese Pers woe gjin twatalich boek útjaan, mar wol twa ferzjes fan it boek. De ferdwûne fibula / De verdwenen fibula is der dus yn twafâld, mar dat is al lang sa leuk net. Sy wiene bang dat minsken dan betelje moasten foar in boek dêr’t se de helte net fan brûkten. Neffens my wurket it net sa. Dit soe in searje wurde oer Daam en Ferhipke. Doe hat se it twadde diel fan de searje skreaun, De Avontoeren fan Daam en Ferhipke, diel 2. De Friese Pers sei doe dat se allinnich it Fryske boek útjaan woene, omdat it Fryske boek wol aardich ferkocht hie hjir, mar it Nederlânske net. No ha we dus de sneue situaasje dat it orizjineel net útjûn is, mar de Fryske oersetting wol. Irene Bal hat doe sein dat se der earst mar mei ophâlde woe. Ik ha mei de gedachte omrûn om sels in tredde diel te skriuwen, mar dat is der net fan kaam.’

Do bist dwaande mei in postdoc-ûndersyk oer de belidenis yn de tiid fan de tsjerkfaars by it Centrum voor Patristisch Onderzoek yn Utert. Wat hâldt it ûndersyk krekt yn?
‘It giet oer de tiid dat de tsjerke der noch net sa lang wie. Alle teksten út dy tiid binne grofwei yn it Gryksk of yn it Latyn, behalve yn it Easten, dêr hast ek Syryske en Armeenske teksten. Yn de tsjerke bestiet de apostolyske geloofsbelidenis en dy is hiel âld, hoe âld presys dat wit gjin minske. Tsjintwurdich is der in feste foarm, dy is ûngefear fan de tiid fan Karel de Grutte. Yn de tiid dêrfoar wiene der in hiel soad ferskillende foarmen en dêr ha ik ûndersyk nei dien. Ik ha myn bêst dien om alle farianten dy’t der west ha op in rychje te setten yn myn dissertaasje. Fan guon farianten binne mar fragminten oerbleaun. Ik ha in yndieling makke en in teory opsteld hoe’t al dizze fariaasjes ûntstean koene. Yn 2002 bin ik dêrop promovearre en ik bin no dwaande mei in ferfolchûndersyk oer itselde ûnderwerp. Dat ûndersyk giet oer hoe’t de tekst fan de belidenis funksjonearre hat yn de mienskip dêr’t je him yn werom fine. Der moat wer in boek útkomme, oer in jier moat dat der lizze. Ik ha al in hiel soad materiaal troch stúdzje, lêzings, ensfh.’

foto Liuwe iepenlofttsjinst Hartwert 2005

Hoe giet it mei de tsjerken fan Lollum en Burchwert?
‘It giet hjir eins krekt as oeral. It groepke wurdt lytser, mar de belutsenheid fan de minsken dy’t der binne wurdt grutter. Doe’t ik der kaam wie Burchwert al in gemeente mei in konstante, lytse kearn en ik sjoch dat ek noch wol in skoft trochgean. Foar de minsken dy’t der sitte is it hiel sinfol. Je reitsje altyd minsken kwyt oan leeftyd of ferhuzing, mar der komme ek altyd wer wat minsken by. Hjir yn Lollum is it in bytsje oars. Dat wie fanâlds in hiel tsjerks doarp. As der no fjirtich minsken yn tsjerke sitte, fyn ik it net min. Ik hoopje dat it no wat konstant bliuwt. De groep dy’t der no sit is wol in hechte groep. Minsken fine it moai om ien kear yn de wike rêst te nimmen en om mei-inoar te sjongen. Yn Hartwert stiet in keet foar de jongerein út de omkriten. Dêr hâld ik no ien kear yn de trije wike in soart tsjerketsjinst, mei muzyk dy’t se sels útsykje. In bepaalde groep fan dy keet komt dêr op ôf en fynt dat moai.

Liuwe fivertsjinst 11aug2013a

As tsjerken hjir ha wy in projekt yn Tadzjikistan. Dêr stiet in tehûs foar hendikepte bern en dêr ha wy ús mei ferbûn. Wy besykje dêr alle jierren in groep minsken hinne te stjoeren om de saak dêr in bytsje op te knappen. Wy ha dêr in stifting foar oprjochte en der moat altyd in soad jild foar komme. Ien fan de manieren om jild te krijen wie 24 oeren lang live muzyk hjirneist yn de tsjerke, de Lollumer Muzykmaraton. We hienen koaren, korpsen, klassyk, popbands, muzyk foar bern en wat aparte dingen. Dat spruts minsken hiel bot oan, mar yn de nacht kaam der hast gjin publyk. Dus dêr binne wy mei opholden. Dit jier ha wy it foar it earst op in middei holden. Nei ien of twa oeren slute we dan ôf mei in tsjerketsjinst. Ik fyn it wol hiel leuk om sokke dingen te organisearjen.’

Wat dochst noch mear?
‘Ik bin redaksjelid en sekretaris fan it teologysk tydskrift: Kerk en Theologie, bedoeld foar dûmnys en tsjerklik wurkers, mei wittenskiplik ferantwurde artikels en esseeïstyske stikken. It is gjin baanbrekkend ûndersyk, mar it binne wol de resultaten fan ûndersyk. Ik fyn it leuk om artikels te beoardieljen en oanwizings te jaan oft eat oars moat. Twa kear jiers komt de redaksje byinoar en tuskentroch wurdt alles oer de mail bepraat. Der binne sa’n 400 lêzers.

Op 25, 25 en 26 april ha ik mei myn maat Marten Walinga in bysûnder damtoernoai organisearre yn Frjentsjer. Hjir yn Lollum is in Fryske damklup. Der binne noch mar 150 minsken dy’t dy sport aktyf beoefenje. Wy hawwe ûndersyk dien nei it Frysk damjen en binne derachter kaam dat it âlder is as it ynternasjonale ‘gewoane’ damjen en dat it eins ek hiele grutte foardielen hat kwa wedstriidsport. By it ynternasjonale damjen hast in hiel grut oerwicht nedich om de partij te winnen, asto op in bepaald nivo sitst. Faak einigje partijen yn remize. By it Frysk damjen is ien houtsje mear genôch om de partij te winnen ast it goed dochst. Soms is sels in pear setten mear, ast in bytsje fierder op it boerd stietst, genôch om de partij te winnen. Dat makket it dus folle spannender. Wy ha no de wrâldkampioen en syn útdager, en dan noch seis ynternasjonale grutmasters damjen nei Frjentsjer helle. Se sizze allegear dat se dit spultsje folle moaier fine. It is no ús missy om it Frysk damjen te rêden fan de ûndergong en dat it aanst oer de hiele wrâld spile wurdt. Wy wolle aanst as Ljouwert Kulturele Haadstêd is, dat foar it earst it WK Frysk damjen holden wurdt.

Ik bin ien dy’t ferskillende dingen neistinoar dwaan moat en dat hat mei myn heechtûkens te krijen. As ik mar ien ding doch ferfeel ik my. It wurk hjir yn de gemeente fyn ik moai, it preekjen en it wittenskiplik ûndersyk fyn ik moai, ik wol wat dwaan mei oersetten en taal. Dus ik wol Tolkien dien meitsje en dan sjoch ik wolris wer wat ik útfyn. It skriuwen fan essees fyn ik ek leuk, dus dêr soe ik noch wol wat mear oan dwaan wolle. En sa no en dan moat ik wat organisearje. En ik hâld fan muzyk meitsjen op it klavesimbel. Ik krij les en wol dêr graach goed yn wurde. Ik wol yn de takomst graach fierder mei de dingen dêr’t ik goed yn bin en my goed by fiel.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
JL Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
JL
Gast
JL

Prachtich artikel en sjoch grif út nei it twadde diel fan It Selskip fan de Ring. Haw de oersetting fan it earste diel mei in soad niget lêzen.