Goffe Jensma

Giftige simmer

logo.ensafh

1
Stel, immen — neam him de persoan X – komt nei jierrenlang fan hûs west te hawwen werom yn — neam it mar it plak Y. It plak Y dêr’t er berne is, hikke en tein, dêr’t er boarte hat. X reizget dy dei mei de trein en as er op it stasjon útstapt dan wurdt er yn ienkear oerfallen troch folsleine panyk: ‘Myn hert jage my wylst ik út dy trein stapte. Mar it bûnze, lit my it mar earlik sizze, alhiel net fan folsleine bliidskip. Ja, it die my al goed, — ik wie der sels wol in bytsje grutsk op — dat myn stêd no gjin ynsliept provinsjestedsje mear wie, mar krekt likegoed oan it Europeeske spoar lei as de haadstêden fan it lân; mei in streekrjochte ferbining mei Hamburch, Berlyn, Parys – neam mar op! Mar dochs, my eange it tinkbyld dat troch dat tichter by krûpen fan dy bûtenlânske […] stêden, — dêr’t ik it nut en ek de needsaak trouwens folslein fan ynseach — dat myn stêd har eigen en foar my sa belangrike karakter fierhinne ferlern ha soe.’
De iene minsk sil der grif gefoeliger foar wêze as de oare, mar dochs wurdt hjir tinkt my in ûnderfining beskreaun dy’t elk wol kenne sil. Je komme op in stee dêr’t je eartiids faak west ha, in plak dêr’t je mei fergroeid rekke binne, je ha der jierren lang net west, en no, flak foardat jo fuotten dat plak wer oanreitsje sille, foardat je de doar iependogge of de trein útstappe, eanget it jo dat je it net mear werkenne sille.
X kin fansels elkenien wêze en Y kin oeral yn West-Europa lizze. In wurklikheid hat dizze persoan X , de skriuwer fan it sitaat dat ik niiskrekt oanhelle, wol degelik in namme. Yn 1871 waard François HaverSchmidt, de bekende fan Ljouwert ôfkomstige dûmny-dichter, by it weromkommen yn syn bertestêd troch krekt dizze panyk oerfallen. It sitaat komt út syn ferhaal ‘Werom yn myn bertestêd’. Haverschmidt, dy’t yn de loop wei better bekend as syn alter ego Piet Paaltjens, wie ôfgryslik gefoelich foar dit soarte fan ûnderfiningen en stimmingen. Grutte dielen fan syn wurk binne kleurd troch de eangst om te ferjitten en om fergetten te wurden en tagelyk likefolle kleurd troch in wanhopich langst dy’t út dyselde eangst fuortkomt, in langst om fêst te hâlden en fêsthâlden te wurden. It ferjitten en de herinnering binne hieltyd fêstklonken oan plakken dy’t er ken: oan de pastorij fan syn pake dêr’t er oait as bûkemantsje besletten hie om ek dûmny te wurden of oan it hûs fan syn âlden oan de Ljouwerter Foarstreek. Sa’n plak en it weromkommen op sa’n plak bringe him saken yn it sin dy’t wêzentlik foar him binne, dy’t syn identiteit mei bepale en befêstigje. Op krekt dyselde wize is syn identiteit ek fergroeid mei syn bertestêd Ljouwert en as er dat plak net mear werkenne soe – en dat ferklearret ek HaverSchmidt syn bange hertkloppings – dan soe dat ynhâlde dat er syn eigen identiteit foar in part oan it ferliezen is. Mei in fariaasje op psalm 103 draait HaverSchmidt it sels om. Mimerjend yn it hûs fan syn âlden stelt er himsels foar hoe’t dy wente oait yn de takomst de proai wêze sil fan de foarútgong, hoe’t it faaks wike moatte sil foar in spoardyk:
‘Dan ken ús plak ús sels net mear. Frjemden sette har del op dyn leaflingsplakjes, en laitsje en lije, en witte neat ôf fan dy en dyn bern, frjemden dy’t it neat skele kin wêrsto begroeven leist. Of sy komme mei hammers en mei houwielen en se litte net in stien fan dyn hûs op de oare en op it plak dêr’t dyn deakiste stie, mei in krâns op it lid, (o wrede spot!), dêr sit no in opperman dy’t de kalk fan de moppen bikt en núndert, safolle as syn prom it him tastiet, soksawat as fan in heitelân dat kalm bliuwe kin want dat der wol in wacht oan de Rijn stiet.
En dan riist der, boppe it toaniel fan dyn wielde en dyn lijen, fan dyn hoopjen en dyn wrakseljen, fan dyn opkomst en dyn delgong, in ûnbidige spoardyksbôge, en mei kûgelsfeart gizelje dêr de treinen oerhinne, de beurstreinen en de pleziertreinen, en by gjinien fan wa’t der allegear oerhinne jeie komt de gedachte ek mar even op, dat dêrûnder yn de bedelte ienris in hûs west hat en dat yn dat hûs herten bûnzen, herten dy’t dy leaver binne as alles wat jo by alle spoardiken yn de hiele wrâld lâns fine kinne soene.’
Sa bot binne HaverSchmidt en Ljouwert mei inoar fergroeid, dat de sloop fan de wyk dêr’t syn âldershûs stie it totale ferjitten ynhâldt fan de ynwenners fan dat hûs, fan himsels.

2
Ik moast oan dizze tekst fan HaverSchmidt tinke doe’t ik yn it boek dat hjoed presintearre wurdt de tekst fan Geart Mak lies. Mak beskriuwt ek hoe’t er weromkomt yn de stêd dêr’t er syn jeugd trochbrocht hat. Ek by him dyselde ôfstân tusken ferline en takomst. En ek by him waacht dat ferline swier. En ik frege my doe ynienen ôf: wat seit sa’n tekst, wêr stiet er foar? En hoe kin it dat sa’n tekst út 1871 en ien út 2009 op in bepaalde manier en ta in hichte fansels, dochs deselde lading ha kinne?
Dêrom wol ik noch wat sekuerder nei HaverSchmidt syn tekst sjen. Wat is de funksje dêrfan? Wat betsjut dy tekst? Op it each is der in ferskil mei de tekst fan Mak. Mak syn tekst liket mear sjoernalistyk te wêzen yn dy sin dat er gjin twivel is oer wa’t de haadfiguer is, nammentlik Mak sels. HaverSchmidt syn tekst dêrfoaroer is dúdlik in literêre tekst. Hy neamt nergens de namme Ljouwert, neamt nergens ek syn eigen namme. En ek al is op grûn fan de biografyske oerienkomsten fansels de ferlieding grut om yn de haadfiguer, de man dy’t werom komt yn syn bertestêd, ek fuort HaverSchmidt sels te sjen, soks meie jo net samar dwaan as it om literêre teksten giet. Skriuwers binne skriuwers en haadpersoanen haadpersoanen.
Earlik sein tink ik dat it earste dat dizze fergeliking leart is dat it better is om it krekt oarsom te sjen: tekst is no ien kear tekst. En dus: miskien giet Geart Mak syn tekst ek wol hielendal net oer Geart Mak en moatte wy ek dêr skriuwer en haadpersoan skiede. Miskien giet it hjir ek om in persoan X dy’t in stêd Y telâne komt. At jo sa ien kear sjogge, dan iepent neffens my de tekst fan HaverSchmidt de mooglikheid om ek de betsjutting fan de tekst fan Mak en ek fan alle oare teksten en keunstwurken yn Giftige Simmer te sjen.
Beide, alle teksten geane min ofte mear oer deselde problematyk, nammentlik oer de foaroerstelling fan it feilige, moaie ferline en de bedriging dy’t dat no troch de modernisearring ûnderfynt. En yn beide, yn alle teksten spilet ek identiteit in grutte rol.
Mar dat is allinnich mar it tema fan de teksten en it is net har betsjutting. Wêr’t it hjir echt om draait is dat beide teksten, alle teksten yn dy boeken, alle fansels op har eigen manier, besykje om dy tsjinstelling ûnder wurden te bringen, yn wurden of bylden te oerbrêgjen.

3
Dat sokke teksten as dy fan Mak en dy fan HaverSchmidt sa op inoar lykje, dat hat alles te krijen mei Fryslân. Yn de skiednis fan Fryslân, of eins better: yn de manier wêrop’t Friezen har eigen skiednis beskôgje, is de tsjinstelling tusken ferline en takomst ien fan de grutste tema’s. Oft it no yn literêre en skôgjende stikken fan Joast Halbertsma, Douwe Kalma of Obe Postma is of yn wittenskiplike stúdzjes of yn rapporten en nota’s fan de provinsje, krekt dat falt as ien fan de earste eigenskippen fan dy teksten op: wat moatte wy as autentike Friezen oan mei de moderne tiid? Dat hat alles te krijen mei de manier wêrop’t Fryslân represintearre wurdt, mei it byld dat wy ymplisyt fan Fryslân en Fryske kultuer mei ús meidrage, as in plattelânsmaatskippij dy’t ferlern gean kin ha, as autentisiteit dy’t troch modernisearring oantaaste wurde kin, as in lânskip dat ferrinnewearre wurde kin ûnder in dek fan dyken en spoaren, as in mienskip dy’t oplosse kin yn in proses fan globalisearring, as in natuergebiet dat troch in giftige skoarstien yn reek opgean kin, as identiteit dy’t yn de wieling fan de tiid weiwurde sil. It kultureel kapitaal fan Fryslân is syn ferline en dat is it ek probleem fan Fryslân.
Hoe’t dat sa kommen is, dêr wol ik net te lang op yngean. Ik wol it yn in pear sinnen nochris wat better sichtber meitsje oan de hân fan in tekst dy’t neffens my twa dingen tagelyk skerp sjen lit, de problematyk sels, en tagelyk hoe âld dy problematyk, dit byld fan in hast net te oerbrêgjen tsjinstelling tusken ferline en takomst, yn it tinken oer Fryslân al is. Yn 1846 skreau Joast Halbertsma in fisionêr pamflet oer de gefolgen fan it ferfier troch stoom – Over de gevolgen van het veroer door stoom. It wie de tiid dat de treinen begongen te riden en dat joech Halbertsma oanlieding om nei te tinken oer wat de maatskiplike, ekonomyske en kulturele gefolgen dêrfan wêze soene. Syn tekst hat in soad fan hoe’t wy oer digitalisearring en globalisearring en oer de gefolgen dêrfan foar Fryslân tinke. De stoom soe de wrâld revolúsjonêr feroarje, miende Halbertsma, der soe in netwurk komme te lizzen fan izeren diken fan Kamschatska oant Petersburg en fan Yndie oant Parys dy’t in omkearing fan gefolgen ha soe, dy’t ‘oant yn it djipste yngewant, yn de lytste ierkes fan de maatskippij yngrypt, sasear sels dat dy op it lot fan de lytste túnker, dy’t in pear ikkers mei ierdbeien ferbout om sa syn kost te winnen, in woldiedigen ynfloed ha sil.’
Halbertsma seach yn de stoom dus allegear positive mooglikheden. Se soe mear gelykens bringe yn de sin fan ûnôfhinklikens fan de grillige natuer. De wolfeart soe lykmjittiger ferdield wurde oer earme en rike lannen; se soe frijheid fan hannel bringe en ek bruorskip. De stoom soe meitsje dat de minskheid ien grutte famylje wurde soe. Mar… der wie ek in oare kant: de stoom soe ek de grutte lykstriker wurde fan kultuer. Wat soe der fan nasjonale kultuer oerbliuwe, wat soe der fan Fryslân oerbliuwe? Soene de oerâlde taal en it Fryske folkskarakter ûnder dit geweld oerlibje kinne? Hy seach mar twa mooglikheden: jo kinne mei de stoomwein ride of jo kinne der troch oerriden wurde. Dêrtusken wie der neat.

Ek Geart Mak jout oan hoe’t it fêsthâlde wollen oan it ferline in bline eangst foar de takomst mei him meibringe kin en min polityk belied. As jo eigen identiteit sa bot ferbûn is mei it ferline, mei skiednis, mei sa’t jo tinke dat it west hat, dan kin dat swier wage, it kin in ûndraachlike lêst wurde. Ik tink dat dy lêst ek faak op de skouders fan de provinsjale polityk drukt, ek hjir yn it gefal fan de Harnser ôffalûne. Der is in hast net te oerbrêgjen kleau tusken dy ‘flardebellefabryk’ mei syn giftige dampen en de skientme en suverens fan de natuer dêr’t er yn projektearre wurdt, tusken it hege hurde grize beton en de lege reade bakstien.

4
Wat wy faak te min sjogge is dat ús blik op it ferline as in ding dat driget wei te wurden, dat dat altyd in blik út it no wei is, en dat dy blik om dy reden ek hiel produktyf wêze kin. Wat wy der oer sizze, wat wy der oer skriuwe is út it no wei. En as jo dy kleau oerbrêgje wolle, dan moatte jo tekst ha, moatte jo ‘teksten’ meitsje – keunst, literatuer, politike pamfletten, polityk debat – dêr’t jo dy kleau hieltyd wer op ’e nij yn ûndersykje, beneame en betsjutting jouwe. Dat is ek wêr’t ien as HaverSchmidt op út wie: hy set yn in tekst it probleem del dêr’t er sels mei wrakselt en dêr’t er fan hopet dat in oar it werkenne sil. Allinnich al troch it te beneamen wurdt de kleau produktyf makke. En dat is ek wat Halbertsma en Geart Mak dogge: se formulearje har tinzen oer de kleau dy’t se waarnimme en dêr’t se mei oantangele sitte. En dat is no krekt wat de provinsje en Omrin nét dogge. Sy ha gjin tekst. Sy geane it debat net oan.
It ferline kin foar in persoan as HaverSchmidt of Mak likegoed as foar in hiele provinsje ûndraachlik wurde. En dat is it gefal as jo dy kleau net doare te problematisearjen, at jo wegerje om yn de publike romte te beneamen hoe’t jo ferhâlding ta dat ferline krekt is. Dy’t net goed mei it ferline omgean kin, hat it ek dreech mei de takomst.
Ik leau dat hjir yn dit boek de literatuer en de keunst in oerwinning behelle ha op de polityk. Om twa redenen: alderearst twingt it boek de polityk om nei te tinken oer hoe’t it ferline betsjutting hat. It ûnderfreget de polityk yn de gedichten, essees en keunstwurken ommers op syn frijbliuwendheid. Mar der is noch in winstpunt en dat is dat dit boek ek sjen lit hoe’t jo ek mei literatuer en keunst yn Fryslân omgean kinne, nammentlik as in engazjearre maatskiplike kracht, as in stee dêr’t jo de relevante diskusjes oer jo plak yn de wrâld hieltyd op ’e nij yn produsearje kinne. Wat dat oanbelanget bin ik Omrin en Deputearre Steaten ek noch wol wat tankber.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op