Jouke Hylkema

Foar de kofje net eamelje

logo.ensafh

‘Nós temos o café e esquecemo-nos da tomada aolongo do açúcar!’ frege ik Kitty de húshâldster fan ’e buorlju oer ’e tillefoan.
‘…Nenhum problema senhor Hylkema, eu trago-o logo nivelar!’
Ik skeakele nei it koarte petear de mobile tillefoan wer út. Sapke kaam de keamer yn.
‘Wa hiest sakrekt oan ’e tillefoan?’ frege hja erchtinkend.
‘O eh… de húshâldster fan buorfrou Carlese, oft se ek sûker en kofjemolke oer hie… om’t wy it yn ’e hastigens fergetten hawwe mei te nimmen!’
‘Do kinst dochs wol in pear dagen sûnder? Moatst dan daalk wer mei de buorlju oan ’e tillefoan hingje?’
‘Sjochsto hjir in supermerk oan it strân dan? Moat ik dan fjirtich kilometer mei de auto deropút om by de earste de bêste boer te freegjen om in heal mingel molke dy’t er nei alle gedachten sels hurd nedich hat foar it libbensûnderhâld fan syn eigen sibben, en dat allegear om’t wy hjir sa hastich hinne moasten om’t wy oars gjin gebrûk meitsje koenen fan ’e jet!?’
‘No ja, kofjemolke kinne je oeral wol krije ommers!’
‘Hjir net!’
‘Do dyn sin, helje dan mar by de Carleses, mar sûker hawwe wy noch by it soad! Wy hawwe lêsten ek alris sûker liend fan harren, ik waard der hielendal hyper fan!’
‘Dy Italiaanske sûker is ek lang sa lekker net as dy fan ús eigen DSM!’
‘Hea, sit Scheringa ek al yn ’e sûker?’
‘Nee… ik hie it oer DSM, minske, net DSB!’
Ik wie al tweintich jier mei Sapke troud, mar fan it begjin ôf hienen wy spul om lytse dinkjes. Nea waarden der grutte ûnderwerpen oanhelle as leafde, dea, emoasje, seksualiteit. Ik koe net mei Sapke prate oer de spiritualiteit fan Beppe, dy’t har altyd oanpaste oan eltsenien, Beppe, dy’t nea te beroerd wie om yn in winkel te wachtsjen oant se oan bar wie, dy’t pake der net op oanspruts om syn aventoerkes mei oare froulju of syn oanfarrings mei justysje.

‘No… hoest net sa mâl?’ sei Sapke suver fan slach, as andert op myn argewaasje.
Ik lei har de hân op it skouder.
‘Wy meitsje ús net mear drok oer dy ferdomde kofjemolke, hear fanke!’ sei ik, wylst ik har triennen fuorttute, ‘it komt allegear wol goed.’
De oseaan dy’t him niis noch tige wyld oppenearre hie wie ûnderwilens rêstiger wurden. De sinne bruts troch en sette it smelle strân fan Machangulo yn in ferblynjende glâns. Sapke en ik joegen ús del yn ’e Chesterfield.
Nei in skoftke – it sil in healoerke west ha – waarden wy beide wekker fan in sêft ploffend lûd boppe ús.
‘Hea… wat is dat ju…?’ sei ik mei in slieperige stim.
‘Sjoch ris… op it helyplatfoarm!’ rôp Sapke mei in gjalpke út.
Ik gong rjochtoerein sitten en seach de omboude seabird fan ’e Carleses op it platfoarm stean, wylst de rotorblêden stadichoan stil foelen. Buorfrou siet neist har piloat en hâlde gnyskjend in pakje echte Nederlânske kofjemolke omheech.
It wie in skat fan in minske. Sapke wie nei bûten ta draafd en stie wol in kertier lang mei de Italiaanske te praten.
Doe’t se de keamer wer ynkaam en it lûd fan de helikopter stadichoan wer ferstoar liet se my de heale liter ‘goudband’ sjen. ‘Is it net in skat, dy buorfrou?’ sei Sapke, ‘eefkes fan Maputo hinne en wer om in folle kofjemolke, út in spesjaalsaak!’
Ik flokte binnensmûls, ik dronk ommers healfolle kofjemolke!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op