Hedwig Terpstra

Rommert Tjeerdsma: ‘Ik skriuw gjin boeken om boadskippen út te dragen. It giet my derom om in aardich ferhaal te skriuwen, dat minsken graach lêze meie.’

logo.ensafh

Rommert Tjeerdsma (Hallum, 1943) soene jo in letbloeier neame kinne. Yn 1990 publisearre er syn earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie, it blêd fan de Fryske Boekeklup KFFB. Yn 2006 ferskynde syn debútroman Brekpunt, yn 2009 folge troch de roman Frij as de wyn. Yn 2010 kaam de histoaryske roman Reboelje yn Kollumerlân fan him út en dêrnei folge Om Doutzen yn 2013. De lêste roman Ferliezers seach dit jier it ljocht. Rommert hat oant syn pinsjoen as postamtner wurke. Hy wennet mei dichteres Jelly Keekstra yn Marrum. Sy ha inoar troch it skriuwen troffen.

Foar de arke fan Rink

Koarte gearfetting fan Ferliezers:
Froukje wennet mei har âlden yn de stêd. Yn de minne jierren tritich kin Jan, har freon, mar min wurk besette. As yn 1940 de oarloch ek Fryslân net foarby giet, wurdt alles oars. Froukje twifelet hieltyd mear oft se wol genôch fan Jan hâldt om mei him âld te wurden. Dan moetet se de jonge Dútser Werner, legere op it Ljouwerter fleanfjild. Ynearsten wol Froukje neat fan Werner witte. Mar it dilemma wurdt hieltyd grutter. Kiest se Jan, immen fan eigen folk, of Werner, ien fan de besetters fan ús lân…

Wat wie jo de driuwfear om Ferliezers te skriuwen?
‘Kinst in ferhaal skriuwe oer de Twadde Wrâldoarloch sa’t der al in hiel protte oer skreaun binne, oer wyt en swart. Ik tink dat der mear tuskentinten wiene as dat der echt wyt en swart wie. Neffens my wie de grutste groep griis, dat wol ik eins mei it ferhaal beljochtsje. En dat der by de oare partij ek goede minsken sieten en oarsom ek. Dat wie eins myn driuwfear om dat boek te skriuwen. Dêr kaam ek wol wer kommentaar op. Dr Gjalt Zondergeld hat in proefskrift skreaun oer de Fryske Beweging yn it tiidrek fan de beide wrâldoarlogen. Hy hie nochal wat krityk, want it wie fierste griis en sa wie it neffens him net. Mar nei oanlieding fan dat proefskrift hat hy ek hiel wat reboelje krigen, want hy set elkenien yn de fertochtebank. Elkenien yn de Fryske Beweging wie neffens him fout, mar dat is fansels net sa. Se hiene neffens him allegear by it ferset moatten en se hiene dit net dwaan moatten en dat net dwaan moatten. Achterôf kinne je dat maklik sizze, fyn ik, as je it sels net meimakke ha hielendal. Mar goed, hy hat in oare miening.’

De personaazjes yn it boek prate meast Frysk meiïnoar, ek de Dútsers, mar yn werklikheid sil dat net sa west ha.
‘Nee, mar dat ha ik bewust wol sa dien. Ik woe der ien gehiel fan meitsje. Ik tink datst dat wol faker hast. Yn in Ingelsk boek wurdt in Dútser ek net gau yn it Dútsk oanhelle, nim ik oan. Ast yn in film in Dútser Ingelsk praten hearst, dat fyn ik eins ek ûnnatuerlik hearren.’

it 5de boek is berne

Jo binne pas let begûn mei skriuwen, yn 1990.
‘Ja, ik skreau wolris wat foar de krante, dat is hiel leechdrompelich. 1990 bin ik begûn mei it skriuwen fan ferhalen en gedichten. Ik ha wat opstjoerd nei de KFFB en it waard pleatst. Dat jout de boarger moed en gean je dermei troch en krije je der nocht oan. Ik ha twa kear in priis wûn mei in ferhaal. Yn 2010 ha ik de twadde priis wûn foar it ferhaal ‘Jagdlust’ yn de fjildferhalewedstriid yn it ramt fan it Rink van der Veldejier. En dit jier ha ik in priis wûn by de KFFB-ferhalewedstriid foar it ferhaal ‘Moarmerje’. Dat ferhaal giet oer in skilder, in âldere man dy’t ek fan fakwurk hâldt, dy’t wurket mei in jongere kollega dy’t eins neat op dat mêd kin en allinnich meganysk massawurk docht. Dan krije se dien. Hy komt dan in lyts skildersbaaske tsjin dy’t ferlet fan in echte fakman hat. Sadwaande komt er wer yn it wurk dêr’t er fan hâldt. Der komt fan ‘t simmer in bondel út mei ferhalen fan ferskate skriuwers en dêr komt dit ferhaal ek yn.’

RINK PRIIS

Wat is de ferbinende tematyk yn jo wurk?
‘Dat fyn ik in lestige fraach. Miskien is der wol gjin ferbinende tematyk. Ik tink dat elk boek op himsels stiet. Ik skriuw gjin boeken om boadskippen út te dragen. Ik fyn, de lêzer moat sels syn konklúzjes mar lûke. It giet my derom om in aardich ferhaal te skriuwen, dat minsken graach lêze meie. Ik krij meastal wol positive reaksjes fan lêzers. De boeken wurde ek wol aardich faak útliend by de biblioteek. Ien kear yn it jier krij ik dêr in ôfrekken fan. Dêr bin ik wol tefreden oer, ast dan ek noch betinkst dat in protte biblioteken slute moatte. Yn Hallum wie in biblioteek, mar dy is yntusken ticht. Stiens is der noch en Dokkum en Ljouwert, dêrtusken sit hielendal neat mear. Ik leau wol dat se yn it MFC Burdaard in lytse biblioteek opsette wolle, mar dat kinst net ferlykje mei in echte biblioteek, dit is mear wat foar derby. It komt fan it Ryk, dat allegear taken ôfskoot nei de gemeenten. Dy moatte besunigje en dat dogge se dan it earst op sokke dingen. Dat is in minne saak, foaral foar bern. It moat harren just bybrocht wurde om te lêzen.’

DSCN1107

Lêze jo in soad?
‘Ja, sa gau’t ik lêze koe wie ik in soad oan it lêzen, wat ik mar te pakken krije koe, boeken en kranten. Op skoalle hiene we in biblioteek en dan hie ik al gau alle boeken lêzen. Yn it oare doarp wie noch in partikuliere biblioteek, dus doe helle ik dêr boeken wei. Sadwaande wie ik altyd oan it lêzen. It hat my altyd fassinearre dat je troch it lêzen fan letters yn in oare werklikheid terjochte komme. Ik lês no al wat minder, want ik sit in soad by de kompjûter. Dat nimt in protte tiid. Ik sykje op ynternet in soad op, ek foar myn boeken. Ik ha ek in protte skiednisboeken dêr’t ik dingen yn opsykje.’

DSCN1111

Troch hokker boeken en skriuwers wurde jo ynspirearre?
‘Jelly en ik ha in protte Fryske boeken. Dy stean boppe, want se stean by ús op in heger plan. It falt net ta om by te bliuwen mei alles dat der útkomt, mar ik doch myn bêst. Myn favorite Fryske skriuwers binne Durk van de Ploeg: dat is myn topper, Anders Rozendal, Anne Wadman, Reinder Brolsma. Ik lês net in protte Nederlânske romans, mar mear non-fiksje boeken. Ik ha krekt in hiel tsjok boek kocht: De Boerenoorlog fan Martin Bossenbroek. In pear jier lyn krigest it boek De donkere kamer fan Damocles fan Willem-Frederik Hermans ergens by. Dat fyn ik wol in hiel nijsgjirrich boek. Fan Emile Zola ha ik in hiele samling boeken, in stik of 25 eksimplaren. Zola wie de man fan it naturalisme, hy libbe yn de njoggende ieu. Hy wie eins de earste dy’t mei dy streaming begûn. It hat net lang bestien, om 1910 hinne gong it skriuwen mear de kant fan it realisme op. Zola besocht sa objektyf mooglik de feiten wjer te jaan. Echte objektiviteit bestiet fansels net; de ien syn realiteit is oars as dy fan in oar, dêrom binne se dêr wer fan ôf stapt. Ik hâld perfoarst net fan science-fiction, dat is myn sjenre net. Dat is my allegear wat te fantastysk. Ik bin ek net wei fan thrillers. Ik sjoch wolris ien op televyzje, mar sokke boeken lês ik net. Histoaryske romans fyn ik it moaist om te lêzen, bygelyks oer de Twadde Wrâldoarloch.’

Binne jo no mei nij wurk dwaande?
‘Ik wurkje no oan in ferfolch op Om Doutzen, dan hâld ik dêrmei op. Dan ha ik genôch oer de Twadde Wrâldoarloch skreaun, fyn ik sels. Ik tink dat ik dan weromgryp op in ieu as wat werom, dy tiid fyn ik wol hiel nijsgjirrich, de 18e en 19e ieu. Om oer dizze tiid te skriuwen dat leit my net sa. Oer myn nije boek wol ik net te folle fertelle, omdat ik noch yn it skriuwproses sit. Ik krige in soad reaksjes fan minsken dy’t Om Doutzen lêze hiene, dy’t benijd wiene hoe’t it no fierder gean soe. Ik sei dat it net fierder gong, dat it in iepen ein wie. Doe’t Ferliezers klear wie, tocht ik: wat sil ik no? Dus doe ha ik besletten dochs in ferfolch op Om Doutzen te skriuwen.’

Koarte gearfetting fan Om Doutzen:
It boek spilet yn ’e tritiger jierren fan de foarige ieu. It is krisistiid, rûnom hearsket earmoed. Alle dagen steane lange rigen wurkleazen foar it stimpellokaal. Doutzen wennet mei har âlden efterôf yn it lân, dêr’t har heit mûnder en lytsboer is. Hja fielt har ûnwennich yn dy iensume oarde en langet nei it fertier en de drokte fan de stêd, dêr’t se wolris by omke en muoike útfanhûzet. Sibe is in jongkeardel dy’t in âld Chevrolet keapet en in molkrit begjint. Syn freon Wytse kriget ferkearing mei de dochter fan in NSB-er en rekket alhiel yn ’e besnijing fan dy beweging. Sûnder erch giet Sibe dêr stadichoan yn mei. Dan moetet er Doutzen…

Wat skriuwe jo noch mear?
‘Ik ha in rubryk yn Lyts Frisia, it tydskrift fan de Jongfryske Mienskip. It binne satiryske stikken oer de werklikheid fan hjoeddedei. It blêd is krekt fernijd. It wie earst in lyts bledsje, mar se ha der no in A4-formaat fan makke. It is in moai tydskrift wurden, fyn ik. Der stean in protte histoaryske stikken yn. Ik skriuw dêr frijwillich foar. De Jongfryske Mienskip hat in jong bestjoer. De feriening set him yn foar de lykberjochtiging fan it Fryske folk en set him yn foar de Fryske taal en identiteit.’ Sjoch op www.jongfryskemienskip.com foar mear ynformaasje.

22 maaie koene wy stimme foar it Europeesk Parlemint. Wat fine jo fan it feriene Europa fan hjoeddedei?
‘Napoleon hat it besocht, Hitler hat it besocht, mar it sil net slagje. It is Godsûnmooglik om fan folken dy’t sa ferskillend binne in federaasje te meitsjen, nei myn miening. Dat giet aanst in kear ferkeard. Ik tink dat aanst de hiele boel yninoar donderet en de euro ek, want ik sjoch der gjin heil yn. Der komt by dat it demokratysk hjit te wêzen, mar dat is it hielendal net, want de technokraten beslisse wat der bart, de befolking hat neat te sizzen. It parlemint sit der in bytsje foar de show en hat ek neat te fertellen. Ik tink dat it der foar gewoane minsken allinnich mar minder op wurdt yn in feriene Europa. It is opset út it ynternasjonale sakelibben wei, dat hat der baat by, mar wy kinne miljarden nei oare lannen sluze, nei korrupte rezjyms en sa. En it komt ek fierste fier fan de minsken ôf te stean. Ik hâld fan bestjoer dat hiel tichtby de minsken stiet. De boer moat sels de leie ha, fyn ik. Dus dat liket my net goed ta, foar lytse taalgebieten ek net. Ik tink dat it aanst allegear Ingelsk wurdt, ien grutte ienheidsmassa.’

Wat soe der barre moatte foar behâld fan de Fryske identiteit en kultuer?
‘Der sil yn it foarste plak wat barre moatte yn it ûnderwiis, want dêr mankearret hiel wat oan. En der moat in foarm wêze fan selsbestjoer. It soe prachtich wêze as Fryslân sa’t it ea wie, dat East-, West en Noard-Fryslân wer byinoar komme. Miskien is dat in dream, mar dat soe ik it moaiste fine. Der binne wol kontakten mei de oare Fryslannen, dus wa wit. Ik hâld my dêr net mei dwaande, ik kin net oeral by wêze. Ik bin ek net sa reislustich mear.’

Romeo 6 (89)

Ha jim bern?
‘Ja, ik ha twa dochters. De jongste wennet yn Haarlem en de âldste yn Ljouwert. Jelly hat in soan yn de Achterhoeke, in dochter yn Drinte en in dochter yn Ferwert. Wy ha tegearre trettjin pake- en beppesizzers en der komme oare moanne trije lytse jonkjes by. Myn iene dochter kriget in twilling en de oare kriget in jonkje. Dus dan ha wy sechstjin. Jelly hat tsien beppesizzers en ien oerbeppesizzer en ik ha der aansen fiif. In grutte famylje, hiel gesellich. Wy ha beide earder troud west. Yn 2001 ha wy ús yn Marrum nei wenjen set.’

Gean jim wolris nei literêre byienkomsten?
‘Wy gean wol nei Boekewikejûnen dêr’t skriuwers komme te sprekken. Hilda Talsma hat har boeken presintearre yn Dokkum, dêr ha wy hinne west. Om it ferskinen fan har lêste boek, It geloksbern, te fieren hie Hilda in boatreis organisearre dêr’t ferskate minsken foar útnoege wiene. Wy ha doe ek mei west en dat wie al sa prachtich. Krigest op lêst wol in soad kunde yn de skriuwerswrâld. Ien kear yn it jier is der in byienkomst oer Theun de Vries yn de Skierstins yn Feanwâlden, en dêr bin ik ek altyd by. Der binne twa biografyen oer him skreaun of der wurdt oan wurke en sa’n biograaf wurdt dan útnoege om dêroer te praten. Dat fyn ik hiel nijsgjirrich. Ik bin in grutte fan fan Theun de Vries. As hy jierdei wie yn april stjoerde ik him altyd in kaartsje en dan krige ik altyd wer in betankje wer werom. Hiel aardich. Fan him ha ik ek in protte boeken stean.’

P1100459

Ynspirearje jim inoar?
Jelly: ‘Ja, Rommert ynspirearret my seker. Ik ha wol gedichten oer him skreaun. Hy hat earder ek wol gedichten oer my skreaun, mar no dichtet er eins net mear. Ik gie wol in soad fuort te sprekken. Wy ha ien kear tegearre fuort west, dat gong wol aardich, wy follen inoar moai oan. Ik herken wol in protte yn syn boeken, dingen dy’t er deryn ferwurke hat, omdat ik him goed ken fansels. En we lêze inoars wurk, dat is ek moai. Ik ha al myn fjouwer bondels yn eigen behear útjûn. Ik wie myn boeken altyd samar kwyt, ik tink omdat se wol tagonklik binne foar in protte lêzers. De KFFB hat my wol frege oft ik in bondel meitsje woe foar ferienings, mar ik skriuw leaver spontaan. Ferhalen skriuwe fyn ik ek moai. Sprekke dogge wy no net mear, it waard my wat te drok. Wol spitich, want ik fûn it prachtich om te dwaan. Ik ha ek altyd toanielspile, dus it sit der wol yn. Ik meitsje no wol gedichten op foto’s. Foar alles is in tiid.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

4
Reageer op dit artikel

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
4 Comment authors
Martsje de JongOld Macsjieuwe borgerGreet Atsma Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Greet Atsma
Gast
Greet Atsma

Ik heb genoten van dit intervieuw met Rommert zelf lees ik momenteel ook een boek van hem Ferliezers,als je er in begint is het moeilijk stoppen en nu ik dit petaer gelezen heb ga ik nog meer van Rommert lezen,want ik houd van oorlogs boeken.Rommert beschrijft het zo echt of dat je het mee beleefd en dat vindt ik prachtig.Zijn vroeuw Jelly kan inderdaad hele mooie gedichten schrijven jammer dat ze dat niet meer doet,maar ze vullen elkaar prachtig aan.

sjieuwe borger
Gast
sjieuwe borger

In moai stik oer in sympatike skriuwer en syn faam. Ien sin út it stik begriep ik net. It wurdt sein troch Jelly en giet sa. Sprekke dogge wy no net mear, it waard my wat te drok. Wêr doelt dit op?

Old Mac
Gast
Old Mac

Ik kin Rommert inkeld en allinnich fan de kompjoeter en wy ha sa no en dan ‘kontakt’, mar dochs koenen wy wol bruorren wèze wat ús tinzen en stânpunten oanbelanget en dat net inkeld wat wat Europa en de Euro betreft, Moai intervieuw!

Martsje de Jong
Gast
Martsje de Jong

Aha, Rommert út ‘e pen. In moai en waarm minske, lykas syn Jelly. De boeken fan Rommert lêze noflik wei en binne foar elk wol nei te kommen. Dochs brûkt er ek gauris âldere Fryske útdrukkings. Hiel moai, want sa wurdt teminsten net alle goud fan ús moaie taal wei.
Lokwinske, Rommert, mei alwer fiif boeken. In hiel oeuvre. Ik bin benijd nei nûmer seis.