André Looijenga

Amsterdam as moadieus klisjee foar anglosintryske historomantyske kultuerpulp

logo.ensafh

Ofrûne freed seach ik efkes Nieuwsuur. Nei in skôging oer de benearjende sitewaasje yn Noard-Irak, soe ik de tillevyzje wer útdwaan. Mei in heal each en ear krige ik mei dat der in itemke oan like te kommen oer it safolste boek fan in Amerikaansk histoarikus oer Amsterdam yn de 17e ieu. Amsterdam, och wat in orizjinele ûnderwerpskar (quod non), tocht ik al by mysels. En sa’n “ynfleine” Amerikaan, dy’t net iens Nederlânsktalige boarnen lêze kin, dy sil ús hjirre dan wer ris útlizze wat elkenien mei in bytsje ynteresse yn skiednis al lang wist… Mar, eins, hoe my soks ek tsjinstiet: lit my dochs even sjen hoe mâl oft it giet. Learsum faaks. Dat de tillevyzje mar wer oan.

It wie noch folle slimmer as ik tocht hie…

Hjir in linkje nei de Nieuwsuur-bydrage dy’t ik seach. Der dreau in sloep troch de Herengracht. Oan board in jonge Ingelske, dy’t har debútroman nije moanne útkomt. (Jawis: in boek dat no noch net te keap is, fan in skriuwster dy’t har noch net mei in earder boek bewize kind hat! As dat net in reklamestunt ferklaaid as “nijs” is, wit ik ek net!) — It boek giet oer in poppehûs út 1686. Dat ek mar in “djipte-ynterview” mei in meiwurkster fan it Rijksmuseum dertsjinoan. En wat moaie plaatsjes fan dat barokke poppehûs. Plus it ynfo’ke (dy’t elk dy’t dat echt wol nijsgjirrige keunstobjekt ris sjoen hat, al wist) dat sa’n modelhearehûs doedestiids al hast likefolle kostje koe as in echte wenning. Ynformaasjetichtheid yn dit sjoernalistyk peareltsje fan Nieuwsuur dus op heechút in skoalbern ûnderskattend basisskoallenivo.

Foaral reklame foar it Rijksmuseum (dy ynstelling dêrjinsen dy’t nei in kostbere fierste lang duorjende ferbou wol hiel media-gleon wurden is), en fansels foar in bestsellerhongerige útjouwerij dêrearne oan dyselde Grachtengordel.

Wer werom nei it boek. De skriuwster derfan is in sekere Jessie Burton. (In diel fan myn reserve foar har oer sit deryn dat hja in romanskriuwster is dy’t wierskynlik jonger is as my, mar dat is bernige jalousie de métier, dêr’t ik graach oerhinne stap.) Ut wat ik op har lytse bloch lês, wie se sels ek bot oerdondere dat har earste manuskript fuortdaalks sa oankaam by de útjouwers. Kin ik my yntinke, ja. Tink ek wol dat dat autentyk is. Har âlden, har eftergrûn, yn Súdeast-Londen, set se del as ienfâldich en middle class: dát liket my wol foar in part pose. Mar pose út ferdigening faaks. Har aksint, har krekt wat te floeiende, wat te wurdenrike en justkes arrogante konversaasjetoan op har bloch: dat wiist dochs wol in aardich ein rjochting it kultureel-privilizjearre, smûkskaadzjend suburbane Súd-Ingelân. Likegoed as wurk yn de City: dêr’t jo goed fertsjinje oan dingen dêr’t jo gjin ferstân fan hoege te hawwen, salang’t jo mar op in moaie skoalle en in moaie universiteit sitten ha om fan dat deftige en rederike Ingelsk leard te hawwen.

Mar ja, sa is Ingelân no ienkear. De wichtichste funksje fan de Ingelske taal dêr is net kommunikaasje of ynformaasje-oerdracht, mar middel om de maatskiplike oardering yn stân te hâlden.

Hawar, sa’n jonge frou as dizze Jessie Burton komt dus ris del yn Amsterdam, en rekket ynspirearre ta in roman oer twa ûnmooglike leafdesferhalen út froulik perspektyf skreaun. Skiednis en keunst as dekôr foar romantyske kitsch, foar it neist. Fierders neat op tsjin. De Grachtengordel, ophimmele en fertoerigentrifisearre, lient him ommers goed foar kwasi-kulturele pulp. Krekt as Venetië of Florence, om mar ris wat oare moaie earder wichtige binnenstêden te neamen.

Wat my folle lulker makket, binne de macht fan de literatuermarketing dy’t bliken docht út de kasus-Jessie Burton, en de mispleatst ûnbidige kulturele macht fan de Ingelske taal.

Jessie Burton har hommelse sukses is fansels folslein it produkt fan de ynternasjonale bestseller-merk. Hja hat gelok hân: in plot foar in breed benammen froulik publyk, 17e-ieuske Hollânske (skilder)keunst is moadieus en tagonklik kultureel erfgoed, en hja hat grif in soepele, moderne en net-te-drege hân fan skriuwen. Dat wurdt dan mei graachte yn de merk set, fuort yn 30 talen (!) oerset, en yn Hollân appellearret de ûnderwerpskar boppedat oan in kultureel ferantwurde nasjonale grutskens.

It meast fan alles holp Jessie Burton it Ingelsk. Dêr sit, binnen it Ingelske taalgebiet, dan ek wer in wichtige sosjaal-ekonomyske komponint oan (lykas hjirboppe sein), mar haadsaak is: wat yn it Ingelsk skreaun wurdt, makket yn de ynternasjonale boekemarketing folle mear kâns as eat yn in oare taal. En fan alle lannen bûten it Ingelske taalgebiet is Nederlân faaks noch it meast fetber foar it oerskatten fan it relatyf gewicht fan it Ingelsk en fan skriuwerij yn it Ingelsk. (Mar dêr moat ik oare kear mar mear oer sizze: hat û.o. wat te krijen mei Hollânsk sintralisme en monomany.)

Dus, dizze roman fan dizze Jessie Burton, The Miniaturist oftewol Het huis aan de Gouden Bocht: traapje der net yn! It marketingsirkwy besiket om it jo te sliten as “literatuer”, in respektabele roman oer skiednis, tapaste keunst, museumobjekten, fan in “beroemde auteur” (lykas Wim Pijbes har nó al neamde). Mar rekkenje gewoan op in ridlike “fuort-lêzer”, wat romantyske ûntwikkelinkjes tsjin in fantasearre histoarysk dekôr. Yn wêzen kultuerpulp: goed om jo in ien, twa wiken jûns mei yn sliep te lêzen. Noflik klisjee, sûnder pineholle en/of sliepleaze nachten.

En de kultuerwrâld is njonkenlytsen sá bot fermarketingd, dat historomantyske hearehûsromantsjes as wrâldliteratuer jilde. Wat dat is de literatuer dy’t ynstant jild ynbringt, en dus de literatuer dy’t echt jildt. En dy’t “echt” is, want yn it Ingelsk. (Ommers, krijt in Nederlânske debutant, waans boek noch útkomme moat safolle omtinken op tillevyzje as dizze Jessie Burton…? Nea ofte ninter, séls net as er hikke en tein wêze soe yn in paleis oan dyselde ferhipte Herengracht…!)

Sneu foar Amsterdam, dat de sabeare “literatoaren” dy’t foar ynternasjonaal renommee (en kultuertoeristen) soargje moatte, pulpskriuwers binne as Dan Brown en in bekakt famke út Londen. Dy stêd, dit lân fertsjinnet better as de maklike klisjees dy’t Ingelsktaligen derop plakke.

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
daamanne feddema Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
anne feddema
Gast
anne feddema

You’re speaking from the heart, my dear boy and from my heart as well. Blood is thicker than canalwater…it certainly is….hm.

daam
Gast

Ik ha dy útstjoering net sjoen (sjoch eins hielendal gjin tv) dat oer de ynhâld dêrfan kin ik neat sizze.

Dat liket my nei lêzing fan dyn stik ek folslein oerstallich, de bylden binne treflik by my binnen kommen. Dyn beskriuwing liket my eksimplarysk foar it bettere boek dat min ferfilme is.

It wie in geniet om te lêzen!