Hedwig Terpstra

Hilda Talsma: ‘Alles is klisjee. In literêr boek ek.’

logo.ensafh

Se debutearre yn 2011 mei de roman De twadde hûd. It ferfolch Flammen kaam yn 2012 út en yn 2013 it lêste diel yn de trilogy, It geloksbern. Yn dizze boeken wurdt it doarpslibben op in realistyske manier beskreaun. Se wurke mei oan it skûtsjeboek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s (2010). Se hat ek ferskate toanielstikken skreaun. Hilda (Alde Leie, 1971) is troud mei Jelle Talsma en sy ha fjouwer bern: trije soannen en ien dochter. Sy wenje yn Warten mei twa hynders, fjouwer hûnen, fjouwer katten en hinnen. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen twadde graad folge oan de NHL yn Ljouwert. Hilda hat krekt har nijste manuskript opstjoerd nei útjouwerij Elikser.

1073171_399374733515992_1445968033_o

Dyn trije romans gean oer de minsken yn it doarp Frisum. Stiet Warten model foar Frisum?
‘Eins stiet mear myn bertedoarp Alde Leie model foar Frisum. Mar yn prinsipe soe elk gemiddeld Frysk doarp Frisum wol wêze kinne, tink ik. Teminsten, dat sizze in hiel soad minsken tsjin my. Dy fine it hiel werkenber. Dan sizze se: “As wy dat boek lêze betinke wy der allegear minsken by út ús eigen doarp.” Ik ha oant myn 18e yn Aldeleie wenne, dêrnei op Nijesyl (It Bilt) en bin doe ferhuze nei Ljouwert mei Jelle. Wy binne hjir yn Warten kaam doe’t ik 22 wie.’

Yn hoefier sitte der autobiografyske eleminten yn dyn boeken?
‘No, net. Wol yn de sin fan dat ik altyd fan alles sjoen en heard ha en datst dy der in byld fan foarmest miskien. Mar it is net sa dat ik de dingen dy’t yn myn boeken beskreaun wurde meimakke ha. Wol de merke fansels en it doarpslibben, dus yn dy sin is it autobiografysk, mar net spesifike sênes.’

foto (5) (1)

Hasto altyd al skreaun, as bern ek al?
‘Nee, as bern tekene ik in soad. It skriuwen is in bytsje nei bûten kaam doe’t ik op skoalle siet. Dan moast ik in soad ferslaggen skriuwe en dat fûnen de learkrêften altyd wol hiel leuk om te lêzen. En foar myn ôfstudearjen ha ik in berneboekje skreaun en yllustrearre. Ik ha skriuwkursussen dien by Akky van der Veer mei proaza en by Dolf Verroen mei berneboeken. De ferhalen komme altyd, ik hoech dêr net hiel dreech oer nei te tinken.

It ferhaal fan De twadde hûd liet my mar net los. Doe’t de jongste nei de beukerskoalle gie hie ik mear tiid en doe bin ik der foar sitten gien. Dan begjinst en moatst mar sjen wêr’t it útkomt. Oer it earste boek ha ik wol sân jier dien. Ik hie in manuskript en dat ha ik lêze litten oan ús mem en oan myn man en dêrnei oan noch in pear minsken. Dy minsken wiene wol entûsjast en doe ha ik it nei de Friese Pers Boekerij stoerd. Ik krige it werom, mar wist doe noch net krekt wat der oan mankearre. Omdat ik dy kursussen by Akky folge hie ha ik nei har ta stjoerd en frege oft sy der nei sjen woe. Fan har ha ik echt in goed ferslach werom krige mei ferskate oandachtspunten. Ik ha it opnij dien en úteinlik is it by projekt Skriuw telâne kaam en hat Janneke Spoelstra it foar my neisjoen. Sy wie wol entûsjast. Der mankearre noch wol it ien en oar oan, mar sy sei dat ik in hiel eigen styl ha, en sa’t ik skriuw dat wie der noch net echt yn it Frysk. It wie wol frij rûch en realistysk beskreaun. Doe ha ik it nei Elikser stjoerd. Jitske Kingma woe it útjaan en doe gong it yn ien kear hiel hurd. Ik kin bêst wol oer krityk, mar dan moat it wol sein wurde op in manier dat ik der wat mei kin. Ik fyn it goed om te witten wêr’t ik om tinke moat en hokker stikken miskien noch ûndúdlik binne foar de lêzer. En it is dochs sa mei boeken: wat de iene moai fynt fynt de oare stom. Janneke wennet flakby Alde Leie, dus sy snapt dit boek fan my ek, want sy komt ek út dy doarpskultuer. Minsken dy’t net út in doarp komme, sille der miskien oars oer tinke.

By de skriuwkursussen ha ik te hearren krigen dat ik goed bin yn it skriuwen fan dialogen. Dat ferklearret miskien it toanielskriuwen ek wol wer, want dat is yn prinsipe allegear dialooch. Dy kursussen wiene altyd wol sa leuk dat ik der wol fierder mei woe. Ik koe earst hielendal gjin Frysk skriuwe, dus dêr ha ik doe in kursus foar dien by de Afûk. Myn boeken wurde noch korrizjearre, mar it giet wol hieltyd better.’

Dyn earste boek, De twadde hûd is ôfwiisd by de Friese Pers Boekerij. Wat wie it oardiel?
‘Der stie yn de brief wol dat it ôfwiisd wie, mar eins net it hoe en wêrom. Mar ik ha letter Jelma Knol ris earne troffen en doe haw ik it har frege. Sy sei dat je in ferhaal yn alle rêst fertelle moatte en sy fûn it te soapeftich. Doe wie it yntusken al útkaam by Elikser, en dat is wol krekt wêr’t ik altyd in hiele protte positive reaksjes op krij: omdat it sa flot lêst. Der bart in hiele protte en it ferfeelt noait. Lêsten sei ek ien tsjin my: ‘Der binne mar in pear skriuwers by wa’t ik altyd trochlêze wol en dat bisto en dat is Rink van der Velde.’ Literêre minsken sizze dat myn boeken te min djipgong ha om literatuer te wêzen. No is it myn bedoeling ek hielendal net om echt literatuer te skriuwen, want ik wit wol wat ik skriuw. Ik bin net in literêre skriuwer yn dy sin en de measte ‘literêre’ boeken begryp ik ek net. Ik tink dat ik sa skriuw sa’t ik sels ek graach in boek lês. Jaap Krol hie it yn syn resinsje oer klisjee, mar dat ik dat dan ek wol wer op in leuke manier doch en dat it net foarsisber is wat der bart. Ik ha net in hekel oan klisjee, want alles is yn prinsipe klisjee. In literêr boek ek. Binnen de klisjees kinne je wol besykje orizjineel te wêzen.’

Geloksbern

Dyn nijste boek, is dat in ferfolch op It geloksbern?
‘Nee, dat is in hiel oar boek. It giet oer in famke dy’t hiel goed mei hynders is. Sy fielt fan natuere hiel goed oan wat der yn in hynder omgiet en sy kin hiel goed ride, mar sy is net sosjaal mei minsken. Sy komt in soad dingen tsjin dy’t har net oanstean, mar sy kin dat rjocht net oerbringe op de minsken. Ik bin noch bot oan it skrassen en neisjen, dus it kin wêze dat dingen noch feroarje yn it ferhaal. Sy hat muoite mei it oangean fan relaasjes en mei jonges. Se krijt op in gegeven momint in relaasje mei har jeugdfreon, mar sy hat bot muoite mei seks. Dus dit wurde gjin sênes lykas yn myn earste trije boeken. Ik bin dêr eins ek wol klear mei. It wie wol apart om in hiel oar boek te skriuwen dat oer hiele oare minsken giet. Miskien dat ik de ferhaalline fan Hindrik noch ris oppakke kin. Hy hat net in grutte rol, mar komt wol yn alle trije myn Frisum-romans foar. Wylst ik myn nijste boek oan it skriuwen wie, kaam er hieltyd wer yn myn tinzen.’

Bist bot warber hjir yn it doarp, yn it ferieningslibben?
‘Jawol, ik haw altyd in soad foar skoalle dien doe’t de bern noch op basisskoalle sieten. Doe’t wy hjir krekt wennen ha ik in jier of seis yn de buertferiening sitten. Ik ha noch in jier of fiif ha ik de merke mei organisearre. En no sit ik yn de toanielferiening. Ik skriuw stikken en de feriening fan Warten spilet dy. Dat is altyd hartstikke leuk. Op in bepaald momint ha ik sels oanbean om in musical foar skoalle te skriuwen. Ik ha myn idee doe útwurke en dat ha se opfierd op skoalle. Dêrnei haw ik in ienakter skreaun en noch in grut stik skreaun foar de toanielklup. En dêrnei noch wat ienakters en dy binne allegear opfierd. Ik ha no wer in grut stik yn ‘e holle, dat moat ik noch skriuwe. Der is ôfrûne simmer wer in ienakter fan my spile. Takom winter dogge wy wer in grut stik, mar dat hiene wy al. Dus der is gjin haast by.’

Wêr gean dyn toanielstikken oer?
‘Hiel ferskillend. De ienakter foar de jeugd, It hier fan de kening giet oer in kening dy’t trouwe sil en dy’t betinkt dat er syn hier groeie litte wol omdat dat yn de moade is yn dy tiid. Allinnich doe’t er berne is ha se in flok oer him ôfsprutsen dat hoe langer syn hier wurdt hoe segriniger er wurdt en dat wit hy net. Hy is earst in hiele leuke leave en gesellige kening, mar hy krijt geandewei in ferskriklik min sin. Hy is oplêst net mear te genietsen en hy wol him net mear waskje. Der is gewoan neat mear oan om foar him te wurkjen. Dan betinke se op in bepaald momint en in plan en struie se in pot fol luzen út en wurdt er gek fan de jûkte en wol er syn hier dochs knippe litte. Hy sil trouwe, mar sy fynt him freeslik, want hy boert en wurdt oplêst in hiel aaklik figuer. As syn hier knipt is wurdt er wer in stik nofliker en rint it úteinlik goed ôf.

En ik haw in ienakter skreaun, Suze Nane, oer trije stellen dy’t byinoar op ‘e jierdei komme. Dan komt der ien oan mei syn saneamde nije freondinne, mar dat is in libbensechte pop, in real-life doll, dy’tst bestelle kinst út Amearika. It binne krekt echte froulju, makke fan silikoanen en kinst hielendal kieze hoe’tst se ha wolst en by dizze pop siet in ôfstânsbetsjinning en dy koe ek in bytsje prate en rinne. Dat wie in hiel leuk stik en dat spilen se ek fantastysk. Dat famke dat de pop spile sei dat se de moaiste rol krige, doe’t se it skript krige, want se hoegde amper wat te sizzen. Mar it wie just hiel dreech omdat sy de hiele tiid op de ôfstânsbetsjinning reagearje moast. Dat hat se hiel goed spile.

De lêste ienakter dy’t ik skreaun ha ha ik eins skreaun foar Grou, op lokaasje, foar yn de kroech. Wy hiene hjir ek ienakters en wy hiene ek in hiele moaie kroechlokaasje. It tema moast wat te krijen ha mei wettersport. It spilet him oan in bar ôf, oer in âlde skipper en der sit in barkeeper by en dan komme der in pear fan dy Hollanners yn. Dat binne fan dy Gaastra-types, kakkers sis mar tsjinoer dy noftere Friezen. Sy kinne neat fan it Frysk ferstean en dy âlde skipper is wat in noartske man en dy sit wat te protteljen oan de bar. Dy barkeeper fertaalt dan alles. Wy ha yn Warten gewoan in pear geweldich goede spilers, dus dy stikken komme hjir altyd prachtich út de ferve. Myn suske hat ek al yn in pear fan myn stikken spile. Grutte stikken wurde altyd yn De Bidler yn Wergea opfierd. We ha ek in kear in opfiering hân hjir yn de Waterlelie. It stik fan Wetterwille is bûten opfierd. Ik ha ek ris in ienakter skreaun oer ús skûtsje, de Jonge Jan. Takom jier wolle wy wer ienakters dwaan foar de jeugd. Dan sjogge wy wa’t him opjout en skriuw ik dêr in stik omhinne. Ik ha gjin teaterachtergrûn, ik ha nea toanielspile. Ik skriuw stikken en ik snap der neat fan wêr’t it weikomt. Omdat ik no al in pear jier yn dy toanielferiening sit lear ik dêr fansels in protte fan, wat wol of net handich is om te dwaan. It is ideaal datst skriuwst foar in doarp en datst ek witst wat foar talint hjir is.’

SAM_1224-001

Do hast meiwurke oer in boek oer jim skûtsje: De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s.
‘Ja, dat ha ik yn gearwurking mei Klaas Jansma dien. Ik ha in hiel soad ûndersyk dien oer it skip. Ik wie der wol bot yn ynteressearre, dus ik haw in protte by Tresoar sitten om dingen út te sykjen oer eartiids. Dat levere ik altyd wer by Klaas oan. It skûtsje hat froeger ek fan de Meeters west en Klaas Meeter hie ek noch in hiel protte guod dat er ek by Klaas oanlevere hat. Dy hat it yn in ferhaal jitten. Ik ha dat ferhaal lêzen en myn ynformaasje koe ik goed kwyt. Ik ha sels it lêste haadstik skreaun. Doe’t ik dwaande wie dit allegear út te sykjen ha ik in kear in hiele heldere dream hân oer âlde Jel Sytema dy’t op it skûtsje siet mei in foto yn ‘e hannen. Dat wie wol hiel apart.

Mei dit skûtsje sile wy yn de IFKS. It wie eartiids fan de famylje Sytema, it is no 102 jier lyn boud foar de famylje yn Drachten. Dat skip wie op in bepaald momint echt wol ferneamd en berucht, want dat gong sa hurd. De Sytema’s ha dêr enoarm soad prizen mei wûn. Yn dy tiid wie dat faak jild en dat wie in hiele bulte. Dy minsken ha der in aardich fermogen mei byinoar syld. Op in bepaald momint is it skip oergong nei de soan en de dochter, Jan en Jel. Dy hawwe der oant op hege leeftyd mei syld en ek op wenne. De âlde Jel hat it oplêst ferkocht oan Earnewâld, ik tink dat se doe wol tachtich jier wie. Elkenien dy’t dêrnei dat skip yn besit hân hat, koe der net sa goed mei út de fuotten as se graach woene. Op in bepaald stuit lei it skip der fertutearze by. Yn 2007 hat Jelle dat yn hannen krigen en wy binne begûn te silen. Wy binne kampioen wurden yn de C-klasse en it jier derop yn de B-klasse en it jier dêrop yn de A-klasse. Wy ha in hiele protte prizen wûn mei it skip en it sylt wer as in trein. Se ha Jelle al beskuldige dat er de boel feroare hat, mar it skip docht it gewoan wer. Wy ha fyftjin bemanningsleden, in hiele ploech. Us âldste soan Fonger sylt en Hylke, ús tredde soan sylt en myn skoansoan docht mei, in hiel famyljebarren, dus. Ik syl sels net mear. Wy ha froeger ek in skûtsje hân, de Zeldenrust. Doe wie ik wol altyd mei, mar doe’t wy begûnen te silen mei de Jonge Jan wie ús Teunis noch mar lyts en woe ik net mear mei.’

Do bist in hiele dissiplinearre skriuwster, haw ik lêzen.
‘Ja, ik kin de dissipline wol goed opbringe. Moarns as de bern nei skoalle gean, gean ik der foar sitten. Doe’t de bern op de basisskoalle sieten wiene se om 11.45 oere thús om te iten. No’t se allegear nei Ljouwert binne kin ik dat wat útsmarre. Mar in oere of tolve, ien is myn taks wol ûngefear, dan haw ik wol myn nocht. Se komme no allegear op wikseljende tiden thús. Der spaant no altyd wol ien thús om, mar ik sit altyd yn myn kantoar te skriuwen, dêr ha ik in rêstich plak.’

Wurde dyn boeken goed ferkocht? Hast in byld fan dyn lêzersgroep?
‘De ferkeap giet hieltyd better, haw ik it idee, mar ik ha noch gjin royaltys à la Heleen van Royen. Myn doelgroep binne de minsken dy’t noch nea in Frysk boek lêzen ha, omdat se tinke dat se it te dreech fine. Mar as se der ien kear oan begjinne dan fine se it hiel maklik te lêzen en dan fine se de ferhalen hiel flot, dus dan lêze se wol fierder. Ik doch der fansels sels in protte oan mei Facebook en as der wat is dan sykje ik ek wol de publisiteit op. Mar ik tink dat as ik Fryslân yn gean soe, dat noch 70-80% fan de minsken noch net wit wa’t ik bin en dat myn boeken der binne. It begjint earst yn dyn eigen krinkje en dyn eigen doarp. Dat wurdt hieltyd breder en do berikst hieltyd mear minsken. Facebook is yn feite ek mar beheind, want der binne noch in hiele protte minsken dy’t dêr net op sitte. Mar ik gean geregeld op paad en diel flyers út om nammebekendheid te krijen. Dan kom ik wol yn petear mei minsken en dat fyn ik it leukste. Njoggen fan de tsien kear sizze se dat se noch noait in Frysk boek lêzen ha. Mar omdat se dan in flyer krije en ik even mei se praat wurde se dochs wol nijsgjirrich en soms keapje se dan wol daliks in boek. Of se kinne letter op myn webside sjen en it even yn har omgean litte. Mar dan witte se wol datst der bist. Ik ha wol it idee dat it no wer wat mear begjint te libjen, Fryske boeken. Wy binne no mei Tsjil wer oan it suteljen en dan fernimst dochs dat ast mei de minsken praatst dat se it wol hiel leuk fine, mar dat in protte Friezen in bytsje bang binne foar har eigen taal, omdat se it net kinne of wat dan ek. It is goed om mei minsken dêroer te praten. Fan it wykein hat hjir in man west, dy’t ik ken fia Facebook en hy hat trije boeken fan my kocht. Ik ha myn boeken ek yn de supermerk yn Wergea te keap en ik ha noch in pear adreskes dêr’t se lizze en dat rint wol wat troch. Mar ik moat noch in soad de boer op en reklame meitsje foar mysels.

foto (6) (1)

De reaksjes út de literêre hoeke en de resinsjes dy’t ik krigen ha falle my neat ôf. Ik tink, se sille my wol hielendal ôfbaarne, kwa styl. Dat ha se net dien, dus dêr bin ik hartstikke bliid bin. Ek de mear literêre lêzer fynt it miskien wol aardich om te lêzen. Mar de Friezen dy’t net sa gau nei literêre barrens gean sille omdat har dat úteinlik net boeit, mar dy’t it wol hiel leuk fine om in aardich, flot boek te lêzen, dat is myn lêzersgroep. It literêre sirkwy yn Fryslân ferjit de minsken bûtenút wolris, fyn ik. Ik koe earst sels ek net Frysk skriuwe en haw it sels ek leare moatten. Mar de minsken dy’t yn de literêre hoeke sitte kinne allegear goed Frysk lêze en skriuwe. Der binne in hiel soad minsken dy’t wol altyd thús Frysk prate, mar dy’t wol muoite hawwe mei it lêzen fan guon boeken. As ik sels in boek lês dêr’t ik tweintich wurden fan opsykje moat, dan ha ik op in bepaald momint ek myn nocht. Ik brûk myn gewoane sprek-Frysk en ik tink dat dat in hiele goede saak is foar it Fryske boek en foar it Fryske lêzen. Ik skriuw sa’t ik sels bin, dreger sil it nea wurde.’

Wat foar boeken lêsto graach?
‘Ik bin net in grutte lêzer. Lêsten op fakânsje haw ik in pear boeken fan Riek Landman mei hân, omdat minsken my dêr wol mei ferlykje. Sy skriuwt yndie ek hiel tagonklik. Ik lês it leafste romans, mar it moat net in gejeuzel wurde. Ik ha dy Vijftig tinten grijs ek lêzen. Dat lêst hiel flot, bist der samar trochhinne mar de stikken oer de sm en de kontrakten fûn ik dus gejeuzel en dat sla ik dan oer. It is in gigantyske hype en bestseller wurden, mar ik begryp eins net wêrom. Ik ha ek bêst wol in aardige poarsje seks yn myn boeken, mar dat naait ek net sa bot derút, fyn ik sels. Ik bin der echt net fys fan, mar by Vijftig tinten wist ik it oplêst wol. Je kinne dêr ek te fier yn gean, dat it dan hielendal net mear boeit.

Ik lês wol boeken fan in tal Fryske skriuwers dy’t ik no ken, lykas Ferdinand de Jong en Elske Schotanus. Ik kom lykwols hast net oan lêzen ta en it is ek net myn hobby omdat ik der hiel wurch fan wurd. As ik oan it skriuwen bin moat ik faak myn eigen wurk wer neilêze. Ik ha wol in lêsbril en ik moat in boek ha dat in bytsje rêstich is en net te lytse letters hat. As ik aanst myn manuskript werom krij en der wer troch moat, dan sit ik der tweintich minuten foar en bin ik deawurch wylst ik samar oeren achter elkoar skriuwe kin.’

Dyn boeken falle by de biblioteek ûnder it sjenre ‘erotyk’. Witsto hokker Fryske boeken dêr noch mear ûnder falle?
‘Ik begryp dêr hielendal neat fan dat myn wurk dêrûnder falt. Anne Wadman hat De smearlappen skreaun, in eroatysk boek oer in boeredochter. Dat is in skoftsje lyn foarlêzen troch pommeranten op in skip yn de Gaastmer. Dat boek haw ik net lêzen, mar dat skynt foar dy tiid, begjin jierren sechtich, wol echt wat te wêzen. Mar kwa Fryske skriuwers wit ik it net. Ik ha wolris in boek fan Hylke Speerstra lêzen, mar dêr kaam eins net folle erotyk yn foar. Riek Landman hat út en troch ek wolris in sekssêne deryn, dat beskriuwt se wol leuk. Myn nijste boek komt ek wol erotyk yn foar, mar hiel oars, omdat dat oer in hiel oar personaazje giet as de minsken út myn earste trije boeken. De personaazjes út De twadde hûd binne bêst wol hiel frustrearre en dat binne minsken fan in bepaalde leeftydsgroep dy’t ek net mear sa bleu binne. Moatst lústerje, dêr’t minsken binne barre dingen. Wat ik sels om my hinne sjoen en heard ha, dan tink ik dat se yn Fryslân ek wolris de boel in stik deegliker ôfskilderje as dat it úteinlik is. Ik ha sels nea in losbannich type west. Minsken sizze wolris: “In bushokje en in picknicktafel.” Dat is hielendal net autobiografysk, dat wolle se wol graach hearre, mar dat past wol by dizze minsken en by dizze ferhalen. Ik besykje dat wol moai te beskriuwen, ik hâld net fan dat hiele groffe.’

foto (4) (1)

Wat fine dyn bern fan dyn boeken?
‘Us dochter Rixt hat se lêzen. De jonges tale der net nei. By myn lêste boek frege se my hieltyd wannear’t se it lêze mocht. Uteinlik hat se de proefdruk lêzen. Normaal lêst se net folle Fryske boeken, mar dit boek hie se samar út. Sy hat Frysk dien foar it eksamen en ik skriuw altyd Frysk, ek op de sosjale media. De bern skriuwe net goed Frysk, mar se besykje it al, ús jonges ek. It boek dat ik no skriuw is wol wat geskikter foar wat jongere bern.’

Jan en Jel.bmp

Do hast de oplieding ta dosint tekenjen dien oan de NHL, mar hast net foar de klasse stien. Soest dat noch wol wolle?
‘Ik ha frij jong bern krigen en doe’t ik tritich wie hie ik fjouwer bern. Myn man is eigner fan ferskate skipswerven. Wy ha derfoar keazen om it sa te dwaan dat ik thús bin. Us jongste is no trettjin. Ik wit it eins net. Ik fûn it lesjaan altyd wol moai, ik rêde my der altyd wol mei, mar bist wol de hiele dei binnen en ik bin wol in bûtenminske en de frijheid wend. Ik ha doe wol myn diploma helle, wylst ik al in bern hie. Frij gau kaam de twadde en doe’t wy op in bepaald momint fjouwer bern hiene, hie ik it aardich drok thús. Miskien dat ik it oer in pear jier wol wol, as de jongste echt selsstannich is. It skriuwen is mear myn ding as tekenjen. Ik kin alles wol tekenje en ik kin ek skilderje. Dat skilderij fan myn dochter op de baarch ha ik makke en ik ha alle tablo’s skildere dy’t yn ‘e hûs hingje by de kachels en sa. Mar ik kin net sa goed út de holle wat delsette, ik bin gjin keunstner. Sa’t it skriuwen echt út mysels komt sa ha ik dat mei tekenjen minder. Foar it boek oer de Jonge Jan ha ik Jan en Jel skildere. Ik ha der lang tsjinoan skytskoarre, mar it is goed slagge. It hinget no yn it roefke fan ús skûtsje. Ik ha it ek bêst noch wol drok mei de húshâlding. De bern binne noch altyd thús en myn skoansoan wennet hjir by yn. Ik ferfeel my net. Myn man hat it smoardrok mei syn wurk. Hy is in protte op paad en lêsten moast er nei it bûtenlân en miskien moat er takom wike wol wer nei it bûtenlân. Omdat ik thús bin is der wol echt in basis en ha wy it noch altyd hartstikke leuk.

foto (5) (2)

Ik bin wol bliid dat ik in protte mei myn kreativiteit dwaan kin. Ik soe net allinnich mar húsfrou wêze wolle. Ik wol graach fierder mei de skriuwerij en miskien ek myn boeken oersette litte yn it Nederlânsk. Myn nijste roman is in universeel ferhaal dat him dêr wol foar liene soe. De earste boeken ha in typysk Fryske setting mei it doarpke, de merke en de minsken. Ik wit net oft dy boeken der wol sa geskikt foar binne. It soe moai wêze as it skriuwen op termyn ek wat opsmyt.’

Sjoch op www.hildatalsma.nl foar mear ynformaasje.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments