André Looijenga

Stekt de bonken út

logo.ensafh

André Looijenga hâldt him op it stuit ta yn de Skriuwersarke. Op ûnrigelmjittige mominten sil er foar Ensafh ferslach dwaan út Rink van der Velde syn petgat ûnder De Feanhoop. Dit is de earste ôflevering út dizze rige:

Sieten wy op de flonder fan de Arke, soenen hast itensiede, belle heit: it sjocht der net bêst út mei dyn kat. Yn de wike foar’t ik fuort soe, die it bistke al wat nuver. Net ite wolle. By it op de finsterbank springen der oer de radiator wer ôf knoffelje. In grouwe kat wie er noait, mar hy like no suver meager te wurden. Droege brokjes taalde er net nei, mar sneontemoarn hie er doch, nei wat oantrún fan de baas, mei smaak in pantsje mei fleis leechfretten. By ús heit en mem yn it sintsje lizzend soe de sinnige piter wol wer bylûke, miende ik.

Mar nee, healoerke letter, heit op ’e nij. Mem mei de kat by de bistedokter. It dier moast slim siik wêze, net mear te rêden. Spuitsje.

Wat him ek skeeld hat…: hy wie der bot troch fermeagere, útdroege, ûnderkuolle, koe net mear rjocht op de poaten stean bliuwe. Goed in wike earder hie der noch neat oan him te merken west: ite, sliepe, spinne, op skoat krûpe, oeral it eigenwize snútsje tusken stekke. Ynienen dien. Dat it bistke sa mar net te folle lit hat.

En sitte je dan yn jins soel petgat. Efter de rûzjende popels, dêr’t de eardere bewenner altiten sa mankelyk fan waard. De fûgeltsjes dy’t hinne en wer jeie, en de ielstikels dy’t bloeie op it stille wetter. Der komme my rigels yn it sin fan in gedicht fan C.O. Jellema, yn oersetting troch Edwin de Groot, út in bondeltsje dat ik meinommen hie om in besprek oer te skriuwen. “Tijdverblijf”, ferfryske ta “Kertier”. Net út itselde seizoen as dizze sêft berêstende simmerjonne, mar dochs:

Alles dat fan my hâldt / stekt de bonken út, myn hûn, / myn freon, de fûgels dy’t / ik fuorje as it friest.

Ja, “stekt de bonken út”: no begriep ik dizze wurden. Jellema hie it sels mear rjochtút sein: Alles wat van mij houdt / gaat dood…, en it heugde my dat wy as redaksje it doedestiids noch koart hân hiene oer Edwin syn wurdkar. De fergonklikheid, de dea, dy’t troch de libbene hûd hinne sichtber wurdt, komt yn dizze Fryske frase faaks like stekkend oer as de brúske twa wurden yn Jellema syn Nederlânsk. (Ommers: it Nederlânsk soe normaliter om de dea hinne eamelje, it gauris rûgere sprektaal-Frysk kin krekt hjir ferlet hawwe fan in byld.)

De útdrukking “de bonken útstekke”: bestûng dy al foar’t Edwin him delskreau? Hy sei sels fan al, mar it online-WFT wit it net. Dat let it measte ek net, it is oarsom krekt moai dat der oan wurden hieltyd nij by kommen bliuwt.

Myn kat, dy’t mooglik ûngemurken wat net al ûnder de lea hie, hat de bonken útstutsen. Ik sil misse hoe’t er de neiltsjes yn myn skouder sette en, lykas hie er in motorke, begûn te spinnen. Rink van der Velde is der sûnt 2001 net mear – útdroegen út de keamer dêr’t ik dit skriuw, hy hie hjir fansels hjoed noch fiskje moatten –, en Cor Jellema rekke wei yn 2003 – dy wie doe likemin âld genôch.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op