Sipke de Schiffart

Ad patres

logo.ensafh

Lyklama is dea,
wat slim, tocht ik doe’t ik it hearde,
dat earme mantsje

nea sille wy him mear fytsen sjen
of kuierjen

mar doe’t ik der wat langer oer neitocht,
tocht ik: elk hat syn tiid
hjir op ierde, dus ek Lyklama

it moast der ienris dochs fan komme

en Lyklama hiene wy sa njonkenlytsen
wol faak genôch sjoen
yn it doarp, mei syn grize prúkje
en swarte brultsje

noch wat letter kaam it ynsjoch
dat it goed is dat Lyklama
fan it ierdske toaniel ferdwûn is

it hie ommers safolle minder kinnen

je moatte der net oan tinke
as dit mantsje ús noch jierren
foar de fuotten rûn hie

no binne we fan him ôf,
lang om let,
definityf,
hy komt nea wer werom,
gelokkich

stek de flagge út,
priizje God yn ’e himel,
ûntkoarkje de wyn —
Lyklama is dea

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op